Dimter

(Trochferwiisd fan Dimter (stêd))

Dimter[2] (Nederlânsk en offisjeel: Deventer, Nedersaksysk: Deaventer, Dèventer yn IJA-stavering of Demter) is de haadstêd fan de gemeente Dimter yn de provinsje Oerisel, mei 81.545 ynwenners (1 jannewaris 2021) en in oerflak fan 110,00 km² (wêrfan't 2,58 km² wetter is). De stêd leit oan de Isel. Yn it súdwesten fan de gemeente rint de Schipbeek út yn de Isel. It haadplak fan de gemeente is de stêd Dimter; de oare plakken yn de gemeente binne: Bathmen, Colmschate, Diepenveen, Lettele, Okkenbroek en Schalkhaar.

Dimter
Deventer
Iselkaai yn Dimter
Iselkaai yn Dimter
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
Sifers
Ynwennertal 81.545 (01-01-2021)[1]
Oar
Postkoade 7400-7428
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N, 6° 9' E
Sint-Nikolaas- of Berchtsjerke út de Bergsraat wei sjoen
Sint-Nikolaas- of Berchtsjerke út de Bergsraat wei sjoen
Stedsplein De Brink
Stedsplein De Brink
Offisjele webside
www.deventer.nl
Kaart
Dimter (Oerisel)
Dimter
Kaart
Iselkaai yn Dimter
Kaart fan Dimter
Dizze side giet oer stêd Dimter. Foar de gemeente, sjoch: Dimter (gemeente).

Dimter is ien fan de fiif âldste stêden fan Nederlân en hat in lange skiednis. It plak wurdt al yn 9e-iuwske boarnen fan it bisdom Utert neamd. Yn in oarkonde út 877 wurdt skreaun oer sân pleatsen yn Daventre (de haven Dimter). Yn 952 wurdt Dimter yn in skinkingsoarkonde fan keizer Otto I oan it Mauritskleaster yn Maagdeburg as stêd fermelden as urbs. Neidat it plak yn de rin fan de tiid geandewei mear rjochten en privileezjes krige, waard yn 1123 troch keizer Hindrik V de beskikking oer de gemeentlike grûnen ferliend. Dat wurdt troch historisy beskôge as it ferlienen fan stedsrjochten. De stêd hat it âldste stiennen hûs, it âldste kuierpark en de âldste wittenskiplike bibleteek (Stedsargyf en Athenaeumbibleteek) fan Nederlân.

De namme Dimter wurdt etymologysk taskreaun oan dat it yn de 8e iuw of noch earder ûntstien is as gearlûking fan twa Aldsaksyske foarmen. De namme soe dan ûntstien wêze út deve-treo, wat soks betsjutte as "oan in wetterrin lizzend beamte". Dêrbûten stiet wolris ferhelle dat Dimter syn namme krige troch it stedsje Daventry yn Ingelân, dêr't de kristlike misjonaris Lebuïnus (Liafwin) weikomd wêze soe, of nei in mei opreizge befreone muonts mei de namme Davo.

Om de polityk meast links oriïntearre befolking waard Dimter eartiids wol oantsjutten as 'Moskou oan de Isel'. Ek wurdt it wol 'Koekestêd' neamd om de bekende Dimter koeke.

Op it hjoeddeiske grûngebiet fan de gemeente Dimter binne restanten fûn út de Romeinske tiid. Yn it stedsdiel Colmschate lei yn de Romeinske tiid in Germaanske delsetting. By opgravingen binne Romeinske munten út de 3e- en 4e iuw fûn, krektas in byldsje fan de Romeinske goadinne Victoria.

 
De Proasdij út 1130 is it âldste stiennen wenhûs fan Nederlân

Sûnt de 8e iuw is it plak dêr’t Dimter no leit hast kontinu bewenne west. De Isel spile in grutte rol foar jagers, fiskers, boeren en feehâlders, dy’t har fêstigen op de ouwer. Nei alle gedachten is de stêd stifte troch de letter hillich ferklearre Angelsaksyske misjonaris Lebuïnus (Liafwin), dy’t yn 768 de Isel oerstuts, en in houten tsjerkje stifte op it plak dêr’t no de nei him neamde Grutte of Lebuïnustsjerke stiet. It is sels mooglik dat Dimter syn namme krige troch it stedsje Daventry yn Ingelân, dêr’t St. Lebuïnus wei komme soe, of nei in mei him meireizge befreone mûnts mei de namme Davo. Dimter bleau in religieus sintrum binnen it bisdom Utert en ûntjoech him ta it haadplak fan it Oersticht.

Tusken 1000 en 1500 waard Dimter in bloeiende hannelsstêd, dy’t diel útmakke fan it Hânzeferbûn. De stêd wie doe in havenstêd, grutte skippen koenen oan de kaai oanlizze. De Schipbeekmûning earder út oan de súdkant fan it sintrum en foarme in natuerlike haven. Ek waarden der fan dy tiid ôf festingwurken boud. Yn 1123 krige Dimter stedsrjochten. Yn 1559 waard de stêd foar inkele desennia sit fan in roomsk-katolyk bisdom.

De stêd wie in wichtich sintrum foar religieuze herfoarming, benammen trochdat it de bertestêd wie fan frater Geert Grote, grûnlizzer fan de beweging fan de Moderne devoasje dy’t fan grutte ynfloed wie op Thomas à Kempis en letter op Desiderius Erasmus. Alexander Hegius, de belangrykste learling fan Rudolf Agricola, wie rektor fan de Latynske skoalle yn Dimter fan 1483 oant 1498. Oant ± 1500 wie de stêd it wichtichste humanistyske boekdruksintrum fan Noard-Europa.

Al sûnt de Midsiuwen gou it bestjoer fan Dimter net allinnich binnen de grinzen fan de festing sels, mar ek in grut gebiet dêrbûten. Yn dy saneamde wigbold, in plattelânsgebiet fan greiden en túnkerijen, jilde it stedsrjocht.

 
It strjittepatroan fan Dimter op dizze kaart út 1652 is no noch sa

Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard Dimter ferovere troch prins Maurits. Dat barde yn 1597, yn de perioade dy't letter de namme 'Maurits syn Tsien Jierren' krige. Omdat de stêd ynnomd waard troch Steatske troepen kaam it bestjoer derfan yn hannen fan protestanten.

Yn 1783 waard der yn Dimter in frijkorps oprjochte mei radikaal-liberale ideeën: it folk moast mear ynfloed krijge op it bestjoer. Yn 1795 waarden yn hiel Nederlân de begjinselen fan frijheid, gelykheid en bruorskip ynfierd.

 
De eardere Binnen-Fiskpoarte yn de 19e iuw

Yn de Frânske tiid, op 4 maaie 1809, kaam kening Loadewyk Napoleon nei Dimter. Hy waard rûnlieden by in oantal bedriuwen, ûnder oare by Bussink, de bakkerij op de Brink. Hy krige de koeke te priuwen en die fuort in bestelling. Doe't er ôfsette fergeat er te beteljen, lykas keningen wenst is, mar dêr waard er troch de frou fan de bakker op wiisd. Loadewyk Napoleon stie posityf foar Nederlân oer, en besocht hoewol't er sels uteraard Frânsktalich we, dochs Nederlânsk te praten. Yn Dimter sei er by fersin: "Ik, jo knyn" ynstee fan "Ik, jo kening". Dimter waard yn 1851 in gemeente yn de sin fan de gemeentewet út 1848. Nei de ynfiering fan de festingwet (1874) waarden de Nederlânske stêden frijsteld fan de plicht om harren festingwurken te ûnderhâlden en mocht ek it oant dy tiid direkt bûten de festing frij te hâlden skoatsfjild beboud wurde. De earste wiken dy’t hjir ein 19e iuw ûntstienen wienen de Molenbelt en de Ossenweerd. De earste yndustry kaam oan de súdeastkant fan de âlde festing, it spoar en de âlde haven bylâns en wat letter ek oan de noardwestside oan de Isel.

 
’’It tarwemoalfabryk fan Noury & van der Lande

Yn de Twadde Wrâldoarloch hie de stêd bot te lijen, se is meardere kearen troch Alliearden bombardearre, mei hûnderten boargerslachtoffers as gefolch. Fan de sirka 11.000 wenningen bleaune mar 2500 ûnskansearre. Benammen de omkriten fan de strategysk wichtige brêgen waard troch bommen rekke; ek it histoarysk stedssintrum rekke dêrfan bot skansearre. Flak foar de werklike befrijing op 10 april 1945 barde yn de stêd it Twentol-drama, wêrby’t sân fersetsstriders om it libben kamen. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard hurd wurke oan de weropbou. Neist de brêgen foar it wei- en spoarferfier waard in slûs oanlein, de Prins Bernhardslûs, om sa de binnenfeart te befoarderjen. Sûnt 1951 ferbynt dy de Isel mei it basiskanaal.

Troch de politike ferhâldings waard Dimter yn de 20e iuw “Moskou oan de Isel” neamd. De befolking bestie oant yn de jierren santich foar in grut part út arbeiders dy’t wurken yn de grutte tekstyl-, metaal-, en oare fabriken.

Ein jierren fyftich hie de bebouwing de grinzen fan de gemeente berikt. Yn 1960 waard foar fierdere útwreiding dêrfan in part fan de gemeente Diepenveen anneksearre dat no de wiken Keizerslanden, Borgele en de Platvoet, alle trije realisearre yn de jierren sechtich, beslacht; alles by elkoar rûchwei it gebiet oant (bewesten) de Zandwetering.

Neidat ein jierren sechtich in plan om de stêd út te wreidzjen oer de Isel net helber achte waard, it saneamde Dûbelstêdplan, rjochte Dimter him wer op it easten: yn 1974 waard wer in diel fan Diepenveen ynlive. By gemeentlike weryndielingen yn 1999 en 2005 waard earst de heule gemeente Diepenveen en dêrnei de hiele gemeente Bathmen oan Dimter tafoege.

 
’’Satellytfoto fan Dimter’’

Dimter leit yn it súdwesten fan Oerisel oan de eastlike side fan de Isel. It leit yn in goa Salland, dat neist Dimter ûnder mear de plakken Swol, Kampen en Ommen beslaat.

De gemeente Dimter hat in oerflakte fan 134,37 km² mei as haadplak Dimter mei sa. 80.000 ynwenners. Oare grutte kearnen binnen de gemeentegrinzen binne Bathmen (± 5.500 ynwennners), Schalkhaar (± 4.700) en Diepenveen (± 4.300). De gemeente grinzet yn it noardwesten oan de gemeente Olst-Wijhe, yn it noardeasten oan Raalte, yn it easten oan Rijssen-Holten, yn it suden oan Lochem (Gelderlân) en yn t westen oan Voorst (Gelderlân).

 
’’It Rijsterborgherpark, ek wol bekend as it "Alde Plantsoen"

Dimter telt meardere parken. It bûtendyks oan de Isel lizzende Worpplantsoen is it âldste stedswannelpark fan Nederlân. It gebiet oan de oare kant fan de rivier wie al yn 1578 lâns paden en wegen beplante mei beammen. Yn de 17e iuw ûntstienen der geandewei mear hôvingen, kompleet mei túnhúskes. Yn 1699 waard foar it earst melding makke fan in plantaazje (park) oan de Iselouwer. Ek wienen hjir herbergen en útspannings. Neidat de frânsen it park en de bebouwing yn 1813 weihelle hienen, waard in nij park oanlein. Yn it túngebiet wat fierder fan de rivier ferriisde stadichoan in wenwyk mei de namme De Hoven.

In oar park is it 'Alde Plantsoen', dat offisjeel it Rijsterborgherpark hjit en oan de eardere bûtengrêft tusken it spoar en de binnenstêd leit. It is oanlein neidat yn de 19e iuw de Dimter festingwurken ûntmantele wienen. It park waard ±1880 ûntwurpen troch de bekende lânskipsarsjitekt Leonard Springer. Tusken it grien steane op in aantal plakken keunstwurken, in Fûgeleilân mei allerhande plomfee, in paviljoen en in muzykkoepel. It Rijsterborgherpark is een ryksmonumint.

It Nije Plantsoen is nei 1893 by de oanlis fan de Dimter wetterlieding ûntstien as wetterwingebiet. Ek dizze parkoanlis waard ûntwurpen troch L. Springer. It park herberget in drinkwetterpompstasjon en troch it park ferspraat lizze pompkelders mei de iepening in meter boppe it meanfjild, de saneamde 'molshopen'. Fan in djipte fan 80-125 meter wurdt hjir jierliks 1,5 miljoen kubike meter tige suver wetter oppompt. Ek stiet der sûnt 1893 in karakteristike út bakstien oplutsen wettertoer. Yn de jierren sechtich fan de foarrige iuw waard it park útwreide mei in hartekamp. De parkbosk hie lang te lijen fan achterstallich ûnderhâld mar begjin 21e iuw is hjirfan in soaf goedmakke. Sûnt 2009 is der troch it plantsoen in 'gedichtenrûte'; op transparante panielen steane teksten ôfprinte.

De oanlis fan it Gooikerspark kaam yn 2010 klear, it leit tusken de nije eastlike wenwiken fan it stedsdiel Colmschate. It is ûngefear 20 hektare grut. Sintraal hjiryn leit it natoer- en miljeuedukaasjesintrum 'De Ulebelt' mei bernebuorkerij en natoerboartersplak.

Lytsere parken binne de Jan Luykenkolk, it Wezenlandpark, it Godebaldpark en Park Braband.

Natoergebieten oan de stedsrâne binne ein 20e iuw ûntwikkele uiterwaardengebiet Ossenwaard en in tichtby it Oeriselsk Kanaal om de Douwelerkolk lizzend earder lângoed.

 
Uiterwaarden by Dimter

De delsetting Dimter it stichte op in rivierdún oan de Isel. Dizze rivier hat yn de rin fan de iuwen in grutte rol spile foar de stêd. Net allinnich hanneljen gie makliker, mar de tol dy’t de skippen betelje moasten om lâns Dimter te kommen levere de stêd in soad jild op. Dit rjocht, ûnderdiel fan it katentol, hie de stêd yn 1241 yn erfpacht krigen fan de abdij yn Elten. Dimter hat ek neidielen hân fan de Isel, trochdat de rivier faak bûten de ouwers trede. Tsjintwurdich hat de stêd in wetterkearing, mar de Welle stiet mei heechwetter noch geregeld ûnder wetter. Troch dyktrochbraken fan de Isel binne yn en om de hjoeddeiske stêd in protte kolken ûntstien, lykas de Douwelerkolk en de Klinkenbeltskolk.

Neist de Isel hat Dimter noch in grut oantal wetters. De Schipbeek is in diels yn opdracht fan de stêd groeven beek dy’t yn Dútslân ûntspringt en by Dimter yn de Isel útkomt. Eartiids wie de beek befarber wêrtroch’t ûnder mear hout en Bentheimer sânstien oanfierd wurde koe. In oare wetterwei dy’t foar de skipfeart oanlein waard en yn Dimter yn de Isel útrint, is in sydtakke fan it Oeriselsk kanaal. It is healwei de 19e iuw groeven en yn 1858 iepene. Hjirtroch krige Dimter in ferbining mei in grut kanalestelsel troch Oerisel. Ten easten fan Dimter begjint yn de Gooiermars de al yn de 13e iuw groeven Zandwetering. Oanlein om it tefolle oan wetter of te fieren dat troch bediking fan de rivier net mear streekrjocht de Isel ynfloeie koe, krijt dizze no mear de funksje fan wetterberging en natoer- en rekreaasjegebiet. De Zandwetering foarmet foar in grut diel de noardeastlike grins fan de 20e-iuwske bebouwing fan de stêd.

 
’’De Brink yn de binnenstêd fan Dimter’’

De stêd is bestjoerlik opdield yn fiif stedswiken. Wyk 6 is it bûtengebiet fan de gemeente mei dêryn in oantal doarpen en buorskippen.

De âlde Binnenstêd en de wyk De Hoven, ek wol de Worp foarmje tegearre Wyk 1. De Hoven is de ienige wyk fan Dimter oan de linkerside fan de Isel.

Wyk 2 bestiet út Zandweerd Súd, de Driebergenbuurt en it Reade Doarp, Voorstad Sintrum, Voorstad East en Bekkumer. De buerten binne ûntstien nei it ferfallen fan de Festingwet yn 1874. De buerten binne ten noarden fan de spoarlinen nei nei Apeldoorn en Arnhim oanlein en foarmje in soarte skyl im de binnenstêd. Wyk 2 wurdt dan ek wol de 'Alde Skyl' neamd.

 
’’Strjitte yn it Reade Doarp

It Reade Doarp is in ier-tweintichste-iuwske wenwyk en leit rûchwei tusken de Boxbergerweg, de Diepenveenseweg, de Hoge Hondstraat en it spoar Dimter-Swol. De wyk hie nei de foltôging sa'n 680 wenningen, wêrfan sa’n 110 mei winkel of oar bedriuwke oan hûs. In grut gedielte hat reade dakken, fandêr de namme. It binnen ei de mjitstêven fan no lytse rychjeshuzen en hast allegear hierwenningen. Yn 2006 wennen der ûngefear 2000 minsken, wêrfan 38% fan net-Nederlânske komôf.

Nei opheffing fan de Festingwet yn 1874 koe Dimter bûten de âlde stêd wenningen bouwe foar de faak yn krotten yn stegen behuze arbeidersklasse. De earste wenningen ferriisden út partikulier inisjatyf, mar sûnt 1913 wurde op de Dimter Ink de gruttere kompleksen fan de "Vereniging tot Verbetering van den Woningtoestand in de gemeente Deventer" en de "Gemeentelijke woningstichting" boud. De gemeente sluet foar de finansiering in hypteek of mei in rintiid fan leafst 75 jier.

Om 1975 wie yn de wyk in grutte renovaasje needsaaklik. Under mear waard oan de efterside fan i soad huzen in nije koken plus wiete sel en in skuorke boud. Hoewol’t de measte wenningen anno 2009 boukundich noch yn reedlike steat binne, is de wyk wer ioan in flinke opknapbeurt ta. It is lykwols ûnwis oft it der fan komt. Der binne om de iuwikseling yn de gemeente al mear fan dizze wiken sloopt en de wenningkorporaasje slút net út dat ek het Reade Doarp syn langste tiid hân hat. De measte bewenners soenen dêr net bliid mei wêze, want der is in grut tekoart oan betelbere wenningen yn Dimter.

Ek ten easten fan de âlde binnenstêd waard nei it ferfallen fan de Festingwet in oantal wenbuerten boud. De buerten dy’t ûnder Wyk 3 falle binne de Raambuert, Bûtengrêft, Knutteldoarp, Pothoofd, Hoornwerk, Bergweide, Deltabuert en de Rivierebuerten.

 
’’Oarspronklike tekeningfoar Knutteldorp’’

Knutteldoarp

bewurkje seksje

Knutteldoarp waard oanlein op in stik grûn dat earder brûkt waard as ferdigeningswurk. De oanlis barde tusken 1921 - 1930 yn opdracht fan de Vereeniging tot Verbetering van den Woningtoestand. It doarp is ûntwurpen yn in túndoarp-konsept troch arsjitekt W.P.C. Knuttel en telde destiids 334 arbeiderswenningen. De tagongspoarten jilde as it wichtichste uterlike kenmerk fan it doarp. De measte bewenners fan Knutteldoarp wienen earst arbeiders dy’t yn de fabriken fan de Raamsbuert wurken. De 'doarpelingen' hienen in eigen identiteit, dy’t ôfwykte fan de oarspronklike ‘Dimtener’. Dat waard mei befoardere trochdat Knutteldorp syn eigen winkels en foarsjennings hie. It Knutteldoarp leit ynklamme tusken Pothoofd, Raambuert en it Havenkertier, dat ûndrdiel is fan it bedriuwenterrein Bergweide. Yn d jierren santich is it doarp yngripend restaurearre.

 
’’Pothoofd út de Lebuïnustoer wei - tusken de brêge en de slûzen. De brune Pothoofdflats binne goed te sjen’’

Ten suden fan it sintrum, ynklamme tusken de Isel, de Raambuert en Knutteldoarp, leit de buert it Pothoofd. Eartiids in oerslachkaai, no steane der seis appartemintenflats gan de Belgyske arsjitekt Jo Crepain. It strjittenpatroan is flink feroare. Grutte kranen en silo’s hawwe hjir oait stien en der wie in spoaremplassemint. Stoomtrams rieden hjirwei nei Sutfen, Borculo en Emmerich. It stasjonsgebou, no it wykgebou fan Boarterstúnferiening 'Wijk 16', is ien fan de pear plakken dy’t noch “hâldfêst” jouwe nei de drokte fan destiids. Op dit terrein is yn de 18e iuw – troch de skipfeart op Amearika en de oerslach fan nôt op de kaai fan it Pothoofd - as adventyfplant de Lytse teunisblom terjochte komd. Yn Dimter waard dizze blom dêrom Pothoofdplant neamd. Sûnttiid bestiet yn de biology de namme Pothoofdplant foar in ûnopsetlik fan oare plakken oanfierde plant. De dichter Jac. van Hattum ferivige dizze yn syn poëzijbondel De Pothoofdplant (1936).

Wyk 4 bestiet foaral út nei-oarlochske wenwiken. Zandweerd-Noard, Platvoet, Borgele, Túndoarp, Lânshearenkertier, Oranjekertier en de Sikehûsbuert falle ûnder wyk 4.

Nei de anneksaasje fan grûngebiet fan de eardere Diepenveen wurdt it grutste diel fan Wyk 5 boud. De wyk bestiet út Colmschate-Súd (Doarp Colmschate, Snippeling, Veldpape, Oxerhof, Bannink, Colmschater Enk, Bramelt, Roessink, Essenerveld en Swormink), Colmschate-Noard (Het Oostrik, Blauwenoord, Grut Douwel, Lyts Douwel) en de Vijfhoek (Op den Haar, Steinvoorde, Graveland, Jeurlink, Fetlaer, Spikvoorde en Spijkvoorderenk).

 
’’Befolkingspiramide fan Dimter yn 2008

Yn 2004 hie de destiidske gemeente Dimter 92.142 ynwenners en de gemeente Bathmen hie der noch ris 5.328. Neffens de telling fan it Centraal Bureau voor de Statistiek telt de totale gemeente Dimter op 1 jannewaris 2010 in ynwenneroantal fan 98.660.

Ynwenners per wenkearn,
1 jannewaris 2021
Plaknamme Ynwenners
Dimter * 81.545
Bathmen ± 5.500
Schalkhaar ± 4.700
Diepenveen ± 4.300
Lettele 520
Okkenbroek 450
Boarne: CBS

* ynklusyf Colmschate (offisjele kearn) en De Hoven mei bûtengebiet

Buorskippen (ûnoffisjele kearnen): Dortherhoek (220), Frieswijk en Averlo (500), Loo (720), Oude Molen (100), Rande (160), Tjoene (220) en Zuidloo (260).

 
’’De foargevel fan it stedhûs fan Dimter

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
’’Dimter, de Waach oan de Brink’’
 
’’Dimter, Bergtsjerke fanút de Bergstraat’’
 
’’De 19e-iuwske Bolwurksmole’’

It middelpunt fan Dimter wurdt foarme troch it monumintale sintrum by de brink, in langhalich merkeplein mei beammen en terrassen. It is it grutste stedsplein yn Nederlân mei monimintale pânen mei as blikfanger de Waach, in let-goatysk waachgebou út 1528 dêr’t no it Histoarysk Museum Dimter yn sit. Midden op it plein stiet de Wilhelminafontein, dy’t yn 1898 by in Dimter izerjitterij makke is ta eare fan de kroaning fan keninginne keninginne Wilhelmina én de oanlis fan de stedswetterlieding. Foar it Penninckshûs, de tagong nei de efter de monumintale pânen ferburgen doopsgesinde tsjerke stiet in stânbyld fan Albert Schweitzer; de bekende tropenarts en sindeling hat yn syn libben meardere kearen it oargel fan de Lebuïnustsjerke bespile. Oan it plein binne in soad horekagelegenheden.

De bekendste tsjerke fan WDimter is de Lebuïnustsjerke, in let-goatyske tsjerke mei romaanse (11e-iuwske) dielen en in toerkoepel út 1612-1613 nei ûntwerp fan Hendrick de Keyser. Tsjin de Lebuïnustsjerke oan leit de Alde Mariatsjerke, dy’t ein 13e iuw boud waard, mar al sûnt 1591 net mear as tsjerke yn gebrûk is. It is no in ruïne wêrfan noch ien sydbeuk yntakt is, diels ferskûle efter huzen en winkeltsjes.

De goatyske Sint-Nikolaas- of Bergtsjerke, mei twa romaanse westtuorren, út sirka 1200 stiet op it heechste diel fan it midsiuwske Bergkertier, dat op in âld rivierdún boud waard. Dizze tsjerke wurdt tsjintwurdich brûkt as konsert- en eksposysjeromte.

Oare bysûndere godsgebouwen yn de binnenstêd binne de Broederentsjerke, fan oarsprong in kleastertsjerke út de 14e iuw, en de Synagoge Golstraat, in 19e-iuwsk gebou, oant 1942 ûnderkommen fan de Israelityske mienskip fan Dimter. It 15e-iuwske Buiskenskleaster is in earder susterhûs fan de Susters fan it Miene Libben, in groep folgelingen fan Geert Grote en de Moderne devoasje. No is it stedsargyf en bibleteek en hat in tagonklike kleastertún.

Oare gebouwen

bewurkje seksje

It besjen wurdich is ek it Stedhûs fan Dimter oan it Grutte Tsjerkhof, foar de Lebuïnustsjerke oer, fêstige yn in 17e-iuwsk gebou mei in midsiuwske kearn. De Proasdij yn de Sandrasteech is it âldste stiennen wenhûs ( út sa. 1130) fan Nederlân.

De Bolwurksmole út 1863, in houtseachmûne, stiet oan de oare kant fan de Isel bij de Wilhelminabrêge en waard yn 2006 werboud. Ut de bjoggentjinde iuw komt ek de wettertoer, dy’t yn 1893 yn neorenêssânsistyske styl boud waard yn it Nije Plantsoen en noch altyd yn gebrûk is.

It Bergkertier is in fan oarsprong midsiuwsk stedsdiel mei in soad restaurearre wenhuzen en winkels. Yn 2007 waard in huzerige oan de Walstrjitte trochbrutsen om in rintrochgong nei it nije winkelkompleks It Boreel te meitsjen. Hjirby stuite men op resten fan in âlde stedsmuorre mei dowesteienen toer út de 13e iuw. Dêrneist waarden der twa lytse treptuorren fûn. Krekt bûten de eardere Bergpoarte leit de Raambuert, in 19e-iuwske yndustrywyk. Hhir siet ûnder oare de izerjitterij Nering Bögel . In eardere nôtsilo wurdt no brûkt as depot foar archeologyske fynsten. Tusken de ferkearsbrêge en de spoarbrêge rint lâns de Isel de diels ferlege Wellekaai. Dizze eardere havenkaai hat in oantal oanlissteigers en in wannelpaad.

Musea en galerieën

bewurkje seksje
  • It Histoarysk Museum Dimter sit yn de Waach oan de Brink. Der lizze archeologyske fynsten, skilderijen (û.o. "De Fjouwer Evangelisten" troch Hendrick ter Brugghen), sulverwurk, makettes fan de stêd en materiaal oer de yndustriële histoarje.
  • It Boartesguodmuseum sit efter it Histoarysk Museum.
  • It Keunstenlab is sit yn in sammelgebou foar de byldzjende keunsten, dêr’t fierders Arsjitektuersintrum Rondeel, keunstnersateliers en bedriuwen op it mêd fan kultuer en media sitte.
  • It Etty Hillesum Sintrum sit yn de synagoge oan de Roggestrjitte. Der wurdt omtinken jûn oan de Joadske mienskip ym Dimter yn de Twadde Wrâldoarloch.
 
’’De skouboarch fan Dimter’’

Dimter hat in iepenbiere bibleteek en lêsseal oan de Brink, mei meardere filialen yn de gemeente. It Stedsargyf en Athenaeumbibleteek oan it Kleaster is de âldste wittenskiplike bibleteek fan Nederlân.

Teater en muzyk

bewurkje seksje
 
’’ Dimter op Stelten 2005’’
  • Dimter Boekemerk, de grutste boekemerk fan Europa, de earste snein fan augustus op de Iselkaai en oare strjitten en pleinen
  • Dickens Festijn, de binnestêd is ynrjochte yn 19e-iuwske styl en wurdt befolke troch personaazjes út de ferhalen fan Charles Dickens.
  • Poëzijfestival It Túnfeest, de jûn foar de boekemerk, in iepenloft poëzijbarren yn de binnenstêdstunen om Teater Boukunde.
  • Dimter op Stelten is in strjitteaterfestival yn it sintrum troch groepen en hûnderten foarstellings, faak op stelten.
  • Dimter Karnavalsoptocht, de stêd hjit dan Stokvissengat.
  • Dimter Simmermerke begjin juny.

De stêd rikt om it jier de kultuerpriis de Gulden Adelaar út.

Sport en rekreaasje

bewurkje seksje

De fuotbalclub Go Ahead Eagles komt út Dimter. It stadion fan de club is "De Adelaarshorst", dat as ien fan de pear fuotbalstadions noch yn in wenwyk leit. Dimter hat in oantal tige âlde sportferienings. Sa is de Keninklijke UD (oprjochte yn 1875) de âldste noch besteande fjildsportferiening fan Nederlân. Fierders hearre atletykferiening A.V. Daventria 1906 en de Dimter Hockey Feriening (oprjochte yn 1913) ta de âldste ferienings fan Nederlân binnen har sport. Wrakselferiening K.D.O. Dimter bestiet sûnt 1913.

Sport- en rekreaasjesintrum "De Scheg", yn 1988 iepene troch Z.K.H. Prins Willem-Alexander, mei ûnder mear keunstiisbaan, swimbad. Troch de komst fan dizze heal-oerdekte iisbaan, waard de âlde iisbaan fan Dimter yn 1992 sluten. Op de âlde iisbaan binne in soad Europeeske- en Wrâldkkampioenskippen reedriden hâlden.

Dwers troch Dimter rint de Europese wannelrûte E11, dy’t rint fan De Haach nei itt easten, op dit momint oant de grins Poalen/Litouwen. Yn Dimter wurdt de E11 Marsekreammerpaad en Hannelswei neamd.

Winkels en merken

bewurkje seksje

Der binne plenty winkels en útgeansgelegenheden yn it sinttrum om it grutte stedsplein de Brink. Bekende Dimter winkelstrjitten binne de Walstrjitte, de Lange Biskopstrjitte (de Lange B.), de Koarte Biskstrjitte (de Koarte B.), de Lytse Overstrjitte de Grote Overstrjitte, de Smidtenstrjitte en de Nijstrjitte. Flakby it sintrum leit it nij kompleks De Boreel, mei winkels dy’t grutte flieropperflakken freegje.

Omdat Dimter in Hânzestêd wie, waard der in soad hannele en hawwe der in soad lokaasjes west, benammen binnen de grêften, dêr’t lytse merken wienen. Meardere strjitnammen ferwize hjirnei: de "Nije Merk" (grienten en fruit), "Striemerk" (hea en strie) en de "Houtmerk" (hout). Op de "Brink" wienen ferskillende merken. Op de "Lytse Poat" wie de bûtermerk, dêr’t it geboutsje noch fan bestiet. Bûten de grêften ûntstienen ek merken, lykas de hannel yn fee op de "Bistemerk". Tsjintwurdich binnen de noch meardere wykmerken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Dimter  
Stêd:
Dimter
Doarpen:
BathmenDiepenveenLetteleOkkenbroekSchalkhaar
Buorskippen:
ApenhuizenDe BanninkDortherhoekAverlo en FrieswijkLindeLooMolenbeltOude MolenOksePieriksmarsRandeSnipperlingTjoeneZuidloo
Eardere doarpen en buorskippen:
Colmschate
Wetter:
Averlosche LeideDortherbeek OostIselSchipbeekZandwetering
  ·   ·