The Physicians of Vilnoc
The Physicians of Vilnoc is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "De Dokters fan Vilnoc". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't diskear behelle rekket yn 'e bestriding fan in epidemy wêrfan't men mar net begripe kin hoe't dy ferspraat wurdt. The Physicians of Vilnoc makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it achtste diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. De novelle waard yn maaie 2020 publisearre as e-boek, en kaam yn july 2020 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2022 waard de The Physicians of Vilnoc yn 'e mande mei twa oare novellen út deselde rige (Masquerade in Lodi en The Orphans of Raspay) werpublisearre yn 'e omnibusedysje Penric's Labors.
The Physicians of Vilnoc | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2020 (as e-boek) 2021, Burton (as hardcover) | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | The Orphans of Raspay | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 64 52 40 211 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe jonge Penric waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachts bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koers fan Penric syn libben folslein. No, trettjin jier letter, is er sels in machtich timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert (de god dy't de master fan 'e alle demoanen is), en hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif timpeltsjoensters wiene.
Ynhâld
bewurkje seksjePenric wennet no al inkele jierren yn Vilnoc, de haadstêd fan it ûnôfhinklike hartochdom Orbas, dêr't er troud is mei Nikys. Hja hawwe koartby in lytsen krigen, in famke dat Florina hjit. Penric is de wrâld te ryk, mar syn noflike bestean wurdt rou ûnderbrutsen as syn sweager, generaal Adelis Arisaydia, op in dei by him oan 'e doar komt mar der út noch yn net ynkomme wol. Arisaydia is de legerkommandant fan hartoch Jurgo fan Orbas en hy freget Penric om help. Yn 'e fêsting dy't by Vilnoc in stikmannich milen it lân yn leit, is nammentlik in epidemy fan in ûnbekende sykte útbrutsen.
Penric is dan wol in timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert, mar hy hat ek in oplieding genoaten fan 'e Oarder fan 'e Mem, dy't oer genêskunde giet. Dat rûn net sa moai ôf, want it die bliken dat Penric him net bedimje koe mar himsels ynstee de fernieling yn holp yn syn besykjen om syn pasjinten better te meitsjen. Mei't him inkeld de slimste gefallen taskood waarden, slagge dat like faak net as al, en doe't er op in stuit yn bestân stie om selsmoard te dwaan, besefte er dat er syn bannen mei de Oarder fan 'e Mem foar syn eigen goederbêst ferbrekke moast.
Nettsjinsteande dy foarskiednis giet Penric mei Arisaydia nei de fêsting, dêr't er fêststelt dat it om in sykte giet dy't hy noch nea sjoen hat. Wat mear ta de saak docht: ek Desdemona, dy't troch har beide foargeande gastfroulju mear as njoggentich jier ûnderfining hat mei medyske saken, is dizze sykte noch nea tsjinkommen. It syktebyld begjint mei koarts, dy't hommels oanboazet ta blieden út alle lichemsiepenings, wylst de hûd ien grut blau plak wurdt. Nei sân oant tsien dagen folget de dea of in stadich opbetterjen, wêrby't beide útkomsten like faak foarkomme.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Penric set útein mei it op magyske wize besykjen te genêzen fan 'e pasjinten, wat in drege foarm fan tsjoenderij is, mei't Desdemona in gaosdemon is. It skeppen fan gaos is foar har dêrom folle natuerliker as it skeppen fan oarder, en genêzing is beslist in foarm fan dy lêste kategory. Nei't er in stikmannich pasjinten behannele hat, moat Desdemona de oanboazjende gaos kwyt dy't dat by har feroarsaket, en dat giet it maklikst troch dingen dea te meitsjen, om't de dea de ultime foarm fan gaos is, krekt sa't libben de ultime foar fan oardering is. Ornaris jout Desdemona har gaos ôf troch miggen, langpoaten, luzen, flieën en oar parasitêr ûngedierte dea te meitsjen, en as it nedich is rotten, mûzen, krieën en oare wêzens dy't hillich binne foar de Bastert. Troch de deistige behanneling fan Penric syn pasjinten produsearret Desdemona no lykwols sa'n gaos dat Penric in oerienkomst slút mei de kokenmaster fan 'e fêsting, sadat er deis in baarch of in pear skiep deameitsje kin dy't dochs slachte wurde moatte.
Penric wurket yn 'e fêsting nau gear mei Rede, dy't de legersjirurgyn is, mei't syn master Orides oan 'e sykte ferstoarn is op deselde dei dat Arisaydia Penric om help frege. Njonken syn sesjes mei de slachtoffers bringt Penric ek in part fan syn tiid troch mei it skriuwen fan brieven nei de timpels om te freegjen om 'e help fan mear timpeltsjoenders. Hysels is mar ien man en kin mar safolle dwaan foar't er útput is.
Mei de epidemy giet it yn 't earstoan de ferkearde kant út, mei't de sykte oerslacht nei it doarp Tyno, dat deunby de fêsting leit, en letter nei de stêd Vilnoc. Dat needsaket Penric om deis tusken de fêsting en dy beide plakken hinne en wer te pindeljen foar de fersoarging fan 'e slachtoffers, wêrby't er der goed om tinkt dat er yn Vilnoc fier by syn eigen hûs wei bliuwt. It lêste dat er wol is it besmetten fan syn eigen húshâlding mei de sykte, wêrfan't hy en Rede mar net begripe kinne hoe't dy oerbrocht wurdt. Se slute út dat de besmetting fia it sykheljen giet, of fia rotten en mûzen, of fia de flieën dy't sokke bisten meidrage.
Syn rie te'nein besiket Penric úteinlik it kampemint of doarp fan 'e Rusylli, yn 'e neite fan Tyno. De Rusylli binne nomaden fan 'e westlike flakten, dy't oates en toates plondertochten troch oanbuorjende steaten útfiere. Dizze groep bestiet út kriichsfinzenen mei harren húshâldings, dy't hjir finzen holden wurde troch de ienfâldige metoade om har harren hynders (en wapens) ôf te pakken en de tsjillen fan harren wenweinen te ferwiderjen. Penric ûntdekt dat de sykte by harren bekend is en dat se miene dat er stjoerd wurdt troch 'de blauwe heks'. Dat beskôget hy as byleauwe dêr't er net folle mei kin, mar it is wol dúdlik dat it in sykte is dy't fan 'e flakten hjirhinne trochkrongen wêze moat.
De Rusylli binne deabenaud foar de sykte en besykje inkele dagen letter geandefoets nei de flakten te ûntkommen, om mar by 'blauwe heks' út 'e buert te kommen. Generaal Arisaydia set harren mei in kloft hynstefolk efternei. Koarte tiid letter arrivearret der yn 'e fêsting as antwurdt op Penric syn smeekbeaën in âldman, in Dubro, dy't ek bejeftige is mei demon. Oars as Desdemona is it lykwols in tige jonge demon, dy't foartiid Dubro syn hûn Maska besette en dy't er dêrom noch altyd Maska neamt. Nettsjinsteande dat slagget it Penric om Dubro te learen hoe't er de sykte befjochtsje moat. Dat ûntlêstget Penric wat en einlings lykje se de sykte derûnder te krijen: der komme gjin nije pasjinten mear by.
Dan keart generaal Arisaydia werom yn 'e fêsting mei de útnaaide Rusylli, en mei fjirtich nije slachtoffers fan 'e sykte ûnder syn manskippen en tritich sike Rusylli. It wurdt wer dweiljen mei de kraan iepen foar Penric, en by in besyk oan Tyno set er op in stuit yn wanhope nei it pleatslike hillichdom ta om te bidden. Syn gebed oan 'e Bastert einiget abrupt as er op 'e hân biten wurdt troch in blauwe brims fan in soarte dy't er noch nea earder sjoen hat. Werom yn 'e fêsting heart Penric by tafal in petear tusken de kokenmaster en in stâlfeint oer in siik hynder dat de kokenmaster net tusken syn sûne slachtfee hawwe wol. Dat is it earste wat Penric te witten komt oer sykte mank de hynders fan 'e ruterij.
It docht bliken dat der twa epidemyen geande binne, ien ûnder de minsken en ien ûnder de hynders, dy't har mei ferskillende symptomen uterje. As Penric lykwols in siik hynder ûndersiket, docht bliken dat it om deselde sykte giet. Hy bejout him nei de greide dêr't de sike hynders apart holden wurde en ûntdekt dat alle bisten wol in stikmannich fan 'e blauwe brimzen op 'e bealch sitten hawwe. Hy deadet de brimzen en giet nei de delsetting fan 'e Rusylli, dêr't in âldwyfke dat fier, fier fuort op 'e westlike flakten berne is, de ynsekten werkent as brimzen dy't yn har jonkheid 'blauwe heksen' neamd waarden. Penric beseft dat de sykte ferspraat wurde moat troch brimzen, dy't meikommen wêze moatte mei de hynders dy't yn 'e striid op 'e Rusylli bútmakke binne.
Hy en Dubro begjinne in kampanje om alle brimzen út te rûgjen, in taak dêr't Dubro yn 't bysûnder tige geskikt foar is om't syn hûnige demon Maska der likefolle niget oan hat om 'e blauwe brimzen op te spoaren en te deadzjen, as dat de mei de demon bejeftige hûn Maska der foarhinne niget oan hie om murden en wezelings op te spoaren en dea te biten. Mei it ferdjer fan 'e brimzen komme der gjin nije siken mear by en krije Penric-en-dy de epidemy op 'e langelêst ûnder kontrôle. Seisentritich dagen nei't er sa hastich ôfsette, keart Penric einlings en te'n lêsten werom by wiif en bern.
Neitiid skriuwt en ferspriedt Penric in boekje oer de epidemy en de bestriding dêrfan, sadat de sa dreech opdiene kennis net ferlern gean kin. In pear wiken letter nûget er Rede en de âlde Dubro by him thús út om foar te stellen dat Rede de demon Maska fan Dubro oernimme sil by it ferstjerren fan 'e âldman. Hoewol't dat hooplik noch jierren op him wachtsje litte sil, wol Penric bewissigje dat de nuttige jonge demon net foar de wrâld ferlern gean sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|