King of Kings (film út 1961)
King of Kings is in Amerikaanske bibelske sandalefilm út 1961 ûnder rezjy fan Samuel Bronston, mei yn 'e haadrollen û.o. Jeffrey Hunter, Ron Randell en Siobhán McKenna. De titel betsjut "Kening der Keningen" en is in ferwizing nei Jezus Kristus. De film is yn grutte halen in adaptaasje fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel, fan 'e berte fan Jezus oant syn krusiging en weropstanning út 'e dea. Dat smyt in frijwat episoadysk ferhaal op, dat oaninoar praat wurdt troch Orson Welles as ferteller. King of Kings krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súskses.
King of Kings | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Nicholas Ray | |
produsint | Samuel Bronston | |
senario | Philip Yordan Ray Bradbury | |
basearre op | it Nije Testamint | |
kamerarezjy | Manuel Berenguer Milton R. Krasner Franz Planer | |
muzyk | Miklós Rózsa | |
filmstudio | Samuel Bronston Productions | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Jeffrey Hunter Ron Randell Siobhán McKenna | |
voice-over | Orson Welles | |
byrollen | Hurd Hatfield Carmen Sevilla Harry Guardino Robert Ryan Frank Thring Royal Dano Rip Torn Viveca Lindfors | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 oktober 1961 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | bibelske sandalefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 168 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7 miljoen | |
opbringst | $13,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn 63 f.Kr. feroveret de Romeinske generaal Pompejus Jeruzalim en wurdt de stêd plondere. Pompejus lit alle Joadske preesters dy't har fersette, ôfslachtsje, en giet de Timpel fan Jeruzalim yn om 'e skatten fan Salomo te stellen, mar ûntdekt dat dêr inkeld noch mar in boekrôle fan 'e Torah fan oer is. Dy hâldt Pompejus boppe in fjoer wylst ien fan 'e oerlibjende preesters, in âldman, foar him delknibbelet en smekend nei de boekrôle rikt. Pompejus wifket oer wat er dwaan sil, mar langet úteinlik de rôle oer oan 'e preester, dy't it relikwy yn feilichheid bringt. Pompejus ferlit Jeruzalim om it plattelân fan Judéa ûnder Romeinsk bewâld te bringen en in grut tal Joadske manlju ta slaaf te meitsjen om swier wurk foar de Romeinen te ferrjochtsjen.
Tritich jier letter brekt der yn Judéa rebûlje út tsjin 'e Romeinske oerhearsking. De Romeinen smoare de opstân yn bloed en krusigje de lieders, wêrnei't se de Edomyt Heroades de Grutte op 'e troan fan Judéa pleatse om as harren fazal oer de Joaden te regearjen. It is yn dyselde snuorje dat de Romeinen befel jouwe ta it hâlden fan in folkstelling, wêrfoar't eltsenien him ynskriuwe litte moat yn it plak dêr't er berne is. De timmerman Joazef reizget dêrom mei syn frou Marije, dy't op alle dagen rint, nei syn berteplak Betlehim. Mei't de herbergen dêre oan 'e kop ta fol sitte, moatte se oernachtsje yn in stâl, dêr't Marije in jonkje te wrâld bringt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Skieppehoeders út dy omkriten en trije wizen út it easten, dy't fan Baltasar, Kaspar en Melchior hjitte, kloftsje gear yn 'e stâl om 'e poppe te ferearjen. Mar as Heroades de Grutte heart dat der yn Betlehim in jonkje berne is dat útgroeie sil ta in grut kening, sjocht er dat as in bedriging foar syn eigen macht, en oarderet er de Romeinske sintuerion Lusius fan Syrene om mei syn troepen dêrhinne te reizgjen en alle nijberne manlike poppen ôf te slachtsjen, in befel dat Lusius inkeld mei uterste tsjinnichheid útfiert. Joazef wurdt lykwols yn in dream warskôge en nimt op 'e tiid mei wiif en bern de wyk nei Egypte.
Omreden fan it ûnskuldige bloed oan syn hannen wurdt Heroades de Grutte delslein troch God troch it middel fan in hertoanfal; wylst er noch yn it stjerren leit, eigenet syn soan Heroades Antipas him de troan al ta. Mei dy troanwiksel is it foar Joazef en Marije feilich om werom te kearen út ballingskip, en hja fêstigje har mei har soan Jezus yn it plak Nazaret, yn 'e lânstreek Galiléa. Jierren letter hat de sintuerion Lusius reden om yn Nazaret te wêzen, dêr't er de dan tolvejierrige Jezus en syn mem Marije moetet. As Lusius heart dat Jezus tolve jier earder yn Betlehim berne is, beseft er dat dit in jonge is dy't oan it bloedbad ûntkomd is. Hy kiest der lykwols bewust foar om te bearen as hat er neat troch en fuort te riden.
Tweintich jier letter risselwearje Joadske rebellen ûnder oanfiering fan Barabbas en Judas Iskariot foar in oanfal op it reisselskip fan 'e nije Romeinske gûverneur fan Judéa, Pontius Pilatus, en dy syn frou Klaudia Prokula. De oanfal mislearret, foar in part troch de wachens fan 'e sintuerion Lusius, dy't noch altyd yn Judéa tsjinnet. Barabbas en Judas witte lykwols te ûntkommen. Heroades Antipas riidt út om Pilatus yn te heljen, en de beide mannen moetsje inoar oan 'e igge fan 'e rivier de Jordaan, dêr't de profeet Jehannes de Doper preket foar in gearklofte mannichte folk. Jezus is dêr ek, en lit him dope troch Jehannes, dy't yn him de messias werom ken. Neityd giet Jezus de woastyn yn, dêr't er fjirtich dagen trochbringt en yn dy tiid yn fersiking brocht wurdt troch Satan. As er dy beproeving trochstien hat, reizget Jezus nei Galiléa, dêr't er syn dissipels gearfandelet, ûnder wa de fisker Petrus.
Underwilens lit Heroades Antipas yn Jeruzalim Jehannes de Doper oppakke en finzen sette, om't dyselde foar de doar fan syn paleis preket tsjin him en syn frou, keninginne Herodias. Letter wurdt Jehannes yn syn sel opsocht troch Jezus, dy't dêr ynlitten wurdt troch Lusius. Judas Iskariot ferlit de rebellen fan Barabbas en jout him by de dissipels fan Jezus. Dyselde begjint neitiid te preekjen en de minsken te belearen. Der komme almar mear lju op syn boadskip ôf, ûnder wa de sintuerion Lusius en Klaudia, de frou fan Pilates.
Heroades Antipas is wilens ûnder de yndruk rekke fan Jehannes de Doper, mar hy kin de man net frijlitte sûnder swak te lykjen. Syn hâlding stjit op ûnbegryp by syn frou Herodias en har dochter, prinsesse Salomé, dy't Jehannes haatsje om't er it folk Herodias har oerhoer yn 't sin brocht hat. Heroades Antipas hat sin oan Salomé, en it fanke ferliedt har styfheit om yn ruil foar it opfieren fan in dûns te ûnthjitten dat er har alles jaan sil dêr't se mar om freget. As se neitiid freget om 'e holle fan Jehannes de Doper op in skûtel, kin er net werom en is er twongen om 'e profeet ûnthalzje te litten.
Wat mear oanhing Jezus kriget en wat mear wûndertekens oft er ferrjochtet, wat benauder oft Heroades Antipas, Pilatus en de Joadske hegepreester Kajafas foar him wurde. Underwilens risselwearret Barabbas foar in grutte opstân yn Jeruzalim yn 'e wike foar Pesach, wannear't Jezus de stêd yn triomf yngiet om yn 'e Timpel te bidden. De rebellen bestoarmje de boarch Antonia, mar de Romeinske troepen fan Pilates, dy't warskôge is foar de gearspanning, meitsje koart wurk fan harren. De rebellen wurde ôfslachte en Barabbas wurdt finzen nommen. Op 'e tongersdeitejûn komt Jezus mei syn dissipels gear foar in lêste jûnsmiel, wêrnei't er te bidden giet yn 'e Hôf fan Getsémané. Judas Iskariot is der fan oertsjûge rekke dat Jezus wier de messias is en dat er troch God stjoerd is om 'e Joaden fan 'e Romeinske oerhearsking te befrijen. Om Jezus te twingen net langer te talmjen mar mei geweld regaad te meitsjen en de Romeinske legioenen út it lân te reagjen, ferriedt er him oan 'e Joadske autoriteiten.
Jezus wurdt foar hegepreester Kajafas brocht, dy't him berjochtsje litte wol troch Pilatus. De gûverneur set dêrmei útein, mar as er foar it ferstân kriget dat Jezus in Galileeër is, seit er dat Galiléa bûten syn rjochtsfoechgebiet leit, en stjoert er him troch nei Heroades Antipas. Dyselde bespot en fernederet Jezus, mar hy wol syn hannen likemin oan 'e saak baarne, dat hy stjoert him werom nei Pilatus. Wilens leagenet Petrus, sa't Jezus al foarsein hie, oant trije kear ta dat er in dissipel fan Jezus is. Pilatus is razen dat Heroades Antipas de saak op him ôfskoot, dat hy jout syn soldaten befel om Jezus te giseljen. Neitiid leit er oan 'e Joaden foar om Jezus of Barabbas frij te litten, en de Joaden kieze foar Barabbas. Pilatus jout ta oan 'e druk en feroardielet Jezus om krusige te wurden. Mei in toarnekroan op 'e holle moat Jezus syn eigen krús nei de heuvel Golgota drage, fuort bûten de stêd. As er der ûnderweis fan pine en útputting hinne falt, wurdt in tafallige omstanner, Simon fan Syrene, twongen om it krús de rest fan 'e wei te dragen. Op Golgota wurdt Jezus krusige, mei oan wjerskanten fan him twa kriminelen: de beroufolle dief Dismas en de ûnberoufolle dief Gestas.
Judas Iskariot, dy't yn slimme gewisseneed kommen is trochdat syn ferrie ta Jezus syn deastraf laat hat, docht selsmoard troch yn it tou te gean. Hy wurdt letter dea oantroffen troch de frijlitten Barabbas, dy't alhiel feralterearre is troch de gong fan saken. Oan it krús op Golgota ferstjert Jezus foar de eagen fan syn mem Marije, syn dissipel Jehannes, in stikmannich Romeinske soldaten, Klaudia Prokula en de sintuerion Lusius. Syn stoflik omskot wurdt fan it krús helle en yn 'e rotstombe fan Joazef fan Arimatéa begroeven.
Twa dagen letter treft in froulike dissipel fan Jezus, Marije Magdalena, de tombe leech oan en moetet se de út 'e dea opstiene Jezus. Oan 'e igge fan 'e Mar fan Galiléa ferskynt Jezus oan syn dissipels, dy't no apostels wurden binne, en hjit harren om syn boadskip oan ierdryks einen ta te fersprieden. Inkeld syn skaad wurdt dêrby yn byld brocht, dat de foarm fan in krús kriget dêr't it oer de útstrutsen fisknetten hinne falt. De apostels jouwe har ôf en, wylst it skaad fan Jezus it byld fertsjusteret, wurdt suggerearre dat er opfart nei de himel.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jezus Kristus | Jeffrey Hunter |
Lucius fan Syrene | Ron Randell |
Marije (mem fan Jezus) | Siobhán McKenna |
ferteller | Orson Welles |
- byrollen
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeFoarskiednis
bewurkje seksjeKing of Kings wie oarspronklik it projekt fan regisseur John Farrow, oer wa't al yn febrewaris 1951 berjochte waard dat er in biografyske film oer it libben fan Jezus Kristus meitsje woe. Hy skreau in senario dat er basearre op it Nije Testamint fan 'e Bibel, en dat er de titel Son of Man ("Minskesoan") meijoech. Hy woe der in ûnôfhinklike film fan meitsje, dy't er sels produsearje soe foar in budget fan $800.000. Yn novimber 1951 waard Son of Man yn preproduksje nommen troch de Nassour Studios. Yn augustus 1953, doe't Farrow in kontrakt tekene om foar Warner Bros. de oarlochsfilm The Sea Chase (1955) te regissearjen, wie der lykwols noch net folle foarútgong boekt.
Yn febrewaris 1954 berjochte de Los Angeles Times dat Farrow Son of Man meitsje soe nei't er yn 1954 klear wie mei de opnamen fan The Sea Chase. It projekt waard lykwols fannijs op 'e lange baan skood doe't Farrow him yn april 1955 fêstlei om 'e aventoerefilm Around the World in Eighty Days (1956) te meitsjen. (By dy film waard er lykwols in wike nei it begjin fan 'e opnamen al ûntslein.) Yn jannewaris 1956 skreau it tydskrift Variety dat Farrow oan it ûnderhanneljen wie mei filmstudio RKO Pictures foar de finansiering fan Son of Man. In pear moannen letter begûn er mei de casting foar de film, mar it projekt waard letter wer oan 'e kant set doe't Farrow yn oktober 1957 tasei om 'e biografyske film John Paul Jones (1959) te regissearjen foar filmprodusint Samuel Bronston.
Preproduksje
bewurkje seksjeYn novimber 1958 giene Bronston en Farrow tegearre gear oer Son of Man, mar yn oktober 1959 rûn Farrow derby wei omreden fan in "kreätyf skeel". Farrow lei letter út dat it brekpunt foar him de berjochting fan Jezus west hie, wêrby't Bronston woe dat er it oandiel "fan 'e Joadske lieders behimmele en de Romeinen alle skuld op 'e lea skode. Ik wegere dy feroarings troch te fieren. Ik naam ûntslach." Neffens associate producer Alan Brown gie it skeel djipper; hy sei oer Farrow: "Syn skript wie net echt in skript: it wie de fjouwer evangeeljes opskreaun […]." Yn novimber 1959 beloek Bronston Nicholas Ray as nije regisseur by it projekt. Tsjin dy tiid wiene de filmsets yn Spanje al hast klear, dat Ray frege senarioskriuwer Philip Yordan, mei wa't er earder gearwurke hie oan Johnny Guitar (1954), om it senario op 'e nij te skriuwen.
Yordan, dy't hielendal gjin sin hie om nei Spanje ta, liet him lykwols beprate. Letter seid er dêroer: "De film hiet Son of Man. In freeslike titel, en immen hie haadstikken út 'e Bibel oernommen en besocht dy [as skript] rinne te litten." It earste dat er die, wie oanrikkemandearje dat de film omneamd wurde soe ta King of Kings. Dêrnei skreau er yn seis wiken tiid in folslein nij senario. Hy hie dêr folle minder muoite mei as er ferwachte hie. Dat ferklearre er letter mei de wurden: "Kristus wie in Einzelgänger. Hy ferskilt net sa'n soad fan myn gewoanlike personaazje, it westernpersonaazje. It is itselde personaazje, de man allinne." Bronston wie sa tefreden oer it nije senario, dat er Yordan frege om yn Madrid te bliuwen, dêr't se letter gearwurken oan it skript foar de histoaryske film El Cid (1961). It nije senario fan King of Kings liet Bronston besjen troch ferskate bibelekspêrs, om der wis fan te wêzen dat it trou (genôch) wie oan 'e evangeeljes. Under dyselden wiene toanielskriuwer Diego Fabbri en teolooch George Kilpatrick. Yn maart 1960 krige er boppedat de goedkarring fan it skript fan paus Jehannes XXIII, dy't Bronston ûntfong yn it Fatikaan.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fan King of Kings setten op 24 april 1960 útein en duorren oant yn oktober fan dat jier. Yn totaal wiene der 122 draaidagen. Om't Bronston syn filmstudio, Samuel Bronston Productions, yn Spanje fêstige hie, dêr't it rûge lânskip wol wat op dat fan Judéa liek, waard de film dêr foar it meastepart opnommen. De rivier de Adaja gie troch foar de Jordaan, de Añover de Tajo foar de Oliveberch en de Rambla de Lanujar yn Amería foar de woastyn dêr't Jezus troch de duvel beproeve wurdt. De Berchrede waard opnommen tusken de rotsen fan Chinchón, wêrby't 7.000 figuranten ynset waarden. Manzanares el Real gie troch foar Nazaret en Navacerrada foar Golgota.
De opnamen wiene tige dreech. Bronston hie finansiering gearbrocht troch ynvestearrings fan sakeman Pierre S. du Pont III, mar nei in pear moannen wie it jild al op. De grutte Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dy't koartby grut súkses hân hie mei in soartgelikense sandalefilm, Ben-Hur, liet blike belangstelling te hawwen om King of Kings te finansieren, mei't men de film as in potinsjele rivaal fan Ben-Hur seach, dat doe noch yn 'e bioskopen draaide. Joseph Vogel, de algemien direkteur fan MGM, besocht de filmset yn Spanje, rekke ûnder de yndruk fan 'e film en stjoerde produksjehaad Sol C. Siegel om it spul oer te eagjen. Uteinlik wie mei de ynstap fan MGM foar de film in budget beskikber fan $7 miljoen. Siegel rikkemandearre lykwols ferskate feroarings oan, mei't er fûn dat de film te lang wie, te min aksje hie en swak einige. Doe't regisseur Ray dêryn meigie, late dat ta heechoprinnende rûzje mei senarioskriuwer Philip Yordan, oant de beide mannen inkeld noch fia de portofoan kommunisearren.
Kameraregisseur Franz Planer rekke yn july 1960 siik. Syn assistint Manuel Berenguer waard dêrnei yn syn plak beneamd, mar doe't MGM dêr lucht fan krige, waard ynstee Milton R. Krasner stjoerd. Yn septimber resultearre yn auto-ûngemak by Aranjuez yn 'e dea fan Arthur Resse, dy't by de produksje belutsen wie as hynstetrainer, wylst akteur Harry Guardino, dy't de rol fan Barabbas fertolke, ferwûne rekke. Om dyselde tiid hinne rekke Ray oerspand en moast er as regisseur tydlik ferfongen wurde troch Charles Walters.
Postproduksje
bewurkje seksjeDe postproduksje fan King of Kings waard dien yn it studiokompleks fan MGM yn Culver City (Kalifornje). Op fersyk fan 'e studio waarden reshoots holden foar ferskate sênes. Sa waard Ray Bradbury as nije senarioskriuwer by de film behelle om in nije, bettere ein te skriuwen en teffens de tekst fan in ferteller dy't de ûnderskate eleminten fan 'e film oaninoar prate soe. Dy tekst waard ynsprutsen troch Orson Welles. Noch Bradbury, noch Welles waard dêrfoar yn 'e begjintitels fermeld. De filmmuzyk waard skreaun en (mei in orkest fan 75 man en in 50-koppich koar) opnommen troch Miklós Rózsa. Nei in sneakpreview kaam MGM ta de konklúzje dat der noch in sêne miste mei Siobhán McKenna (de Marije, de mem fan Jezus) en Carmen Sevilla (Marije Magdalena); dy lêste reshoot waard dien op 8 maaie 1961 yn 'e MGM-British Studios yn Hertfordshire.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan King of Kings waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 11 oktober 1961 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. King of Kings waard op 6 febrewaris 2003 útbrocht op dvd en op 28 july 2009 op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige King of Kings doedestiden mingde resinsjes. It tydskrift Variety priizge de film as "in grutte filmproduksje neffens eltse mjitstêf" dy't net inkeld "slagge is as spektakel", mar dy't it ek "slagget om it hert oan te roeren." Harrison's Reports parte de film syn bêste beoardieling "treflik" ta en foarsei dat King of Kings "net inkeld in duorjend stimpel drukke sil op it glorieuze boek fan 'e filmyndustry, mar ek in memorabele ynfloed hawwe sil op it gedachtelibben fan al dy miljoenen dy't [de film] sjen sille."
Philip K. Scheuer fan 'e Los Angeles Times fûn de film mar sa-sa. Hy skreau: "It is gjin Grutte Keunst […], mar it is teminsten trochdrinzge fan in soberheid fan doel dy't, nettsjinsteande de gewoane minsklike feilberens, stilswijend oanfielt en respektearre wurde kin. Technysk is it fansels in produksje mei folle mear glâns as de film fan C.B. DeMille út 1927, en tige wierskynlik teminsten syn gelikense op it mêd fan effektiviteit. Dramatysk falt er, leau ik, earne tusken it teätrale fermaak dat Ben-Hur wie en it spirituele mar geastleaze Francis of Assisi yn."
It Monthly Film Bulletin murk op: "As, ienfâldichwei, in ferzje fan it withoe bekende ferhaal, hat [King of Kings] guon aparte ynfoegings (it besyk fan Jezus oan Jehannes de Doper yn syn sel) en weilittings. It oerweldigjende falen sit him lykwols yn it finen fan lykfol hokker styl, yn bylden, dialooch of muzyk, dy't better is as de de meast smaakleas konvinsjonele Bibelyllustraasjes." Bosley Crowther fan The New York Times fûn dat de film "it aard fan in yllustrearre preek" hie en in "nuveraardich ûnpersoanlike film" wie dy't "in protte willekeurige aksje om Jezus hinne opbout en mar in hiel lyts bytsje docht om foar Him in libbene persoanlikheid op te bouwen."
Noch negativer wie it blêd Time, dat King of Kings omskreau as "sûnder mis de flauste, ûnoprjochtste, ûnnoazelste en alderferskriklikst fulgêrste fan alle grutte Bibelferhalen dy't Hollywood yn it lêste desennium ferteld hat." En yn The Washington Post liet Richard L. Coe King of Kings ôfrinne as "in film dy't nea makke wurde moatten hie" omreden fan it beslút fan 'e makkers om Jezus te presintearjen as "in universeel, ûnkontroversjeel figuer". Neffens Coe wie "it fuortsnijen fan Syn dynamyske, revolúsjonêre konsepten" itselde as "Syn reis op 'e ierde ta in hol ritueel meitsje, in sinleas mearke […]."
Lettere beoardielings fan King of Kings binne oer it generaal mylder as de kontemporêne. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat King of Kings in goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei genôch ferhaaldjipte om it ferwachte spektakel te ferankerjen is King of Kings in wiere seine foar fans fan bibelske epossen."
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeKing of Kings brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $8,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $13,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7 miljoen betsjut dat in winst fan $6,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De skjinne winst soe neffens filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer $1.621.000 bedroegen hawwe.
Prizen
bewurkje seksjeMiklós Rózsa waard foar syn wurk oan King of Kings yn 1962 nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjinele filmmuzyk.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|