Ilhan Omar
Ilhan Omar (Mogadisjû, 4 oktober 1981) is in Amerikaansk politika en sosjaal aktiviste fan etnysk Somalysk komôf. Hja moast as bern har heitelân ûntflechtsje, en emigrearre yn 1995 nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Minneapolis. Omar is in lid fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party, in politike partij út 'e Amerikaanske steat Minnesota dy't ferbûn is mei de lanlike Demokratyske Partij. Yn novimber 2018 waard se tegearre mei Rashida Tlaib út Michigan as ien fan 'e earste beide moslim-froulju keazen yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn it Amerikaanske Kongres ûntjoech Omar har ta in geregelde kritika fan Israel en fan it ymmigraasjebelied fan it regear fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump. Yn 'e mande mei Alexandria Ocasio-Cortez, Rashida Tlaib en Ayanna Pressley foarmet se in ynformele groep fan linkse froulike ôffurdigen út etnyske minderheden, dy't troch de Amerikaanske media The Squad neamd wurdt.
Ilhan Omar | ||
politikus | ||
echte namme | Ilhan Omar | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 4 oktober 1981 | |
berteplak | Mogadisjû (Somaalje) | |
etnisiteit | Somalysk | |
partij | Demokratyske Partij | |
lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar it 5e distrikt fan Minnesota | ||
amtsperioade | 2019 – ... | |
foargonger | Keith Ellison | |
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Minnesota foar it distrikt 60B | ||
amtsperioade | 2017 – 2019 | |
foargonger | Phyllis Kahn | |
opfolger | Mohamud Noor | |
offisjele webside | ||
ilhanomar.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeOmar waard yn 1981 berne yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû. Hja is in moslima en heart ta de Majeerteen-stamme út noardeastlik Somaalje. Omar brocht har iere jonkheid troch yn it Somalyske Baydhabo. Se wie de jongste fan sân bern yn it gesin fan har heit, Nur Omar Mohamed, dy't dosint oan 'e kweekskoalle wie. Har mem kaam út 'e Reer Benaadir-stamme en stoar doe't Omar noch lyts wie. Neitiid waard se fierder grutbrocht troch har heit en har pake, Abukar, dy't direkteur wie fan 'e Somalyske nasjonale seetransporttsjinst. Doe't yn 1991 de Somalyske Boargeroarloch útbriek, moast de famylje fan Omar Somaalje ûntflechtsje. Hja brocht neitiid fjouwer jier troch yn in flechtlingekamp yn noardeastlik Kenia.
Yn 1995 emigrearren Omar, har heit, pake en bruorren en susters nei de Feriene Steaten, dêr't se yn 't earstoan yn Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C., kamen te wenjen. Letter datselde jiers ferfearen se nei Minneapolis, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, dêr't in grutte Somalyske mienskip fêstige is. Omar learde dêr yn in fearnsjier Ingelsk te praten. Fan har heit en har pake hie se leard hoe wichtich oft demokrasy is, en daliks nei't se har yn Minneapolis nei wenjen set hiene, naam har pake har mei nei ferkiezingsgearkomsten, dêr't se foar him as tolk fungearre. Yn 2000, doe't se santjin jier wie, naam Omar de Amerikaanske nasjonaliteit oan.
Se genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Edison High School yn Minneapolis en wie dêr as aktiviste belutsen by ferskate projekten. Neitiid learde se fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan Noard-Dakota, yn Fargo, dêr't se yn 2011 ôfstudearre mei in bachelortitel yn politikology en ynternasjonale stúdzjes.
Karriêre
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeOmar sette har karriêre útein as fiedingsdosinte oan 'e Universiteit fan Minnesota, in funksje dy't se fan 2006 oant 2009 ferfolle. Yn 2012 tsjinne se as kampanjemanager foar de werferkiezing fan Kari Dziedzic yn 'e Senaat fan Minnesota. Dêrnei wie se fan 2012 oant 2013 wurksum as koördinator op it mêd fan bernefieding foar it Departemint fan Underwiis fan Minnesota. Yn 2013 wie Omar kampanjemanager foar de ferkiezing fan Andrew Johnson foar de gemeenteried fan Minneapolis. Nei't Johnson syn sit wûn hie, tsjinne se oant 2015 as syn haadassistinte. Yn dy snuorje waard se yn febrewaris 2014 ûnder in út 'e hân rûne ferkiezingsgearkomste oanfallen en mishannele troch fiif persoanen. Yn septimber 2015 waard Omar direktrise fan 'e ôfdieling Belied & Inisjativen fan it Women Organizing Women Network, in organisaasje dy't Amerikaanske froulju mei in Eastafrikaanske eftergrûn oanfiteret om yn 'e polityk te gean.
Yn 2016 stelde Omar har ferkiesber foar de sit fan distrikt 60B yn it Hûs fan Offurdigen fan Minnesota foar de Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party (DFL), in politike partij dy't ferbûn is mei de lanlike Demokratyske Partij. By de foarferkiezings fan dy partij fersloech se op 9 augustus de sittende steatsôffurdige Phyllis Kahn en teffens in trêde kandidaat, Mohamud Noor. Foar de eigentlike ferkiezings fan begjin novimber 2016 wie har wichtichtste rivaal de Republikeinske kandidaat Abdimalik Askar, dy't krekt as sysels in aktivist út 'e Somalysk-Amerikaanske mienskip fan Minneapolis wie. Dyselde loek him ein augustus werom, wêrnei't Omar yn novimber mei oermacht de ferkiezing wûn en sadwaande op 3 jannewaris 2017 as earste Somalysk-Amerikaanske lid ea fan in Amerikaansk steatskongres ynsward wurde koe.
As steatspolitika hie Omar in progressive aginda, mei as wichtichste punten ferheging fan it minimumlean, fergees heger ûnderwiis foar bern fan âlden dy't jiers minder as $125.000 fertsjinje, en breder tapassen fan frijskelling fan studintelienings. Hja waard troch beskate Republikeinen beskuldige fan antysemitisme om't se it regear fan Israel "in apartheidrezjym" neamde, dat "de wrâld hypnotisearre" hie om it bombardearjen fan boargerdoelen troch de fingers te sjen, in dwaan dat sy karakterisearre as "kwea-aardich". Omar reägearre op 'e beskuldigings troch te sizzen dat dy nearne op basearre binne, en dat krityk op 'e aksjes fan it Israelyske regear yn 'e fierste fierte net haat tsjin it Joadske folk ymplisearret. Oare beskuldigings, fan 'e Republikeinske steatsôffurdige Steve Drazkowski, dat Omar fraude dien hie mei kampanjejild, wiene neffens har ûnwier en polityk motivearre.
Ferkiezings foar it Kongres (2018)
bewurkje seksjeOp 5 juny 2018 kundige Omar oan dat se har ferkiesber stelde foar de sit fan it 5e distrikt fan Minnesota yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, nei't de sittende ôffurdige, Keith Ellison, bekendmakke hie dat er net wer ferkiesber wie. Op 17 juny krige se nei twa omgongen fan stimmen de stipe fan 'e partijtop fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party, en op 14 augustus wûn se de foarferkiezings fan har partij. By de eigentlike ferkiezings, op 6 novimber 2018, naam Omar it op tsjin 'e Republikeinske konservative aktiviste Jennifer Zielinski, dy't se mei in romme marzje fersloech. Dêrmei waard se de earste persoan fan Somalysk komôf dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is, en tegearre mei Rashida Tlaib, út Michigan, wie se ek ien fan 'e earste islamityske froulju dy't ea yn it Kongres keazen binne. Dêropta is Omar ek de earste islamityske flechtling dy't ea keazen is foar in sit yn it Amerikaanske Kongres, en de earste net-blanke persoan dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is foar in sit út Minnesota. Oer Omar har ferkiezing yn it Amerikaanske Kongres waard troch Norah Shapiro de dokumintêre Time for Ilhan makke, dy't draaide op û.m. it Filmfestival fan Tribeca.
Yn it Hûs fan Offurdigen
bewurkje seksjeMei Alexandria Ocasio-Cortez fan New York, Ayanna Pressley fan Massachusetts en Rashida Tlaib fan Michigan waard Omar troch de media bombardearre ta "The Squad": in groep nau gearwurkjende, jonge, progressive leden fan 'e Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen. Nei de ferkiezings fan 2020 sleaten Cori Bush fan Missouri en Jamaal Bowman fan New York harren dêrby oan.
Nei har ferkiezing ta lid fan it Hûs fan Offurdigen krige Omar ferskate kearen te meitsjen mei rasisme, û.m. fan presintatrise Jeanine Pirro, dy't op 'e tillefyzje Omar har trou oan 'e Feriene Steaten yn twifel loek inkeld en allinne om't se in hidjaab draacht. In oare kear kaam Omar yn opspraak doe't se de ynfloed fan 'e pro-Israel-lobby AIPAC op it Amerikaanske Kongres feroardiele. Se sei dêrby dat dat "der net fan [har] ferwachte wurde moatte soe om stipe ta te sizzen oan in oar lân foar't se [de Feriene Steaten] yn it Kongres tsjinje mocht." Har útspraken waarden troch in protte Republikeinen foar antysemitysk weiset. In oare kontroverse om Omar hinne ûntstie doe't se yn in taspraak foar de Council on American-Islamic Relations (CAIR) sei: "De CAIR waard nei 9/11 oprjochte om't men foar it ferstân hie dat guon lju wat útheefd hiene en dat wy allegear [as moslims] op it punt stiene om ús boargerrjochten te ferliezen." (Omar wie trouwens mis: de CAIR wie al yn 1994 oprjochte.) De omskriuwing "dat guon lju wat útheefd hiene" foar de terroristyske oanslaggen fan 9/11 skeat in protte lju yn it ferkearde kielsgat. De krante The New York Post printe op 11 april 2019 op 'e foarside in foto ôf fan it brânende World Trade Center, mei de kop "Kongreslid Omar: 9/11 wie 'Guon lju heefden wat út' – Hjir hast 'wat'... 2.877 minsken dea troch terrorisme". Op 12 april twittere presidint Donald Trump in oanpaste fideo wêryn't Omar har opmerking soarchfâldich fan 'e kontekst ûntdien wie, wylst syn soan Donald Trump jr. twittere: "Dat frommes moat har skamje." Ferskate Demokratyske kongresleden feroardielen it twitterberjocht fan 'e presidint, dat neffens harren geweld en haat oprôp.
Behalven op Israel y.f.m. de behanneling fan 'e Palestinen yn it besette Westjordaanlân hat Omar ek iepentlik krityk jûn op û.m. Saûdy-Araabje y.f.m. de rol fan dat lân yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch en y.f.m. de moard op sjoernalist Djamal Chasjogdzji; op Egypte, Bachrein en de Feriene Arabyske Emiraten omreden fan harren diktatoriale rezjyms; op Sina y.f.m. mei de Oeigoerske Genoside en op Turkije nei oanlieding fan 'e Turkske ynfal yn noardeastlik Syrje. Har oprop ta in boykot fan Israel kaam har op in status as persona non grata yn dat lân te stean.
Werferkiezings yn it Kongres
bewurkje seksjeBy de ferkiezings fan 2020 moast Omar by de Demokratyske foarferkiezings fjouwer tsjinkandidaten ferslaan. De wichtichste dêrfan wie de mediator en abbekaat Antone Melton-Meaux, dy't in kampanjebedrach fan $3,2 miljoen gearbrocht, dat benammen ôfkomstich wie fan pro-Israelyske organisaasjes, wylst Omar it mei $500.000 dwaan moast. Ek de grutste krante fan Minnesota, The Star Tribune, stie efter Melton-Meaux, en fan gefolgen foarseine guon analysten in drege stimbusstriid. Omar wûn lykwols maklik, mei 57,4% fan 'e stimmen tsjin 39,2% foar Melton-Meaux. By de eigentlike ferkiezings fersloech Omar dêrnei ienfâldich har Republikeinske tsjinstanner Lacy Johnson.
By de ferkiezings fan 2022 fersloech Omar yn 'e Demokratyske foarferkiezings it eardere gemeenteriedslid fan Minneapolis Don Samuels mei in marzje fan minder as 2.500 stimmen. Yn 'e algemiene ferkiezings fersloech se dêrnei mei oermacht de Republikeinske kandidate Cicely Davis.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 2002 ferloofde Omar har mei Ahmed Hirsi (berne as Ahmed Aden). Se fregen in troufergunning oan, mar trouden úteinlik nea. Se krigen twa bern ear't se yn 2008 útinoar giene. Yn 2009 troude Omar mei Ahmed Nur Said Elmi, dy't de Britske nasjonaliteit hie. Dat houlik rûn yn 2011 lykwols út op in islamityske skieding, en yn 2017 skieden se ek foar de wet. Yn 2011, nei't se har relaasje mei Elmi beëinige hie, fermoedsoene Omar har mei Hirsi. Mei him krige se yn 2012 in trêde bern, en yn 2018 trouden se foar de Amerikaanske wet. Omar, Hirsi en harren trije bern wenje yn 'e wyk Cedar-Riverside fan Minneapolis.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|