Frank Thring (akteur)
Frank Thring (folút: Frank William Thring; Melbourne, 11 maaie 1926 – dêre, 29 desimber 1994) wie in Australysk toaniel-, film- en tillefyzje-akteur, dy't it bekendst waard mei rollen as Pontius Pilatus yn Ben-Hur (1959), Heroades Antipas yn King of Kings (1961) en emir El-Kadir fan Falinsia yn El Cid (1961). Hy wie fan mingd Ingelsk en Dútsk etnysk komôf, en iepentlik homoseksueel yn in tiid dat soks yn 'e measte maatskiplike fermiddens noch net akseptearre waard.
Frank Thring | ||
akteur | ||
Frank Thring yn King of Kings (1961). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frank William Thring jr. | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 11 maaie 1926 | |
berteplak | Melbourne (Fiktoaria) | |
stoarn | 29 desimber 1994 | |
stjerplak | Melbourne (Fiktoaria) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1954 – 1994 | |
offisjele webside | ||
Frank Thring yn 'e IMDb |
- Dizze side giet oer de Australyske akteur Frank Thring. Foar de Britske pornografyske regisseur en akteur, sjoch: Frank Thring (regisseur).
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeThring waard yn 1926 berne yn Melbourne, yn 'e Australyske steat Fiktoaria. Hy wie de soan fan Frank William Thring sr. (better bekend as F.W. Thring), in toaniel- en filmprodusint fan Ingelsk komôf, en dy syn frou Olive Kreitmeyer, dy't fan Dútske ôfstamming wie. Thring genoat ûnderwiis oan ferskate skoallen yn syn bertestêd Melbourne. Syn heit kaam te ferstjerren yn 1936, doe't er sels noch mar tsien jier wie.
Karriêre
bewurkje seksjeThring folge in oplieding ta harkspulakteur by de radiostjoerder 3XY, dy't eigendom fan syn famylje wie. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er by de Keninklike Australyske Loftmacht, en nei't er yn 1945 ôfswaaid wie, sette er útein mei in karriêre as toanielakteur. Bûten Austraalje wie Thring yn 1954 foar it earst te sjen doe't er yn 'e Britske haadstêd Londen de rol fan Heroades Antipas fertolke yn it stik Salome, fan Oscar Wilde. Twa jier letter spile er sir Lancelot Spratt yn it stik Doctor in the House, dat mar leafst 240 kear opfierd waard yn it Londenske Victoria Palace.
Fierders spile Thring Saturninus yn in troch it Keninklik Shakespeare Teäter beävensearre produksje fan Titus Androanikus. Dêrby hied er as tsjinspilers Laurence Olivier, Vivien Leigh en Anthony Quayle. Teffens fertolke er de rol fan kaptein Heak yn Peter Pan, dy fan kaptein Ahab yn Moby-Dick en dy fan 'e skeanskermer Falstaff yn Hindrik IV, Diel 1. Hy song ek yn 'e musical Robert and Elizabeth, mei June Bronhill en Denis Quilley. Letter yn syn libben soe Thring him wer op 'e planken bejaan troch yn 1988 de butlers te spyljen yn 'e produksje fan it stik The Importance of Being Earnest fan 'e Melbourne Theatre Company.
Ein1950-er jierren begûn Thring ek yn films te spyljen. Syn debút hied er datoangeande as de usurpator Ælla fan Noardumbrje yn 'e histoaryske aventoerefilm The Vikings, út 1958, mei Kirk Douglas. Syn bekendste filmrol wie dy fan Pontius Pilatus, de Romeinske steedhâlder fan 'e provinsje Judéa, yn 'e ferneamde Amerikaanske film Ben-Hur, út 1959, mei yn 'e titelrol Charlton Heston. Oare rollen fan Thring út dy snuorje wiene in abbekaat yn The Case of Mrs. Loring (1958), de emir fan Falinsia yn El Cid (1961), en op 'e nij Heroades Antipas yn King of Kings (1961). Thring is de iennichste filmakteur dy't beide persoanen spile hat (Pilatus en Heroades), dy't neffens it Nije Testamint fan 'e Bibel ferantwurdlik wiene foar de krusiging fan Jezus Kristus.
Werom yn Austraalje spile Thring yn Age of Consent (1969) mei James Mason en in pypjonge Helen Mirren. Teffens wied er te sjen yn twa biografyske films oer iere Australyske ûntdekkingsreizgers: Ned Kelly (1970) en Mad Dog Morgan (1976). Hy spile glêde gangsters yn Alvin Purple Rides Again (1974) en The Man from Hong Kong (1975), de duvelske Sammelder yn 'e post-apokalyptyske aksjefilm Mad Max Beyond Thunderdome (1985) en in kolderike Alfred Hitchcock-eftige regisseur yn Howling III (1987).
Op 'e tillefyzje hie Thring rollen yn Australyske minysearjes as Against the Wind en Bodyline. Yn 'e ferneamde bernetillefyzjesearje Skippy wied er yn in weromkearende rol te sjen as de smjunt Doctor Stark, dy't op snoade wize besocht om 'e kangoeroe Skippy en oare bisten út it fiktive Nasjonaal Park Waratah te stellen. Thring wurke fierders ek mei oan ferskate reklamespotsjes en in filmke fan 'e Australyske oerheid dêr't er de lju yn oprôp om har sjoch- en lústerjild te beteljen.
Priveelibben
bewurkje seksjeBûten syn publike optredens om stie Thring bekend as in flamboyante en opljeppende persoanlikheid, waans karriêre geregeldwei ûnderbrutsen waard troch perioaden fan alkoholisme en minne sûnens. Hy droech gauris swarte klean, wat yn dy tiid apart wie, en liet boppedat alle binnenwanden fan syn hûs ek swart fervje. Thring wie yn 'e 1950-er jierren yn Londen koart troud mei aktrise Joan Cunliffe, mar dat houlik einige yn in skieding. Hoewol't it doedestiden beslist net algemien akseptearre wie, makke Thring der gjin geheim fan dat er homoseksueel wie, mar hy hie ek in grutte bernewinsk en wie tige oerstjoer doe't syn houlik strâne sûnder dat der bern út fuortkommen wiene.
Ferstjerren
bewurkje seksjeFrank Thring kaam op 29 desimber 1994 yn syn wenplak Melbourne yn 'e âlderdom fan 68 jier te ferstjerren oan kanker. Hy waard kremearre by in plechtichheid yn besletten fermidden, en syn jiske waard neitiid op see ferstruid, foar de kust fan Queenscliff (Fiktoaria). Begjin 1995 waard syn libben yn it iepenbier fierd yn it Fiktoriaanske Sintrum foar de Keunsten yn Melbourne.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1958 | The Vikings | kening Ælla fan Noardumbrje | |
1958 | A Question of Adultery | Stanley | |
1958 | The Flaming Sword | Gar | |
1959 | Treason | Karl Albrecht | |
1959 | Ben Hur | Pontius Pilatus | |
1961 | King of Kings | kening Heroades Antipas fan Judéa | |
1961 | El Cid | emir Al-Kadir fan Falinsia | |
1968 | Salome | kening Heroades Filippus fan Judéa | |
1969 | Age of Consent | Godfrey | |
1970 | Ned Kelly | rjochter Barry | |
1974 | Alvin Rides Again | Fingers | |
1975 | The Man from Hong Kong | Willard | |
1976 | Mad Dog Morgan | haadynspekteur Cobham | |
1977 | The Importance of Keeping Perfectly Still | ? | koarte film |
1983 | At Last... Bullamakanka: The Motion Picture | tillefyzjeprodusint | |
1985 | Mad Max Beyond Thunderdome | de Sammelder | |
1986 | Death of a Soldier | foargonger | |
1986 | The Steam-Driven Adventures of Riverboat Bill | ? | as stimakteur |
1987 | Howling III | Jack Citron | |
1993 | Hercules Returns | Seus | as stimakteur |
tillefyzje | |||
1958 | Dick and the Duchess | Wembler | gastrol; ôfl. The Courtroom |
1962 | Light Me a Lucifer | de duvel | tillefyzjefilm |
1965 | Photo Finish | Sam Kinsale | tillefyzjefilm |
1967 | Hey You! | Goodly | gastrol; ôfl. The Soup Kitchen |
1967 | Australian Playhouse | Paisley | gastrol; ôfl. The Heat's On |
1967 | Skippy the Bush Kangaroo | dr. Stark | weromkearende rol; 3 ôfl. |
1969 | Delta | dokter Spencer | gastrol; ôfl. The Initiates |
1970 | The Link Men | Bruce Crane | gastrol; ôfl. See Amsterdam and Die |
1970 | The Man Who Shot the Albatross | ? | tillefyzjefilm |
1974 | The Cherry Orchard | ? | tillefyzjefilm |
1976 | Up the Convicts | sersjant Bastion | gastrol |
1978 | Against the Wind | magistraat | minysearje |
1981 | Outbreak of Love | Arthur Langton | minysearje |
1984 | Eureka Stockade | rjochter | minysearje |
1984 | Bodyline | lord Harris | minysearje |
1989 | Mission: Impossible | Jake Morgan | gastrol; ôfl. Bayou |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |