Penric's Fox
Penric's Fox is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Penrics Foks". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't belutsen rekket by it ûndersyk nei de moard op in timpeltsjoenster. Penric's Fox makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is in ferfolch op trije eardere novelles dy't de auteur yn 'e rige Penric and Desdemona skreau, ntl. Penric's Demon, Penric and the Shaman en Penric's Mission. Yn 'e ynterne gronology fan 'e rige spilet Penric's Fox nei Penric and the Shaman en foarôfgeande oan Masquerade in Lodi en Penric's Mission. De novelle waard yn 2017 publisearre as e-boek, en kaam yn 2018 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard Penric's Fox yn 'e mande mei Penric's Demon en Penric and the Shaman, werpublisearre yn 'e omnibus Penric's Progress, dy't útkaam by Baen Books.
Penric's Fox | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017 (e-boek) 2018, Burton | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | Penric and the Shaman | |
● folgjend diel | Masquerade in Lodi | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 59 60 68 636 |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe jonge Penric sibbe Jurald fan Marterbrêge waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachte bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koerts fan Penric syn libben folslein. Hy hie gjin oare kar mear as om sels in timpeltsjoender te wurden fan 'e Oarder fan 'e Bastert, de god dy't de master is fan alle demoanen. Underwilens hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif allegear timpeltsjoensters wiene. Nei syn oplieding is Penric de hoftsjoender wurden fan 'e Llewen, de aartsprelate-karfoarstinne fan Marterbrêge.
Yn Penric's Fox ferkeart Penric yn Easthiem, de haadstêd fan it keninkryk fan It Wold, dêr't er bedarre is yn it gefolch fan syn masteresse, dy't as muoike fan 'e hjelkening de nammejouwingsseremoanje fan 'e nijberne kroanprins bywenje moat. Penric bringt in grut diel fan syn frije tiid troch yn it selskip fan 'e freonen dy't er acht moannen earder makke hat (sjoch: Penric and the Shaman), de mei in wolvegeast bejeftige sjamaan Inglis sibbe Wolfsklif, en Oswyl, in ûndersiker fan misdriuwen foar de Oarder fan 'e Heit (de god ta waans domein it rjocht heart). As Oswyl konfrontearre wurdt mei de moard op in timpeltsjoenster, dy't yn in wâld op sa'n tsien myl fan 'e haadstêd fan efteren deasketten is mei pylk-en-bôge, ropt er de help fan Penric en Inglis yn, om gebrûk te meitsjen fan harren boppenatuerlike jeften. It docht bliken dat de tsjoenster deade is mei twa pylken dy't fan in oansjenlike ôfstân ôfsketten binne en har yn 'e rêch troffen hawwe. Inglis fynt in ein fierderop in trêde pylk, mei dêroan in toefke foksehier.
Penric stelt op it plak fan 'e moard fêst dat de siel fan 'e tsjoenster nei de goaden gien is, mei't dêrfan gjin spoar mear te bekennen is. Dat is in goed ding. In stik minder is dat fan har gaosdemon likemin in spoar te bekennen is. As de gasthear fan in demon komt te ferstjerren, moat in demon, dy't yn 'e materiële wrâld net bestean kin sûnder in fysyk wêzen om him te ûnderstypjen, nei in oare gasthear ta springe. Yn 'e regel springt in demon 'omheech', bgl. fan in hûn nei in minske, of fan in sljochtwei arbeider nei in doarpspreester, of fan in doarpspreester nei in ealman. Sa groeie demoanen yn kennis en wiisheid. As in demon twongen wurdt om 'omleech' te springen, bgl. fan in minske werom nei in bist, kin dat ferfelende gefolgen hawwe. De metafoar dy't Penric brûkt is dy fan in hoemannichte drinken dy't grutter is as de kop dêr't it yn getten wurdt: wat der net yn past, streamt oer de râne en giet ferlern. De demon fan 'e fermoarde tsjoenster kin dus nei in oare minske ta sprongen wêze, of nei in bist. Of, as der hielendal gjin libben wêzen tichternôch by wie doe't de tsjoenster fermoarde waard, sil de demon yn it neat oplost wêze.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Werom yn Easthiem besykje Oswyl, Penric, Inglis en Oswyl syn assistinte Thala de kapittelseal fan 'e Oarder fan 'e Bastert. Fan learde Hamo, de timpeltsjoender dy't it tafersjoch hat oer alle tsjoenders yn It Wold, fernimme se dat de fermoarde frou learde Magal wie, dy't noch mar in fearnsjier lyn mei har demon bejeftige wie. Hja wie in widdo mei twa folwoeksen bern, dy't neffens Hamo mei eltsenien oer de wei koe. As by ûndersyk de folgjende dei blykt dat yndie nimmen in min wurd oer har te sizzen hat, stiet Oswyl foar in riedsel oangeande it motyf fan 'e dieder. Underwilens hat Penric tastimming krigen fan syn masteresse om him yngeander mei it ûndersyk nei de moard dwaande te hâlden. Troch learde Hamo, dy't sels alhiel besteld is mei de tariedings fan 'e begraffenis en alle omballingen dy't dêrmei mank geane, hat er de opdracht krigen om Magal har demon te sykjen. Sadwaande geane hy en Inglis de dei nei't it stoflik omskot fan Magal ûntdutsen is, werom nei it plak fan 'e moard.
Dêr folgje se, fan it plak ôf dêr't Inglis de pylk mei it toefke foksehier ûntdutsen hat, it spoar fan in foks en dat fan in man dy't de foks blykber efterfolge hat. Se reitsje it spoar in hiel ein fierderop kwyt, as se djip yn it wâld binne. Dêr treffe se in man dy't seit dat er Treuch is, de houtfêster fan baron sibbe Snoekepoel, de eigner fan it wâldperseel. Treuch makket jacht op foksen, wat net ûngewoan is, mei't foksen troch in protte lju as ûngedierte beskôge wurde. Mar ynstee fan 'e foksen mei poatklammen te fangen en se daliks ôf te meitsjen, fangt Treuch de bisten yn falkûlen en nimt er se libben mei. Penric en Inglis folgje him sûnder dat er it trochhat nei in iepen plak yn it wâld, dêr't in âld, yn ferfal rekke lânhûs stiet. As se dêr temûk omsneupe, ûntdekke se in hynstestâl dêr't sân libbene foksen finzen holden wurde. Penric fynt it allegear hiel fertocht, en lit de foksen frij ear't hy en Inglis har ôfjouwe foar oerlis mei Oswyl. Se prate lykwols ôf om 'e oare deis mear ûndersyk te dwaan nei Treuch en syn obsesje mei foksen.
Werom yn Easthiem begeliedt Penric Oswyl en Thala nei de stedswente fan 'e jonge baron Wegae sibbe Snoekepoel, de eigner fan it wâldperseel. Penric is koartlyn mei de baron yn 'e kunde kommen op in partij dy't jûn waard troch prinsesse Llewanna, de suster fan Penric syn masteresse. Wegae is in boekige jongeman, dy't in bril draacht mei tsjûke glêzen. Hy is skokt as er heard dat op syn lân in timpeltsjoenster ombrocht is, en hy fertelt dat er sels mar komselden syn bûtenpleats besiket. Wegae is noch mar trije jier baron; hy is syn omke Halber opfolge, dy't, nei't er syn eigen frou fermoarde hie, de wyk naam nei it bûtenlân en by ferstek ta de dea feroardiele waard. Neitiid is der berjocht kommen dat er dêr stoarn is. As Oswyl de baron freget om wat mear oer de kwestje fan 'e moard op syn muoike te fertellen, komt yn it petear de namme fan learde Svedra op 't aljemint, in timpeltsjoenster dy't troch har kommunikaasje mei de siel fan 'e fermoarde muoike in wichtige rol spile by it ûnder fuotten heljen fan 'e eardere baron.
Neitiid trunet Desdemona Penric oan om te neare nacht noch by learde Hamo oan te gean, om te freegjen oft der in bân bestiet tusken Svedra en Magal. Sa't sy al fermoede, befêstiget Hamo dat Svedra har demon nei har natuerlike dea, in fearnsjier lyn, oergien is op Magal. Sa komt Penric by de teory dat baron Halber sibbe Snoekepoel noch libbet, en yn it geheim út it bûtenlân weromkeard is nei It Wold, om wraak te nimmen op dejingen dy't er de skuld jout fan syn eigen ûndergong. De tsjoenster Svedra blykt bûten syn berik te wêzen, mar har demon net; wat as Magal, dy't eltsenien lije mocht, noris neat oars as in barriêre wie foar de moardner om syn wiere doelwyt te berikken? Learde Hamo jout him oer oan guon ynmoedige flokken as er dy teory heart.
De oare deis keare Penric en Inglis werom nei it âlde lânhûs, diskear yn it selskip fan Oswyl en Thala, baron Wegae sibbe Snoekepoel en trije sjamanen fan it Keninklik Genoatskip fan Sjamanen, dy't Inglis frege hat om te helpen: Nath, in man dy't bejeftige is mei in bearegeast, Kreil, in jongeman dy't in hûnegeast krigen hat en Lunet, in jonge frou mei in foksegeast. Oankommen by it lânhûs begjinne Oswyl en Thala it tsjinstfolk dêre te ûnderfreegjen, wylst de baron syn lang negearre besit ynspektearret en Penric en de fjouwer sjamanen los faninoar yn it wâld op 'e siik geane nei de houtfêster Treuch en nei de foks dy't by de moard op Magal oanwêzich wie, en dy't no fermoedlik har demon yn him draacht. Uteinlik is it Lunet dy't djip yn it wâld de foks ûntdekt, dy't in moerfoks blykt te wêzen mei seis jongen. Lunet liedt Penric, Inglis en Nath werom nei de hoale fan 'e foks, dêr't Penric en Desdemona fêststelle dat der wat aparts geande is: de foks is beset troch de demon, en de demon hat fansels de boppehân oer it bist, mar de fersoarging is omdraaid, yn 'e sin dat de demon de foks en de foksejongen as har bern liket te beskôgjen. Penric fermoedet dat de ynfloed fan Magal, dy't sels ommers in mem wie, dêr debet oan is.
De foks/demon is skruten foar Penric oer, dy't ommers in folle âldere demon yn him draacht. Dêrom lit er Lunet mei de foks prate, en sy, dy't sels in foksegeast hat, wit mei gauwens it fertrouwen fan it bist te winnen. As se de foks en de jongen mei werom nimme nei it lânhûs, besiket lykwols immen de foks mei pylk-en-bôge te deadzjen. Inkeld troch de boppeminsklike reäksjefluggens dy't Desdemona him jout, kin Penric op 'e tiid de pylken keare. De bôgesjitter blykt de houtfêster Treuch te wêzen, en as Penric him gripe wol, besiket Treuch him mei in mês te deadzjen. Desdemona lit lykwols it lemmet fan it mês hielendal fuortroastkje yn 'e fraksje fan 'e sekonde dy't Treuch nedich hat om nei Penric út te heljen. Dêrnei is Inglis ek teplak, dy't de houtfêster mei de betsjoenende stim fan in sjamaan oarderet om him net mear te ferwegen. Treuch wurdt dêrnei ek mei werom nommen nei it lânhûs, dêr't Oswyl en Thala oer de man gear geane.
Nei't er mei Lunet de foks en de jongen tydlik yn in stâl ûnderbrocht hat, sil Penric yn 'e hûs om te sjen hoe't Oswyl de ûnderfreging fan Treuch oanpakt, mar krekt op dat stuit sjocht er hoe't baron Wegae troch ien fan 'e tsjinnners nei de hutte fan Treuch ta laat wurdt en deryn giet. Desdemona warskôget him dat der wat net yn 'e heak is, en Penric arrivearret krekt op 'e tiid om it libben fan 'e jonge baron te rêden, dy't yn 'e hutte oanfallen wurdt troch in âldere man. It blykt syn omke Halber te wêzen, dy't, krekt sa't Penric al fermoede, net echt dea is, mar ynstee weromkommen is om wraak te nimmen op syn ynbylde fijannen. As Penric tuskenbeiden komt om Wegae syn libben te rêden, falt Halber ek him oan, en der folget in fjochtpartij dy't Penric ferskate kearen op in hier nei it libben kostet. Sa besiket Halber him mei in gongelstôk de harsens yn te slaan, mar Desdemona tesplinteret it hout ear't it Penric syn holle reitsje kin. En as Halber Penric besiket te smoaren, brekt Desdemona alle bonken yn 'e hannen fan 'e man, sadat er Penric syn hals loslitte moat. Lykwols besiket er ek dêrnei noch Penric dea te skoppen, sadat Desdemona úteinlik twongen is Halber syn wringe te brekken, sadat er ferlamme rekket, om him derûnder te krijen.
Dêrmei is de moardsaak oplost. Oswyl ûnderfreget Halber en Treuch yn ien fertrek, wêrby't er harren handich oanset om inoar ferwiten te meitsjen. Sa komt it hiele ferhaal derút, en it komt yn grutte halen del op 'e teory dy't Penric en Desdemona earder al betocht hiene. Treuch syn belutsenens by de misdie wie dat er de jonge Wegae nea as de 'wiere' baron sjoen hie, en dat er daliks die wat syn âlde master him sei doe't dy út ballingskip yn it bûtenlân weromkearde. Hy hold Halber ferburgen yn syn hutte en lokke Magal nei it wâldperseel fan Sibbe Snoekepoel ta mei in ferhaal oer in das dy't beset wie troch in demon. In rjochtsaak tsjin 'e moardner wurdt net nedich achte, mei't Halber sibbe Snoekepoel al by ferstek ta de dea feroardiele wie foar de moard op syn frou. De eardere baron wurdt in wike letter ophongen.
De foks en de jongen bringt Penric ûnder yn 'e diereferbliuwen fan it Keninklik Genoatskip fan Sjamanen, dêr't Lunet harren fersoarget. As er de oare moarns mei learde Hamo de foks besiket, kin Hamo fêststelle dat de demon, hoewol skansearre, noch yn ridlik goede steat ferkeart. Op rie fan Penric beslút Hamo om 'e foks, sadree't de jongen ôfwûn binne, as in soarte fan húsdier te jaan oan in timpelgeastlike dy't geskikt is om sa'n demon oer te nimmen. Sa kinne de demon en de geastlike oaninoar wenne ear't de demon oan 'e ein fan it libben fan 'e foks nei de geastlike ta oerspringt. Underwilens toant Oswyl syn assistinte Thala belangstelling foar Inglis, wylst Lunet om Oswyl sels stiket. De novelle einiget as Penric syn masteresse wit te oertsjûgjen om him in jier by it Keninklik Genoatskip fan Sjamanen studearje te litten, om te sjen oft parten fan harren foarm fan tsjoenderij te kombinearjen binne mei syn eigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|