Frank Versace (útspr. [fʀɔ̃:k vɛʀ'zas], likernôch: "fchônk wechzas"), echte namme ûnbekend (yn Frankryk, 19 novimber 1973), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur, waans artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Franck Versace of Franck Versage. Hy hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Jean Roman, Gilles Vedette, Frank Metairie en Franky Versace. Hy begûn yn 1993 mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2000 beëinige er karriêre as pornoakteur.

Frank Versace
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jean Roman, Gilles Vedette,
Frank Metairie, Franck Versace,
Franky Versace, Franck Versage
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 19 novimber 1973
berteplak ûnbekend (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 19932000
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Versace waard yn 1973 earne yn Frankryk berne. Yn 1993, doe't er tweintich jier wie, sette er útein mei in karriêre as pornografysk akteur, wêrby't er hast útslutend yn 'e Jeropeeske pornoyndustry aktyf wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile er yn totaal yn goed 120 films, foar it meastepart foar de Sweedske studio Private. Dêrnjonken wurke er ek foar Dútske labels as Videorama en DBM, wylst er sporadysk ek yn 't spier wie foar Amerikaanske filmstudio's as Evil Angel.

Under syn karriêre yn 'e pornoyndustry wurke Versace gear mei aktrises as Nikki Anderson, Ania, Erika Bella, Gabriella Bond, Rita Cardinale, Luma Carioca, Julia Chanel, Channone, Monique Covét, Sandra Dark, Nicolette Fauludi, Anita Gyöngy, Hedvig Kaser, Joy Kiss, Sidonie Lamour, Joo Min Lee, Kristina Lion, Angelica Mirai, Kai Nobel, Peggy Sue, Jennifer Red, Ines en Inga Ridere, Aliza Rusk, Tania Russof, Kristina Schwartz, Gabrielle Scream, Julia Spain, Su Ann, Julia Tchernei, Agnes Tilli, Coralie Trinh Thi en Mame Yong.

Versace wurke fierders in protte gear mei de Frânske regisseur en filmprodusint Pierre Woodman en mei kollega-akteurs as Alain Deloin, Jean-Yves Lecastel, David Perry en Philippe Soine. Guon fan 'e bekendste films dêr't er yn spile, wiene The Gigolo diel 1 en 2, The Golden Triangle diel 1 en 2, The Pyramid diel 2, Sweet Baby diel 1, Tatiana diel 1, 2 en 3, The Tower diel 1, 2 en 3, allegear foar Private. Fierders wied er ek te sjen yn 6 dielen fan 'e rige Private Stories, 14 dielen fan 'e rige Private Video Magazine, 16 dielen fan 'e rige Private Triple X en net minder as 41 dielen fan 'e rige Private Castings X. Yn 2000 loek Versace him nei sân jier út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: