Flevolân
Flevolân (Nederlânsk: Flevoland) is in provinsje fan Nederlân en waard as sadanich oprjochte yn 1986. It hat 450.920 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 2.412 km².
Flevolân | ||
folksliet: Waar Wij Steden Doen Verrijzen... | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1986 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | Lelystêd | |
tal gemeenten | 6 | |
kommissaris fan de kening |
Arjen Gerritsen (VVD) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 52°31' NB 5°29' EL | |
oerflak | 2.412,31 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 1.410,12 km² | |
• dêrfan wetter | 1.002,19 km² | |
rang provinsjes | 12e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 450.9201 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 11e fan 12 | |
befolkingstichtens | 315 / km² | |
grutste plak | Almeare | |
religy (2015) | 55,2% ateïsten en agnosten 15,5% protestanten 12,2% roomsk-katoliken 7,2% moslims 9,9% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL23 | |
ISO 3166-2 | NL-FL | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.flevoland.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
Geografy
bewurkje seksjeDer kin in ûnderskie makke wurde tusken it âldlân en it nijlân. It âldlân fan Flevolân bestiet út de eardere eilannen Urk en Skoklân, dy’t troch ynpoldering harren eilannestatus yn 1942 ferlearen. It nijlân kin yn trije polders opdield wurde: de Noardeastpolder (Suderleech) mei Urk en Emmeloard, Eastlik Flevolân mei Lelystêd en Dronten en Súdlik Flevolân mei Almere en Zeewolde.
Skiednis
bewurkje seksjePlannen om de Sudersee yn te polderjen kamen healwei de 18e iuw op it aljemint. De Iselmar ûntstie yn 1932 troch de oanlis fan de Ofslútdyk. Dêrnei waard de Noardeastpolder yn 1942 drûchlein. Skoklân en Urk waarden part fan it fêstelân fan de Noardeastpolder. Yn 1943 setten de earste minsken har nei wenjen yn Emmeloard. Eastlik-Flevolân waard yn 1957 drûchlein, tsien jier dêrnei sette de earste minsken har nei wenjen yn Lelystêd. Súdlik-Flevolân waard yn 1968 drûchlein. Yn 1976 wienen de earste huzen Almere boud. Tusken 1963 en 1976 waard de Houtribdyk boud. Dêrtroch ûntstie de Markermar De Houtribdyk ferbynt Inkhuzen mei Lelystêd. Stadichoan setten hieltyd mear minsken har nei wenjen yn polders. De gebieten dy't drûchlein waarden foelen earst ûnder bysûnder bestjoerlik gesach. Súdlik-Flevolân foel it langste ûnder it bysûnder bestjoerlike gesach, yn 1984 ûntstienen de gemeente Zeewolde en Almere. Yn 1986 waard de provinsje Flevolân formeel oprjochte.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksje- 1986 – 177.000
- 2000 – 317.000
- 2020 – 423.000
- 2023 – 445.000
Gemeenten
bewurkje seksjeFlevolân bestiet sûnt de oprjochting in 1986 út 6 gemeenten.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan de provinsje
- Flevoland, Plaatsengids
- Statistieken provincie Flevoland, AlleCijfers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Flevolân | |
---|---|
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde | |
· · |
Provinsjes fan Nederlân | ||
---|---|---|
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert | ||
· · |