Hellboy (film út 2019)

film út 2018 fan Neil Marshall

Hellboy is in Amerikaansk-Bulgaarske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Neil Marshall, mei yn 'e haadrollen David Harbour en Sasha Lane. De film fertoant ek dúdlik eleminten fan ferskate oare sjenres, lykas horrorfilm, splatterfilm en aksjekomeedzje. De titel betsjut letterlik "Hellejonge" en ferwiist nei de superheld Hellboy, dy't de haadpersoan fan 'e film is. Dizze film wie in reboot fan 'e filmsearje oer dat personaazje en folge as sadanich op Hellboy II: The Golden Army út 2008. Yn it ferhaal wurdt Hellboy nei Ingelân ta roppen om it dêr op te nimmen tsjin minskeslinende reuzen. Neat is lykwols wat it liket, en de superheld rekket behelle yn 'e striid tsjin 'e ûnstjerlike hekse Vivienne Nimue, dy't de minskheid útrûgje wol troch in pandemy te feroarsaakjen. Underwilens moat er der goed om tinke dat er syn eigen lotsbestimming net ferfollet, mei't dat ek de ein fan 'e minskheid betsjutte soe. Hellboy ûntfong oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. In twadde reboot fan 'e Hellboy-filmsearje, mei as titel Hellboy: The Crooked Man komt yn 2024 yn 'e bioskoop.

Hellboy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Neil Marshall
produsint Lawrence Gordon
Lloyd Levin
Mike Richardson
Philip Westgren
Carl Hampe
Matt O'Toole
Les Weldon
Yariv Lerner
senario Andrew Cosby
basearre op Hellboy fan Mike Mignola
kamerarezjy Lorenzo Senatore
muzyk Benjamin Wallfisch
filmstudio Summit Entertainment
Millennium Media
Gordon/Levin Productions
Dark Horse Entertainment
Nu Boyana
Campbell Grobman Films
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen David Harbour
Sasha Lane
byrollen Ian McShane
Daniel Dae Kim
Milla Jovovich
Stephen Graham
Doug Tait
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Bulgarije
premiêre 9 april 2019
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $55,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Hellboy
● foarich diel Hellboy II: The Golden Army
● folgjend diel Hellboy: The Crooked Man

Yn it jier 517 lit de boasaardige hekse Vivienne Nimue, byneamd de Bloedkeninginne, in pleach op Brittanje los om alle minsken dêre út te rûgjen, om it lân werom te winnen foar har folgelingen, de magyske wêzens. Har plan wurdt dwerseide troch kening Arthur, dy't har ferslacht mei de help fan 'e tsjoender Merlyn en Ganeida, in lid fan Nimue har eigen heksering. Mei syn magyske swurd Excalibur stekt Arthur har troch it hert, mar de ûnstjerlike Nimue giet net dea. Dêrop hout er har lichem oan stikken en lit er de seis dielen troch syn ridders fan 'e Rûne Tafel nei de úthoeken fan Ingelân bringe en ferbergje om se fier útinoar te hâlden.

Yn 'e tsjintwurdige tiid wurket de demon Hellboy foar it Buro foar Paranormaal Undersyk en Ferwar (BPRD), in geheime ôfdieling fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI, dy't it lân tsjin boppenatuerlike bedrigings ferdigenet. Hy bejout him nei Tijuana, krekt oer de grins yn noardwestlik Meksiko, dêr't er op 'e siik giet nei de fermiste spesjaal agint Esteban Ruiz. Dyselde blykt ta proai fallen te wêzen oan in kloft fampieren, sadat er sels ek ta in fampier makke is. No docht er him foar as de showwrakselder Camazotz, dy't Hellboy ta in gefjocht útdaget. Hellboy besiket Ruiz te helpen, mar der is neat mear fan syn freon oer en op 't lêst kin er net oars as de fampier deadzje. Mei syn lêste wurden flústeret dy him yn dat de ein fan 'e wrâld op kommendeweis is en dat Hellboy him dan by de krêften fan it kwea jaan sil.

Neitiid is Hellboy der raar mei oan wat er dien hat, mei't er foar syn gefoel syn freon fermoarde hat. Hy jout him oer oan in kroegetocht om him te bedrinken, mar al rillegau wurdt er opspoard troch in pear FBI-aginten, dy't him yn opdracht fan syn adopsjeheit, professor Trevor Bruttenholm, werombringe nei it haadkertier fan it BPRD yn Colorado. Bruttenholm hat nammentlik berjocht krigen út it Feriene Keninkryk dat de Osiris Club, in geheim genoatskip mank de Britske hegerein wêrmei't it BPRD út en troch gearwurket, ferlet hat fan 'e help fan Hellboy. Hy moat ôfweve mei in trijetal minskeslinende reuzen dat súdlik Ingelân ûnfeilich makket. Underwilens advisearret de Russyske hekse Baba Jaga de Gruagach, in Ingelske ierdgeast mei in baarcheftich uterlik, om 'e lichemsdielen fan Nimue te stellen en wer byinoar te bringen, sadat hja syn winsk yn ferfolling gean litte kin om wraak te nimmen op Hellboy om't dy him "syn libben" ôfnommen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hellboy set ôf nei Londen, dêr't er troch lord Glaren en oare leden fan 'e Osiris Club ferwolkomme wurdt. Se fertelle him dat de Britske Eilannen yn 'e Aldheid bewenne waarden troch reuzen, dy't yn 'e Midsiuwen allegearre deade binne. Se hawwe lykwols de ferfelende wizânsje om út en troch út 'e dea op te stean. Om in inkele reus út te skeakeljen, dêr hawwe de leden fan 'e Osiris Club gjin muoite mei, mar trije tagelyk giet harren wat oer de meuch. Hellboy wurdt ek yn 'e kunde brocht mei lady Hatton, de heldersjende fan 'e Osiris Club, dy't it mei him hawwe wol oer syn oarsprong. Under de Twadde Wrâldoarloch iepene de Russyske mystikus Grigori Raspûtin yn opdracht fan 'e nazys in poarte nei de hel. De Osiris Club wist dy poarte yn gearwurking mei de Amerikaanske figilante Lobster Johnson te tichtsjen, mar net foar't Hellboy nei de Ierde ta oerkommen wie. Dat wist Hellboy allegearre wol, mar lady Hatton fertelt him wat nijs as se seit dat Bruttenholm Hellboy eins deadzje sillen hie, mar him op it lêste stuit betocht.

Hellboy giet mei in groep leden fan 'e Osiris Club ûnder lieding fan lord Glaren op jacht yn it New Forest, dêr't it trio reuzen aktyf is. Op in ûnbewekke momint wurdt er lykwols troch syn selskipslju ferret, dy't har tsjin him keare en besykje him te fermoardzjen. It docht bliken dat lady Hatton yn in fizioen sjoen hat dat Hellboy foarbestimd is om 'e ein fan 'e wrâld yn te lieden troch plak te nimmen op 'e troan fan Ingelân. Glaren en de oare leden fan 'e Osiris Club, dy't it dochs al nea iens wiene mei Bruttenholm syn beslút om 'e jonge demon te adoptearjen en grut te bringen, sjogge dat as in útlêzen kâns om dy flater te korrizjearjen. Hellboy blykt net sa maklik te deadzjen, mar troch de nûmerike oermacht slagje se hast yn harren opset, oant se ûnferwachts yn 'e rêch oanfallen wurde troch de trije reuzen. Dyselden ûnthalzje Glaren en frette de oare leden fan 'e Osiris Club op. As de eefkes út 'e tiid rekke Hellboy by besleur komt, wurdt er sels ek oanfallen troch de reuzen, mar hy makket se allegearre dea, wêrnei't er der lykwols wer hinne falt fan útputting. It lêste wat er sjocht, is dat der in autobuske stoppet dêr't in jonge frou út stapt.

Wannear't Hellboy wer bykomt, befynt er him yn it appartemint fan 'e jonge frou, dy't Alice Monaghan blykt te wêzen. Hellboy hat har doe't se noch mar in poppe wie, rêden fan ûntfiering troch ierdgeasten dy't in wikselbern yn har plak efterlitten hiene. Dat wikselbern wie de Gruagach, dy't sûnt altyd op wraak sind hat om't er fynt dat Alice har libben sines wêze moatten hie. Alice hat oan har bleatstelling oan 'e ierdgeasten in ferskaat fan aparte fermogens oerholden, mei as wichtichste heldersjendheid. Dêrtroch wist se dat Hellboy yn gefaar wie en wêr't er him befûn. Bruttenholm, dy't ûnderwilens ek nei Ingelân ta oerkommen is, lit Hellboy ophelje en Alice giet mei. Hy fertelt har beiden dat fiif fan 'e seis dielen fan it lichem fan Nimue stellen binne. Mei in team fan it BPRD ûnder lieding fan agint Ben Daimio bejouwe Hellboy en Alice har nei de Osiris Club, dêr't it lêste diel fan Nimue har lichem bewarre waard. It docht bliken dat alle oerbleaune leden fan 'e club deade binne. Alice ropt de geast fan lady Hatton op, dy't warskôget dat Nimue Hellboy brûke wol om 'e apokalyps te feroarsaakjen. Hellboy trappearret yn 'e kelders fan it gebou de Gruagach en wrakselt mei it wêzen, mar Nimue liedt him ôf mei in fizioen wêryn't se ynspilet op Hellboy syn frustraasjes oer syn negative behanneling troch minsken, sadat de Gruagach mei har earm ûntkomme kin.

Daimio bringt Hellboy en Alice nei it geheime haadkertier fan it BPRD yn Londen, foar't er in spesjale kûgel meitsje lit om Hellboy mei te deadzjen. Underwilens reitsje Hellboy en Bruttenholm betize yn in heech oprinnende rûzje oer Hellboy syn komôf, de oarspronklike bedoeling fan Bruttenholm om him te deadzjen en wêrom't de professor Hellboy dêr nea mei in wurd oer ynljochte hat. Hellboy stoarmet lulk fuort, mar as er de lift nimt, wurdt er op magyske wize transportearre nei it hûs op hinnepoaten dêr't Baba Jaga wennet. By in eardere konfrontaasje blykt Hellboy de berneslinende Russyske hekse in each útsketten te hawwen, en no besiket Baba Jaga mei him te hantsjebakken om ien fan syn eagen te krijen yn ruil foar de lokaasje fan Nimue. Hellboy stimt ta, mar nei't Baba Jaga him ferteld hat dat Nimue har op Pendle Hill befynt, wiist er derop dat se yn harren oerienkomst net oanjûn hat wannear't er har syn each jaan moat. Dat se kin it krije as hy dermei klear is. De hekse is poerrazen oer wat se beskôget as bedroch en wurdbrek, en se leit in flok oer Hellboy dat er immen ferlieze sil dy't er leafhat.

Op Pendle Hill nimt Nimue as lêste lichemsdiel har bloed werom, dat yn in beam rûn is doe't kening Arthur har dêr mei Excalibur oan fêst speetste. No't se alhiel wer de âlde is, nimt se wraak op 'e helpsters fan Ganeida foar harren iuwenâlde ferrie, mar Ganeida sels sparret se, sadat dy tsjûge wêze sil fan wat komt. Underwilens binne Hellboy, Alice en Daimio ûnderweis nei Pendle Hill. As Alice freget nei de groeden yn syn gesicht fertelt Daimio dat er by in oefening yn Belize de iennichste oerlibbene wie fan in oanfal troch in wearjagûar. As se by Pendle Hill arrivearje, besykje se troch te kringen ta Nimue, mar hja ropt de deade heksen op, dy't dêr troch Arthur ombrocht binne, om harren tsjin te kearen. As dat net genôch is, rekket se Alice mei in fergiftige toarne, sadat se tiid hat om út te naaien.

Hellboy set Ganeida ûnder druk om Alice te helpen, mar sy leit út dat de iennichste dy't wat dwaan kin tsjin it gif fan Nimue de tsjoender Merlyn is en fertelt wêr't de tsjoender begroeven leit. Hellboy en Daimio bejouwe har dêrhinne mei de bewusteleaze Alice en befrije Merlyn út syn grêf. Nei't Merlyn Alice genêst, lit er har en Daimio yn in djippe sliep falle sadat er Hellboy allinnich te wurd kin. Hy bringt út dat Hellboy syn wiere namme Anung un Rama is. Syn mem, dy't yn 'e froulike line ôfstamme fan kening Arthur, waard troch syn heit, de hear fan 'e hel, nei syn ryk ta brocht, dêr't se fan Hellboy befoel. As erfgenamt fan Arthur hearre it swurd Excalibur en de troan fan Ingelân eins fan rjochten oan Hellboy ta. Merlyn brûkt syn lêste krêften om Excalibur út it grêf fan kening Arthur nei him ta te heljen en biedt it Hellboy oan, mei't it it iennichste wapen is dat Nimue ferslaan kin. Mar as Hellboy it hêft fan it swurd beetpakt, kriget er in fizioen fan himsels as de bringer fan 'e apokalyps, dat hy lit los en stegeret it oanbod ôf. Dêrop keart Excalibur werom nei de tombe fan Arthur, wêrfan't nimmen wit wêr't dy is, wylst Merlyn, dy't gjin krêften mear oer hat, útinoar falt en weiwurdt ta stof. Wylst Hellboy sa besteld is, docht Nimue in wraam op it Londenske haadkertier fan it BPRD, dêr't se alle meiwurkers ôfslachtet en Bruttenholm ûntfiert. Hellboy, Alice en Daimio folgje har spoar nei de Pauluskatedraal, dêr't se in reuseftige Gruagach oantreffe dy't troch Nimue as beleanning foar syn tsjinsten ûnferslaanber makke is. Hellboy giet de striid mei it meunster oan, mar kin it net oer. It docht bliken dat Daimio as iennichste de oanfal troch de wearjagûar oerlibbe hat trochdat er sels sa'n wêzen wurden is. As er sjocht dat Hellboy de slach ferlieze sil, nimt er syn jagûarfoarm oan en komt er him te help. Mar ek twaresom slagget it harren net om mei de Gruagach ôf te weven. Nimue, lykwols, dy't Hellboy libben hawwe wol, ferriedt de Gruagach en deadet him. Dêrnei smyt se Hellboy yn 'e ferburgen tombe fan kening Arthur, dy't him ûnder de flier fan 'e katedraal blykt te befinen. Hellboy sjocht dêr Excalibur wer yn syn stien stean, mar wifket om it swurd dêrút te lûken.

Nimue hellet Bruttenholm foar it ljocht en deadet him foar de eagen fan Hellboy om him breinroer te meitsjen. Dat slagget. Hellboy lûkt Excalibur út 'e stien, en dêrop iepenet him yn Londen in spjalt yn 'e grûn dêr't wêzens fan 'e hel útklauwe om op 'e minsken los te gean. Alice ropt lykwols de geast fan Bruttenholm op, dy't Hellboy bestraffend tasprekt en in berop docht op syn minsklikheid. Hellboy brûkt dan Excalibur om Nimue te ûnthalzjen foar't er it swurd wer yn 'e stien stekt en sa ôfstân docht fan syn erfskip. De kleau nei de hel begjint him te tichtsjen en de wêzens dy't dêrút kommen binne, wurde weromstjoerd. Ear't de spjalt hielendal ticht is, smyt Hellboy de ôfhoude holle fan Nimue deryn. Hellboy en Bruttenholm nimme op ynlike wize ôfskie en Daimio beslút dat er dochs gjin ferlet hat fan 'e spesjale kûgel om Hellboy te deadzjen en tanket it ding ôf.

In healjier letter fiere Hellboy, Daimio en Alice in ynfal út by it Oannes Genoatskip, dêr't se de wettertank fan Abe Sapien oantreffe. Yn in sêne healwei de ôftiteling wurdt Hellboy by it grêf fan Bruttenholm treastge troch de geast fan Lobster Johnson. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling siket en kriget Baba Jaga de help fan in net yn byld brochte krêft om mei Hellboy ôf te weven.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
David Harbour.
 
Sasha Lane.
 
Ian McShane.
haadrollen
personaazje                  akteur/aktrise
Hellboy David Harbour
Alice Monaghan Sasha Lane


byrollen
personaazje akteur/aktrise
professor Trevor Bruttenholm Ian McShane
Ben Daimio Daniel Dae Kim
Vivienne Nimue, de Bloedkeninginne Milla Jovovich
de Gruagach Stephen Graham (stim)
Doug Tait (fysyk)
lady Hatton Sophie Okonedo
lord Adam Glaren Alistair Petrie
Merlyn Brian Gleeson
Ganeida Penelope Mitchell
kening Arthur Mark Stanley
Lobster Johnson Thomas Haden Church
Baba Jaga Emma Tate (stim)
Troy James (fysyk)
Esteban Ruiz / Camazotz Mario de la Rosa
Alice har mem Ava Brennan
Alice har heit Anthony Delaney
FBI-agint Madison Atanas Srebev
FBI-aginte Strode Dawn Sherrer
Grigori Raspûtin Markos Rounthwaite
Leni Riefenstahl Kristina Klebe
Ilse Haupstein Vanessa Eichholz
prof. dr. Karl Ruprecht Krönen Ilko Iliev
generaal Klaus Werner von Krupt Joel Harlow
Leopold Kurtz Dimiter Banenkin

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De film wie oarspronklik bedoeld as in ferfolch op Hellboy út 2004 en Hellboy II: The Golden Army út 2008, beide regissearre troch Guillermo del Toro mei Ron Perlman yn 'e titelrol as de superheld Hellboy. Del Toro waard in funksje as filmprodusint oanbean, mar dat stegere er ôf, mei't er syn eigen senario foar Hellboy III ferfilmje woe. Perlman wegere om jitris yn 'e hûd fan Hellboy te krûpen as Del Toro net op syn minst syn goedkarring oan it projekt jûn hie. Sadwaande waard David Harbour úteinlings yn 'e titelrol cast. De produsinten besleaten om fan 'e nije film ynstee fan in ferfolch in reboot fan 'e filmsearje te meitsjen. De oarspronklike titel Hellboy: Rise of the Blood Queen waard doe feroare yn simpelwei Hellboy.

 
Regisseur Neil Marshall.

De film waard regissearre troch Neil Marshall nei in senario fan Andrew Cosby. De geastlike heit fan Hellboy, de striptekener Mike Mignola, wie yn in advisearjende hoedanichheid by it skriuwen fan it skript belutsen. As produsinten wiene Lawrence Gordon, Lloyd Levin, Mike Richardson, Philip Westgren, Carl Hampe, Matt O'Toole, Les Weldon en Yariv Lerner yn it projekt behelle foar de filmstudio's Summit Entertainment, Millennium Media, Lawrence Gordon/Lloyd Levin Productions, Dark Horse Entertainment, Nu Boyana en Campbell Grobman Films. Dêrmei wie Hellboy in Amerikaansk-Bulgaarske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lorenzo Senatore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Benjamin Wallfisch.

De opnamen foar Hellboy setten yn septimber 2017 útein en duorren oant en mei 27 desimber fan dat jier. De film waard opnommen yn it Feriene Keninkryk en yn Bulgarije. Der wiene oanhâldende geroften, fuortkommend út ferskate boarnen, dat der slimme spannings hearsken op 'e filmset, fral tusken regisseur Neil Marshall en filmprodusint Lloyd Levin, dy't by ûnderskate gelegenheden opdrachten oan 'e filmcrew en de cast jûn hawwe soene dy't streekrjocht tsjininoar yngiene. Ek soene Levin en syn kollega Lawrence Gordon de oarspronklike kameraregisseur, Sam McCurdy, dy't in fêste meiwurker fan Marshall wie, ûntslein hawwe om Marshall dúdlik te meitsjen wa't de lieding oer de produksje hie.

In wurdfierder foar Levin ûntstried al dy geroften by heech en by leech, mar ferwiet tagelyk Marshall dat dy de geroftemole krekt oanfitere. Marshall sei letter yn in fraachpetear dat Hellboy "de aaklikste profesjonele ûnderfining fan myn libben wie. It skript wie stront. It beslút om 'e film te meitsjen wie in flater. Ik haw my derby jûn om't se it idee brochten as 'we wolle in horrorferzje fan Hellboy meitsje.' […] Se namen my alle kreätive behearsking ôf oant op in ekstreem nivo. Der sit neat fan my yn dy film."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Hellboy waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 9 april 2019 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 12 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Hellboy kaam op 9 july 2019 beskikber as digitale download en waard op 23 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

 
Akteurs Daniel Dae Kim (l.) en David Harbour (m.) mei de geastlike heit fan Hellboy, striptekener Mike Mignola, by promoasje foar de film op 'e New York Comic Con fan 2018.

Fan 'e filmkritisy krige Hellboy oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Owen Gleiberman yn it tydskrift Variety dat de film "in stoer epos foar boppe de achttjin [wêze wol], mar it is eins in heap oarsprongsferhaal-laarjekoek, senuweftich en healbakken, fol lidde-ôfhakjende, eage-útstekkende gefjochten mei meunsters, mei dêropta in sfear fan apokalyptyske grunge dy't frijwol neat om 'e hakken hat." Yn The Hollywood Reporter skreau John Defore: "Neil Marshall syn Hellboy is net weardeleas om't nimmen derop siet te wachtsjen, noch om't er syn foargongers op it wite doek en yn printe foarm lang net belykje kin. Hy is gewoan weardeleas. [Hy is ek] blastich, folle en folle minder grappich as er wêze wol, en derby troch yn krúsjale ûntwerpkarren sels al is it rekke mei minder wichtige besluten. De film makket hjir en dêr wol in dryste kar dy't ûnder oare omstannichheden kassa wêze kinnen hie. Mar dit binne net dy omstannichheden."

Eric Kohn fan IndieWire omskreau Hellboy as "in oeriverich besykjen om 'e ynhâld fan 'e films fan Del Toro nochris oer te eidzjen sûnder de ferfining dêrfan belykje te kinnen." Katie Rife fan The A.V. Club joech Hellboy in 6 op in skaal fan 1 oant 10. Hja hie lof foar de ûntwerpen fan 'e meunsters en de filmsets, mar "dat is spitigernôch wêr't de kreätiviteit yn dizze film einiget". Neffens har joech Milla Jovovich yn har rol as Vivienne Nimue de bêste aktearprestaasje yn 'e film wei. Yn 'e New York Post kwalfisearre Johnny Oleksini de film as in "groteske misse set", dy't neffens him kâns makke op 'e 'priis' foar minste film fan it jier. Robbie Collin fan 'e Britske krante The Daily Telegraph neamde Hellboy "lilk, yrritant en gûlende stom". John Nugent fan it blêd Empire parte de film 2 fan 5 stjerren ta, mar hie lykas in protte kritisy lof foar it aktearjen fan David Harbour, dat er "briljant" neamde.

Yn it tydskrift Time Out skreau Phil de Semlyen oer Hellboy: "We krije in konvinsjonele, sij it bluodderige, miks fan folkloare, oarsprongsferhaal, fanservice foar stripleafhawwers en meunsterfilm, allegearre op in drokke blues-rock-soundtrack. Dat alles wurdt loskes byinoar bûn troch in salvo útlizzerij oangeande Milla Jovovich har boasaardige arthuriaanske bloedkeninginne Nimue, alias de Frouwe fan 'e Mar, en de driging fan alwer in sinematyske apokalyps. As it fielt as hawwe jo it allegearre alris earder sjoen, en jo binne bekend mei The Kid Who Would Be King fan Joe Cornish, dan kloppet dat." In seldsume positive resinsje foar Hellboy kaam fan William Bibbiani fan TheWrap. Hy neamde de film "in grouwélich soad wille" en "in springboarne fan kreätiviteit: in grutte superheldefilm makke foar fans fan horror foar boppe de achttjin, oerrinnend fan humor en aksje en skrikmominten."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hellboy in tige leech goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 223 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] ûntbrekt it oan 'e ynbyldingsrike flêr dy't eardere Hellboys sa fermaaklik makke. Dizze sielleaze reboot wiist der earder op dat Dante in tsiende sirkel [fan 'e hel] út syn Ynferno weilitten hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hellboy in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 44 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film troch CinemaScore befrege waarden oer de ûnderfining, joegen Hellboy in 6 op in skaal fan 1 oant 10.

Hellboy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $21,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $33,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $55,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $5,1 miljoen. Mar om't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, draaide Hellboy eins swier ferlies. Troch de media waard it rûnom as in flop beskôge.

Yn febrewaris 2023 besleat Millennium Media ta in nije reboot fan 'e filmrige oer Hellboy. De opnamen foar Hellboy: The Crooked Man waarden yn maaie 2023 foltôge. De film wurdt yn 'e rin fan 2024 yn bioskopen ferwachte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.