Masquerade in Lodi
Masquerade in Lodi is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Maskerade yn Lodi". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric, dy't diskear yn 'e havenstêd Lodi efter in jongeman oan moat dy't beset is troch in wylde demon. Masquerade in Lodi makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it njoggende diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. De novelle waard yn oktober 2020 publisearre as e-boek, en kaam yn desimber 2021 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2022 waard de Masquerade in Lodi yn 'e mande mei twa oare novellen út deselde rige (The Orphans of Raspay en The Physicians of Vilnoc) werpublisearre yn 'e omnibusedysje Penric's Labors.
Masquerade in Lodi | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2020 (as e-boek) 2021, Burton (as hardcover) | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | Penric's Fox | |
● folgjend diel | Penric's Mission | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 64 52 40 471 |
Ynterne gronology
bewurkje seksjeWat de publikaasjeskiednis fan 'e Penric and Desdemona-rige oangiet, ferskynde Masquerade in Lodi nei The Physicians of Vilnoc en foàr The Assassins of Thasalon. Mar yn 'e ynterne gronology fan 'e searje moat it folle earder pleatst wurde, tusken Penric's Fox en Penric's Mission yn.
Ynhâld
bewurkje seksjePenric, de mei in ynderlike demon bejeftige Timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert, hat nei it ferstjerren fan syn patronesse, de prinsesse-aartsprelate fan Marterbrêge, syn heitelân fan 'e Kantonnen ferlitten. Hy is oer de bergen nei it noarden ta reizge, dêr't er yn 'e tsjinst kommen is by Ogial, de aartsprelaat fan 'e stêdsteat Lodi.* It ferhaal begjint op 'e hjeldei fan Penric syn god de Bastert, wannear't de ynwenners fan Lodi neffens harren tradysje de jûn ferklaaid en maskere al feestfierend trochbringe. Dy middeis stjoert Penric syn nije master him nei it goeddiedichheidshospitaal fan 'e Oarder fan 'e Mem foar seelju yn 'e haven, dêr't in anonime drinkeling opfongen wurdt dy't troch guon pleatslike fiskers út iepen see wei opfiske is. De jongeman hâldt en draacht him tige nuver en slacht wartaal út, en Linatas, de liedingjaande sjirurgyn fan it hospitaal, freget him ôf oft der soms sprake is fan geastlike besetting troch in demon fan 'e Bastert.
*) De stêd Lodi is troch de auteur dúdlik basearre op Feneesje.
Dat liket wol hiel ûnwierskynlik, mar Penric, dy't oars útsjoen hie nei in frije middei om 'e bibleteek fan aartsprelaat Ogial fierder te ferkennen, bejout him likegoed nei de haven ta. Dêr stelt er yn it goeddiedichheidshospitaal lykwols mei ien blik op 'e pasjint fêst dat dyselde yndie beset is troch in demon. En wat minder is, it is in demon dy't gâns skeind rekke is doe't ien fan syn eardere 'gasthearen', in jonkje fan in jier as tsien, troch wjirging fermoarde waard troch in folwoeksen krimineel dy't miende dat de demon him ûnberonge boppenatuerlike krêften jaan soe. Hoewol't de demon by de dea fan it jonkje yndie nei syn moardner ta oersprong, wie wat folge fansels in stik yngewikkelder as dyselde ferwachte hie. Boppedat krigen de Roknaarske autoriteiten him te pakken, en mei't de kwadreenske Roknaren yn mar fjouwer goaden leauwe en demoanen ferspije, waard de moardner op iepen see oerboard smiten om te ferdrinken op in plak dêr't de demon net nei in oare minske ta oerspringe koe. Ynstee sprong it wêzen doe oer nei in dolfyn, in stap werom wêrby't er gâns in part fan himsels ferlear. Nei in twadde dolfyn fûn er úteinlik de drinkeling dy't er no beset.
Wylst Penric mei Linatas oerleit oer hoe no fierder, bringt in sikefersoarger harren it nijs dat de besette jongeman útnaaid is. As in foarriedige syktocht neat opleveret, keart Penric earst werom nei it paleis fan 'e aartsprelaat om tuskentiids ferslach út te bringen en te warskôgjen dat der in besette man yn 'e stêd omrint. Ek fernimt er nei it ferbliuwplak fan 'e pleatslike hillige fan 'e Bastert, de iennichste dy't minsken fan demoanen befrije kin om dy oan 'e god werom te jaan. Oant no ta hied er mei opsetsin ôfstân holden fan dy persoan om't syn eigen demon, dy't er Desdemona neamd hat, har neat te noflik fielt yn 'e neite fan immen mei dat fermogen (sy omskriuwt it as it gefoel dat men op 'e râne fan in djippe ôfgrûn stiet). De hillige blykt te wenjen op it Miuwe-eilân, ien fan 'e ôfhandigere eilantsjes dêr't de stêd Lodi, mei al syn grêften en wetterwegen op boud is. As Penric him nei dat eilân bejout, yn 'e ferwachting dat er in folwoeksen persoan mei in beskate mjitte fan gesach moetsje sil, komt er ta de ûntdekking dat de sillige Chio eins in famke fan achttjin jier út in pleatslik weeshûs is. It wie Penric syn bedoeling om har yn te ljochtsjen oer syn plannen, sadat sy risselwearje kinne soe om 'e skeinde demon nei de Bastert werom te stjoeren sadree't hy de jongeman opspoard en nei it Miuwe-eilân ta wraksele hie, mar Chio stiet derop om ynstee mei him op syktocht te gean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It rint al tsjin 'e jûn as Penric en Chio it goeddiedichheidshospitaal fan 'e Oarder fan 'e Mem wer berikke, mei't it Penric de baas liket om 'e syktocht by it begjin te begjinnen. Dêr treffe se learde Iserne, in preesteresse fan 'e Oarder fan 'e Heit, dy't heard hat dat der in ûnbekende drinkeling yn it hospitaal fersoarge wurdt fan wa't se hopet dat it har soan Ree is. Hja hat nammentlik krekt berjocht krigen, fan Aulie Merin, in freon en reisgenoat fan Ree, dat dyselde op in seereis by nacht oerboard fallen is. De drinkeling sels is noch altyd poater, dat dy kin Iserne net toand wurde, mar oan 'e klean dy't er oan hie en dy't yn it hospitaal bewarre binne, stelt se fêst dat it yndie om har soan giet. Iserne giet neitiid nei hûs, foar it gefal dat Ree dêr opdûke mocht, wylst Penric en Chio, fersterke troch Merin, de stêd yntsjogge om 'e syktocht te ferfetsjen. Merin besaut him oer it nijs dat syn maat no in demon yn hat en freget hûndert-út oer hoe't sa'n geastlike besetting wurket, hoe't je der wer fanôf komme en hoe dan fierder. Penric bewissiget him derfan dat, wannear't Chio him ienris fan 'e demon ûntdien hat, Ree wer hielendal de âlde wurde sil.
Wylst se har trijeresom in wei troch de stêd sykje, dêr't it feest fan Bastertsdei no losbrutsen is, bejout Penric him op in stuit nei in kream ta om wat iten te keapjen, sadat hy en selskipslju der net fan flaute by delfalle sille. Nei't syn oandacht eefkes ôflaat wurdt troch in akkefytsje mei in bûsehifker dy't tefolle selsfertrouwen hat, blike Merin en Chio ynienen ferdwûn te wêzen. Penric is earst ferheard, mar nei't in syktocht fan syn om-en-by gjin inkele oanwizing opsmyt, rekket er geandewei ûngerêst. Los fan 'e fraach oft Chio wol feilich is, wol er sels ek net werom moatte nei it weeshûs fan 'e Bastert op it Miuwe-eilân mei it boadskip dat er harren hillige weibarge hat. Hy beslút dat de ferdwining fan Merin en Chio perfoarst mei de syktocht nei de besette Ree te krijen hawwe moat, en dat as er dy fynt hy nei alle gedachten ek Merin en Chio fine sil. Penric hat op dat stuit it grutste part fan 'e binnenstêd fan Lodi al troch west, dêr't Ree him, mei syn troch Desdemona gâns ferskerpe sintugen, net ûntkomme kinnen hat. Hy beseft ynienen dat er nei Ree syn ûntsnapping út it hospitaal daliks yn 'e rjochting fan 'e binnenstêd begûn is te sykjen, wylst sjirurgyn Linatas en de sikerfersoargers by de haven lâns socht hawwe. Mar sy ûntbeare de ferskerpe sintugen fan in tsjoender en kinne de fuortflechtige dus maklik oer de holle sjoen hawwe.
Penric hastiget him werom nei de haven, dêr't er in man fynt dy't net inkeld fan syn jildponge, mar ek fan syn klean en learzens berôve is. Dat liket him in oanwizing ta dat Ree, dy't yn in nachthimd út it hospitaal útnaaid wie, dêr noch net sa lang lyn lâns kommen is. Yn in pakhûs, dêr't ljocht brânt, fynt er úteinlik Ree, Merin en Chio werom. Ree en Merin binne op dat stuit yn in gefjocht ferwikkele. Penric helpt Merin om Ree oermânsk te wurden, wêrnei't de Bastert oer Chio komt en syn slim skansearre demon weromnimt út 'e wrâld. De neite ta har godlike master makket dat Desdemona harsels yn it binnenste fan Penric oprôlet ta in beevjende bal. Se kin Penric dêrom net helpe as Merin him fuort dêrnei ynienen oanfalt mei in knyft. Earder hie Chio him ferteld dat se ornaris neat mear gewaar wurdt oer de dingen om har hinne as lykfol hokker oare minske, "oant de god oer my komt, en dan sjoch ik alles, oft ik it no wol of net." It is sadwaande Chio dy't in momint fan warskôging hat en Penric it libben rêdt troch har mei har hiele gewicht tsjin Merin oan te smiten, dat syn mêsstjit fansiden twongen wurdt. Tegearre oermasterje se de jongeman, dy't wol gek wurden liket te wêzen.
Fan 'e tûzelsinnige Ree, dy't, oan it ûntsach te merken wêrmei't er opsjocht nei Chio, mear fan it troch har ferrjochte wûnder meikrigen hat as Penric tocht hie, krije se neitiid it hiele ferhaal te hearren. Hy wie op hannelsreis foar syn heit nei Trigonie, wylst Merin op itselde skip reizge mei de keapman foar wa't er wurke. Se dielden oan board in hut. De beide jongemannen koene inoar goed, fan 'e tiid doe't Merin in skoft foar Ree syn omke Nigus wurke hie. Underweis murk Ree op dat Merin jild fan syn baas stiel. As er syn maat oanjoech, soe syn takomst yn 'e hannel foargoed foarby wêze, dat hy besleat om him ûnder fjouwer eagen te wurd, sadat er him beprate koe om it jild werom te lizzen. Dêrom naam er Merin dy jûns nei tsjuster mei oan dek. It petear gie net sa't Ree ferwachte hie. It rûn út op slaanderij en Merin sloech him heal bewusteleas. Nei't er eefkes de tiid nommen hie om Ree syn jildponge te stellen, smiet er him oerboard om te ferdrinken. Inkeld troch yngripen fan 'e besette dolfyn, dy't op dat stuit al stjerrende wie, slagge it Ree om ticht genôch by de kust te kommen dat er oppikt waard troch in fiskersboat. Tsjin dy tiid wie de dolfyn deagien en de demon nei him oersprongen, wat betsjutte dat er net mear oansprekber wie. Hy omskriuwt de befrijing fan syn besetting as it wekker wurden út in bizarre nachtmerje.
It ferhaal fan Ree ferklearret foar Penric it earder ûnferklearber lykjende hâlden en dragen fan Merin. It is no dúdlik wêrom't Merin him by de syktocht joech: net út skuldgefoel, sa't er sels sei, mar út eangst wat Penric en Chio ûntdekke soene as se Ree fûnen. Om fan 'e gefaarlike tsjoender ôf te kommen, skuorde er Chio mei by him wei op in stuit doe't Penric eefkes ôflaat wie. Chio sels makke er wiis dat it him ynienen ynfallen wie wêr't Ree wie. Merin moast de hiele jûn al fermoede hawwe dat Ree him yn syn heite pakhûs ferskûle hie. Op dat stuit wie syn plan om Ree troch Chio fan syn demon befrije te litten, om't er net woe dat dy by de dea fan Ree nei himsels oerspringe soe. Dêrnei soed er sawol Ree as Chio deastekke en beare dat de gek wurden Ree de hillige ombrocht hie, wêrnei't hy, Merin, gjin oare kar hân hie as om syn freon te deadzjen. It soe in grutte trageedzje west hawwe en net ien dy't in wurd wizer west hawwe soe oer Merin syn wiere rol yn it spul. Doe't Penric harren weromfûn, wie Merin twongen om te besykjen en meitsje ek him dea; dêrfandinne syn ûnferhoedse oanfal. In pear leden fan 'e stedswacht komme op it ljocht yn it pakhûs ôf, en Penric draacht mei opluchting Merin oan harren oer, nei't er yn it koart út 'e doeken dien hat wat der foarfallen is.
Neitiid bringe Penric en Chio de slim ferswakke Ree nei hûs ta, dêr't syn mem Iserne yn djippe ûngerêstens op him wachtet. Syn heit is op hannelsreis nei it binnenlân en wurdt mei in wike wer thús ferwachte. Syn jongere susters Lonniel en Lepia wurde wekker fan alle trelit en komme fan bêd ôf. Se besauwe har oer de rige healwize foarfallen dy't harren broer oerkommen is. Harren mem Iserne is minder ferheard; it docht bliken dat Merin by Ree syn omke Nigus weirekke wie om't Nigus fermoede, mar net bewize koe, dat er fan him stiel. Chio it weesfamke besjocht ûnderwilens langjend de waarme bannen tusken de leden fan it gesin. It is de foarlike Lonniel dy't op 'e lapen komt mei it idee dat de hiele húshâlding har ris besykje kinne soe op it Miuwe-eilân. Dêrmei wint se sûnder erch de tankberens fan har broer Ree, waans ûntsach begûn is om te slaan yn ferealens. It wurdt ôfpraat dat Ree, syn âldelju en syn susters by Chio op besite sille sadree't syn heit thúskomt fan it fêstelân. De dage is al oan 'e loft as Penric lang om let Chio werombringt nei it weeshûs op it eilân, dêr't de hûsfâd Riesta de hiele nacht om Chio opbleaun blykt te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|