Braksân is in sânbank yn de Waadsee tusken Lauwerseach en Skiermûntseach.

Stee bewurkje seksje

Eartiids wie it de sânbank dy't foar de Lauwerssee lei dy't ferbining hie mei beide seegatten fan Skier. Sûnt de ôfsluting, en mei't Skier wer grutter waard, is it wantij eastliker te lizzen kaam en binne de rillen ferplakke.

Yn de nije sitewaasje wurdt de namme fral brûkt foar it sân it tichtst by Lauwerseach, beheind troch, tsjin de klok: it Braksânster Gat, de Lytse Sige, it Gat fan Skiermûntseach, it Soal fan Braksân, it Sâltkamper Leech, de Oart, en de Skylknopen.

Waadrinnen bewurkje seksje

Mei't it sân mei it ûntstean fan Lauwerseach mar likernôch in kilometer mear fan in haven leit, is it mûglik wurden om mei in boatsje waadrinners fan de haven oer te setten op it sân en dan dêr mei in waadrintocht nei Skier te begjinnen. Dit hat foar dat de weromreis mei it fear op it begjinplak weromkomt. Mar it is dêrby ek in oplossing foar it oerstekken fan de rillen om Skier. Ek in tocht dy't op it Grinslanner Waad begjint, moat dochs troch in ril om't de Eilanner Balch en de Grinslanner Balch mei-elkoar ferbûn binne. Troch daalks al oer te stekken nei it Braksân kin de tocht fierders hielendal oer it waad rûn wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise