Deepwater Horizon (film)
Deepwater Horizon is in Amerikaanske rampefilm út 2016 ûnder rezjy fan Peter Berg, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg, Kurt Russell en Gina Rodriguez. De titel ferwiist nei de Deepwater Horizon, in boareilân yn 'e Golf fan Meksiko, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. De film is basearre op 'e wier barde ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon op 20 april 2010, wêrby't alve minsken omkamen en dy't late ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis. It ferhaal folget de ferrjochtings op dy needlottige dei fan trije wurknimmers op it boarplatfoarm: haadelektrisiên Mike Williams, offshore ynstallaasjemanager Jimmy Harrell en dynamic positioning operator Andrea Fleytas. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Deepwater Horizon krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard nominearre foar twa Oscars en in BAFTA, mar flopte yn 'e bioskopen.
Deepwater Horizon | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Berg | |
produsint | Lorenzo di Bonaventura Mark Vahradian Mark Wahlberg Stephen Levinson David Womark | |
senario | Matthew Michael Carnahan Matthew Sand | |
basearre op | Deepwater Horizon's Final Hours fan David Barstow, David Rohde en Stephanie Saul | |
kamerarezjy | Enrique Chediak | |
muzyk | Steve Jablonsky | |
filmstudio | Participant Media di Bonaventura Pictures Closest to the Hole Productions Leverage Entertainment | |
distribúsje | Summit Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Mark Wahlberg Kurt Russell Gina Rodriguez | |
byrollen | John Malkovich Ethan Suplee Dylan O'Brien Kate Hudson Dave Maldonado | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 septimber 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | rampefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 107 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $110–120 miljoen | |
opbringst | $121,8 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeOp 20 april 2010 begjint foar Mike Williams, Andrea Fleytas en Jimmy Harrell, nei't se trije wiken frij hân hawwe, in nije wurkrotaasje fan trije wiken oan board fan it boareilân de Deepwater Horizon. Dat befynt him yn it noardlike part fan 'e Golf fan Meksiko, 64 km út 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. Williams is as haadelektrisiên ferantwurdlik foar de elektrisiteitsfoarsjenning en it ûnderhâld fan alle elektroanika oan board. Andrea wurket yn 'e hoedanichheid fan dynamic positioning operator op 'e brêge ûnder kaptein Curt Kuchta en moat der yn haadsaak foar soargje dat de Deepwater Horizon, dat gjin fêst boareilân is dat op pylders stiet, mar feitliks in healôfsinkber skip is, sekuer de juste posysje boppe de oaljeboarne behâldt. Jimmy Harrell, mank syn bemanning bekend as "Mr. Jimmy", hat as offshore ynstallaasjemanager de einferantwurdlikheid oer it hiele fartúch.
Hja bejouwe harren nei in helikopterfleanfjild deunby see; dêrwei wurde se mei in groep oare wurknimmers nei it platfoarm ta flein. De Deepwater Horizon is in boarplatfoarm, wat sizze wol dat it brûkt wurdt om nei ierdoalje te boarjen, mar net om in oaljeboarne te eksploitearjen; dat moat neitiid dien wurde troch in produksjeplatfoarm. It boareilân is eigendom fan Transocean; dat bedriuw leaset it, bemanning ynbegrepen, oan 'e Britsk-Amerikaanske oaljemaatskippij BP.
As de helikopter syn passazjiers op it boareilân ôfset, treffe se dêr de saken net oan sa't se dy ferwachte hiene. De frachtboat de Damon Bankston leit om ûndúdlike reden by it boareilân. Op it helikopterplatfoarm komme se wurknimmers fan it bedriuw Schlumberger tsjin, dy't de helikopter werom nei it fêstelân nimme. Schlumberger wie ynhierd om te kontrolearjen oft de semintene "koark" wol doocht dy't oer de oaljeboarne hinne pleatst is yn ôfwachting fan 'e ôfreis fan 'e Deepwater Horizon en de oankomst fan in produksjeplatfoarm. It is lykwols dúdlik dat se dat ûndersyk yn 'e koarte tiid dy't se oan board west hawwe, nea útfiere kinnen hawwe. Sadree't se oan board binne, lit Harrell Andrea neifraach oer de Damon Bankston dwaan. It docht bliken dat de boat opdracht krigen hat om hjir te wachtsjen om't men tinkt hjoed noch boarslib ôffiere te moatten. Williams wurdt nei Jason Anderson ta stjoerd om neifraach te dwaan oer it ûndersyk nei it semint. Hy kriget ta beskie dat dat ûndersyk net útfierd is.
Harrell is dêr min oer te sprekken. Hy set nei Don Vidrine en Robert Kaluza ta, de managers fan BP op it boarplatfoarm, dy't ferantwurdlik binne foar it ôfsizzen fan it semintûndersyk (yn it jargon fan 'e oaljeyndustry it cement bond log, CBL). Hja wize derop dat de Deepwater Horizon mei it ôfhanneljen fan dizze oaljeboarne al 43 dagen efter op skema leit, en dat se it har gewoan net oan tiid dogge om sa'n tiidrôvjend ûndersyk út te fieren. Boppedat, der is gjin inkele reden om oan 'e kwaliteit fan it semint te twifeljen. Underwilens ferskine der op in djipte fan mear as 5 km ûnder de Deepwater Horizon skuorren yn 'e semintlaach om 'e oaljeboarne hinne, dy't almar fierder útrinne en dêr't bûlen troch nei bûten komme en begjinne op te stiigjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De spanning tusken Vidrine en Kaluza, dy't foar BP fral de hân op 'e knip hâlde en tiid útsparje moatte, en Harrell, dy't behalven om it wurk ek om syn bemanning tinke moat, boazet stadichwei fierder oan. No't in CBL net mear dien wurde kin, beslút Harrell om in negative-druktest op 'e boarlieding út te fieren. Dat is dúdlik net syn earste kar, mar it is alles dat er no noch dwaan kin om 'e strukturele yntegriteit fan it semint nei te gean. De test lit sjen dat der in gefaarlike druk op 'e lieding stiet, mar Vidrine beweart dat it in foutive útslach wêze moat, om't der oars boarslib omheech kommen wêze soe, en dat is net bard. (Eins blokkearje brokstikken fan it semint de lieding, wat it boarslib tsjinkeart.) Harrell hat gjin antwurd op dat argumint. Op inisjatyf fan Vidrine wurdt in twadde negative-druktest útifierd, diskear op in oar part fan 'e lieding (boppe de blokkade, mei as gefolch dat op dat plak gjin druk stiet). As de druk dêr nihyl blykt te wêzen, beskôget Vidrine dat as it bewiis fan syn gelyk. Jason Anderson wiist derop dat de druk op beide plakken itselde wêze moatte soe, in warskôging dy't Vidrine yn 'e wyn slacht.
Vidrine en Kaluza wolle no sa gau mooglik begjinne mei it oppompen fan boarslib, mar hoewol't er troch Vidrine ûnder druk set wurdt, wegeret Anderson dat te dwaan sûnder ynstimming fan 'e ûnderwilens fuortroppen Harrell. Dyselde kin de ferskillende testútslaggen ek net útlizze, en om't er gjin rjochtfeardiging betinke kin en hâldt it wurk noch langer op, jout er Anderson tastimming om útein te setten. Dêrnei giet er nei syn eigen hut ta om in dûs te nimmen yn tarieding op in lange nacht fan wurkjen. Underwilens hawwe de beide druktesten de tastân fan it semint noch fierder ferswakke, en as Anderson de jûns om 21.56 oere mei it pompen begjint, brekt de hiele semintlaach fuort. Dêrtroch ûntstiet der in ûnbidige blow-out (wêrby't oalje út in oaljeboarne, dêrta oanset troch de reuseftige druk dy't derop útoefene wurdt, op ûnbehearskbere wize út 'e grûn spuitet). De oalje folget de piiplieding nei de Deepwater Horizon, en de druk dy't derop stiet is sa grut dat alle needôfslutings oan gruzeleminten blaasd wurde.
Yn 'e boarhut wurdt de blow-out it boarteam al rillegau oermânsk, en as der brokstikken fan it semint mei omheech komme, feroarje dy troch de druk fan 'e oalje yn libbensgefaarlike projektilen, dy't mei hege faasje alle kanten út fleane. De mannen op it slibferwurkingsdek (Keith Manuel, Shane Roshto, Roy Kemp, Karl Kleppinger jr., Adam Weise en Gordon Jones) komme om ear't de rest fan it boareilân sels mar yn 'e rekken hat dat der in ramp plakfynt. Fuortby de Deepwater Horizon merkt de bemanning fan 'e Damon Bankston foar it earst dat der wat mis is as der in mei oalje besmodzge pilekaan de brêge binnen fljocht en dêr in ravaazje oanrjochtet ear't er it bestjert. Op 'e brêge fan it boareilân sels ferkeart men op dat stuit lykwols noch yn loksillige ûnwittendheid.
De skea dy't de ynoarme druk fan 'e spuitsjende oalje en de fleanende projektilen oanrjochtsje op it dochs al troch efterstallich ûnderhâld pleage boareilân, liedt ta in keatling fan technyske defekten. As it ierdgas, dat mei de oalje omheech komt, de luchtroasters fan 'e diselgenerators ynsûgd wurdt, komt it earne yn it binnenste fan 'e masines in fonkje tsjin, dat de hiele boel mei in reuseftige ûntploffing yn ljochte lôge set. De eksploazje deadet alle mannen yn 'e boarhut (Dewey Revette, Stephen Curtis, Jason Anderson en Donald Clark).
Williams befynt him op it stuit fan 'e ûntploffing yn syn wurkplak, dêr't er fia byldbeljen op syn kompjûter in petear fiert mei syn frou Felicia. As op it boareilân as gefolch fan 'e ûntploffing de elektrisiteit útfalt en it byld ynienen op swart giet, bliuwt Felicia yn fertwifeling oer it lot fan har man efter. De doar fan it wurkplak wurdt troch de skokweach fan 'e eksploazje fan 'e hingen en nei binnen ta blaasd, boppe-op Williams, dy't op dat stuit krekt nei de gong rint om te sjen wat der oan 'e hân is. Hy rekket in skoftke út 'e tiid. Harrell is minder gelokkich. Hy stiet noch ûnder de dûs as de ûntploffing syn hut fierhinne ferwoastget, en kriget skerven fan 'e spegel yn û.m. syn eagen en fuotsoallen, sadat er amper noch rinne of sjen kin.
Troch de ûntploffing is de besetting fan 'e brêge fan 'e Deepwater Horizon him einlings ek bewust wurden fan 'e ramp dy't plakfynt. Andrea wol de Amerikaanske Kustwacht alarmearje, mar kaptein Kuchta beskrobbet har dêrfoar en pakt har de portofoan ôf. Hja hjit him om ris nei bûten te gean en te sjen wat der eins op it boareilân geande is. As er dat docht, besaut er him deroer. Efter him pakt Andrea de portofoan wer op om har alarmearring te ferfetsjen. Ek de bemanning fan 'e Damon Bankston stjoert in needoprop út, krekt as in grut tal skippen dy't yn 'e neite fan 'e Deepwater Horizon passearje en oare boareilannen dy't sicht op 'e Deepwater Horizon hawwe. De needsintrale fan 'e Kustwacht yn Louisiana wurdt ynienen oerspield troch berjochten dat der in boarplatfoarm yn 'e brân stiet. Fuortendaliks wurde patrûljeboaten en helikopters útstjoerd, mar dy binne likernôch 35 minuten nedich om 'e lokaasje fan 'e Deepwater Horizon te berikken.
De bemanning fan it boareilân set ûnderwilens útein mei in evakuaasje, wylst de Damon Bankston in motorsloep yn see lit om in rêdingsaksje te begjinnen. As Williams wer by besleur komt en beseft dat er sjen moat dat er oan dek komt, rêdt er ûnderweis in ferwûne kollega mei holleletsel dy't alhiel fan 'e wrâld is en dwilet oer net ta de saak dwaande dingen. Nei't er de man by de oare boareilânwurkers brocht hat dy't wachtsje oant in rêdingssloep yn see takele wurdt, giet Williams it baarnende boareilân wer yn om Harrell te sykjen, dy't noch fermist wurdt. Wannear't er de man fynt, hat dy ûnderwilens fierhinne op 'e taast de spegelskerven út syn foet lutsen en him oanklaaid. Williams bringt him nei it dek ta en tegearre helpe se Caleb Holloway en ferskate oare oaljewurkers om in oare kollega te befrijen dy't mei de skonk klem sit tusken twa stielen balken.
Oan dek nimt Harrell, hoewol't er sels ferwûne is en amper noch wat sjocht, de lieding oer de sitewaasje. Hy lit him troch Williams nei de brêge bringe, dêr't er, mei help fan Andrea, besiket de oaljetafier ôf te knipen. Mar trochdat de elektrisiteit útfallen is, docht ek it dynamic positioningsysteem it net mear, mei as gefolch dat de Deepwater Horizon ôfdreaun is fan syn korrekte posysje. De ôfslúting wurket sadwaande net om't de oaljepiiplieding der no skean yn hinget. By de rêdingssloep driget in skansearre boom fan ien fan 'e kranen los te kommen en de sloep te ferpletterjen. Kraanmasinist Dale Burkeen klimt nei de kraan ta om 'e boom fansiden te draaien, by de sloep wei. Ear't er wer omleech klatterje kin, wurdt de kraankabine troffen troch in grut projektyl. Dat smyt him dwers troch it rút, dat er te pletter falt.
Op 'e brêge docht Harrell noch ien lêste wraam om te besykjen de sitewaasje master te wurden. Hy stjoert Williams nei de reserve-elektrisiteitsgenerator, oan 'e oare kant fan it boareilân. Beselskippe fan Holloway weaget Williams syn libben om dêr te kommen. Se krije de generator oan 'e praat, mar der blykt al tefolle skea oanrjochte te wêzen om 'e Deepwater Horizon noch te rêden. Harrell jout befel oan alle bemanningsleden om it boareilân te ferlitten. Mei Kuchta en Andrea bejout hy him nei de rêdingssloep, wylst Williams en Holloway jitris har libben yn 'e skealjes stelle moatte om werom te kommen fan 'e oare kant fan it boareilân. As de beide groepkes by de rêdingssloep arrivearje, docht lykwols bliken dat de sloep op oanstean fan Vidrine en Kaluza al ôfset is, mei't dyselden gjin oare oerlibbenen mear ferwachten.
Williams, Kuchta en Holloway helje in needrêdingsflot fan stâl, dêr't Kuchta en Holloway yn krûpe om Harrell deryn te helpen. It flot rekket lykwols los en falt omleech nei it wetter. Harrell kneppelet derefteroan, mar kin troch Kuchta en Holloway oan board skuord wurde. Williams en Andrea bliuwe lykwols efter op it boareilân. Williams stelt fêst dat harren iennichste kâns om te oerlibjen is om yn 'e see te springen. It probleem is dat de see om 'e Deepwater Horizon hinne ûnderwilens oerdutsen rekke is mei brânende oalje, dêr't se fan dizze posysje ôf net oerhinne springe kinne. Hy beslút dat se hegerop klimme moatte om fierder springe te kinnen. As se op it helikopterplatfoarm komme, kriget Andrea in panykoanfal om't se net fan sa'n hichte ôf doar te springen. Williams besiket har ta rede te bringen, mar as dat net gau genôch slagget, smyt er har tsjin har wil de see yn. Fuort nei't er har efternei springt, wurdt it helikopterplatfoarm fuortslein troch in nije eksploazje, feroarsake trochdat de brân de oaljeboarne sels berikt.
De motorsloep fan 'e Damon Bankston nimt it rêdingsflot mei Kuchta, Holloway en Harrell deryn op sleeptou en fisket letter ek Williams en Andrea út 'e see op. Alle oerlibbenen wurde oan board fan 'e frachtboat brocht. Wylst einlings de earste helikopters fan 'e kustwacht arrivearje en de swierst ferwûnen ynlade om nei it sikehûs te bringen, hâldt Harrell op it dek fan 'e Damon Bankston in appèl troch de nammen fan alle 126 opfarrenden fan 'e Deepwater Horizon op te neamen. It docht bliken dat der alve man misse.
De oare deis komme de ûnskansearre en lichter ferwûne oaljewurkers einlings en te'n lêsten oan lân, dêr't se yn in foar dat doel ôfhierd hotel mei harren neisten weriene wurde. Williams wurdt dêr oansprutsen troch ferskate lulke of wanhopige famyljeleden fan fermiste kollega's, dy't er neat biede kin. Yn in foar him reservearre hotelkeamer stoart er yn en leit dêr gûlend oer de flier as syn frou Felicia en harren dochterke Sydney him fine.
De film einiget mei in rige foto's fan 'e alve deadlike slachtoffers fan 'e ramp mei de Deepwater Horizon en lûdsfragminten fan it tsjûgenis dat de wiere Mike Williams, Andrea Fleytas en Jimmy Harrell ôfleine foar de kommisje dy't ynsteld waard om 'e ramp te ûndersykjen. In tekst dy't yn byld brocht wurdt, fertelt dat Don Vidrine en Robert Kaluza de iennichste minsken wiene dy't oanklage waarden foar harren dieden, te witten: allebeide mei alve gefallen fan dea troch skuld. Tsjin 2015 hie it Iepenbier Ministearje dy oanklachten lykwols allegear falle litten. De skuld foar de ramp waard neitiid by oaljemaatskippij BP lein, dy't tsientallen miljarden Amerikaanske dollars oan boetes en skeafergoedings betelje moast, net inkeld foar de ûntploffing, mar ek foar de oaljeramp dy't dêr it gefolch fan wie. De blow-out duorre nammentlik 87 dagen en dêrby streamde der 780.000 m³ oalje de see yn.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mike Williams | Mark Wahlberg |
Jimmy Harrell | Kurt Russell |
Andrea Fleytas | Gina Rodriguez |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Don Vidrine | John Malkovich |
Jason Anderson | Ethan Suplee |
Caleb Holloway | Dylan O'Brien |
Felicia Williams | Kate Hudson |
kaptein Curt Kuchta | Dave Maldonado |
Robert Kaluza | Brad Leland |
David Sims | Joe Chrest |
Patrick O'Bryan | James DuMont |
Alwin Landry | Douglas M. Griffin |
Anthony Gervasio | Juston Street |
Dewey A. Revette | J.D. Evermore |
Stephen Ray Curtis | Jason Pine |
Aaron Dale Burkeen | Jason Kirkpatrick |
Doug Brown | Robert Walker Branchaud |
Gordon Jones | Jonathan Angel |
Adam Weise | Jeremy Sande |
Shane M. Roshto | Henry Frost |
Keith Blair Manuel | Terry Milam |
Karl Kleppinger jr. | Garrett Kruithof |
Roy Wyatt Kemp | Michael Howell |
Donald Clark | Ronald Weaver |
fertsjintwurdiger fan Haliburton | Bil McMullen |
Sydney Williams | Stella Allen |
Skip | Peter Berg |
Paula Walker | Deneen Tyler |
kustwachtkommandant | Zachary Guerra |
lid kustwacht #1 | Chris Ashworth |
lid kustwacht #2 | Graham McGinnis |
lid kustwacht #3 | Robert Nash |
lid kustwacht #4 | Wesley Figaro |
lid kustwacht #5 | Jennifer Tamminen |
lid kustwacht #6 | Carliene O'Connor |
roujende heit yn hotel | Trace Adkins |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDeepwater Horizon waard regissearre troch Peter Berg nei in senario fan Matthew Michael Carnahan en Matthew Sand. It skript wie basearre op it artikel Deepwater Horizon's Final Hours, fan sjoernalisten David Barstow, David Rohde en Stephanie Saul fan 'e krante The New York Times. As produsinten wiene Lorenzo di Bonaventura, Mark Vahradian, haadrolspiler Mark Wahlberg, Stephen Levinson en David Womark by it projekt belutsen foar de filmstudio's Participant Media, di Bonaventura Pictures, Closest to the Hole Productions en Leverage Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $110 oant 120 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Enrique Chediak, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Steve Jablonsky. De opnamen foar Deepwater Horizon setten op 27 april 2015 útein en fûn plak yn New Orleans.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Deepwater Horizon waard fersoarge troch Summit Entertainment. De film waard foar it earst fertoand op 13 septimber 2016 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, dêr't er fan it publyk nei ôfrin in steande ovaasje ûntfong. Deepwater Horizon gie op 30 septimber 2016 yn premiêre yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Deepwater Horizon oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Todd McCarthy yn The Hollywood Reporter: "Robústens en selsrêdichheid binne yn 'e karakterisearrings folle mear yn tel as nuânse, en eltsenien leveret wat fan him frege wurdt. Ut it perspektyf fan technyk en fakkundichheid is de film frijwol naadleas, wat de ekstra foarkommendheid ear oandocht dy't ynset is om derfoar te soargjen dat de film der net 'special effecterich' útsjocht."
Mike Ryan fan Uproxx priizge de aktearprestaasjes fan 'e cast en it fermogen fan 'e film om it publyk lulk te meitsjen op BP: "Ik sil earlik wêze: ik fûn eins dat we gjin ferlet hiene fan in film oer dit ûnderwerp. Ik bin fan gedachten feroare. En ik hoopje, op syn alderminst, dat [we] hjirtroch op 'e nij lulk wurde, want de lju dy't dit ús planeet oandien hawwe, en geandewei ek noch alve minsken fermoarde hawwe, binne lang net swier genôch straft."
Yn 'e Britske krante The Guardian hie Benjamin Lee lof foar de rezjy fan Peter Berg, dy't er omskreau as "bewûnderensweardich [en] ûnkarakteristyk ynholden". Ek skreau er: "Berg bringt de aksje ôfgryslike goed yn byld en wit dêrby de panyk en de grouwélige gaos te fangen sûnder dat de film ea eksploitatyf oanfielt. [Deepwater Horizon] is spektakulêr goed makke, mar [de film] ferjit de deadlike slachtoffers net, wat bewissiget dat, nettsjinsteande de tinne karakterisearring, de impact fielber is."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Deepwater Horizon in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 242 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] makket effektyf gebrûk fan 'e troch de minske feroarsake ramp dêr't er op basearre is om in ûngewoan earnstige, mar dochs passend oangripende, aksjeskriller ôf te leverjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Deepwater Horizon in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 52 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeDeepwater Horizon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $61,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $60,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $121,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 oant 120 miljoen betsjut dat in winst fan mooglik mar $1,8 miljoen, dêr de marketingkosten noch ôf moatte. It is dêrom wis dat de film eins ferlies draaide yn 'e bioskopen. Neffens it tydskrift The Hollywood Reporter wie Deepwater Horizon de op trettjin nei grutste flop fan 2016. De film ûnderfûn yn 'e bioskopen benammen konkurrinsje fan 'e western The Magnificent Seven en in oare rampefilm, Sully.
Prizen
bewurkje seksjeDeepwater Horizon waard yn 2017 nominearre foar twa Oscars, yn 'e kategoryen bêste lûdsmontaazje en bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar de BAFTA foar bêste lûd, de AACTA foar bêste special effects, de Annie Award foar bêste animaasje-effekten yn in live-actionproduksje en de People's Choice Award foar favorite dramafilm. Deepwater Horizon wûn de Teen Choice Award foar favorite nijynkommende akteur (foar Dylan O'Brien).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Deepwater Horizon
- (in) Ynformaasje oer Deepwater Horizon yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |