Full Metal Jacket
Full Metal Jacket is in Amerikaansk-Britske anty-oarlochsfilm út 1987 ûnder rezjy fan Stanley Kubrick, mei yn 'e haadrollen Matthew Modine en R. Lee Ermey. De film is basearre op 'e roman The Short-Timers, fan Gustav Hasford. De titel ferwiisd nei in type kûgel mei in patroan dat folslein fan metaal is. It ferhaal folget J.T. "Joker" Davis, in rekrút fan it Amerikaanske Marinierskorps, by syn training ûnder de ûnmeilydsume sersjant-ynstrukteur Hartman en letter by syn útstjoering nei Súd-Fjetnam yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch. Full Metal Jacket krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en waard nominearre foar de Oscar foar bêste adaptearre senario. Yn 'e bioskopen wie de film boppedat ek in kommersjeel súkses.
Full Metal Jacket | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Stanley Kubrick | |
produsint | Stanley Kubrick | |
senario | Stanley Kubrick Michael Herr Gustav Hasford | |
basearre op | The Short-Timers fan Gustav Hasford | |
kamerarezjy | Douglas Milsome | |
muzyk | Abigail Mead | |
filmstudio | Natant Harrier Films | |
distribúsje | Warner Bros. (Feriene Steaten) Columbia-Cannon-Warner Distributors (Feriene Keninkryk) | |
spilers | ||
haadrollen | Matthew Modine R. Lee Ermey | |
byrollen | Vincent D'Onofrio Arliss Howard Adam Baldwin Kevyn Major Howard | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 17 juny 1987 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | anty-oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Fjetnameesk) | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $16,5–30 miljoen | |
opbringst | $120 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeUnder de Fjetnamoarloch arrivearret in groep nije rekruten fan it Amerikaanske Marinierskorps op it Marinieresrekrutedepot Parris Island, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. Dêr begjinne se in tige drege, moannenlange training ûnder tafersjoch fan 'e ûnmeilydsume sersjant-ynstrukteur Hartman, dy't gebrûk makket fan wrede metoaden om 'e rekruten om te turnjen ta gefjochtsreeë mariniers. Hy hat it ek foar de moade om 'e rekruten bynammen te jaan. Sa kriget J.T. Davis, nei't er in grapke makke hat, fan him de bynamme "Joker" ("Grapmakker"), wylst rekrút Evans, dy't út Teksas komt, troch him "Cowboy" neamd wurdt. Mank de rekruten is ek de te grouwe Leonard Lawrence, dy't boppedat geastlik traach is. Hy wurdt troch Hartman "Gomer Pyle" neamd, nei in bekend ûnnoazel personaazje út The Andy Griffith Show (in Amerikaanske komeedzjesearje út 'e 1960-er jierren).
Al rillegau docht bliken dat Pyle folslein ûngeskikt is foar de marinierstraining. Hy ferjit hieltyd krúsjale dingen, kin net meikomme op 'e hindernisbaan of by it draven en wekket ek op oare manearen hieltyd wer de grime fan Hartman op. As de yntimidearjende en fernederjende bestraffings gjin effekt sortearje, beslút Hartman om Pyle oan Joker te keppeljen yn in mentorskipsrelaasje. Joker docht bot war om Pyle op te skerpjen, en ûnder syn begelieding boekt Pyle in beskate foarútgong.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Hartman lykwols op in jûn by in ynspeksje ûntdekt dat Pyle, dy't op dieet pleatst is om syn oergewicht kwyt te reitsjen, in doughnut út 'e kantine efteroerdrukt hat om't er honger hat, binne de rapen gear. Hartman riddenearret dan dat it him mar net slagget om fan Pyle in goede marinier te meitsjen om't de oare rekruten dêr net by helpe. Dat, tenei sil er Pyle net mear straffe foar syn oertrêdings en blunders, mar ynstee de oare rekruten. Dat docht er ek, en eltse kear as Pyle wat ferjit of wat stoms docht of net meikomme kin, krije de oare rekruten strafoefenings wylst Pyle dêr net oan mei hoecht te dwaan. De oare rekruten hawwe dêr begryplikerwize hiel gau har nocht fan, en as der gjin teken is dat Pyle him út himsels opskerpet, wurdt er op in nacht troch in pear man mei in tekken oer him hinne oan syn bêd fêstholden, wylst alle oaren him in wan bruien jouwe mei yn handoeken bewuolle stikken sjippe. Ek Joker docht dêr oan mei, sij it mei tsjinnichheid.
De pine fan dy ôfrânseling is einlik genôch om Pyle by de les te hâlden. Neitiid leit er him mear ta op 'e training en ferjit neat mear. As de rekruten lang om let sjitoefenings krije, docht boppedat bliken dat Pyle in earsten skerpskutter is. De feroaring is Hartman tige tefreden oer, mar Joker, dy't Pyle trappearret as er súntsjes tsjin syn gewear praat, makket him soargen, om't er bang is dat Pyle der geastlik oan ûndertroch giet.
Uteinlik slagje de rekruten foar de training en ûntfange se har yndielings by it Marinierskorps. Joker wurdt as militêr sjoernalist tawiisd oan 'e Stars and Stripes, de krante fan it Marinierskorps. De measte oaren, Pyle en Cowboy ynbegrepen, wurdt tawiisd oan 'e ynfantery. Yn harren lêste nacht op Parris Island ûntdekt Joker Pyle op it húske, dêr't er syn gewear mei skerpe munysje oan it laden is. As er himsels mei útset lûd befellen begjint ta te skreauwen, wurde alle oare rekruten wekker, en sersjant Hartman ek. Hartman oarderet de oaren wer op bêd en giet sels op ûndersyk út. Joker warskôget him dat Pyle syn gewear mei skerp laden hat. De sersjant besiket Pyle te yntimidearjen ta it oerlangjen fan it gewear, mar Pyle sjit him dea. Eefkes liket it as wol Pyle dêrnei ek Joker deasjitte, mar dan giet er sitten, nimt de loop fan it gewear yn 'e mûle en sjit himsels dea.
Hoewol't it gefal fan moard-selsmoard Joker op it stuit sels bot oangrypt, wit er it nei syn útstjoering nei Súd-Fjetnam gau efter him te litten. Yn jannewaris 1968 is er in yn 'e wol ferve oarlochskorrespondint mei de rang fan sersjant, dy't yn Đà Nẵng foar Star and Stripes wurket. Hy wurdt oeral beselskippe troch syn fêste fotograaf, de griene soldaat Rafterman. Dyselde kin net wachtsje om nei it front te gean, mar Joker hat dêr net bot ferlet fan, ek al hawwe de oare leden fan 'e redaksje soms wat de gek mei him omreden fan syn gebrek oan gefjochtsûnderfining. Syn kalme bestean wurdt lykwols fersteurd troch it Tetoffinsyf, wêrby't it Noardfjetnameeske Leger en de Vietcong besykje om 'e Amerikaanske posysjes yn Súd-Fjetnam ûnder de foet te rinnen. By in oanfal op 'e basis fan it Marinierskorps yn Đà Nẵng bedarret Joker dan ek foar it earst yn it hjitst fan 'e striid.
De oare deis wurdt de redaksje ynljochte oer de oanfallen yn hiel Súd-Fjetnam. Joker wurdt, om ferslach te dwaan fan 'e op oare plakken noch altyd oangeande striid, mei Rafterman útstjoerd nei Phú Bài. Dêr moetsje se in geweargroep dy't troch de leden it Lusthog Squad neamd wurdt. Joker wurdt weriene mei syn âlde maat Cowboy, fan it trainingskamp, dy't diel útmakket fan it Lusthog Squad. Omreden fan dy konneksje slute Joker en Rafterman har by de geweargroep oan en sa fjochtsje se mei yn 'e Slach om Huế. Dêr komt de pelotonskommandant, luitenant Walter "Touchdown' Schinoski, al rillegau te sneuveljen. Letter komt ek sersjant Crazy Earl om, de befelhawwer fan it Lusthog Squad, as er by fersin in falstrikbom ûntploffe lit. Sadwaande kriget Cowboy it befel oer de geweargroep.
Dêr is Cowboy eins net geskikt foar, mei't er te ûnwis is en net genôch oerwicht oer de oare leden fan 'e geweargroep hat. Under syn lieding rekket it Lusthog Squad paadbjuster tusken de stikken sketten gebouwen fan Huế. Hy oarderet de swarte soldaat Eightball om op ferkenning te gean, mar dy wurdt delsketten troch in slûpskutter. Hy libbet noch, en wurdt mei opsetsin ferskate bykommende kearen rekke, dat hy kjirmet it út. Mar Cowboy is derfan oertsjûge dat er in hiele peloton Noardfjetnamezen foar him oer hat en wifket oer wat er dwaan moat. Doc Jay, de hospik fan 'e geweargroep, nimt sels it inisjatyf om nei Eightball ta te gean, mar hy wurdt ek delsketten. Dan beslút Cowboy om 'e geweargroep werom te lûken. Om't dat betsjutte soe dat se de noch altyd libjende Eightball en Doc Jay efterlitte moatte, wegeret de masinegewearskutter Animal Mother dat befel oan te nimme. Ynstee giet er op eigen manneboet efter de beide delsketten soldaten oan, mar hy komt te let om harren te rêden. Wol ûntdekt er dat der gjin peloton foar harren oer leit, mar inkeld in ienlike slûpskutter.
Cowboy en de oare leden fan 'e geweargroep folgje Animal Mother nei foarren, mar wylst se efter de dekking fan in hoeke fan in gebou oer de radio foar oerlis kontakt opnimme mei it haadkertier, wurdt Cowboy troch in gat yn it gebou hinne delsketten. Hy rekket dêrby deadlik ferwûne en stjert yn Joker syn earms. Animal Mother nimt dêrop de lieding oer en giet foarop by in oanfal op 'e posysje fan 'e slûpskutter. Hy, Joker en Rafterman kringe it gebou binnen dêr't de slûpskutter him ferskânze hat, en Joker is de earste dy't de slûpskutter ûntdekt. As it lykwols in famke fan teenagejierren blykt te wêzen, rekket er derôf en wifket er eefkes te lang. De slûpskutter nimt him ûnder fjoer, en hy oerlibbet it mar nauwerneed, mar hy wurdt út syn benearing rêden troch Rafterman, dy't it fanke fan in oare kant ôf oer it mad komt en delsjit.
De oare leden fan 'e geweargroep kloftsje gear om it swierferwûne famke hinne. Rafterman is alhiel útskroeven oer syn aksje, mar Joker is suver beroerd fan 'e hiele sitewaasje. It is dúdlik dat it fanke har ferwûnings net oerlibje sil, mar ek dat se foarearst noch net deagiet. Se freget yn brutsen Ingelsk om deamakke te wurden. Animal Mother wol har krepearje litte, mar Joker seit dat se har sa net efterlitte kinne. Animal Mother nûget him út om dêr wat oan te dwaan as er dat sa graach wol. Dat Joker hellet syn pistoal foar it ljocht en nei eefkes wifele te hawwe ferlost er har út har lijen troch har dea te sjitten.
Neitiid masjearje de mariniers sjongend werom hei harren kamp. Yn in voice-over fertelt Joker dat er, nettsjinsteande it feit dat er him yn "in wrâld fan stront" befynt, dochs bliid is dat er noch libbet, en noch blider dat er sa njonkelytsen hast nei hûs kin.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
soldaat (letter sersjant) J.T. "Joker" Davis | Matthew Modine |
sersjant-ynstrukteur Hartman | R. Lee Ermey |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
soldaat Leonard "Gomer Pyle" Lawrence | Vincent D'Onofrio |
soldaat (letter sersjant) "Cowboy" Evans | Arliss Howard |
soldaat "Animal Mother" | Adam Baldwin |
fotograaf Rafterman | Kevyn Major Howard |
soldaat "Eightball" | Dorian Harewood |
luitenant Lockhart | John Terry |
soldaat Doc Jay | Jon Stafford |
sersjant Crazy Earl | Kieron Jecchinis |
de doorgunner yn 'e helikopter | Tim Colceri |
luitenant Walter J. "Touchdown" Schinoski | Ed O'Ross |
kolonel | Bruce Boa |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeFull Metal Jacket waard regissearre troch Stanley Kubrick nei in senario fan himsels, Michael Herr en Gustav Hasford op basis fan Gasford syn roman The Short-Timers, út 1979. Kubrick wie ek de produsint fan 'e film en wurke yn dy hoedanichheid foar de filmstudio's Natant en Harrier Films. Full Metal Jacket wie dêrmei in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber dat ôfhinklik fan 'e boarne útienrinne soe fan $16,5 miljoen oant $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Douglas Milsome, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Abigail Mead (in skûlnamme foar Vivian Kubrick, de dochter fan 'e regisseur).
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Full Metal Jacket fûnen yn 1985 en 1986 plak yn Ingelân. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Der waard op lokaasje filme yn Cambridgeshire, op 'e Norfolks Broads, op it Isle of Dogs en yn 'e neite fan Londen. By Cliffe-at-Hoo, oan 'e Teems, waard it Fjetnameeske oerwâld neibeard mei twahûndert ymportearre palmbeammen út Spanje en 100.000 tropyske planten fan plestik dy't makke wiene yn Hongkong. Wat it swiere materieel oanbelanget, wist regisseur Stanley Kubrick fjouwer M41 Walker Bulldog-tanks te lienen fan in kolonel fan 'e Belgyske Lânkomponint fan Definsje, dy't in bewûnderder fan syn sinematysk wurk wie. Om 'e Sikorsky H-34 Choctaw-helikopters fan it Amerikaanske Marinierskorps wer te jaan, ferve er Westland Wessex-helikopters grien. (Hoewol't de Westland Wessex ôflaat wie fan 'e Sikorsky H-34, wie it net itselde type helikopter, eat dat kenners fuortendaliks oan 'e foarm fan 'e noas sjen kinne.)
Bassingbourn Barracks, in eardere fleanbasis fan 'e Britske Keninklike Loftmacht (RAF), giet yn 'e film troch foar it trainingskamp fan it Amerikaanske Marinierskamp op Parris Island. Dêr ûndergiene de akteurs dy't de rekruten spilen in frij reälistyske marinierstraining, oant se der by delfoelen. R. Lee Ermey fertolke de rol fan sersjant-ynstrukteur Hartman. Hy hie ûnder de Fjetnamoarloch echt sersjant-ynstrukteur by it Amerikaanske Marinierskorps west, dat Kubrick liet him fierhinne syn eigen dialooch optinke. De akteurs dy't de rekruten spilen, waarden troch him tsien oeren deis taraasd. Under de opnamen krige Ermey in ferkearsûngemak wêrby't er alle ribben oan ien kant briek, mei as gefolch dat de produksje fjouwer en in heale moanne stil kaam te lizzen.
De foar de sloop ornearre Millennium Mills yn 'e Beckton Gas Works te Newham, in wyk fan Londen, waard brûkt om Huế foar te stellen. It wie in earder gasfabryk, dêr't it tige dreech wie om te wurkjen, foar de filmcrew likegoed as foar de akteurs. Grûn en lucht wie dêr fergiftige mei asbest en hûnderten oare gemikaaljes. Matthew Modine, dy't de rol fan Joker spile, die dêr letter in boekje oer iepen yn it autobiografyske wurk Full Metal Jacket Diary (2005). Kubrick syn dochter Vivian Kubrick naam by de opnamen fan Full Metal Jacket achttjin oeren oan byldmateriaal op foar in eventuele efter-de-skermendokumintêre, dy't lykwols nea makke waard. Kubrick en Vivian hiene tegearre in cameo yn 'e film as parsefotografen by in massagrêf fan Súdfjetnameeske oerheidsfunksjonarissen dy't by it Tetoffinsyf troch it Noardfjetnameeske Leger fermoarde binne.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Full Metal Jacket waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros. en yn it Feriene Keninkryk troch Columbia-Cannon-Warner Distributors. De film gie op 17 juny 1987 yn Beverly Hills yn premiêre, en iepene dêrnei op 26 juny yn 'e Amerikaanske en op 11 septimber yn 'e Britske bioskopen. Full Metal Jacket waard op 23 oktober 2007 foar it earst útbrocht op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Full Metal Jacket oer it algemien positive resinsjes. Richard Corliss fan it tydskrift Time neamde de film "in technyske knock-out" en priizge benammen "de wylde, wanhopige humor yn 'e dialooch". Yn The New York Times omskreau Vincent Canby de film as "oangripend, prachtich en karakteristyk eksintryk". Yn it blêd Variety waard Full Metal Jacket omskreaun as "yntins" en "treflik makke".
Ian Nathan fan it Britske tydskrift Empire joech de film lykwols mar 3 fan 5 stjerren. Hy wie fan miening dat Full Metal Jacket "ynkonsekwint" wie en "sawol meislepend as op frustrearjende wize op in distânsje bliuwend". Nei it earste diel, oer de training, fûn er dat de film yn it stik oer Fjetnam "gjin doel mear" hie. Ek Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie krityk op Full Metal Jacket, dat neffens him negatyf ôfstiek neffens oare grutte oarlochsfilms oer de Fjetnamoarloch, lykas Apocalypse Now, The Deer Hunter en Platoon. Hy neamde Full Metal Jacket "nuveraardige foarmleas" en fûn dat de film yn it twadde diel, oer Fjetnam "desyntegrearre ta in rige selsstannige stikjes, dy't net ien fan allegearre bot befredigje."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Full Metal Jacket in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 83 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Stanley Kubrick syn Full Metal Jacket is yntins, kompakt fan opbou en bytiden dûnkere komysk. De film mei dan net de orizjineelste tema's hawwe, mar is wol tige by tige effektyf yn it oerbringen dêrfan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Full Metal Jacket in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 19 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeFull Metal Jacket brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $73,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $120,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16,5 oant 30 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $90 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1987 waard Full Metal Jacket by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn twa kategoryen: bêste lûd en bêste special effects. Yn 1988 waard de film fierders nominearre foar de Oscar foar bêste adaptearre senario en de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in spylfilm (R. Lee Ermey). Full Metal Jacket wûn de Japanske Kinema Junpo foar bêste rezjy fan in bûtenlânske film en de Italjaanske David di Donatello foar bêste filmprodusint fan in bûtenlânske film.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.
|