The World of the Five Gods

(Trochferwiisd fan Chalion-syklus)

The World of the Five Gods, earder faak de Chalion-syklus neamd, is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De romans, dy't yn in mienskiplike optochte wrâld spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne, foarmje in miks fan spanning, romantyk, komeedzje en tragyk. De searje tanket syn namme oan it keninkryk Chalion, dêr't de earste beide boeken spylje. De boeken út The World of the Five Gods hawwe in grut tal prizen yn 'e wacht sleept, mei dêrûnder in Hugo, in Nebula en in Locus Award, en yn 2018 wûn The World of the Five Gods de Hugo Award foar bêste romansearje. De boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten fjirtjin talen; yn 2014 kaam ien út yn it Frysk.

The World of the Five Gods
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
oarspr. útjwr. Eos
prizen Mythopoeic Award 2002
Hugo Award 2003, 2018
Locus Award 2004
Nebula Award 2004
nom. World Fantasy Award 2002
nom. Hugo Award 2002
nom. Locus Award 2006
nom. Mythopoeic Award 2006

Nei it minder súksesfolle The Spirit Ring, út 1992, wie The Curse of Chalion, it earste boek fan The World of the Five Gods, yn 2001 it twadde útstapke fan Lois McMaster Bujold nei it sjenre fan 'e fantasy. Foartiid hie se har fierhinne by science fiction holden, dêr't se mei har populêre en bekroande Vorkosigan-kroniken in grutte namme yn opboud hie. Oars as dat by de Vorkosigan-kroniken it gefal is, dy't grutdiels in fêste haadpersoan hawwe, wikselje de personaazjes yn The World of the Five Gods; elts fan 'e romans yn 'e searje hat oant no ta syn eigen haadpersoan. De ferbinende faktor wurdt foarme troch de fiif goaden fan 'e wrâld dêr't de ferhalen har yn ôfspylje en dy't harren frij streekrjocht lykje te bemuoien mei de libbens en dieden fan 'e minsken.

Hoewol't de boeken út dizze searje fierhinne op harsels steane, sit der al wat plotbejerrende ynformaasje oer The Curse of Chalion yn Paladin of Souls, dat it is it handichst om earst The Curse te lêzen en dan pas Paladin.[1]

It wie oarspronklik Bujold har bedoeling om in pentalogy, in searje fan fiif boeken, te skriuwen, elts wijd oan ien fan 'e fiif goaden. Nei The Curse of Chalion (oer de Dochter fan 'e Maityd), Paladin of Souls (oer de Bastert, hoewol't ek de Heit fan 'e Winter der in wichtige rol yn spilet), en The Hallowed Hunt (oer de Soan fan 'e Hjerst), stûke it lykwols, mei't se gjin ynspiraasje fine koe foar de lêste beide boeken.[2] Doe't se noch miende dat it meitiid wol slagje soe, sei Bujold dêroer yn in fraachpetear: "Ideeën foar de lêste beide Chalion-boeken rattelje my al jierren yn 'e holle om, mar se binne net ien fan beiden al hielendal folwoeksen."[3] Uteinlik besleat se harsels gjin geweld oan te dwaan. Ynstee skreau se in rige novelles, wêrfan't de publikaasje troch de yntroduksje fan e-boeken folle makliker wurden wie.[2] Dat waard de subrige Penric and Desdemona.[2]

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

De boeken fan The World of the Five Gods spylje yn in fiksjonele wrâld dy't basearre is op 'e Jeropeeske Midsiuwen. Sterker noch, in lânkaart dy't te finen is op Bujold har persoanlike webside is gewoan de kaart fan Jeropa 180 graden draait, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden útstiket.[4] Oan 'e hân fan dy lânkaart kin men fêststelle dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje; Ibra mei it âlde keninkryk Aragon; Brajar mei Portegal; de Roknaarske foarstedommen mei de Moarske emiraten fan Andalúsje; en Darthaca mei Frankryk. Sawol The Curse of Chalion as Paladin of Souls spylje fierhinne yn Chalion. The Weald (wat oersetten wurde kinne soe mei "It Wâld" of "It Wold"), it keninkryk dêr't The Hallowed Hunt spilet, wurdt op 'e lânkaart op Bujold har webside net werjûn, mar it is net dreech om út it boek ôf te lieden dat it oerienkomt mei Dútslân, wylst it yn The Hallowed Hunt neamde eilân Arfrastpekka sterk oan Iislân tinken docht.

Net inkeld de geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan The World of the Five Gods binne basearre op Midsiuwsk Jeropa. In lêzer dy't op dat mêd wat bekend is, sil yn 'e searje frijwat winken gewaarwurde kinne. It meast opfallend binne yn dat ferbân de ferwizings nei de Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. Mar ek de striid fan Karel de Grutte tsjin 'e Saksen wurdt oanstipt.

Yn 'e wrâld fan The World of the Five Gods besteane fiif goaden, dy't net ôfhâldich binne of op in distânsje bliuwe, mar dy't aktyf yn 'e libbens fan 'e haadpersoanen yngripe. Dy goaden binne: de Heit, de Mem, de Soan, de Dochter en de Bastert. Yn haadstik 3 fan Paladin of Souls wurdt de ûnderlinge relaasje fan 'e goaden út 'e doeken dien. Dat ferhaal begjint mei de wurden "Yn it oanbegjin wie de wrâld, en de wrâld wie lôge." Doe't de wrâld begûn ôf te kuoljen, ûntstie stadichoan út it fjoer yn 'e kearn fan 'e wrâld de Wrâldsiel. Mar om't it each himsels net sjen kin, spjalte de Wrâldsiel yn twaen, dat er himsels gewaarwurde koe; sa ûntstiene de Heit en de Mem. En út harren earste leafde waarden de Soan en de Dochter berne. De fjouwer goaden oarderen doe de wrâld en ferparten ûnderling de seizoenen. Mar it fjoer yn it binnenste fan 'e wrâld befette ek krêften fan gaos, dusoarder en ferneatiging; dêrút kamen de demoanen fuort, dy't de fan 'e goaden oardere wrâld binnenkrongen en jacht makken op 'e minsken. Sa ûntstiene machtige demoanehearen, dy't wiis en trochferkeard wiene troch it opfretten fan withoefolle minskene sielen. Mar op dei spjalte in hillige syn eigen siel midstwa en joech de helte út frije wil oan 'e machtichste fan dy demoanehearen; sa krige dy demon foar it earst in eigen siel en alle skiene en bittere jeften dy't dêrmei mank geane, lykas it besef fan sûnde en skamte en skuld, en de demoanehear waard tramtearre troch berou oer syn dieden. Mar in ferearster fan 'e Mem genies syn siel, dat er as in paladyn fan 'e goaden de oare demoanen befjochtsje koe op plakken dy't foar de goaden sels ûnberikber wiene. Hy waard de kampioen fan 'e Mem en har leafde foar him wie ûnbeheind. En al kaam de demoanehear om doe't de oare demoanen him yn in grutte kliber oanfoelen, dochs joech it harren neat, want de Mem wie fannijs swier rekke en sa waard de Bastert berne, de oerwûne soan fan 'e Mem en dy grutbesielde demoanehear, en him waard foech jûn oer alle demoanen en oer alle dingen bûten har rjochte tiid.

  • De Heit fan 'e Winter is de god fan âldere manlju, de rjochtspraak, ôfsluting en de dea yn 'e âlderdom. Hy wurdt assosjearre mei de winter en de kleur griis (en yn minder mjitte swart). Syn lichaamlike oantsjutting is it krús of geslacht, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Heit, falt op midwinter.
  • De Mem fan 'e Simmer is de goadinne fan âldere froulju, sûnens, genêskeunst en it libben. Hja wurdt assosjearre mei de simmer en de kleur grien (en yn minder mjitte giel en goud). Har lichaamlike oantsjutting is de nâle, en har hjeldei, de Dei fan 'e Mem, falt op midsimmer.
  • De Soan fan 'e Hjerst is de god fan jongemannen, freonskip, de jacht en de oarloch. Hy wurdt assosjearre mei de hjerst en de kleur brún (en yn minder mjitte read). Syn lichaamlike oantsjutting is it hert, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Soan, falt op 'e hjerstevening.
  • De Dochter fan 'e Maityd is de goadinne fan jongfammen, ûnderrjocht, iepenbiere oarder en lyryske poëzij. Hja wurdt assosjearre mei de maityd en de kleur blau (en yn minder mjitte wyt). Har lichaamlike oantsjutting is de foarholle of it ferstân, en har hjeldei, de Dei fan 'e Dochter, falt op 'e maitydsevening.
  • De Bastert is de god fan it lykwicht, skabeljeuze grappen en alle dingen dy't ôfwike fan 'e noarm (lykas fûnlingen en weesbern, sykten, natuerrampen, ûngelokken, foartidige stjergefallen, ensfh.). Hy hat ek sizzenskip oer de legioenen demoanen fan dusoarder, dy't soms oan syn gryp ûntglûpe en nei de materiële wrâld ta ûntkomme. Hy wurdt assosjearre mei dingen bûten harren rjochtlike seizoen en de kleur wyt (en yn minder mjitte krêm en sulver). Syn lichaamlike oantsjutting is de tonge sawol as de tomme, en syn feestdei, de Dei fan 'e Bastert, is "dy ynterkalindryske hjeldei dy't ienris yn 'e twa jier tafoege wurdt nei Memme Midsimmer om foar te kommen dat de kalinder út syn krekte seizoenen wei ferskoot."[5]

It leauwe yn dizze fiif goaden wurdt it otterdokse kwintarisme neamd. De wichtichste ôfwiking dêrfan is it ûntkennen fan 'e godlikheid fan 'e Bastert, sa't de Roknaren dogge; dat wurdt de kwadreenske ketterij neamd. De kwadrenen leauwe dat de demoanehear de Mem ferkrêfte en dat sa de Bastert ûntstie en dat dy dêrom de grutste demon fan allegear is. Kwintaristen snije se de tommen ôf of skuorre se de tongen út (de lichaamlike oantsjuttings fan 'e Bastert). Der is allegeduerigen oarloch tusken de kwadreenske Roknaarske foarstedommen en de kwintaristyske keninkriken fan Chalion, Ibra en Brajar.

Bujold hat sein dat har betinken fan 'e opfallend goed útwurke godstsjinst fan 'e wrâld fan The World of the Five Gods debet wie oan in stikmannich faktoaren. Yn it foarste plak woe se har ôfsette tsjin 'e "oerflakkige of sleauwe of fijannige" soarten godstsjinsten dy't hja yn fantasyboeken gauris tsjinkommen wie en oard kaam it fuort út har eigen lêzen op it mêd fan teology en skiednis. Mar fral woe se in religy skeppe dy't oars wie as eltse moderne godstsjinst, en yn it bysûnder woe se it dualisme fan goed en kwea mije, "wat nei myn miening in filosofyske flater is dy't troch de iuwen hinne withoefolle fertriet feroarsake hat."[6] Dat sadwaande keas hja foar fiif goaden, foar in diel om't yn dat getal dingen út 'e fysike wrâld wjergalmje (de fingers fan in hân, de fjouwer jiertiden plus skrikkeldagen), en foar in diel om't it in sifer is dat net midstwa dield wurde kin. Se seit dêr fierders noch oer: "Want yn 'e echte wrâld treft men goed en kwea nea kreas opdield oan; it is altiten in mingsel, krekt as de soerstof en de stikstof yn 'e lucht. Men kin har by wize fan gedachte-eksperimint ta poere foarmen skiede, mar men moat se wer trochinoar hutselje as men weromkeart nei it tinken oer de reäliteit, en guon lju ferjitte dy stap. In ûnbidich soad ferskrikkings út 'e skiednis binne begien troch skrandere minsken dy't in rommelige reäliteit besochten yn te passen yn in te himmel opromme teory. En dy't dan, as dat net blykt te wurkjen, net ta de konklúzje komme dat harren teory derby troch is, mar miene dat de gegevens — dat wol sizze, harren buorlju — feroare, of fermoarde, wurde moatte sadat se yn 'e teory passe."[7]

Op dit plak moat noch oantekene wurde dat de boeken fan The World of the Five Gods elkmis oerienkomme mei ien fan 'e goaden. The Curse of Chalion beljochtet benammentlik de Dochter fan 'e Maityd; Paladin of Souls behannelet fral de Bastert; en The Hallowed Hunt giet oer de Soan fan 'e Hjerst. De beide noch ûntbrekkende boeken soene dus logyskerwize de Mem fan 'e Simmer en de Heit fan 'e Winter behannelje moatte.

Yn 'e boeken fan The World of the Five Gods komme ferskate libbene hilligen foar. Sokke lju binne net bûtenwenstige goed of from, noch is harren hilligens in beleanning. Earder kinne se beskôge wurde as in stik ark yn 'e hannen fan 'e goaden, en dy moatte genoegen nimme mei hokker ark oft op in stuit beskikber is, mei't lang net elkenien in hillige wurde kin. It kritearium liket te wêzen oft men in sterke eigen wil, ambysje of persoanlikheid hat. Sa ja, dan is men as in folle kop dêr't neat mear by kin. Mar as men leech is — of jinsels leech meitsje kin — fan soksoarte dingen, dan is der romte foar it wêzen fan 'e goaden.

Der besteane hilligen (en mindere hilligen, dy't mindere krêften hawwe) fan elkmis fan 'e fiif goaden. Harren steat wurdt beskreaun as net te fergunnen en faak reitsje se der geastlik troch skansearre. Yn 'e boeken wurde hilligen gauris omskreaun yn net sokke flaaikjende bewurdings, lykas "lêstdier fan 'e goaden". It is mooglik om hillige-ôf te wurden, "as men dêr op 'e tiid ta beslist", en dat is noch net sa maklik, want al hoe skansearjend oft it ek is, hilligens skynt ferslaavjend te wêzen.

 
De Fryske oersetting fan The Hallowed Hunt.

Njonken hilligen besteane der ek tsjoenders. Dat binne lju dy't in oan 'e Bastert ûntglûpte demon yn harren siel opnommen hawwe en him yn 'e materiële wrâld ûnderstypje, want neat fan geast kin yn 'e materiële wrâld bestean sûnder in materieel wêzen dat it ûnderhâldt. Yn ruil foar harren help lient de demon dan syn (magyske) krêften oan 'e tsjoender. Dy moat lywols altyd wach bliuwe en oppasse dat de demon him net oermânsk wurdt, want dan ferliest er de behearsking oer syn eigen lichem en wurdt er yn in finzene yn syn eigen holle. Der besteane twa soarten tsjoenders: wettigen en ûnwettigen. De iennichste wettige tsjoenders binne leden fan ien fan 'e fiif oan 'e goaden wijde hillige oarders. Unwettige tsjoenders binne mar minmachtich en de Timpel docht tige war om harren noch minmachtiger te meitsjen.

Romans en novellen fan The World of the Five Gods

bewurkje seksje

The Curse of Chalion

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Curse of Chalion.

Yn The Curse of Chalion lijt it keningshûs fan Chalion, en yn it ferlingde dêrfan it hiele lân, ûnder de flok dy't derop pleatst is troch in fersleine fijân. De breklike en alhiel ta reapsein brochte ealman Cazaril, krekt weromkeard nei syn befrijing út 'e slavernij op 'e Roknaarske galeien, wurdt it ûnwierskynlike stik ark yn 'e hannen fan 'e Dochter fan 'e Maityd om keningshûs en lân te rêden.

Paladin of Souls

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Paladin of Souls.

Yn Paladin of Souls wurdt de pylgerstocht fan Ista, de keninginne-mem fan Chalion, ûnderbrutsen as hja foar in Roknaarske ynfal beskûl sykje moat yn in ôfhandich kastiel. Dêr komt se alderlei nuvere saken op it spoar, mar it nuverste fan alles is dat sy har sels ûntjout ta in hillige fan 'e Bastert (de god fan rampen, demoanen en dingen bûten it seizoen), en op syn oanwizings de wrâld behoedet foar in grut gefaar.

The Hallowed Hunt

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Hallowed Hunt.

Yn The Hallowed Hunt (yn 2014 oerset yn it Frysk as Yn it Skaad fan de Wolf),[8] wurdt de kriichsman Ingrey nei in ôfhandich jachtslot stjoerd om it stoflik omskot fan in prins, en de frou dy't him deadien hat, dêrwei nei de haadstêd te bringen. Mar de ienfâldige opdracht feroaret yn in kearpunt yn syn libben as er fereale rekket op 'e moardneresse en boppedat te meitsjen kriget mei in mysterieuze fijân dy't oer liken giet om syn geheimen te bewarjen, wylst de Soan fan 'e Hjerst en de oare goaden wisberet lykje en brûk Ingrey om in âlde misdie goed te meitsjen.

Penric and Desdemona

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Penric and Desdemona.

In rige novellen dy't in soarte fan subsearje fan The World of the Five Gods foarmet. (Hjirûnder binne de boeken werjûn op folchoarder fan ynterne gronology fan 'e searje, ynstee fan op folchoarder fan útjefte.)

Underweis nei syn trouwerij komt de jonge ealman Penric in âldere dame tsjin dy't in hertoanfal krigen hat en stjerrende op 'e grûn leit. It docht bliken dat it om in tsjoenster en preesteresse fan 'e Timpel giet, dy't him mei har lêste siken de demon tapartet dy't hja yn har draacht en dy't har har boppenatuerlike krêften jout. Fan dat stuit ôf feroaret Penric syn libben folslein, en wurdt in elk in fijân dy't syn nije krêften eanget of der oergeunstich op is.
Fjouwer en in heal jier letter is Penric in preester-tsjoender fan 'e Oarder fan de Bastert en hat er him oerjûn oan 'e stúdzje fan wittenskip en magy. Syn wurk wurdt lykwols ûnderbrutsen as syn patronesse him derop útstjoerd mei in fertsjintwurdiger fan 'e Oarder fan de Heit om 'e sjamaan Inglis sibbe Wolfsklif op te pakken, dy't beskuldige wurdt fan 'e moard op syn bêste freon. Ienris djip yn 'e ergen blykt de saak lykwols folle yngewikkelder te wêzen as earder tocht waard.
Wylst er yn Easthiem ferbliuwt, de haadstêd fan It Wold, wurde Penric en syn maat, de sjamaan Inglis, troch harren freon Oswyl frege om te helpen by it oplossen fan in riedseleftige moardsaak. Yn in wâld net fier bûten de stêd is in timpeltsjoenster fermoarde troch har fan efteren mei pylk-en-bôge dea te sjitten. De iennichste tsjûge fan it foarfal liket in foks te wêzen.
Penric, dy't no yn 'e tsjinst stiet fan 'e aartsprelaat fan Lodi, wurdt yn dy havenstêd by in gefal roppen fan in troch in demon fan dusoarder besette man dy't troch fiskers út 'e see opfiske is. Oan Penric de taak om út te finen wa't it is en hoe't er oan syn demon komt, en om 'e tige skeinde demon werom te stjoeren nei syn god. En as de man oan syn fersoargers ûntkomt en útnaait, moat Penric him boppedat werom sjen te finen yn in stêd fan tsientûzenen sielen. Lokkigernôch kin er foar help in berop dwaan op 'e pleatslike hillige fan 'e Bastert, mar dat blykt in weesfamke fan achttjin jier te wêzen.
Penric wurdt útstjoerd nei it oerseeske lân Cedonia, dêr't er temûk in ûntefreden generaal besykje moat oer te heljen om yn 'e tsjinst te trêdzjen fan 'e hartoch fan Adria. Hy wurdt lykwols ferret en yn 'e tsjerker smiten, en hat ferlet fan al syn krêften en fernimstigens om dêr wer út te kommen.
Penric, generaal Arisaydia en dy syn suster Nikys moatte Cedonia ûntflechtsje om it libben derôf te rêden. Mar it falt noch net ta om oer de swierbewekke grins mei Orbas te kommen, en dêrta moat Penric in mûklist betinke wêrby't er fertrout op 'e oantins oan Mira, ien fan Desdemona har eardere gastfroulju.
Nei't se feilich en wol yn Orbas arrivearre binne, berikt Nikys it nijs dat har mem troch de autoriteiten yn Cedonia yn gizeling nommen is, om sa har broer de generaal te twingen en kom werom. Mei Penric ûndernimt Nikys in nuodlike tocht werom troch Cedonia om har mem te befrijen.
Op in reis falt Penric yn 'e hannen fan seerôvers. Hy ûntdekt op harren skip in pear jonge famkes, foar wa't er de soarch op him nimt. Seelju wolle út byleauwe út noch yn gjin tsjoenders op harren skip hawwe, en mank de seerôvers binne ek noch kwadreenske Roknaren, dy't de folgelingen fan 'e Fyfde God deadzje as se harren oantreffe. Penric moat sadwaande sjen om mei de beide bern, mar sûnder dat er as tsjoender identifisearre wurdt, fan it eilân fan 'e seerôvers ôf te kommen.
De help fan Penric wurdt ynroppen troch syn sweager, generaal Arisaydia, as der ûnder de manskippen fan it leger fan Orbas in mysterieuze en deadlik sykte útbrekt. Penric leit him ta op 'e bestriding dêrfan, mar kin mar net begripe hoe't de sykte him ferspriedt. Hy ûndekt dat sels de tsjoenderij dêr't Desdemona him mei bejeftiget net tarikkend is om eigenhannich in epidemy tsjin te kearen.
Penric dwerseidet in bizarre moardoanslach op syn sweager, generaal Adelis Arisaydia, en komt dêrtroch er in korrupte en godslasterlike gearspanning op it spoar. Yn 'e mande mei Iroki, in hillige fan 'e Bastert, en Alixtra, de finzen nommen slûpmoardneresse, wurdt er neitiid troch syn god de Bastert op in misje stjoerd om mei de gearspanners ôf te weven.
Penric wurdt by in gefal roppen fan in man dy't de iene deis dea wie, mar de oare moarns wer ta libben kommen liket te wêzen. Sa komt er in fertize gefal fan dieverij, ferrie, dea, fertriet en wanhoop op it spoar.

omnibusedysjes:

  • Penric's Progress (omfettet de novelles Penric's Demon, Penric and the Shaman en Penric's Fox)
  • Penric's Travels (omfettet de novelles Penric's Mission, Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos)
  • Penric's Labors (omfettet de novelles Masquerade in Lodi, The Orphans of Raspay en The Physicians of Vilnoc)

De romans fan The World of the Five Gods binne oerset yn teminsten fjirtjin talen. The Hallowed Hunt kaam yn 2014 út yn in Fryske fertaling, ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf.[9] Sjoch foar fierdere bysûnderheden op 'e siden fan 'e ôfsûnderlike boeken.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
  • The World of the Five Gods:
    • wûn de Hugo Award foar bêste romansearje fan 2018.
  • The Curse of Chalion:
    • wûn de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer 2002;
    • wûn de lêzerskar-priis foar bêste boek fan 2001 fan The SF Site;
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2002;
    • nominearre foar de World Fantasy Award foar de bêste roman fan 2002.
  • Paladin of Souls:
  • The Hallowed Hunt:
    • nominearre foar de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer 2006;
    • trêde plak foar de Locus Award foar de bêste fantasy-roman fan 2006.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, The Vorkosigan Saga Reading Order Debate: The Chef Recommends (www.dendarii.com).
  2. 2,0 2,1 2,2 Bujold, Lois McMaster, Introduction, yn: Penric's Progress, New York, 2020 (Baen Books), ISBN 978-1 98 21 24 298.
  3. Lewis, Jeremy L.C., A Conversation with Lois McMaster Bujold (clarkesworldmagazine.com).
  4. Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com).
  5. The Curse of Chalion, hardcoveredysje, s. 221.
  6. Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com).
  7. Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com).
  8. Bujold, Lois McMaster, Yn it Skaad fan de Wolf (http://webshop.elikser.nl/yn-it-skaad-fan-de-wolf.html).
  9. Bujold, Lois McMaster, Yn it Skaad fan de Wolf (http://webshop.elikser.nl/yn-it-skaad-fan-de-wolf.html).

Boarnen

The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)