Penric and the Shaman

Penric and the Shaman is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Penric en de Sjamaan". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jonge tsjoender Penric, waans help frege wurdt by it oplossen fan in aparte moardsaak dy't boppenatuerlike aspekten hat. Penric and the Shaman makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it twadde diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. De novelle waard yn 2016 publisearre as e-boek en ek yn in beheinde hardcoveredysje by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard Penric and the Shaman werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibusedysje Penric's Progress, yn 'e mande mei it foargeande en it folgjende diel fan 'e Penric and Desdemona-searje: Penric's Demon en Penric's Fox.

Penric and the Shaman
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2016 (e-boek)
2016, Burton
oarspr. útjwr. Subterranean Press
rige
rige Penric and Desdemona
● foarich diel Penric's Demon
● folgjend diel Penric's Fox
kodearring
ISBN 978-1 59 60 68 155

Penric sibbe Jurald is in jonge timpeltsjoender waans boppenatuerlike krêften feroarsake wurde troch it feit dat er bejeftige is mei in ynderlike demon fan dusoarder, dy't er Desdemona neamd hat. Penric and the Shaman spilet krapoan fiif jier nei de foarfallen yn Penric's Demon. Penric hat syn oplieding ta preester en tsjoender yn rekôrtiid ôfrûne, om't fjouwer fan Desdemona har eardere masteressen deselde oplieding hân hiene, wat betsjut it foarm him eins mear in opfriskursus wie. Hy stiet no in oardel jier as hoftsjoender yn 'e tsjinst fan syn patronesse Llewen sibbe Hartstoarne, de aartsprelate-karfoarstinne fan Marterbrêge en de muoike fan 'e hjelkening fan it Wold. Op in dei arrivearret der in "finer" fan 'e Oarder fan 'e Heit yn 'e stêd, dy't de tsjinsten fan in tsjoender brek is. It docht bliken dat Oswyl, sa't de man hjit, efter in Woldster sjamaan oan sit dy't fertocht wurdt fan moard, en dy't er alhiel út 'e haadstêd Easthiem wei nei it berchlân fan 'e Kantonnen ta folge is. Llewen lient de tsjinsten fan Penric út en Penric set mei Oswyl en in fiiftal kriichslju ôf.

Oswyl is hastich en driuwt de oaren oanhâldend op. Hy fertelt Penric úteinlik oer in earder ûndersyk nei in frou dy't der troch har buorlju fan beskuldige waard in tsjoenster te wêzen. Sokke beskuldigings binne hast altyd sûnder basis, mar moatte dochs ûndersocht wurde. Troch min waar en in fuortspielde brêge duorre it lang ear't Oswyl it plak berikke koe, en doe't er dêr úteinlik oankaam, wie de frou krekt de jûns tefoaren troch de oare doarpelingen libben ferbaarnd. Sa wol er nea wer, dat hy sil net rêste ear't er de saak ta in goede ein brocht hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De sjamaan, in jonge ealman mei de namme Inglis sibbe Wolfsklif, wurdt fertocht fan moard op in oare jonge ealman, Tollin sibbe Swynfurde, dy't weromfûn is mei wûnen feroarsake troch de slachtosken fan in everswyn en it limmet fan in mês. Oswyl en Penric folgje it spoar fan Inglis nei in ôfhandige berchdelling, dêr't se arrivearje yn it doarpke Linkbeck. De pleatslike timpelman, de akolyt Gallin, mient dat se yn antwurd op syn brieven kommen binne, en nimt harren mei nei in plak dêr't twa moannen lyn in grutte ierdferskowing west hat. Ien fan 'e doarpelingen, in âldman mei de namme Scuolla, is dêrby omkommen. It docht bliken dat Scuolla in klandestine sjamaan wie.

Sjamanen wurde makke troch de geast fan in bist oan 'e ein fan syn libben yn in oar bist oer te offerjen (altyd fan deselde soarte en sekse), en dat proses in stik as tsien, tolve kear te werheljen oant der in Grut Bist ûntstiet, dat bûtengewoan yntelligint is. De geast fan sa'n Grut Bist wurdt dan yn in minske offere, mei as gefolch dat de minske in sjamaan wurdt, mei boppenatuerlike krêften. Om't de geast fan 'e minske troch dit proses besmodzge rekket mei in bistegeast, kin de sjamaan by syn ferstjerren net nei it hjirneimels gean fan 'e god dy't syn patroan is; earst moat de bistegeast út him roppen wurde, in putsje dat inkeld troch in oare sjamaan opknapt wurde kin. Gallin, dy't op 'e hichte wie fan Scuolla syn geastlike steat, hat besocht in oare sjamaan te finen, mar dat is net slagge. Fan gefolgen hinget de geast fan Scuolla noch altyd by it plak fan 'e ierdferskowing om en is er net by steat om nei it hjirneimels ta; ynstee ferdizenet er stadichoan om úteinlik wei te wurden yn 'e ferjitnis. Gallin fertelt Penric en Oswyl dat er njonken it skriuwen fan brieven oan syn superieuren yn 'e Timpel ek ynmoedich bidden hat foar in oplossing, en Penric begjint it fermoeden te krijen dat alle tafallichheden fan 'e saak mei opsetsin manipulearre binne troch immen (of Immen) mei in grutter oersjoch.

Penric en Desdemona kinne neat foar Scuolla dwaan, mar as se weromkeare nei Linkbeck blykt dêr ûnderwilens Inglis sibbe Wolfsklif opdûkt te wêzen. De sjamaan is by syn tocht troch de bergen ferwûne rekke oan in skonk en ferkeart mentaal yn in wanhopige steat. Hy lit him sûnder ferset troch Penric ynrekkenje. As Oswyl him neitiid oer de moard op Tollin sibbe Swynfurde ûnderstiet, fertelt er dat Tollin en hy al jierren de bêste freonen wiene. Tollin hie it him lykwols yn 'e holle helle dat er in mei in bistegeast bejeftige geastekriger wurde woe, lykas de krigers fan it Alde Wold iuwen lyn wol wiene. It meitsjen fan in geastekriger is in sjamanistysk ritueel dat tsjintwurdich ferbean is. Boppedat wie Inglis sels noch mar koart sjamaan en dêrom lang net kundich genôch, mar hy liet him troch Tollin beprate, mei om't er yndruk meitsje woe op Tollin syn suster Tolla, op wa't er fereale wie.

Se brûkten foar it ritueel in eversyn om't dat fan âlds it symboal fan 'e Swynfurden wie. It bejeftigjen fan Tollin mei de swinegeast slagge mar skoan, mar doe't Inglis wer út syn sjamanistyske trâns kaam, seach er dat it deabenaude bist yn syn deadsstriid Tollin mei de slachtosken de búk iepenriten hie. Der wie neat mear foar Tollin te dwaan, dy't yn skriklike pine ferkearde, dat Inglis stiek him mei syn mês yn it hert om in ein oan syn lijen te meitsjen. Op 'e iene of oare manear gie dêrby wat mis, en rekke de geast fan Tollin oan it mês ferbûn, sa't de findeldragers fan it Wold fan âlds de geasten fan geastekrigers dy't op it slachfjild sneuvele wiene oan harren findels ferbûnen om harren letter fan 'e bistegeast suverje te kinnen en nei it hjirneimels te stjoeren. Neitiid flechte Inglis yn panyk fuort. Hy hie nei eigen sizzen syn sjamanistyske krêften ferlern, en koe de geast fan Tollin dêrom net losmeitsje fan it mês en suverje fan 'e swinegeast. Om foar te kommen dat de geast fan syn freon stadichoan ferdizenje soe, moast er it mês eltse dei 'fuorje' mei syn eigen bloed. Hy doarst syn oerhearrigen yn it Keninklik Genoatskip fan Sjamanen net ûnder eagen te kommen. Dêrom fette it plan op om nei de Kantonnen ta, dêr't de rop fan gie dat der klandestine sjamanen libben, mei de bedoeling om dêr sa'nent te sykjen om 'e geast fan syn freon te rêden.

Sa wied er de ferhalen oer in man dy't bizar yntelliginte hûnen fokte nei Linkbeck ta folge, mar hjir oankommen hat er heard dat dy Scuolla al moannen dea is. Inglis is ree om 'e moedfearren hingje te litten, mar Penric is der no fan oertsjûge dat de goaden yn it hiele spul behelle binne. Yn Linkbeck hiene se ferlet fan in sjamaan en no hawwe se ien. Inglis hâldt út er syn sjamanistyske krêften kwytrekke is, mar Penric ornearret dat er sa fan streek is dat de jonge sjamaan gewoan de kalmte net fine kin om syn krêften te brûken. Penric wit eins net wat er dwaan kin, mar Desdemona oppenearret dat yn dizze sitewaasje net syn kapasiteiten as tsjoender, mar syn (ferwaarleazge) feardichheden as geastlik riedsman nedich binne. Penric beskôget dat as in hiel flauwe grap fan syn god, de Bastert, dy't bekendstiet om sokke dingen. Nettsjinsteande dat set er útein mei Inglis te praten en him te helpen by it oefenjen om syn sjamanetrâns wer te berikken.

As se de oare deis weromkeare nei it plak fan 'e ierdferskowing, slagget it Inglis einlings wer om syn steat fan trâns te berikken. De Soan fan 'e Hjerst ferskynt oan him en fertelt him hoe't er de hûnegeast út Scuolla roppe moat, sadat de âldman einlings nei it hjirneimels kin. Dêrnei moat er de geast fan Tollin losmeitsje fan it mês en de swinegeast út syn freon roppe, dy't ek nei de god giet. Inglis is alhiel oerémis fan 'e moeting mei de god, mar Penric, dy't ienris de Bastert yn 'e eagen sjoen hat (sjoch: Penric's Demon), wit wat er trochmakket en treastget him. Dy nachts, as Oswyl, Penric en Inglis op bêd lizze yn it keammerke dat se diele yn it hûs fan Gallin, sprekt de stim fan 'e Heit fan 'e Winter Oswyl ta yn syn sliep, mei de wurden: "Wiest net te let. Goed dien, jonge," wêrnei't Oswyl mei in gjalp wekker skrikt.

Neitiid bejout it hiele selskip him werom nei Marterbrêge, dêr't se trije wiken ynsnijd reitsje. Yn dy tiid skriuwt Penric in detaillearre ferslach fan syn oandiel yn 'e saak, wêrby't er war docht om Inglis syn dieden sa geunstich mooglik foar te stellen. Sadwaande hoecht er ,net mei nei Easthiem om te tsjûgjen. In goed moanne letter komme der twa brieven út Easthiem: ien fan Inglis en ien fan Oswyl. Inglis syn famylje hat in wearjild oan 'e Swynfurden betelje moatten, mar fierders hat men de moardsaak gewurde litten. By it Keninklik Genoatskip fan Sjamanen hat Inglis in fikse skrobbearring krigen en is er foar in proeftiid ûnder ferskerpe tafersjoch pleatst. Syn status fan sjamaan koene se him net ôfnimme, om't er dy no ienris foar it libben hat. Hy skriuwt dat fan âlds de metoade om immen syn sjamanesteat ôf te nimmen, wie troch him ûndersboppest oan 'e fuotten op te hingjen en him dan de kiel troch te snijen. Lokkigernôch hat net ien fan syn superieuren dat as oplossing op 't aljemint brocht. Oswyl is rûnom priizge foar syn behanneling fan 'e saak en hat in promoasje ta 'haadfiner' krigen. De rjochtlinige, mar tige sekuere Oswyl heakket oan syn brief in fersyk oan Penric ta om 'e groetnis te dwaan oan Desdemona. De demon is sa ferheard dat se in hoart mei stomheid slein is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bujold, Lois McMaster, Penric and the Shaman, Burton (Michigan), 2016 (Subterranean Press), ISBN 978-1 59 60 68 155.
  • Bujold, Lois McMaster, Penric and the Shaman yn: Bujold, Lois McMaster, Penric's Progress, New York, 2020 (Baen Books), ISBN 978-1 98 21 24 298.
The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)