The Assassins of Thasalon
The Assassins of Thasalon is in lange novelle of koarte roman (it is in grinsgefal) fan it fantasysjenre. De titel fan dit boek, dat skreaun waard troch de Amerikaanske auteur Lois McMaster Bujold, betsjut "De Slûpmoardners fan Thasalon". It wurk makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it tsiende diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. Diskear dwerseidet de mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric in bizarre moardoanslach op syn sweager, generaal Adelis Arisaydia. Dêrtroch komt er in korrupte en godslasterlike gearspanning op it spoar, en yn 'e mande mei Iroki, in hillige fan 'e Bastert, en de finzen nommen slûpmoardneresse wurdt er neitiid troch syn god op in misje stjoerd om dêrmei ôf te weven. The Assassins of Thasalon waard yn maaie 2021 publisearre as e-boek, en kaam yn juny 2022 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge.
The Assassins of Thasalon | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle of koarte roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2021 (as e-boek) 2022, Burton (as hardcover) | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | The Physicians of Vilnoc | |
● folgjend diel | Knot of Shadows | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 64 52 40 891 |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe tsjoender Penric sibbe Jurald, oarspronklik ôfkomstich út 'e Kantonnen, wennet no al wer ferskate jierren yn Vilnoc, de simmerhaadstêd fan it ûnôfhinklike hartochdom Orbas. Dêr is er ferbûn oan 'e Oarder fan 'e Bastert, Dy't de god is fan lok en ûngelok. Penric is bejeftige mei in ynderlike demon fan dusoarder, in wêzen dat ôfkomstich is fan 'e Bastert en dat er Desdemona neamd hat. Hy is jierren lyn by fersin (of troch de wil fan 'e Bastert) oan har kommen (sjoch: Penric's Demon) en sûnt hawwe se in tige nauwe relaasje, sels freonskip, ûntwikkele, wat goed fan pas komt om't se tegearre ien lichem diele moatte. Demoanen binne nammentlik wêzens fan 'e geast, dy't net yn 'e materiële wrâld bestean kinne sûnder in materieel wêzen om harren te ûnderstypjen.
Yn Vilnoc is Penric bedarre nei syn misbetearde misje nei Cedoania om generaal Adelis Arisaydia foar de tsjinst fan 'e hartoch fan Lodi te winnen (sjoch: Penric's Mission). Dat bliek in falstrik te wêzen dy't opset wie troch de Cedoanske minister Methani om fan 'e te populêr wurden generaal ôf te kommen. Ien en oar needsake in flecht oer de bergen en de Orbaanske grins hinne mei Adelis en syn healsuster Nikys, op wa't Penric fereale rekke. Sûnt libbet Adelis yn ballingskip en is er troch hartoch Jurgo fan Orbas oan it haad fan it Orbaanske leger pleatst yn 'e striid tsjin 'e nomadyske Russylli, dy't de westgrinzen fan it hartochdom teheisterje. Penric is neitiid troud mei Nikys en waard sa de sweager fan Adelis. Hy en Nikys hawwe twa jier ferlyn in famke krigen dat Rina hjit, en Nikys is op 't heden fannijs yn ferwachting.
It ferhaal begjint wannear't Penric in riedseleftich boadskip kriget fan Adelis om him te moetsjen yn it paleis fan hartoch Jurgo. Adelis arrivearret dêre út 'e fêsting bewesten de stêd dy't him ta militêr haadkertier tsjinnet mei in oare man op sleeptou. It docht bliken dat it de Cedoanske generaal Gria is, de kommandant fan it 8e Legioen, dy't yn it geheim útstjoerd is nei Orbas. Cedoania ferkeart nammentlik yn krisis nei de dea fan 'e âlde keizer, acht moannen earder, mei't dy syn erfgenamt de njoggenjierrige prins Mikal is. Neitiid is der sadwaande in regintskip ynsteld, besteande út 'e keizerinne-mem; minister Methani; Methani syn omkesizzer hear Bordane; prins Ragat, de healbroer fan 'e keizer silger; en hear Nao, de man fan prinsesse Laris, de âldere healsuster fan prins Mikal.
Prins Ragat is lykwols in pear moanne lyn hommels kommen te ferstjerren oan wat in oerhaal liket, en koarte tiid letter sneuvele syn soan, prins Ello, yn 'e striid tsjin 'e Russylli. Minister Methani is sûnt dwaande om alle macht nei himsels ta te lûken, wylst de ûnfrede yn it leger, dat nea folle fan Methani hawwe moast, in hichtepunt berikt hat. Hear Nao en prinsesse Laris, dy't sa har eigen fermoedens hawwe oangeande de dea fan prins Ragat, hawwe generaal Gria nei Orbas stjoerd om Adelis, dy't noch altyd tige populêr is ûnder de soldaten, te freegjen en kom werom nei syn heitelân om 'e troepen fan harren partij te lieden yn wat in boargeroarloch liket te wurden. Adelis lit Gria syn ferhaal op 'e nij ôfstekke yn oanwêzigens fan hartoch Jurgo en Penric om iepen kaart te spyljen foar syn nije wurkjouwer oer. Jurgo ornearret dat er Adelis net tsjinhâlde kin om werom te gean nei Cedoania sûnder him op te sluten, en as er dat die, soed er neat mear oan him hawwe as legeroanfierder. It is dêrom Adelis syn kar wat er dwaan wol. Adelis hinget derta oer om it oanbod mar ôf te sizzen.
As Adelis en Penric it paleis ferlitte, fynt der in moardoanslach op 'e generaal plak, dy't tige tipelsinnich fan aard is. In frommeske yn it livrei fan it tsjinstfolk fan hartoch Jurgo, dat beart dat se de treppens foar de haadyngong oan it ôfbjinnen is, blykt in mei in demon bejeftige tsjoenster te wêzen, dy't Adelis hommels in bol gaos nei de holle smyt. Penric is te traach om syn sweager te rêden, mar Desdemona, dy't op eigen manneboet aksje ûndernimt, is dat net. De tsjoenster naait út en Penric is foarearst besteld mei de fersoarging fan Adelis, dy't troch de skamper in lichte harsenskodding oprûn hat. As de bol gaos him yn 'e holle rekke hie, soed er it grif net oerlibbe hawwe. It bringt Penric yn 't sin dat it dogma fan 'e Timpel dat demoanen net brûkt wurde kinne foar moard eins net alhiel wier is. Se kinne persiis ienris brûkt wurde foar moard, wêrnei't de demon oan 'e tsjoender ûntskuord wurdt troch de iepening nei it hjirneimels dy't makke wurdt troch de dea fan it slachtoffer.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De koppige Adelis, dy't derfan oertsjûge is dat minister Methani efter de oanslach sit, beslút no om dochs gehoar te jaan oan 'e oprop fan hear Nao en prinsesse Laris om werom te kearen út ballingskip. Mei generaal Gria set er inkele dagen letter ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster yn in Orbaanske sloep ôf om oersee om it hiele skiereilân dêr't sawol Orbas as Cedoania op lizze, hinne te farren en deunby de Cedoanske haadstêd Thasalon oan lân te gean. Dat is in folle langere reis as om oer lân de grins oer te gean, mar it is ek in rûte dy't minder foar de hân leit en dêrom, nei't men oannimme mei, minder bewekke wurdt. Adelis en Gria sille sa'n achttjin dagen ûnderweis wêze ear't se by Thasalon oankomme en Adelis de lieding op him nimme sil oer in wapene rebûlje fan 'e Cedoanske legioenen tsjin it rezjym fan minister Methani.
Underwilens bliuwt Penric efter yn Vilnoc, dêr't er it geroft yn omrin bringt dat Adelis by de oanslach lichtferwûne rekke is en likernôch fjirtjin dagen it bêd hâlde moatte sil. Hy set in mûklaach op om 'e slûpmoardneresse te fangen, en de nachts nei't Adelis ôfset is, slagget dat. De moardneresse docht in nije wraam op Adelis troch de wente fan Penric en Nikys, dêr't de generaal ferbliuwe soe, binnen te kringen. Penric wachtet har op en brûkt syn eigen krêften as tsjoender om har yn in steat fan bewusteleazens te bringen, ek al rekket er har dêr mar kwealk by oan. Neitiid wurdt it frommeske finzen set yn in antike tsjerker mei de foarm fan in flesse, dy't inkeld fan boppenôf tagonklik is. Sels tsjoenders kinne dêr net út ûntsnappe, sa't Penric út eigen ûnderfining wit, útsein wannear't de sipiers in fatale flater begeane (sjoch: Penric's Mission).
Penric stjoert berjocht oer de saak nei syn oerhearrigen binnen de Orbaanske Oarder fan 'e Bastert yn 'e winterhaadstêd Dogrita. Syn ferwachting is dat er ynstruksjes weromkrije sil om 'e moardneresse dêrhinne te bringen sadat se foar in hillige fan 'e Bastert brocht wurde kin. Sa'n hillige kin troch de Bastert brûkt wurde om nei de materiële wrâld te rikken en har misbrûkte demon oan har te ûntskuorren. Underwilens nimt Penric it op him om 'e moardneresse te ûnderfreegjen. Hja is in jonge frou dy't fan Alixtra hjit en út Thasalon komt. Sy fertelt dat se in widdo mei in soan fan fiif jier is, en dat se as tsjinstfaam yn it paleis fan minister Methani wurke. Hja fertsjinne net genôch om harsels en har soan te ûnderhâlden, dat se naam har taflecht ta dieverij. Doe't se dêrop trappearre waard, stelde Methani har foar de kar om oerlevere te wurden oan 'e autoriteiten, of om in geheime misje foar him te ûndernimmen. Hja keas foar it lêste.
Methani en syn trewant, de Timpeltsjoender Tronio, lieten Alixtra in knyn deadzje dy't beset wie troch in demon fan dusoarder. Dêrtroch sprong de demon nei har ta oer. Neitiid learde Tronio har hoe't se har demon brûke koe om in bol gaos te smiten. Hy naam har mei nei in finzene yn it tichthûs fan Thasalon, in freon fan Methani dy't de minister syn oansteande deastraf besparje woe, sa waard har wiismakke. Op dy manear waard hja derta brocht om 'e man dea te meitsjen troch him in bol gaos nei de holle te smiten. De man stoar en har demon waard Alixtra ûntskuord, mar doe't de man dy't hja fermoarde hie de oare moarns dea oantroffen waard, liek er yn syn sliep ferstoarn te wêzen oan in oerhaal. (Letter docht bliken dat dit minister Hethel wie, in tsjinstanner fan Methani en alhielendal gjin freon, dy't op it punt stie om frijlitten te wurden.) Methani en Trionio lieten Alixtra dêrnei in troch in demon besette fazant deadzje, sadat se sels fannijs in demon krige. De twadde man dy't se fermoarde, diskear sûnder it ferlechje dat Methani it út 'e goedheid fan syn hert die, wie minister Fasso. De trêde wie prins Ragat. Adelis hie har fjirde slachtoffer wurde moatten. Alixtra tekenet dêrby oan dat Methani har soan Kittio yn gizeling hâldt en drige hat it jonkje yn it gefal fan har falen te kastrearjen en as slaaf te ferkeapjen.
Wannear't der berjocht werom komt út Dogrita, is it net wat Penric ferwachte hie. Ynstee dat hy mei Alixtra nei in hillige fan 'e Bastert ta dirigearre wurdt, komt der in hillige by him oan 'e doar. It giet om 'e sillige Iroki, in sljochtwei fiskersman út it doarpke Pef, in eintsje streamop fan Dogrita, dy't yn in dream fan 'e Bastert opdracht krigen hat om him ta te rieden op in lange reis. Wannear't Penric de hillige by Alixtra bringt, rikt de Bastert net troch Iroki hinne om syn demon werom te nimmen, mar hjit er Alixtra: "Soargje tenei better foar Myn geskink oan dy, bern. Silst der noch ferlet fan hawwe." De suver omblaasde Iroki tsjûget neitiid dat de god poerlike fergrime wie, mar net op Alixtra. Hoewol't neiere ynstruksjes ûntbrekke, kin Penric twa en twa wol optelle. Dat, mei Iroki set er ôf nei Thasalon om mei minister Methani en de korrupte timpeltsjoender Tronio ôf te weven, dy't harsels de grime fan in god op 'e hals helle hawwe troch harren godslasterlik misbrûk fan syn jeften. Alixtra giet ek mei, yn it foarste plak om't se har soan Kittio befrije wol út 'e klauwen fan Methani, mar ek om't Penric har op 'e noed nommen hat as nije timpeltsjoenster. Underweis set Penric útein mei har teologysk ûnderrjocht.
Fasilitearre troch hartoch Jurgo wurdt it trijetal mei tûzen hasten yn in koets nei de grins riden, dy't se oerglûpe om yn it earste doarp oan 'e Cedoanske kant in oare koets te hieren dêr't se yn nei Thasalon ride. Penric hat de momkape oannommen fan in keapman yn âlde en seldsume boeken, en Alixtra en Iroki geane troch foar syn assistinten. As se by Thasalon arrivearje, hast in wike foar't Adelis Arisaydia dêr per boat oankomme sil, beslút Penric earst del te gean by frouwe Tanar Xarre, dy't oan Adelis fersein is en no al seis jier wachtet oant er út ballingskip weromkeare sil. It is Penric der sawol om te dwaan om har te warskôgjen foar wat op kommendeweis is, as om ynljochtings oangeande de stân fan saken yn Thasalon op te dwaan fan har en har slûchslimme en gefaarlike siktaris, de albino eunuch Surakos Bosha.
As frouwe Tanar en Bosha hearre wat Penric te sizzen hat, nimme se him mei nei Tanar har mem, frouwe Xarre, in krebintige aristokratyske widdo dy't fan har man silger in hannelsympearium urven hat. It âldminske wit dat minister Methani mei twa dagen in feest yn syn paleis hâlde sil, foar in part ta eare fan 'e oankommende hjeldei fan 'e Bastert, en foar in part om te fieren dat syn omkesizzer Bordane oansteld is as minister fan Keizerlike Skipsbou (in post dy't earder beklaaid waard troch de fermoarde minister Fasso). Hja slacht foar dat frouwe Tanar en Bosha dêrhinne sille, sadat se Penric en syn beide selskipslju as gasten meinimme kinne, diskear yn 'e momkape fan learde Ingwyl fan Roazehal, in besykjend timpeltsjoender út it Wold, en syn beide tsjinners. Soks soe de ynfiltraasje fan it paleis in stik makliker meitsje.
Dat blykt yndie sa te wêzen. Ienris yn it paleis tsjogge Alixtra en Bosha derop út om Kittio te sykjen en te befrijen, wylst Penric en Iroki troch de sealen, gongen en binnenplakken doarmje op 'e siik nei Tronio, dy't se lykwols net fine kinne. Frouwe Tanar rekket yn petear mei hear Bordane, dy't jierren earder om har stike hat en nei it ferstjerren yn it kreambêd fan syn frou fannijs belangstelling foar har toant. Op harren syktocht sjogge Penric en Iroki op in stuit de geast fan immen dy't noch mar koartlyn ferstoarn is, en dy't nei't it skynt wat fan harren wol. Iroki stelt himsels iepen foar syn god om 'e deade op syn wei nei it hjirneimels te helpen, mar it docht bliken dat de goaden it hjirneimels tsjin dizze ferstoarne tichtsetten hawwe, dat er ôfskifte reitsje en úteinlings ferdizenje sil. As Penric en Iroki harren syktocht lang om let oerjouwe en weromkeare nei de haadyngong, treffe se dêr frouwe Tanar wer, dy't ek graach fuort wol. Se geane derút en hearre fan in koetsier fan Hûs Xarre dat Alixtra mei de jonge Kittio troch Bosha nei de Xarre-residinsje stjoerd is, mar dat de eunuch sels wer nei binnen gien is om frouwe Tanar te sykjen. Tanar smeekt Penric om op syn beurt Bosha te sykjen, dat Penric stjoert har en Iroki fuort en giet der wer yn.
Dêr fynt er yndie Bosha, mar krekt te let om it trelit te ûntrinnen as in jonge Cedoanske timpeltsjoender de omwaarjende geast gewaar wurdt, dy't er weromken as minister Methani. As de iennichste oare tsjoender dy't dêr oanwêzich is, wurdt yn dizze kwestje in berop dien op Penric syn ekspertize. Dat hy befêstiget dat er in omdoarmjende en blykber poerrazene geast troch de hal omwaret, al kin er net sizze oft it minister Methani sines is om't er de man noch nea sjoen hat. De geast liedt de beide timpeltsjoenders, in stikmannich paleiswachters en in mânske kliber meirinners nei it plak, yn in sydkeammerke, dêr't yndie it stoflik omskot fan minister Methani oantroffen wurdt. It docht bliken dat de man fermoarde is mei de stek fan in nulle dêr't gif op smaard wie.
Mei't Bosha berucht is om syn gebrûk fan giftige mingsels om syn swurden en messen mei te besmaren, falt de fertinking fuortendaliks op him. Hy blykt ek in setsje mei gif ynsmaarde nullen by him te hawwen, dy't identyk binne oan dy wêrmei't de minister ombrocht is, mar dy't noch net brûkt binne. Fan it úthâlden dat er ûnskuldich is, giet Bosha hookstrooks oer yn it misledigjen fan hear Bordane, wêrnei't dy him oppakke en fêstsette lit. Penric, dy't danich feralterearre is troch dy gong fan saken, keart allinnich werom nei de filla fan frouwe Xarre. Dêr komt oan it ljocht wêrom't Bosha de oandacht fan Bordane-en-dy ynienen nei himsels ta besocht te lûken: frouwe Tanar bringt út dat sy dejinge is dy't Methani meilokke hat nei in sydkeammerke om him te fermoardzjen, út wraak foar it feit dat er no al fiif kear besocht hat har ferseine, generaal Adelis Arisaydia, fermoardzje te litten.
De oare deis set Penric, op 'e nij yn syn momkape fan learde Ingwyl fan Roazehal, nei it paleis fan hear Nao en prinsesse Laris ta, dêr't er himsels oanbiedt as in eachtsjûge fan wat der de foargeande jûns yn it paleis fan Methani plakfûn hat. Mei't Nao en Laris mei gragens in ferslach út 'e earste hân hawwe wolle, wurdt er daliks by harren talitten. Yn fertrouwen makket Penric dan bekend wa't er wier is en dat generaal Arisaydia ûnderweis is. Hy fertelt ek oer de godslasterlike gearspanning fan Methani en Tronio. Fierders freget er de help fan Nao en Laris om Bosha te beskermjen, bygelyks troch him út it gemeentlik tichthûs te heljen en fêst te setten yn in sel yn harren eigen paleis. As Nao en Laris bekstallich blike te wêzen om harren yn dy saak te mingen, wiist Penric der fyntsjes op dat Bosha alles wit fan harren oprop oan generaal Arisaydia om werom te kearen út ballingskip om in rebûlje tsjin Methani en syn klyk te begjinnen, en dat soks dêrom wolris buorkundich wurde kinne soe as Bosha op 'e pynbank bedarret.
Hear Nao skriuwt dêrop yn syn hoedanichheid as regint in befel út om 'e finzene oan him oer te dragen en stjoert der in ofsier en in kloft soldaten fan syn persoanlike liifgarde op út om Bosha op te heljen. By it gemeentlik tichthûs arrivearre, docht lykwols bliken dat hear Bordane, dy't ommers ek regint is, in soartgelikens befel útskreaun hat, sadat Bosha inkele oeren earder oan him oerdroegen is. Penric, dy't de kloft soldaten efternei boksele is, slacht foar om te besykjen Bosha út it paleis fan Bordane te befrijen, en de ofsier fan hear Nao liket dat better ta as om sûnder wat bedijd te hawwen by syn hear werom te kommen.
Dat, wylst de ofsier oan 'e haadyngong fan it paleis fan Bordane syn befel sjen lit en safolle mooglik opskuor makket, glûpe Penric en in pear soldaten fia de efteryngong nei binnen ta en fine Bosha yn in opslachromte werom, dêr't er martele wurdt troch learde Tronio en ien fan syn trewanten. Penric makket him bekend ûnder syn wiere namme en seit dat er "oarders fan 'e Bastert" hat om Tronio yn 'e hechten te nimmen, wat Tronio misbegrypt as dat er him finzen nimme wol út 'e namme fan 'e Oarder fan 'e Bastert. As syn (folle jongere) demon Desdemona net oer kin, naait er halje-trawalje út. Penric, dy't himsels wol wat dwaan kin dat er Iroki net meikomme litten hat, kin net efter him oan om't er de ferwûnings fan Bosha fersoargje moat. De eunuch wurdt stilwei it paleis fan Bordane út slûke en oerbrocht nei it paleis fan hear Nao, dêr't er feilich wêze sil.
Werom yn 'e filla fan frouwe Xarre meitsje Penric, Iroki en Alixtra plannen om 'e oare deis yn 'e stêd op 'e siik te gean nei Tronio, mar dat blykt net nedich te wêzen. De oare moarns ier ferskynt Tronio mei in kaptein en in kloft soldaten fan 'e stedswacht, in rjochter, it haad fan it pleatslike kapittel fan 'e Oarder fan 'e Bastert en in fjouwertal timpeltsjoenders by de Xarre-residinsje mei de bedoeling om Penric yn 'e boeiens te slaan. Hy hat syn selskipslju út en tenei foarliigd oer wat der geande is, en wannear't Penric wegeret om harren oan te fallen of om te besykjen en naai út, falt Tronio syn plan yn 't wetter. Want as Penric kalm fertelt wat der echt oan 'e hân is, wurdt der nei him harke. Om foar te kommen dat syn geheimen iepenbier makke wurde, is Tronio twongen om mei syn demon in wraam op Penric te dwaan. Desdemona slacht de oanfal sûnder swierrichheden ôf, mar Tronio hat himsels no kenne litten foar de lju dy't er bespile hie om syn wurktugen te wêzen. Op dat stuit arrivearret sillige Iroki op it toaniel en fret de Bastert troch him hinne de korrumpearre demon fan Tronio op. Fan dat stuit ôf is Tronio neat gefaarliker as lykfol hokker oare krimineel.
Mei't de suffert sa freonlik west hat om in rjochter, in griffier en mear as genôch betroubere geastliken mei te bringen, makket Penric fan 'e gelegenheid gebrûk om yn it foarhôf fan 'e filla in foarriedige harksitting oer de saak te hâlden, wêrby't er de hiele gong fan saken skriftlik fêstlizze lit. Letter moatte hysels en Alixtra jitris tsjûgje by in formelere harksitting yn it bywêzen fan hear Nao en de aartsprelaat fan Thasalon. (Iroki, dy't as hillige troch nimmen befelle wurde kin, wurdt freonlik fersocht om in tsjûgenis ôf te lizzen.) Underwilens arrivearret generaal Adelis Arisaydia yn Thasalon. Underweis hiene hy en generaal Gria strategyen optocht foar eltse mooglike sitewaasje dy't se yn 'e Cedoanske haadstêd oantreffe kinne soene (tochten se), mar de eigentlike sitewaasje binne se net op taret. Hoewol't Adelis, sadree't er foar it ferstân kriget dat syn sweager Penric deryn behelle is, der gjin ferheardens oer opbringe kin. It is him noch net fergetten dat er Penric ris rêde soe fan in float seerôvers en dat er harren skippen en haven yn ljochte lôge oantrof en de seerôvers ree om alles te dwaan om fan Penric ôf te kommen (sjoch: The Orphans of Raspay).
It wurdt al rillegau bekend dat Tronio de deastraf krije sil foar alles dat er útheefd hat. Hear Bordane docht war om dúdlik te meitsjen dat syn omke him nea fan 'e godslasterlike gearspanning op 'e hichte brocht hat. Hy slút in kompromis mei hear Nao dat de opname fan prinsesse Laris en de aartsprelaat fan Thasalon as nije leden fan 'e regintskipsrie bewurkmasteret. Surakos Bosha wurdt frijlitten om't der tsjûgen binne dy't befêstigje dat hy earne oars yn it paleis fan Methani wie op it stuit dat de minister fermoarde waard. Wa't de wiere dieder wie, bliuwt ûnbekend, mar nimmen liket der bot prioriteit oan te jaan om dy moardsaak op te lossen. Generaal Adelis Arisaydia wurdt formeel frijsprutsen fan 'e (falske) beskuldigings dy't Methani tsjin him ynbrocht hie. Hy wurdt oansteld as de nije legerkommandant dy't de opkringende Rusylli by de Cedoanske grinzen wei driuwe moat.
Alixtra, dy't twa ministers en in prins fermoarde hat, ek al waard se dêrta sjantearre troch Methani en Tronio, sit bot yn noed oer har foarlân, mei't dat misdriuwen binne dêr't de deastraf op stiet. Mar Penric lit gjin kâns ûnbenut om dúdlik te meitsjen dat sy dêrfan al frijsprutsen is troch in Hegere Macht, tsjin Waans wurd gjin heger berop mooglik is. Uteinlik wurdt besletten har út Cedonia te ferbaljen. Dat klinkt as in swiere straf, mar it feroaret eins neat oan har posysje, mei't se dochs al fan doel wie om har mei Kittio yn Vilnoc te fêstigjen, sadat se fierder ûnderrjochte wurde kin troch Penric. Sy, Penric en Iroki reizgje lykwols net fuortendaliks ôf, mar talmje twa wiken yn Thasalon om 'e lang útstelde trouwerij fan Adelis en frouwe Tanar by te wenjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|