Fantasy (sjenre)

(Trochferwiisd fan Fantasy (literatuer))

Fantasy is in sjenre yn 'e literatuer, op 'e tillefyzje en yn films dat yn 'e regel gebrûk makket fan tsjoenderij en oare boppenatuerlike ferskynsels as primêr ûnderdiel fan 'e plot of as motyf of eftergrûn. It kin dêrmei fierhinne as in moderne fuortsetting beskôge wurde fan 'e myten en de mearkes út it ferline. In grut diel fan 'e moderne literêre wurken dy't ta dit sjenre hearre, spylje har ôf yn optochte wrâlden dêr't tsjoenderij de noarm is, al binne der ek withoefolle fantasywurken dy't in oanpaste ferzje fan ús eigen wrâld beskriuwe. Fantasy kin ûnderskaat wurde fan it besibbe sjenre fan 'e science fiction trochdat der gjin wittenskiplike ûnderbouwing plakfynt fan 'e ferhaaleleminten dy't ôfwike fan 'e wurklikheid. Der is lykwols frijwat oerlaping tusken de beide sjenres, dy't sadwaande ek wol gearfoege wurde ûnder de namme spekulative fiksje.

De omslach fan in fantasyblêd út 1952.

It is dreech om te sizzen wannear't fantasy as in literêr sjenre krekt ûntstien is. Men soe safier weromgean kinne as it Sûmearyske Epos fan Gilgamesj, dat om 2100 f.Kr. al bestie, en fia Homêros syn Odyssee, it Yndyske Rāmāyaṇa, it Arabyske Boek fan Tûzen en Ien Nacht, it Angelsaksyke Beowulf-epos en de Midsiuwske Arthurleginden, lykas Hear Gawain en de Griene Ridder, útkomme kinne by de mearkes fan 'e Bruorren Grimm. Sels trochkristlike wurken as De Godlike Komeedzje en toanielstikken fan Shakespeare as In Midsimmernachtdream soene ûnder sa'n wide betsjutting te beflappen wêze.

Men is lykwols ornaris fan tinken dat fantasy yn 'e moderne sin fan it wurd begûn is mei George MacDonald, de njoggentjinde-iuwske Skotske auteur fan boeken as The Princess and the Goblin en Phantastes. It earste fantasyboek foar bern wie The King of the Golden River, út 1841, fan 'e Ingelske skriuwer John Ruskin, wylst MacDonald syn Phantastes, út 1858, algemien beskôge wurdt as de earste fantasyroman foar folwoeksenen. Njonken MacDonald wie de Ingelske dichter William Morris de oare grutte fantasyskriuwer fan 'e njoggentjinde iuw, mei û.m. The Well at the World's End (1896).

Nettsjinsteande it súkses fan sawol MacDonald as Morris begûn fantasy pas de lêste desennia fan 'e njoggentjinde en de earste fan 'e tweintichste iuw in wat grutter publyk te berikken, troch it wurk fan skriuwers as H.G. Wells en Lord Dunsany. Yn 't earstoan wie fral it saneamde ferlerne wrâld-subsjenre populêr, dat ta utering kaam yn boeken as King Solomon's Mines (1885), fan H. Rider Haggard, en The Lost World (1912), fan Arthur Conan Doyle, al ûntstie doe ek de saneamde kontemporêne fantasy, mei de roman Dracula (1897), fan Bram Stoker. Fierders waarden yn dyselde tiid ek guon fantasyberneboeken publisearre dy't no as klassikers beskôge wurde kinne, lykas Alice's Adventures in Wonderland (1865), fan Lewis Carroll, The Wonderful Wizard of Oz (1900), fan L. Frank Baum, en Peter Pan (1911), fan J.M. Barrie. Sterker noch, fantasy foar bern genoat yn dy snuorje in gruttere maatskiplike akseptaasje as fantasy foar folwoeksenen. Auteurs dy't fantasy skriuwe woene, wiene sadwaande suver twongen om harren wurk oan bern oan te passen.

Yn 1922 waard Weird Tales, it earste fantasytydskrift, oprjochte, folge troch withoefolle oaren. De tweintiger oant en mei de fyftiger jierren foarmen de heechtijdagen fan it pulpmagazine en dat spile in krúsjale rol by it ûnder de oandacht bringen fan fantasy by in breder publyk en fral ek by de jongere generaasjes, sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Grut-Brittanje. Dyselde tydskriften wiene ek ûnmisber foar de opkomst fan science fiction, en it wie yn dy tiid dat de beide sjenres foar it earst mei-inoar assosjearre rekken.

It wiene fral de midsiuwskige fantasysubsjenres sword and sorcery ("swurd-en-tsjoenderij") en hege fantasy, dy't úteinlik trochbrieken ta in wrâldwiid publyk. Sword and sorcery mei it ikoanyske personaazje fan Conan de Barbaar (1932) út 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard, en hege fantasy mei J.R.R. Tolkien syn ûnoertroffen The Lord of the Rings (1954-1955). Ferskate oare klassike fantasywurken kamen om deselde tiid hinne út, lykas The Chronicles of Narnia, fan C.S. Lewis, en Ursula Le Guin har Earthsea-kwartet.

Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw is fantasy in folwoeksen en fêstige sjenre mei sawol in ynternasjonaal literatueroanbod as in ynternasjonaal lêzerspublyk. Hichtepunten út 'e lêste desennia binne (om mar in lytse greep te dwaan): de Harry Potter-searje fan J.K. Rowling, de Wheel of Time-searje fan Robert Jordan, de Kushiel's Dart-trilogy fan Jacqueline Carey, de Chalion-syklus fan Lois McMaster Bujold en de roman Under Heaven fan Guy Gavriel Kay. In subsjenre dat sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw tige yn populariteit oanwûn hat, is dat fan 'e urban fantasy, wêrby't de ferhalen tsjin in stedske eftergrûn spylje, gauris yn ús eigen wrâld. Foarbylden dêrfan binne de Kate Daniels-rige fan Ilona Andrews, The Dresden Files fan Jim Butcher en de Mercy Thompson-rige fan Patricia Briggs.

Hoewol't literatuer altyd it primêre medium foar fantasy west hat, wol dat net sizze dat it ek it iennichste is. Sûnt 2000 binne der in stikmannich fantasyklassikers ferfilme, lykas de The Lord of the Rings-filmtrilogy, fan regisseur Peter Jackson en de Harry Potter-filmsearje, en dy binne yn 'e ynternasjonale bioskopen in grut súkses wurden. Oare media dêr't fantasy ta trochkrongen is, binne tillefyzje (bgl. de no al klassike searjes Buffy the Vampire Slayer en Game of Thrones); boerdspullen (bgl. Dungeons & Dragons); kaartspullen (bgl. Magic: The Gathering); kompjûterspultsjes (bgl. Final Fantasy); en live action role-playing games.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.