H.G. Wells

(Trochferwiisd fan Herbert George Wells)

H.G. Wells (folút: Herbert George Wells; Bromley (Kent), 21 septimber 1866Londen, 13 augustus 1946), wie in Britsk skriuwer, essayist, senarioskriuwer, biolooch, etikus en histoarikus, dy't in grut oeuvre oan romans, novellen, koarte ferhalen, essay's, histoaryske wurken en krante- en tydskrifte-artikels neilitten hat. It bekendst is er lykwols wurden op it mêd fan it sjenre fan 'e science fiction, en tegearre mei Jules Verne en Hugo Gernsback heart er ta it trijemanskip dat wol oantsjut wurdt as de "Heiten fan 'e Science Fiction". Under syn bekendste wurken binne The War of the Worlds, The Time Machine, The Invisible Man en The Island of Doctor Moreau. Wells wie ek in útsprutsen en foaroansteand sosjalist en pasifist dy't teffens op dat mêd in soad publisearre hat.

H.G. Wells
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Herbert George Wells
nasjonaliteit Britsk
berne 21 septimber 1866
berteplak Bromley (Ingelân)
stoarn 13 augustus 1946
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre literêre romans en koarte fer-
halen
, SF, essay's, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
The Time Machine
The Island of Doctor Moreau
The Invisible Man
The War of the Worlds
jierren aktyf 18841945
offisjele webside
hgwellssociety.com

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Herbert George Wells waard yn 1866 berne yn Bromley, yn it Súdingelske greefskip Kent, as it fjirde en jongste bern yn it gesin fan Joseph Wells, in winkelman en profesjoneel cricketspiler, en Sarah Neal, in tsjinstfaam. Op syn achtste, yn 1874, briek Wells syn skonk, en moast er him wikenlang op bêd hâlde. Syn heit brocht him doe boeken út 'e pleatslike bibleteek, en sa rekke Wells ferslingere oan it libjen fan oare libbens fia literatuer. Datselde jiers waard er ynskreaun oan Morley's Commercial Academy, in skoalle dêr't er oant 1880 ta bleau. Om't Joseph Wells yn 1877 syn boppeskonk brutsen hie, wat syn sportkarriêre foargoed beëinige, en om't syn ynkommen as winkelman net tarikkend wie om syn gesin fan te ûnderhâlden, moasten de bern yn 'e lear by ambachtslju. Fan 1880 oant 1883 wie H.G. Wells (mei tsjinnichheid) learjonge by in grutte stoffehannel yn Portsmouth. Dêr moast er trettjin oeren deis oanbodzje en sliepte er mei de oare learjonges op in sliepseal.

Underwilens rekken syn heit en mem, dy't in ûnlijich houlik hiene om't sy protestantsk wie en hy ateïst, útinoar. Syn mem naam in baan oan as tsjinstfaam op Uppark, in lânhûs yn Susseks, wêrfoar't as betingst steld waard dat har man en bern net by har ynwenje koene. Neitiid libben Wells yn heit en mem aparte libbens, al skieden se nea en bleaune se inoar wol trou. Nettsjinsteande it feit dat er net by syn mem ynwenje mocht, wie Wells gauris op Uppark te finen, dêr't er himsels ferlear yn 'e ûnbidige bibleteek en yn 'e kunde kaam mei klassiken as Plato syn Republyk en Thomas More syn Utopia.

 
H. G. Wells yn 1908 op 'e stoepe fan syn hûs yn Sandgate.

Yn 1883 wist Wells yn âldelju oer te heljen om by de stoffehannel wei te meien, dêr't er guon fan ûngelokkichste jierren fan syn libben trochbrocht hie, en ynstee helpûnderwizer te wurden oan 'e Midhurst Grammar School, dêr't er syn selsûnderrjocht fuortsette koe. Yn 1884 bemachtige er in stúdzjebeurs om biology te studearjen oan 'e Normal School of Science, te Londen (letter it Royal College of Science en no ûnderdiel fan it Imperial College London). Dêr bleau er oant 1887, sij it ûnder earmoedige omstannichheden (letter fertelde er dat er doedestiden altiten honger hie). Nei't er in pear jier foar de klasse stien hie, ferfolge er syn stúdzje, en yn 1890 behelle er in bachelorstitel yn soölogy fia it University of London External Programme.

Karriêre as skriuwer

bewurkje seksje

Wells wie al ûnder syn studintetiid úteinset te skriuwen, en doe't er syn koarte ferhalen en letter syn romans en novellen begûn te publisearjen, krige er al rillegau súkses, al wie dat yn it begjin net ek daliks kommersjeel súkses. Guon fan syn bekendste wurken skreau er oan it begjin fan syn karriêre as auteur. Dêrta hearre The Time Machine (1895), The Island of Doctor Moreau (1896), The Invisible Man (1897) en The War of the Worlds (1898). Dat wiene allegearre science fiction-boeken, dy't doedestiden "wittenskiplike romans" (scientific romances) neamd waarden. The War of the Worlds waard fjirtich jier nei publikaasje nochris wrâldferneamd doe't it yn 1938 yn 'e Feriene Steaten yn in bewurking troch Orson Welles op 'e radio brocht waard. Dêrby ûntstie grutte panyk doe't in protte lju mienden dat it by it reälistyske harkspul om echte nijsberjochten gie, en dat de wrâld wier-wier oanfallen waard troch bûtenierdske wêzens. Dat The War of the Worlds ek tsjintwurdich noch neat oan ferbyldingskrêft ynboetsje hoegen hat, die nochris bliken doe't regisseur Steven Spielberg der yn 2005 in wier Hollywood-rampespektakelfilm op basearre.

Wells syn earste non-fiksjebestseller wie Anticipations of the Reaction of Mechanical and Scientific Progress Upon Human Life and Thought (1901), dat oarspronklik yn fúljetonfoarm yn in tydskrift publisearre waard ûnder de titel An Experiment in Prophecy. Dêryn joech Wells in byld fan hoe't neffens him de wrâld der útsjen soe yn it jier 2000. Syn politike boadskip wie dat de Britske hegerein de promoasje fan bekwame lju út 'e legere klassen ta liedingjaande funksjes tsjinkeare soe oant krapte oan personiel yn tiid fan oarloch harren twinge soe en lear omstean. Fierders is it ynteressant om te sjen wat der fan syn algemienere foarsizzings útkommen is en wat net. Sa foarseach Wells dat troch it algemiener wurden fan auto's en treinen der in flecht fan begoedige lju út 'e binnenstêden nei de bûtenwiken en foarstêden komme soe, en dat de noarmen en wearden ferskowe soene mei't sawol manlju as froulju almar gruttere seksuële frijheid opeasken. Oare saken dêr't er gelyk oan krigen hat, binne de nederlaach fan it Dútske militarisme en de oprjochting fan in Jeropeesk ferbûn fan steaten (de Jeropeeske Uny). Wêr't er mis wie, wie bygelyks mei it tinken dat de minske pas yn 1950 foar it earst fleane soe, en dat dûkboaten nea in súkses wurde koene. Yn The World Set Free (1914) foarsei Wells fierders de ûntwikkeling fan 'e atoombom.

In oar súksesfol non-fiksjewurk fan Wells wie it trijedielige skiedkundige The Outline of History (1920), wêrmei't er oan 'e widze stie fan in nije, popularisearre foarm fan skiedskriuwing. Yn 1927 waard er troch de Kanadeeske skriuwster Florence Deek oanklage foar plagiaat, mei't er foar syn The Outline of History hiele stikken oerskreaun hawwe soe út The Web, in boek dat sy oanbean hie oan 'e Canadian Macmillan Company en dat dy útjouwerij acht moanne lang yn besit holden hie foar't it ôfwiisd wie. Hoewol't der yndie withoefolle en opmerklike oerienkomsten tusken de beide wurken wiene op it mêd fan formulearrings en ynhâldlike flaters, waard de oanklacht úteinlik ôfwiisd. Dêrby waard oanjûn dat Deek wetlik sjoen gjin poat hie om op te stean, mei't har wurk nea útjûn wie.

Fan it begjin fan syn karriêre ôf besocht Wells yn syn boeken in bettere manear te beskriuwen om 'e minsklike maatskippij te organisearjen. Soks komt fral nei foarren yn A Modern Utopia (1905), In the Days of the Comet (1906) en The Shape of Things to Come (1933). Yn dy beide lêste boeken wurdt in maatskippij dy't mei eachdoppen foar op syn needlot ta jaget, op wûnderlike wize rêden. Net al syn romans hiene sa'n happy end. Yn When the Sleeper Wakes (1899), werskreaun as The Sleeper Awakes (1910), wurdt in maatskippij werjûn wêryn't de kleau tusken de arbeidersklasse en de hegerein sa breed wurden is, dat it úteinlik ta in gewelddiedige revolúsje liedt. En yn The Island of Doctor Moreau (1896) komt de ferteller fêst te sitten om in eilân dat bewenne wurdt troch bisten dy't in sljochtsinnige wittenskipper troch fiviseksje ta minsken besocht hat te meitsjen, in proses dat op ysbaarlike wize mislearre is. As er úteinlik wer yn eigen lân weromkeart, kin er him nea wer oan 'e yndruk ûntlûke dat syn meiminsken inkeld amperoan beskaafde bisten binne, dy't stadichwei wer ferfalle ta harren ferfrettend aard.

Maatskiplik libben en tinkbylden

bewurkje seksje

Wells wie in sosjalist, en sympatisearre faak mei pasifistyske ideeën, sij it net altyd; oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch stied er bygelyks fjouwerkant efter it Britske regearingsbelied. Hy wie yn 't earstoan in lid fan 'e sosjalistyske Fabian Society, mar briek letter mei harren, doe't hja syn kreätive politike ferbylding net byhâlde koene. Letter helle er fûleindich nei harren út troch har derfan te betichtsjen dat se mar kwealk ferstân hiene fan ekonomy of ûnderwiis. By de ferkiezings fan 1922 en 1923 stelde er him kandidaat foar de Labour Party, mar waard net keazen. Yn 1934 spile er as foarsitter fan 'e ynternasjonale skriuwersferiening PEN International (de ôfkoarting stiet foar Poets, Essayists, Novelists; "Dichters, Essayisten, Romanskriuwers") in haadrol by it út 'e organisaasje setten fan 'e Dútske ôfdieling, om't dy allinnich noch mar Aryske leden taliet. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard ûntdutsen dat er dêrfoar op in Dútske list set wie fan lju dy't daliks oppakt wurde moasten sadree't Ingelân ferovere wie.

 
H. G. Wells yn 1943.

Wells wie sels gjin kommunist, en yn 't earstoan ek gjin freon fan 'e Sovjet-Uny, mar nei't er yn 1934 it lân besocht hie en Stalin met hie, krige er der in folle positiver byld fan as earder. Hy makke it dúdlik dat er Stalin syn regear fiersten te stiif, beheinend en blyn foar wat der yn 'e bûtenwrâld barde fûn, en de man sels te strang yn 'e lear en te ûnfersetlik yn syn stânpunten, mar yn in artikel yn it tiidskrift The New Statesman sei er ek: "Ik haw noch nea in man met dy't earliker, iepentliker of oprjochter wie," en dat nei syn miening it "sinistere byld" dat der yn it Westen fan Stalin bestie, gewoanwei ûnwier wie. (Dit wie fansels fier foar't de omfang fan Stalin syn misdieden, of sels mar it bestean derfan, yn it Westen rûnom bekend waard.) Under syn besyk oan 'e Sovjet-Uny gied er mei Stalin yn debat oer wat better wie: kommunisme of sosjalisme, en yn 1945 joech er dêr in werjefte fan út ûnder de titel Marxism vs Liberalism.

Wells syn meast duorjende politike ideaal wie in wrâldsteat (oftewol de ienwurding fan alle lannen). De fêstiging dêrfan achte er op 'e lange doer ûnûntkomber. Hy stelde him der in steat by foar dy't de wittenskip befoarderje en op nasjonalisme it near lizze soe, wylst in elk der op grûn fan fertsjinste ynstee fan op grûn fan berte beoardiele wurde soe. Yn 1940 publisearre er it boek The New World Order, wêryn't er plannearre hoe't sa'n wrâldsteat opboud wurde moatte soe.

In oar ûnderwerp dêr't Wells him geregeldwei mei dwaande hold, wie eugenetika, it troch genetysk ûndersyk "ferbetterjen" fan it minsklik ras, dêr't er út poer biologysk eachpunt yn teory wol foar wie. Neffens him wie dat lykwols in ûnberikber ideaal, en yn 1904 seid er: "Ik leau fêst dat no en altyd it bewuste útkiezen fan 'e bêsten om jin mei fuort te plantsjen ûnmooglik wêze sil; dat men mei soks út te stellen in fûneminteel misbegryp sjen lit fan wat yndividualiteit omfiemet. [...] Yn 'e sterilisaasje fan flaters, en net yn 'e seleksje fan súksessen om jin mei fuort te plantsjen, leit de mooglikheid om 'e minske as soarte te ferbetterjen." Mar goed 35 jier letter neamde er yn syn boek The Rights of Man, Or: What Are We Fighting For? (1940) ûnder wat neffens him fêstlein wurde moast as ûnferfrjemdbere minskerjochten ek "in ferbod op skeining, sterilisaasje, tramtearring en lykfol hokker lichaamlike bestraffing".

Wells syn winsk om it minsklik ras te ferbetterjen hie fierders neat mei rasisme fan dwaan, dêr't eugenetika sûnt de Twadde Wrâldoarloch suver ûnferbrekber mei ferbûn rekke is. Krekt oarsom, Wells hie in grut respekt foar oare rassen. Sa skreau er yn 1906 yn it haadstik The Tragedy of Colour yn it boek The Future of America, dat er betwifele oft der yn 'e Feriene Steaten "wol wat betters [wie] as de kwaliteit fan 'e wisberettens, it stiiffêst krewearjen fan hûnderten swarten en kleurlingen hjoed de dei om skuldeleas, earber en geduldich te libjen en foar harsels dy lytse krommels ferfining, ûnderrjocht en skientme te krijen dy't se mar besette kinne, om alsa fêst te hâlden oan in beskaving dy't harren fergund en ûntstriden wurdt." Yn 1943 skreau Wells foar de krante The Evening Standard it artikel What a Zulu Thinks of the English ("Wat in Sûlû fan 'e Ingelsen Tinkt"), dêrta oantrune troch in brief dat er ûntfongen hie fan in Sûlû-soldaat, in Aaron Hlope. Yn it stik hâldt Wells út dat er "de uterste ferachting [hie] foar en aldertigenste stutsen wie oer de beheinings dy't kleurlingen oplein wurdt." Ek betitele er it Súdafrikaanske regear as in "nearhertige blanke tiranny". Tsjin 'e Joaden hie Wells likemin wat, al is wolris oars beweard. Mar Wells wie gjin antysemyt, mar in anty-sionist, mei't it stribjen nei de stifting fan in Joadske steat streekrjocht yngie tsjin syn eigen ideaal fan in wrâldsteat.

Priveelibben

bewurkje seksje

Doe't Wells oan 'e ein fan syn studintetiid sûnder in reade sint op 'e dyk kaam te stean, nûge syn muoike Mary, in skoansuster fan syn heit, him út om in hoartsje by har yn te wenjen. Dêr fette er in gruttere as gewoane belangstelling op foar syn folle nicht Isabel Mary Wells, mei wa't er yn 1891 troude. Dat houlik duorre mar trije jier, en einige yn 1894 yn in skieding doe't Wells fereale waard op ien fan syn learlingen, Amy Catherine Robbins, dy't er sels fan Jane neamde, en mei wa't er yn 1895 troude. Mei har krige er twa soannen: George Philip, oftewol "Gip" (1901-1985) en Frank Richard (1903-1982). Wells syn houlik mei Jane duorre oant har ferstjerren yn 1927. Mei har goedfinen hied er ûnderwilens frijaazjes en amûrettes, en sels in pear langer duorjende relaasjes, mei in ferskaat oare froulju, wêrûnder de Amerikaanske bertebeheiningsaktiviste Margaret Sanger en de skriuwster Elizabeth von Arnim. Yn 1909 krige er in oerwûne dochter, Anna-Jane, mei de skriuwster Amber Reeves, en yn 1914 in oerwûne soan, Anthony, mei de jonge skriuwster en feministe Rebecca West, dy't seisentweintich jier mei him skeelde. Wells litte oan sûkersykte, en yn 1934 wied er ien fan 'e mei-oprjochters fan 'e belange- en goeddiedichheidsorganisaasje foar sûkersyktepasjinten yn Grut-Brittanje, dy't no Diabetes UK hjit.

Wells ferstoar op 13 augustus 1946 yn syn hûs yn Londen, yn 'e âlderdom fan 79 jier, oan ûnbekende oarsaken. Guon berjochten wolle ek wol hawwe dat er oan in hertoanfal ferstoar yn it Londenske appartemint fan in freon (of freondinne; it Ingelske friend makket datoangeande gjin ûnderskie). Yn it foarwurd fan 'e edysje út 1941 fan The War in the Air hied er oanjûn wat syn grêfskrift wêze moast: "Sei ik it jim net? Jimme ferrekte sufferts!" Hy waard kremearre, en syn jiske útstruid op 'e see.

Wurken markearre mei in * binne beskikber op 'e webside fan Project Gutenberg.

 
De Fryske oersetting fan The Time Machine.

Romans en novellen

bewurkje seksje
  • The Time Machine (1895)*
  • The Wonderful Visit (1895)
  • The Island of Doctor Moreau (1896)*
  • The Wheels of Chance (1896)*
  • The Invisible Man (1897)*
  • The War of the Worlds (1898)*
  • When the Sleeper Wakes (1899)*
  • Love and Mr Lewisham (1900)*
  • The First Men in the Moon (1901)*
  • The Sea Lady (1902)
  • The Food of the Gods and How It Came to Earth (1904)*
  • Kipps (1905)
  • A Modern Utopia (1905)*
  • In the Days of the Comet (1906)*
  • The War in the Air (1908)*
  • Tono-Bungay (1909)*
  • Ann Veronica (1909)*
  • The History of Mr Polly (1910)*
  • The Sleeper Awakes (1910)* (in op 'e nij besjoene edysje fan When the Sleeper Wakes)
  • The New Machiavelli (1911)*
  • Marriage (1912)
  • The Passionate Friends (1913)
  • The Wife of Sir Isaac Harman (1914)
  • The World Set Free (1914)*
  • Bealby: A Holiday (1915)
  • Boon (1915)
  • The Research Magnificent (1915)*
  • Mr Britling Sees It Through (1916)*
  • The Soul of a Bishop (1917)*
  • Joan and Peter: The Story of an Education (1918)
  • The Undying Fire (1919)
  • The Secret Places of the Heart (1922)*
  • Men Like Gods (1923)
  • The Dream (1924)
  • Christina Alberta's Father (1925)
  • The World of William Clissold (1926)
  • Meanwhile (1927)
  • Mr. Blettsworthy on Rampole Island (1928)
  • The Autocracy of Mr. Parham (1930)
  • The Bulpington of Blup (1932)
  • The Shape of Things to Come (1933)
  • The Croquet Player (1936)
  • Brynhild (1937)
  • Star Begotten (1937)
  • The Camford Visitation (1937)
  • Apropos of Dolores (1938)
  • The Brothers (1938)
  • The Holy Terror (1939)
  • Babes in the Darkling Wood (1940)
  • All Aboard for Ararat (1940)
  • You Can't Be Too Careful (1941)

Koarte ferhalen

bewurkje seksje
  • A Family Elopement (1884)
  • A Tale of the Twentieth Century (1887)
  • A Talk with Gryllotalpa (1887; as Septimus Browne)
  • A Vision of the Past (1887)
  • The Chronic Argonauts (1888)
  • The Devotee of Art (1888)
  • The Flying Man (1893; alternative titel: The Advent of the Flying Man)
  • Æpyornis Island (1894)
  • A Deal in Ostriches (1894)
  • The Diamond Maker (1894)
  • The Flowering of the Strange Orchid (1894; alternative titel: The Strange Orchid)
  • The Hammerpond Park Burglary (1894)
  • The Lord of the Dynamos (1894)
  • How Gabriel Became Thompson (1894)
  • In the Avu Observatory (1894)
  • In the Modern Vein: An Unsympathetic Love Story (1894; alternative titel: A Bardlet's Romance)
  • The Jilting of Jane (1894)
  • The Man With a Nose (1894)
  • A Misunderstood Artist (1894)
  • Mr. Ledbetter's Vacation (1894; alternative titel: Mr. Leadbetter's Vacation)
  • The Stolen Bacillus (1894)
  • The Thing in No. 7 (1894)
  • Through a Window (1894; alternative titel: At a Window)
  • The Thumbmark (1894)
  • The Treasure in the Forest (1894)
  • The Triumphs of a Taxidermist (1894)
  • The Argonauts of the Air (1895)
  • A Catastrophe (1895)
  • The Cone (1895)
  • How Pingwill Was Routed (1895)
  • Le Mari Terrible (1895)
  • The Moth (1895; alternative titel: A Moth – Genus Novo)
  • Our Little Neighbour (1895)
  • Pollock and the Porroh Man (1895)
  • The Reconciliation (1895; alternative titel: The Bulla)
  • The Remarkable Case of Davidson's Eyes (1895; alternative titel: The Story of Davidson's Eyes)
  • The Sad Story of a Dramatic Critic (1895; alternative titel: The Obliterated Man)
  • The Temptation of Harringay (1895)
  • Wayde's Essence (1895)
  • The Apple (1896)
  • In the Abyss (1896)
  • The Plattner Story (1896)
  • The Purple Pileus (1896)
  • The Rajah's Treasure (1896)
  • The Red Room(1896; alternative titel: The Ghost of Fear)
  • The Sea Raiders (1896)
  • A Slip Under the Microscope (1896)
  • The Story of the Late Mr. Elvesham (1896)
  • Under the Knife (1896; alternative titel: Slip Under the Knife)
  • The Crystal Egg (1897)
  • The Lost Inheritance (1897)
  • Mr Marshall's Doppelganger (1897)
  • A Perfect Gentleman on Wheels (1897)
  • The Presence by the Fire (1897)
  • The Star (1897)
  • A Story of the Days To Come (1897)
  • A Story of the Stone Age (1897; alternative titel: Stories of the Stone Age)
  • Jimmy Goggles the God (1898)
  • The Man Who Could Work Miracles (1898)
  • Miss Winchelsea's Heart (1898)
  • The Stolen Body (1898)
  • Walcote (1898)
  • Mr. Brisher's Treasure (1899)
  • A Vision of Judgment (1899)
  • A Dream of Armageddon (1901)
  • Filmer (1901)
  • Mr. Skelmersdale in Fairyland (1901)
  • The New Accelerator (1901)
  • The Inexperienced Ghost (1902; alternative titel: The Story of the Inexperienced Ghost)
  • The Loyalty of Esau Common (1902)
  • The Land Ironclads (1903)
  • The Magic Shop (1903)
  • The Truth About Pyecraft (1903)
  • The Valley of the Spiders (1903)
  • The Country of the Blind (1904)
  • The Empire of the Ants (1905)
  • The Door in the Wall (1906)
  • The Beautiful Suit (1909; alternative titel: A Moonlight Fable)
  • Little Mother Up the Morderberg (1910)
  • My First Aeroplane (1910)
  • The Story of the Last Trump (1915)
  • The Wild Asses of the Devil (1915)
  • Peter Learns Arithmetic (1918)
  • The Grisly Folk (1921)
  • The Pearl of Love (1924)
  • The Queer Story of Brownlow's Newspaper (1932)
  • Answer to Prayer (1937)
  • The Country of the Blind (revised) (1939)

Bondels fan ferhalen en/of romans en novellen

bewurkje seksje
  • Select Conversations with an Uncle (Now Extinct) and Two Other Reminscences (1895)
  • The Stolen Bacillus and Other Incidents (1895)*
  • The Red Room (1896)
  • Thirty Strange Stories (1897)
  • The Plattner Story and Others (1897)
  • Tales of Space and Time (1899)
  • A Cure For Love (1899)
  • Twelve Stories and a Dream (1903)*
  • The Country of the Blind and Other Stories (1911)*
  • The Door in the Wall and Other Stories (1911)*
  • The Star (1913)
  • Boon, The Mind of the Race, The Wild Asses of the Devil, and The Last Trump (1915; earste edysje as Reginald Bliss)
  • Tales of the Unexpected (1922)
  • Tales of Wonder (1923)
  • Tales of Life and Adventure (1923)
  • The Empire of the Ants and Other Stories (1925)
  • The Short Stories of H. G. Wells (1927)
  • Selected Short Stories (1927)
  • The Adventures of Tommy (1929)
  • The Valley of Spiders (1930)
  • The Stolen Body and Other Tales of the Unexpected (1931)
  • The Famous Short Stories of H. G. Wells (1937; alternative titel: The Favorite Short Stories of H. G. Wells)
  • Short Stories by H. G. Wells (1940)
  • The Inexperienced Ghost (1943)
  • The Land Ironclads (1943)
  • The New Accelerator (1943)
  • The Truth About Pyecraft and Other Short Stories (1943)
  • Twenty-Eight Science Fiction Stories (1952)
  • Seven Stories (1953)
  • Three Prophetic Science Fiction Novels of H. G. Wells (1960)
  • The Cone (1965)
  • Best Science Fiction Stories of H. G. Wells (1966)
  • The Complete Short Stories of H. G. Wells (1966)
  • H.G. Wells: Early Writings in Science and Science Fiction (1975)
  • The Man with the Nose and Other Uncollected Stories of H. G. Wells (1984)
  • The Red Room and Other Stories (1998)
  • Selected Stories of H. G. Wells (2004)

Utjûne senario's

bewurkje seksje
  • The King Who Was a King: The Book of a Film (1929; senario foar in film dy't nea makke is)
  • Things to Come (1935; filmadaptaasje fan The Shape of Things to Come en The Work, Wealth and Happiness of Mankind)
  • The Man Who Could Work Miracles (1936)
  • The New Faust (yn: Nash's Pall Magazine, desimber 1936; filmadaptaasje fan "The Story of the Late Mr Elvesham")

Essay's en oare non-fiksje

bewurkje seksje
  • Text-Book of Biology (1893)
  • Honours Physiography (1893; mei R. A. Gregory)
  • Certain Personal Matters (1897)
  • Anticipations of the Reactions of Mechanical and Scientific Progress upon Human Life and Thought (1901)*
  • Mankind in the Making (1903)
  • The Future in America: A Search After Realities (1906)
  • This Misery of Boots (1907)
  • Will Socialism Destroy the Home? (1907)
  • New Worlds for Old (1908)
  • First and Last Things (1908)
  • Floor Games (1911)
  • The Great State (1912)
  • Great Thoughts From H. G. Wells (1912)
  • Thoughts From H. G. Wells (1912)
  • Little Wars (1913)
  • The War That Will End War (1914)
  • An Englishman Looks at the World (1914; Amerikaanske titel: Social Forces in England and America)
  • The War and Socialism (1915)
  • The Peace of the World (1915)
  • What is Coming? (1916)
  • The Elements of Reconstruction (1916; as D. P.)
  • God the Invisible King (1917)
  • War and the Future (1917; alternative titel: Italy, France and Britain at War)
  • Introduction to Nocturne (1917)
  • In the Fourth Year (1918)
  • The Idea of a League of Nations (1919; mei Edward Grey, 1ste boarchgreve Grey of Fallodon, Lionel Curtis, William Archer, H. Wickham Steed, A. E. Zimmern, J. A. Spender, boarchgreve Bryce en Gilbert Murray)
  • The Way to the League of Nations (1919; mei Edward Grey, 1ste boarchgreve Grey of Fallodon, Lionel Curtis, William Archer, H. Wickham Steed, A. E. Zimmern, J. A. Spender, boarchgreve Bryce en Gilbert Murray)
  • The Outline of History (1920)
  • Russia in the Shadows (1920)
  • Frank Swinnerton (1920; mei Arnold Bennett en Grant Overton)
  • The Salvaging of Civilization (1921)
  • A Short History of the World (1922)
  • Washington and the Hope of Peace (1922; alternative titel: "Washington and the Riddle of Peace")
  • Socialism and the Scientific Motive (1923)
  • The Story of a Great Schoolmaster: Being a Plain Account of the Life and Ideas of Sanderson of Oundle (1924; in biografy fan Frederick William Sanderson)
  • A Year of Prophesying (1925)
  • A Short History of Mankind (1925)
  • Mr. Belloc Objects to "The Outline of History" (1926)
  • Wells' Social Anticipations (1927)
  • The Way the World is Going (1928)
  • The Book of Catherine Wells (1928)
  • The Open Conspiracy (1928; alternative titel: What Are We To Do With Our Lives?)
  • The Science of Life (1930; mei Julian S. Huxley en G. P. Wells)
  • Divorce as I See It (1930)
  • Points of View (1930)
  • The Work, Wealth and Happiness of Mankind (1931)
  • The New Russia (1931)
  • Selections From the Early Prose Works of H. G. Wells (1931)
  • After Democracy (1932)
  • Experiment in Autobiography (1934)
  • The New America: The New World (1935)
  • The Anatomy of Frustration (1936)
  • World Brain (1938)
  • The Fate of Homo Sapiens (1939; alternative titel: The Fate of Man)
  • The New World Order (1939)
  • Travels of a Republican Radical in Search of Hot Water (1939)
  • The Common Sense of War and Peace (1940)
  • The Rights of Man (1940)
  • The Pocket History of the World (1941)
  • Guide to the New World (1941)
  • The Outlook for Homo Sapiens (1942)
  • The Conquest of Time (1942)
  • Modern Russian and English Revolutionaries (1942; mei Lev Uspensky)
  • Phoenix: A Summary of the Inescapable Conditions of World Reorganization (1942)
  • Crux Ansata: An Indictment of the Roman Catholic Church (1943)
  • '42 to '44: A Contemporary Memoir (1944)
  • Reshaping Man's Heritage (1944; mei J. B. S. Haldane en Julian S. Huxley)
  • The Happy Turning (1945)
  • Mind at the End of Its Tether (1945)
  • Marxism vs Liberalism (1945; mei Joazef Stalin)
  • H.G. Wells: Early Writings in Science and Science Fiction (1975)

Artikels yn kranten en tydskriften

bewurkje seksje
  • Zoological Retrogression (1891)
  • The Rediscovery of the Unique (1891)
  • Ancient Experiments in Co-Operation (1892)
  • On Extinction (1893)
  • The Man of the Year Million (1893)
  • The Sun God and the Holy Stars (1894)
  • Province of Pain (1894)
  • Life in the Abyss (1894)
  • Another Basis for Life (1894)
  • The Rate of Change in Species (1894)
  • The Biological Problem of To-day (1894)
  • The "Cyclic" Delusion (1894)
  • Flat Earth Again (1894)
  • Bio-Optimism (1895)
  • Bye-Products in Evolution (1895)
  • Death (1895)
  • The Duration of Life (1895)
  • The Visibility of Change in the Moon (1895)
  • The Limits of Individual Plasticity (1895)
  • Human Evolution, an Artificial Process (1896)
  • Intelligence on Mars (1896)
  • Concerning Skeletons (1896)
  • The Possible Individuality of Atoms (1896)
  • Morals and Civilisation (1897)
  • On Comparative Theology (1898)
  • The Discovery of the Future (1902)
  • The English House of the Future (1903; mei ferskate oaren)
  • Skepticism of the Instrument (1903)
  • The Things that Live on Mars (1908)
  • The Grisly Folk (1921)
  • Mr. Wells and Mr. Vowles (1926)
  • The Red Dust a Fact! (1927)
  • Democracy Under Revision (1927)
  • Wells Speaks Some Plain Words to Us (1927)
  • Common Sense of World Peace (1929)
  • Foretelling the Future (1938)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.