Knot of Shadows
Knot of Shadows is in novelle fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske auteur Lois McMaster Bujold. De titel betsjut "Knoop fan Skaden". It wurk makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it alfde diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. Diskear wurdt de mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric by in gefal roppen fan in man dy't de iene deis dea wie, mar de oare moarns wer ta libben kommen liket te wêzen. Sa komt er in fertize gefal fan dieverij, ferrie, dea, fertriet en wanhoop op it spoar. Knot of Shadows waard yn oktober 2021 publisearre as e-boek, en kaam yn juny 2023 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge.
Knot of Shadows | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2021 (as e-boek) 2023, Burton (as hardcover) | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | The Assassins of Thasalon | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 64 52 41 140 |
Ynhâld
bewurkje seksjeOp in reinige winterdei yn Vilnoc, de simmerhaadstêd fan it hartochdom Orbas, wurdt de help fan 'e tsjoender Penric sibbe Jurald ynroppen troch masteresse Tolga, in sjirurgyn yn it pleatslike sikehûs fan 'e Oarder fan 'e Mem. Penric, oarspronklik ôfkomstich út 'e bercheftige Kantonnen, fier nei it súdwesten, wennet no al wer jierren yn Vilnoc mei syn húshâlding, dy't bestiet út syn Cedoanyske frou Nikys, harren bern Rina fan trije en Wyn fan ien en Nikys har mem Idrene. As tsjoender is er ferbûn oan 'e Oarder fan 'e Bastert, de god fan gelok en ûngelok en alle dingen bûten har eigen tiid, lykas stoarm, swierens bûten it houlik om, weesbern en moard. Penric syn boppenatuerlike krêften komme fan 'e ynderlike demon fan dusoarder dêr't er mei bejeftige wurden is (sjoch: Penric's Demon), in wêzen dat ôfkomstich is fan 'e Bastert en dat er Desdemona neamd hat. Troch de jierren hinne hawwe hy en Desdemona in tige nauwe relaasje, sels freonskip, ûntwikkele, wat goed fan pas komt om't se tegearre ien lichem diele moatte. Demoanen binne nammentlik wêzens fan 'e geast, dy't net yn 'e materiële wrâld bestean kinne sûnder in materieel wêzen om harren te ûnderstypjen.
It gefal dêr't Penric en Desdemona by roppen wurde, is bizar. In ûnbekende man yn syn middeljierren waard juster opfiske út 'e haven fan Vilnoc, dêr't er op 'e búk yn it wetter dreau, klaaid yn net mear as in suterich fersliten nachthimd. Hy wie dúdlik dea, en waard dêrom nei it mortuarium fan it sikehûs fan 'e Oarder fan 'e Mem brocht yn ôfwachting fan syn identifikaasje. Ier dizze moarn waard de nachttsjinst fan it sikehûs lykwols ûnoangenaam ferrast doe't der op 'e doar fan it mortuarium ombûtst waard, fan 'e binnenkant ôf. Deselde man dy't juster dea út 'e haven opfiske wie, rûn no wer om, hoewol't er inkeld wartaal útsloech en syn lichem op ûnsjogge wize opswold wie as teken fan 'e dea. Om foar te kommen dat er út it sikehûs ûntsnapte wylst er dúdlik net ynoarder wie, waard er oermastere en op in bêd fêstbûn.
As Penric de krêften brûkt dy't Desdemona him jout om 'e man te hifkjen, sjocht er hast fuortendaliks wat der oan 'e hân is. It lyk út 'e haven is noch hieltyd in lyk, mar it is binnenkrongen troch de geast fan in resint fan 'e goaden ôfskifte ferstoarne. Ornaris geane de geasten fan ferstoarne minsken streekrjocht nei dyjinge fan 'e fiif goaden dy't harren patroan is, mar guon lju stegerje de goaden út lulkens of wanhope ôf en doarmje dan in skoft om as spûken, dêrby hieltyd fierder belúnjend en ferdizenjend oant se úteinlik weiwurde ta neat. Normaal sprutsen kinne ôfskifte geasten de lichems fan 'e ferstoarnen net binnenkringe, mar dêr is ien útsûndering op: wannear't der deadsmagy yn it spul is.
Deadsmagy, sa't it yn 'e folksmûle hjit, of mei de sekuere teologyske term in deadswûnder, komt foar as lju dy't it slachtoffer binne fan in slimme misdie dêr't fia de wrâldske rjochtspraak gjin ferwin op is, har yn ynlik gebed ta de Bastert rjochtsje. Hiel soms jout de god dalje en wurdt de geast fan 'e dieder fan 'e misdie troch syn deadsdemon oan syn lichem ûntskuord en nei de hel fan dusoarder stjoerd om folslein ferneatige te wurden. De priis foar in deadswûnder is lykwols dat ek de de geast fan 'e ôfsmeker yn ruil foar sa'n ferjilding troch de deadsdemon meiskuord wurdt nei it hjirneimels. Wat der mei de geast fan sa'nent bart, ferskille de mienings fan teologen oer. Mar it iene of oare skaaimerk fan dea troch in deadswûnder lit it paad iepen foar de geasten fan 'e ôfskiften om 'e liken fan it slachtoffer en de ôfsmeker binnen te kringen en in neibearing fan libben te besykjen. It aaklikste dêroan is dat soks de djipdrôven fan 'e deade gauris it idee jout dat dejinge dy't harren ûntfallen is, noch net dea is. Soks kin slimme swierrichheden opsmite as de lju de útlis fan 'e Timpeloarders net oannimme wolle.
Dat alles betsjut dat de ôfhanneling fan it gefal mei it animearre lyk yn it sikehûs ûnder it foech fan 'e Oarder fan 'e Bastert falt, spesifyk ûnder it foech fan Penric, dy't wol oangenamere dingen betinke kin om syn tiid oan te besteegjen. Mar dat kin er foarearst wol ûnder de skuonsoallen skriuwe. De ôfskifte geast dy't it lyk beset hat, hoecht er him net om te bekroadzjen. Dy syn ôfskifting is al lang ûnomkearber en syn besetting fan it lyk sil gau genôch einigje wannear't it oanhâldende ûntbiningsproses de animaasje fan it kadaver ûnmooglik makket. Wêr't er wei komt is ek gjin riedsel, want yn it sikehûs ferstjerre geregeldwei minsken, dat it spûket der, al beskikke gewoane minsken net oer it fermogen om dat gewaar te wurden. Penric moat lykwols al sjen út te sykjen waans lyk út 'e haven opfiske is. En mei't it om in gefal fan deadsmagy giet, moat der nòch earne in lyk wêze, dat yn in drokke stêd as Vilnoc foar 't neist ek al troch in ôfskifte geast beset is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om help te hawwen belûkt Penric syn learlinge Alixtra by de saak, in jonge Cedoanyske frou dy't op ûngewoane wize mei in demon bejeftige rekke is (sjoch: The Assassins of Thasalon). Mei't it fersliten nachthimd fan 'e deade út 'e haven gjin oanknopingspunten biedt, geane de beide timpeltsjoenders yn 'e stêd op ûndersyk út nei fermisten dy't op it lyk yn 'e haven lykje. Ek sjogge se út nei oare hommelse stjergefallen of lju dy't yn 'e lêste pear dagen ynienen sljochtsinnich wurden binne (wat wize kinne soe op 'e besetting troch in ôfskifte geast fan it oare lyk dat se sykje). In pear oeren fan dy syktocht smyt neat op, dat Penric en Alixtra keare werom nei it sikehûs om sjen oft masteresse Tolga ek foarútgong boekt hat, dy't sjen soe oft der by de Oarder fan 'e Mem ek berjochten oer gefallen fan hommelse sykte binnenkommen binne. Dat blykt net sa te wêzen, mar de portier fan it sikehûs wiist Penric en Alixtra troch nei in jongeman dy't dêr krekt oan 'e doar kommen is.
It is in Ziah, in klerk dy't by de Orbaanske dûane wurket op it kantoar yn 'e haven fan Vilnoc. Syn baas, in master Therneas, is no al foar de twadde deis efterinoar net op syn wurk ferskynd, en by de keamer dy't er hiert by in pleatslike hospita docht nimmen iepen. Op basis fan geroften dat der de deis tefoaren in lyk út 'e haven fiske waard, is Ziah troch syn oerhearrigen nei it sikehûs fan 'e Oarder fan 'e Mem stjoerd om te sjen oft dat soms master Therneas is. Wannear't Penric en Tolga de jonge Ziah meinimme nei it besette lyk, docht bliken dat it lyk yndie fan master Therneas is. Penric is twongen ta in wiidweidige útlis oer de saak, mei't syn baas yn 'e eagen fan Ziah noch libbet, hoewol er him net weromken en likemin fersteanber prate kin.
Ziah nimt Penric en Alixtra mei op sleeptou nei de keamer fan Therneas, dêr't Penric syn autoriteit as timpeltsjoender brûkt om 'e doar fan 't slot dwaan te litten troch de hospita. In ûndersyk fan Therneas syn nuveraardich steryl oandwaande keamer smyt twa soartige nachthimden op, dat wêrom't er yn suterich fersliten nachthimd yn it wetter oantroffen is, bliuwt in riedsel. Desdemona wurdt mei har boppeminsklike gesichtsfermogen in holte yn 'e flier gewaar ûnder it bêd, dêr't Therneas in pear planken losmakke hat om dêrûnder in geheim opberchplak te kreëarjen. Dêryn treft Penric trije lytse mei izer besleine kistkes oan, dy't elts oan 'e râne ta fol sitte mei pongen gouden munten. It is in fortún en neat dat in man yn Therneas syn dochs wol goed betelle amt hawwe moatte soe. Dat de learene pongen fan 'e dûane binne, mei it hartochlike stimpel der noch op, makket ûnûntstriidber dúdlik dat Therneas der net op in earlike manear oan kommen is, mei't sokke pongen altyd yn it besit fan 'e dûane hearre te bliuwen.
Beladen mei jild sette Penric, Alixtra en Ziah nei it dûanekantoar ta, dêr't de skat fan master Therneas mei ûntsteltenis yn ûntfangst nommen wurdt troch syn heechste ûnderhearrige, master Lekousa. Wannear't dyselde letter troch Penric befrege wurdt, komt oan it ljocht dat in jier ferlyn Therneas, Lekousa sels en in trêde man, Kyem Soudei, gadingmakkers wiene om it âlde haad fan it dûanekantoar yn Vilnoc op te folgjen. De tige sekuere Soudei liek de post te krijen, oant der in anonym bryfke ûnder in doar troch treaun waard mei de beskuldiging dat Soudei fan 'e dûane stellen hie. By trochsiking fan syn wente waard yndie in dûaneponge mei muntjild oantroffen. Soudei waard oppakt en yn it tichthûs smiten, dêr't er him noch foar syn berjochting yn syn sel ophong nei't syn ferseine harren oansteande houlik ôfsein hie. Nei syn dea liek Lekousa de wichtichste gadingmakker foar it frijkommen amt te wêzen, mar it gie úteinlik ta syn ferrassing nei Therneas. Lekousa fertelt dat der doedestiden grute waard dat hysels efter de anonime beskuldiging oan it adres fan Soudei sitten hawwe soe, mar hy wist fan himsels dat dat net sa wie. Om't er gjin bewizen hie wa't der dan wol efter siet, hold er him stil. No't oan it ljocht kommen is dat Therneas in dief wie, liket it der sterk op dat Therneas benaud wie dat syn tsjeafte ûnder de sekuere Soudei oan it ljocht komme soene, en dat er, om dat foar te kommen, in ponge mei jild yn 'e wente fan syn rivaal pleatste en in anonime beskuldiging die om 'e autoriteiten dat jild fine te litten.
Penric en Alixtra dogge fierder ûndersyk nei Therneas en ûntdekke dat de man gjin freonen hie, noch famylje, ynsafier't se dat neigean kinne. Hy wenne allinne as frijfeint en hie net folle omgong mei wa dan ek. Nimmen liket him boppedat bot te missen, mei't er gjin sympatyk persoan wie. Penric kin mar net begripe wat de man mei al dat stellen jild woe, mei't er inkeld fan syn offisjele salaris libbe liket te hawwen en syn skat nearne oan útjoech. Sterker noch, hy liket net iens wat hân te hawwen dêr't er it oan útjaan kóé. Desdemona oppenearret dat Penric fierstente rasjoneel is om befiemje te kinnen dat ynklauwerigens gjin reden behoeft. Yn elts gefal is no wol hast ûntsjinstriidber dúdlik wurden dat Therneas it doelwyt fan it deadswûnder wie en net de ôfsmeker.
Nei't Alixtra yn 'e timpelargiven útsocht hat wêr't Kyem Soudei mei syn mem en omke wenne, sette sy en Penric dêr tsjin 'e jûn noch hinne. Earst geane se foar neiere ynformaasje oan by de timpel dy't dy buert fan Vilnoc betsjinnet, dêr't de pleatslike preesteresse Retaka har de dea fan Soudei noch goed tebinnenbringe kin. Hja fertelt de beide tsjoenders dat de mem en omke fan Soudei syn selsmoard tige min opnommen hawwe. Se fielden har ferret troch de goaden, hoewol't de goaden, sa't Penric mar al te goed wit, yn 'e materiële wrâld gjin oare hannen hawwe as dy fan 'e minsken dy't harren ferearje. Yn elts gefal hawwe de mem en omke fan Soudei neitiid nea wer yn 'e timpel west. Retaka hat noch neat heard fan it lyk út 'e haven en alle trelit dêromhinne, mar sy is de lêste pear wiken ek alhiel besteld west mei de fermissing fan in fjouwerjierrich jonkje út 'e buert. Desdemona, dy't wit dat Penric derta oerhinget om tefolle hea op 'e foarke te nimmen, leit it near op syn oanstriid om út eigen beweging syn help yn dy saak oan te bieden.
Penric en Alixtra geane nei it twakeamerappartemint dat troch de Soudeis bewenne wurdt yn in fertutearze wenkazerne yn ien fan 'e earmere buerten fan Vilnoc. Dêr treffe se in libbene en in deade oan en in tige betize geast. De libbene is Otzos, de omke fan Soudei, dy't gâns wat te stellen hat mei syn suster Vissa, Soudei syn mem. Hja wie sûnt de dea fan har ienlingssoan al geastlik stikken rekke, mar har hâlden en dragen is de lêste pear dagen sa nuver wurden dat er har net mear allinne litte kin. Penric en Alixtra sjogge fuortendaliks dat Vissa dea is en har geast al lang fuort. Har lyk wurdt geande holden troch in geast dy't oars is as dy yn it sikehûs, yn 'e sin dat dizze noch net fan 'e goaden ôfskifte is. Dat sil lykwols net lang mear duorje. Wannear't Penric en Alixtra yn 'e beide keamers om har hinne sjogge, wurde se bijewaaks fan in kjers fan hege kwaliteit op 'e flierplanken gewaar en efter in kiste it lykje fan in nuete wite mûs.
Deadsmagy wurdt ornaris útfierd mei ferskate djoere kjersen yn 'e kleuren fan 'e goaden: blau foar de Dochter fan 'e Maityd, grien foar de Mem fan 'e Simmer, read of brún foar de Soan fan 'e Hjerst, griis foar de Heit fan 'e Winter en wyt foar de Bastert. Dêropta wurde der biste-offers by brocht fan wêzens dy't hillich binne foar de Bastert, ornaris in rôt en in krie, of yn kustgebieten, in rôt en miuw. Mar Vissa Soudei wie sa earm dat hja mar ien kjers betelje koe en ien wite nuete mûs. Boppedat hie se gjin idee wa't de dea fan har soan feroarsake hie, want nimmen wist dat, útsein fansels Therneas. Nettsjinsteande dat hat de Bastert har smeekbea om ferjilding oerdúdlik ferheart.
Penric hat it aaklike foargefoel dat it lyk fan Vissa beset wurdt troch it fermiste jonkje Agno dêr't preesteresse Retaka it oer hie. Hy begrypt net goed wêrom't syn geast noch net nei de goaden gien is, mar hy fermoedet dat er bestrûpt rekke is yn in tige seldsume rin fan omstannichheden, dy't te krijen hat mei it missende lyk fan it jonkje sels en syn besetting fan in oar lyk. Om't de tiid no driuwt om 'e geast fan it jonkje nei it hjirneimels te krijen ear't er foargoed ôfskifte rekket, lit Penric de fertwifele Otzos leauwe dat syn suster noch libbet. Hy is bang dat der oars in lange, lange diskusje ûntstean sil, wêrmei't Otzmos de rêding fan 'e geast fan Agno dwerseidzje kin. Dêrom seit er inkeld dat it lichem fan Vissa beset wurdt troch de geast fan it jonkje, wat wier is, mar lit er wei dat Vissa sels al lang dea is. It hiele selskip giet te neare nacht de strjitte op om it lyk fan it jonkje te sykjen. Yn in strjitte dy't Agno beslist net yngean wol, fynt Penric in yngong nei it rioel. De beskriuwing fan preesteresse Retaka fan it fermiste jonkje komt him wer yn 't sin, mei't hja sei dat Agno it foar de moade hie yn 'e nuverste hoekjes te klimmen. As er it rioel trochsiket, fynt Penric dêr yndie, it lykje fan 'e jonge, op it plak dêr't er yn in te nauwe sydgong fêst kommen is te sitten en ferdronken is doe't troch de oanhâldende rein it wetterpeil yn it rioel hommels omheech kaam.
Penric, Alixtra en Otzos bringe Agno-Vissa en it lykje fan it jonkje nei de timpel fan preesteresse Retaka, dêr't Penric in ritueel yn goede banen liedt wêrby't de geast fan Agno nei de wachtsjende Soan fan 'e Hjerst ta laat wurdt. Sadree't syn geast it lichem fan Vissa ferlit, sakket dat yninoar en is foar eltsenien, ek foar Otzos, dúdlik dat hja dea is. Penric moat dan de priis foar syn heale wierheden betelje as er de opsternate Otzos útleit hoe't it wier sit mei syn suster. Hy is bliid as er op 't langelêst de hiele brot, fan 'e soarch foar Otzos oant it beävensearjen fan 'e útfearttsjinsten foar Vissa en Agno, oerdrage kin oan Retaka, om sels skjin ynein op hûs oan. Nei't er him yngeand wosken hat, fertelt er dêre it hiele ellindige ferhaal oan syn frou Nikys ear't se djip yn 'e nacht einlings op bêd reitsje.
De oare moarns ferrast Nikys Penric troch fan 'e merk werom te kommen mei in tige opmerklike kleanspjelde yn 'e foarme fan in stikmannich dolfinen dy't yn in rûntsje efterinoar oan swimme. Krekt sa'n spjelde droech Therneas doe't er foar it lêst libben sjoen waard, by in besyk oan in kroech op 'e jûn fan syn dea. Nikys seit dat sy en harren húshâldster Lin it ding oantroffen hawwe tusken de hannelswaar fan in frommeske dat yn twaddehâns klean docht. Hja hat harren ferteld dat se de spjelde kocht hat fan in pear seelju op jierren dy't yn in loazjemint yn 'e haven wenje, Symo en Laxo.
Dat, Penric set nei de haven ta dêr't er de beide âlde mantsjes opspoart en befreget. It docht bliken dat de mannen nachts ûnderweis fan harren stamkroech nei har loazjemint Therneas, dy't se net koene, dea yn in stege oantroffen. Om't se ornearren dat er syn klean net mear nedich wie wylst sy dy goed brûke koene, stielen se alles wat er oan hie. Doe't syn mantel op it bêd fan Symo sa waarm bliek te wêzen dat de âldman foar it earst yn tiden nachts gjin kjeld hoegde te lijen, besleat er yn dronken steat dat er wat foar de deade weromdwaan moast. Hy kearde werom nei de stege, dêr't er mei help fan syn maat it lyk yn syn âld nachthimd hyste. De mannen woene de deade ek de lêste eare bewize, en joegen him dêrom in seemansgrêf troch him yn 'e haven fan 'e oanlissteger ôf te kiperjen, in pear wurden te sizzen en in plingoffer te bringen yn 'e foarm fan in pear drippen sterke drank dy't se him efternei snjitten.
Mei it riedsel fan it nachthimd oplost, set Penric wer nei it sikehûs ta om te sjen hoe't it mei Therneas syn besette lyk is. Dêr ûnderbrekt er in heechoprinnende diskusje tusken masteresse Tolga, in magistraat fan it stedsbestjoer en kaptein Oxato, de plakferfanger fan hartoch Jurgo, oer wa't it besette lyk op 'e noed nimme moat oant it ûntbiningsproses de besetting beëiniget. It docht bliken net ien fan trijen dêr wat foar fielt, en it is oan Penric om 'e knoop troch te hakjen. Hy bepaalt dan mar dat Oxato him dermei rêde moat. De magistraat, dy't nochris formeel de keamer fan Therneas trochsykje sil, wol graach dat Penric dêrfoar meigiet. Wylst de magistraat en syn ûnderhearrigen de trochsiking útfiere, beprakkesearret Penric wêrom't de measte gefallen fan deadsmagy troch de Bastert ûnbeäntwurde bliuwe, mar inkelen net. Wat makket dy seldsume gefallen oars as de oaren? De hiele hjoeddeistige saak oertinkend, komt Penric ta de konklúzje dat it om twa eleminten gean moat. Yn it foarste plak moat it doelwyt fan it deadswûnder al ûnomkearber op in paad nei ôfskifting fan 'e goaden wêze. It oare elemint moat de wanhoop fan 'e ôfsmeker wêze, dy't op it punt stiet om dêrtroch sels fan 'e goaden ôfskifte te reitsjen. In deadswûnder is dus net inkeld de ferjilding fan in aaklike misdie, mar fral ek de rêding fan in siel yn need.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|