G.I. Blues

film út 1960 fan Norman Taurog en Hal B. Wallis

G.I. Blues is in Amerikaanske filmmusical en romantyske komeedzje út 1960 yn Technicolor, ûnder rezjy fan Norman Taurog. De haadrollen waarden fertolke troch Elvis Presley en Juliet Prowse. De titel is dreech oer te setten. "G.I." is in ôfkoarting foar Government Issue ("troch de oerheid levere") en ferwiist nei in soldaat yn it Amerikaanske Leger. "Blues" is in sprektaalterm foar somberheid, yn 't bysûnder y.f.m. leafdesperikels. "G.I. Blues" soe sadwaande opfet wurde kinne as "De Relaasjeswierrichheden fan in Soldaat". It ferhaal folget Tulsa MacLean, in Amerikaanske soldaat dy't legere is yn West-Dútslân. Hy en in pear maten besykje jild byinoar te krijen om nei harren ûntslach út militêre tsjinst in eigen nachtklub te iepenjen. Mei in weddenskip kin Tulsa $600 winne as it him slagget de nacht troch te bringen mei de dûnseresse Lili, dy't al withoefolle Amerikaanske soldaten in blautsje rinne litten hat. Tulsa komt lykwols yn 'e swierrichheden as er fernimt dat er fereale op Lili oan it reitsjen is. Fan 'e filmkritisy krige G.I. Blues mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol.

G.I. Blues
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Norman Taurog
produsint Hal B. Wallis
senario Edmund Beloin
Henry Garson
kamerarezjy Loyal Griggs
muzyk Joseph J. Lilley
filmstudio Hal Wallis Productions
Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Elvis Presley
Juliet Prowse
byrollen Robert Ivers
Leticia Román
Arch Johnson
James Douglas
Sigrid Maier
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 novimber 1960
foarm lange filmmusical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk (ek wat Dútsk)
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $4,3 miljoen (Noard-Amearika)

Soldaat Tulsa MacLean út Oklahoma tsjinnet yn it Amerikaanske Leger as lid fan in tankbemanning by de 3e Pânserdifyzje, dy't legere is yn West-Dútslân. Hy is in gitarist en sjonger dy't derfan dreamt om nei syn tsjinsttiid yn syn heitelân in eigen nachtklub te iepenjen. Mei syn maten Cookie en Rick hat er in kombo foarme fan twa gitaristen en in kontrabassist. Se hoopje mei optredens yn ferskate Westdútske Gasthäuser jild gear te bringen om as ûnderpân te tsjinjen foar de hier fan in gebou dat se foar de nachtklub op it each hawwe.

Tulsa is in glêde sjacherder, dy't mei wurden de measte oaren wol oer kin. Sa hat er syn sersjant, de net al te snuggere McGraw, $300 ôftroggele as in "ynvestearring" yn 'e nachtklub. By wize fan rotaasje wurdt de ienheid fan Tulsa-en-dy tydlik oerpleatst by de grins fan 'e DDR wei nei in kazerne yn 'e stêd Frankfurt. Op it treinstasjon moetsje de mannen de leden fan 'e ienheid dy't út Frankfurt wei oerpleatst wurdt nei de grins. Ien fan 'e soldaten yn dy ienheid is Turk, dy't de reputaasje hat fan in rokkejager dy't eltse frou wol krije kin. It docht lykwols bliken dat Turk hopeleas ôfwiisd is troch Lili, de seksy dûnseresse yn Café Europa yn Frankfurt. As de oaren him dêrmei pleagje, stelt Turk in weddenskip foar: Dynamite, in soldaat út 'e ienheid fan Tulsa dy't al krekt sa'n rokkejager is as hy, kriget in wike de tiid om mei Lili op bêd. Turk en syn maten sette der gâns jild op yn dat him dat net slagje sil, wylst Dynamite en syn maten der jild op ynsette dat er it wol oprêde sil. Tulsa sjocht syn kâns skoan om syn slach te slaan en leit de $300 fan sersjant McGraw yn, dy't er hopet te ferdûbeljen ta $600, wat genôch wêze soe om it gebou foar syn nachtklub te reservearjen.

Krekt foar't de ienheid fuort sil, komt der lykwols in ofsier del dy't seit dat er oanhâldend klachten oer Dynamite kriget fan 'e heiten fan tsjeppe Dútske famkes. Mei't it fjoer fan 'e leafde yn Dynamite blykber sa heech oplôget dat er it net delbêdzje kin, hawwe syn oerhearrigen besletten om him dêrby te helpen troch him nei in kâld plak ta te stjoeren. Hy mei dêrom syn koffers pakke, want hy wurdt oerpleatst nei Alaska. Dat bringt de mannen út Dynamite syn ienheid, dy't jild yn 'e weddenskip mei Turk ynlein hawwe, wol yn in ferfelende sitewaasje. Cookie giet nei Turk ta om 'e weddenskip op te heffen en harren ynlis werom te krijen, mar Turk fielt dêr neat foar. Ynstee seit er dat de weddenskip trochgiet en dat de leden fan 'e ienheid fan Dynamite sels mar útmeitsje moatte wa fan harren Dynamite syn plak ynnimme sil troch te besykjen it mei Lili oan te lizzen. Cookie en de oaren binne it deroer ien dat Tulsa, mei syn Súdlike sjarme en syn glêde praatsjes, de measte kâns makket, dat ek al fielt er der sels eins neat foar, dochs wurdt er troch harren as plakferfanger fan Dynamite foarútskood.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't se yn 'e kazerne yn Frankfurt arrivearre binne, sette Tulsa en Cookie de jûns, as se ferlof hawwe nei Café Europa ta. Harren maat Rick giet ûnderwilens op 'e siik nei Marla, in Frankfurter fanke mei wa't er oardel jier lyn wat hân hat en dat er mar net ferjitte kin. Mar trochdat er in jier oerpleatst west hat nei Noard-Afrika is er har alhiel út it each ferlern. De hospita fan Marla seit dat hja ferhuze is sûnder in nij adres troch te jaan. Yn Café Europa beävensearret Cookie, dy't sels ek net frij fan glêde praatsjes is, dat Lili mei Tulsa yn 'e kunde komt. Wilens leit er it sels oan mei in út Milaan ôfkomstige servearster yn it kafee, dy't Tina hjit. Lili hat net folle belangstelling foar Tulsa, mar as se troch de eigner fan it kafee ûnder druk set wurdt om freonlik te wêzen foar in rike âldere klant dy't syn each op har falle litten hat, seit se dat se spitigernôch al in ôfspraakje mei Tulsa hat om dy ferfelende man te ûntrinnen.

Cookie hie besocht yndruk op Lili te meitsjen troch Tulsa foar te stellen as in miljonêrssoan en de erfgenamt fan in spoarweimagnaat, mar Tulsa bekent oan har dat er hielendal gjin jild hat en dat syn pake mar gewoan in stoker op in lokomotyf wie. Lili, dy't neat hawwe moat fan opskepperij, begjint har krekt dêrtroch ta him oanlutsen te fielen. Se geane nei in oar kafee, dêr't sy beävensearret dat Tulsa in ferske sjongt yn 'e Amerikaanske styl, en úteinlings nûget se him út om noch wat te drinken by har thús. Underwilens hat Cookie de servearster Tina ynpalme, dat sy nûget him ek út om mei har nei hûs ta. Se binne krekt op 'e bank oan it tútsjen as Lili en Tulsa deryn komme: Tina en Lili blike keamergenoates te wêzen. Nei't se inoar op dy manear yn 'e tsjillen riden hawwe, einiget de jûn foar de beide soldaten yn mineur. Mar Tulsa praat mei Lili ôf dat er moarn wer mei har op en út sil.

It is foar Tulsa in kâld keunstke om trije ferlofpassen fan sersjant McGraw los te krijen foar him, Cookie en Rick. Hy en Lili meitsje dy middei as deitoeristen in fartocht oer de Ryn, wêrby't Tulsa ûnder mear in poppekastspiler mei in stikkene bânrecorder út 'e problemen helpt troch live muzyk te leverjen. Dy deis wikselje se harren earste tút út. Underwilens betellet Cookie foar Tina in reiske nei Milaan, sadat se by har âldelju op besite kin. Dat docht er lykwols inkeld om it paad te klearjen sadat Tulsa, sûnder troch har keamergenoate steurd te wurden, mei Lili op bêd kin om 'e weddenskip te winnen. En Rick giet nochris by de hospita fan Marla del, mar mei itselde resultaat. Sadree't er sûnder wat bedijd te hawwen ôfset is, giet it âldminske nei it oanbuorjende húske, dêr't Marla blykt te wenjen mei har poppe fan minder as in jier âld. De hospita besiket op har yn te praten om Rick in twadde kâns te jaan, mar sy is lulk dat er har sitte litten hat doe't se heech en dreech wie, dat se wol neat mear fan him witte.

Op 'e weromweis by de Ryn wei merkt Tulsa dat er fereale begjint te reitsjen op Lili, en dat sy lyksoartige gefoelens foar him ûntwikkelet. Dat makket dat er him beswiere begjint te fielen oer de weddenskip. Dy jûns siket er har sadwaande op yn har klaaikeamer yn Café Europa, en seit dat se inoar mar net mear sjen moatte. Hy ferswijt de weddenskip, mar seit dat hy as soldaat samar earnewêr oars hinne oerpleatst wurde kin, en dat sy dan mei leafdesfertriet efterbliuwe soe. Dêrom liket it him better om inkeld lichthertige flirtaazjes mei fammen oan te gean en gjin romantyske relaasjes wêryn't djippe gefoelens in rol spylje. Tulsa fertelt de feralterearre Cookie wat er dien hat, en dy set gau nei Lili har klaaikeamer ta om te sjen oft der noch wat te rêden is. Ta syn ferromming seit Lili dat se grut respekt hat foar de folwoeksen hâlding dy't Tulsa oan 'en dei leit, en dy't se by soldaten noch net earder meimakke hat. Cookie konkludearret dat de weddenskip noch te winnen is as er Tulsa safier kriget dat dy fan gedachten feroaret, en dat boadskip jout er troch oan 'e oare soldaten fan 'e ienheid.

Underwilens hat de hospita fan Marla besletten om foar har eigen bêstwil yn har persoanlike oangelegenheden yn te gripen troch Rick de wierheid te fertellen. As er Marla wer sjocht, wit Rick har derfan te oertsjûgjen dat it net syn frije kar wie om by har wei te gean, en hy is sa bliid as wat om te hearren dat er in soan hat. Hy freget Marla op slach om mei him te trouwen, en sy jout tawurd. Tulsa wurdt om help frege om as oppas foar de poppe te fungearjen wylst Rick en Marla nei Heidelberg geane om it houlik te beävensearjen.

Tulsa wol bêst syn freon te wille wêze, mar hy hat gjin inkele ûnderfining mei poppen, en de soarch foar it folle-easkjende, mei útset lûd jammerjende fintsje wurdt him al rillegau tefolle. As er ek noch it molkefleske oan diggels falle lit, skillet er yn panyk de iennichste frou op dy't er hjirsanne ken: Lili. Sy nûget him mei de poppe by har thús út, dat Tulsa set dêrhinne mei it jonkje yn in grutte koer. De soldaten fan syn ienheid dy't (net by tafal) foar Lili har hûs oer yn in Gasthaus sitte te drinken, geane derfan út dat er in flesse sjampanje yn 'e koer hat. Lili helpt Tulsa mei de poppe, en dêrnei geane se sitten te praten "oant de poppe yn 'e sliep falt". Dan sil Tulsa wer nei Marla har hûs ta. Mar eltse kear as it lytse jonkje einlings ophâldt fan gûlen en ynslommet, makket Tulsa him, as Lili har eefkes omdraait, wer wekker, om't er net by har wei wol. Sa duorret it oant nei moarnsdage foar't Tulsa, nei't er de hiele nacht mei Lili njonken de poppe sitten hat te praten, wer ta it gebou útkomt. De soldaten yn it Gasthaus binne derfan oertsjûge dat er mei har sliept hat en regelje dat de ynlis fan 'e weddenskip útbetelle wurdt.

Dy middeis is der yn 'e kazerne in rippetysje foar in show dy't foar de Amerikaanske troepen opfierd wurde sil. Sawol Lili as it kombo fan Tulsa, Cookie en Rick meitsje diel út fan it optreden. Dêr heart Lili praat oer in weddenskip dy't Tulsa wûn hawwe soe troch mei har te sliepen. Se konkludearret dat er har, om't er har net krije koe, foar de gek holden hat mei in flau ferhaal oer in poppe om 'e yndruk te wekjen dat er mei har op bêd west hat. Lulk konfrontearret se Tulsa dêrmei. Hy jout ta dat der yndie sprake wie fan in weddenskip, mar dat dat no just de reden wie dat er it mei har útmakke hat. It needgefal fan 'e poppe wie echt. Lili leaut him net mear en rint fuort, mar yn 'e kûlissen fan 'e show heart se in poppe gûlen. As se op ûndersyk útgiet, fynt se deselde poppe werom dêr't sy en Tulsa de ôfrûne nacht op past hawwe. Se komt yn 'e kunde mei Marla, de mem, dy't har derfan oertsjûget dat it krekt sa sit as Tulsa har de jûns tefoaren ferteld hat. Se betanket har foar har help oan Tulsa, want "manlju binne sa helpeleas as it om poppen giet, se binne suver sels noch mear poppe as de poppe sels."

Underwilens wurdt Tulsa ynrekkene troch de Amerikaanske militêre plysje omreden fan 'e weddenskip, dy't no algemien bekend is. Syn ofsier komt by Lili om út namme fan it Amerikaanske Leger syn ûntskuldigings oan te bieden om't se it slachtoffer wurden is fan "misbrûk mei in monetêr eachmerk". Mar Lili antwurdet dat sy en Tulsa de nacht net allinne trochbrocht hawwe: se hiene feitliks in sjaperonne yn 'e foarm fan 'e poppe fan Rick en Marla. Dyselden falle har by en befêstigje dat Tulsa harren oppas wie. De saak rint alsa mei in skamper ôf en Tulsa wurdt wer loslitten. Lili stelt foar dat er dy jûns deun by har bliuwt; dan soed er dochs noch wolris syn weddenskip winne kinne.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Juliet Prowse en Elvis Presley yn G.I. Blues.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
soldaat Tulsa MacLean Elvis Presley
Lili Juliet Prowse


byrollen
personaazje                    akteur/aktrise
Cookie Robert Ivers
Tina Leticia Román
sersjant McGraw Arch Johnson
Rick James Douglas
Marla Sigrid Maier
Turk Jeremy Slate
Dynamite Edson Stroll
himsels Scotty Moore
himsels D.J. Fontana
Mac Kenneth Becker
Walt Carl Crow
Warren Beach Dickerson
Mickey Trent Dolan
Papa Müller Fred Essler
Hobart John Hudson
harrensels The Jordanaires
Jeeter Mickey Knox
Trudy Erika Peters
Harvey Ron Starr
eigner poppekast Ludwig Stössel

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Elvis Presley wie al in grutte popstjer doe't er yn 1958 foar militêre tsjinst yn it Amerikaanske Leger gie en yn West-Dútslân stasjonearre waard. Tsjin 1960 wie it twa jier lyn sûnt er foar it lêst in film útbrocht hie, King Creole. De filmkritisy hiene gehak makke fan syn foargeande trije films, mar King Creole hiene se foarsichtich posityf ûnthelle. Presley rekke der dêrtroch fan oertsjûge dat er ek in takomst as filmstjer hie, en hy seach út nei syn weromkear nei de filmyndustry fan Hollywood sadree't er út tsjinst kommen wie.

 
In advertinsje foar G.I. Blues.

Doe't dat safier wie, waard G.I. Blues syn folgjende film. De produksje waard regissearre troch Norman Taurog nei in senario fan Edmund Beloin en Henry Garson. As produsint wie Hal B. Wallis by it projekt belutsen foar de filmstudio's Hal Wallis Productions en Paramount Pictures. It is ûnbekend hoe'n grut budget der foar de film beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Loyal Griggs, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Joseph J. Lilley. De film soe earst Christmas in Berlin ("Kryst yn Berlyn") hjitte, mar waard al rillegau omneamd ta Café Europa, foar't men úteinlings besleat om der G.I. Blues fan te meitsjen.

De opnamen foar G.I. Blues setten ein april 1960 útein, in goed moanne nei't Presley yn maart fan dat jier út militêre tsjinst ôfswaaid en yn 'e Feriene Steaten weromkeard wie. De hiele film waard opnommen yn 'e Paramount Studios yn Hollywood, útsein wat lokaasjebylden dy't yn augustus 1959 al yn West-Dútslân opnommen wiene doe't filmprodusint Hal B. Wallis dêr delkaam om 'e produksje mei Presley troch te nimmen. Presley sels wie alhiel net op dy bylden te sjen; ynstee waard syn double Tom Creel dêrfoar brûkt. It Amerikaanske Leger wurke folslein oan 'e produksje fan G.I. Blues mei en levere de tanks en Jeeps dy't by de oefenings by de grins mei de DDR oan it begjin fan 'e film te sjen binne.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan G.I. Blues waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 4 novimber 1960 yn New York yn premiêre, en iepene koart dêrnei yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 septimber 1960 by platemaatskippij RCA Records. G.I. Blues waard yn 2007 op dvd útbrocht as diel fan in Elvis Presley-kolleksje dy't ek King Creole, Blue Hawaii, Fun in Acapulco, Roustabout, Girls! Girls! Girls!, Paradise, Hawaiian Style en Easy Come, Easy Go omfette.

 
In foto út 'e trailer fan 'e film. F.l.n.rj.: Juliet Prowse as Lili, Elvis Presley as Tulsa, en Arch Johnson as sersjant McGraw.

Fan 'e filmkritisy krige G.I. Blues mingde resinsjes. Bosley Crowther fan The New York Times hold him op 'e flakte, mar wie bliid dat er opmerke koe dat Elvis Presley him noris fatsoenlik hold en droech ("[Hy] is no in keardel dy't je hast útstean kinne."). Harrison's Reports omskreau G.I. Blues as "ridlik oant goed" en priizge benammen aktrise Juliet Prowse yn 'e rol fan Lili en "de moaie lânskipsbylden út Jeropa yn prachtige Technicolor". Richard L. Coe fan The Washington Post moast lykwols net folle fan 'e film hawwe, hoewol't er oannaam dat dy "nei alle gedachten it publyk wol tefredenstelle sil dêr't er sa oerdúdlik, en deprimearjend, foar makke is".

It tydskrift Variety omskreau G.I. Blues as "frijwat bernich" en "in rôlprint dy't wol in oerbliuwsel liket te wêzen fan 'e frivoale filmmusicals út 'e Twadde Wrâldoarloch". Neffens The Monthly Film Bulletin wie it net mear as in "rige losse nûmers dy't loskes oaninoar reaun wurde troch in ôfseage en tinne en freeslik sloppe plot." Itselde blêd priizge wol Juliet Prowse, mar fûn dat hja "in bettere rol fertsjinnet en in folwoeksener tsjinspiler; beslist ien mei mear oprjocht fjoer as Presley."

Anno 2024 hawwe de resinsjesammeljende websideen Rotten Tomatoes en Metacritic net ien fan beiden al in beoardieling fan G.I. Blues.

 
G.I. Blues draait yn 1960 yn in bioskoop yn Richmond (Firginia).

G.I. Blues brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,3 miljoen op en wie yn Noard-Amearika de op trettjin nei meast opbringende film fan 1960. Mei't it ûnbekend is hoefolle oft de film yn alle oare lannen en territoaria binnenhelle, en teffens wat it budget wie, is it net mooglik en sis wat de krekte opbringst wie. Mar yn algemiene termen kin steld wurde dat G.I. Blues it yn 'e bioskopen goed die, better as al Presley syn eardere films.

G.I. Blues waard yn 1961 nominearre foar de Grammy Awards yn 'e kategoryen bêste soundtrackalbum en bêste optreden fan in manlike sjonger op in album. De film wûn yn 1960 by de Laurel Awards de twadde priis yn 'e kategory bêste filmmusical.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.