Kwartêre Iistiid

(Trochferwiisd fan Kwartêre iistiid)

De Kwartêre Iistiid, ek bekend as de Pleistosene Iistiid of de hjoeddeistige iistiid, is in iistiid dy't it hiele Kwartêr omfiemet, fan 2.588.000 jier lyn oant no. Krekt as alle iistiden bestiet de Kwartêre Iistiid út glasialen (kâldere perioaden) en ynterglasialen (waarmere perioaden). Op 't heden libje wy yn in ynterglasiaal, dy't bekendstiet as it Holoseen. Hoewol't geologen, omreden fan it feit dat der iiskapen yn 'e poalstreken en gletsjers yn 'e heechberchtmen besteane, it hiele Kwartêr as ien lange iistiid omskriuwe, wurdt yn 'e folksmûle mei "iistiid" oer it algemien ferwiisd nei de meast resinte glasiaal, dy't omtrint 11.700 jier lyn einige.

It Noardlik Healrûn ûnder it Lêste Glasiaal Maksimum, sa'n 22.000 jier lyn. (Iis ljochtblau, lân giel, see dûnkerblau.)

Underferdieling

bewurkje seksje

It begjin fan 'e Kwartêre Iistiid wurdt ornaris fêststeld op 2.588.000 jier lyn, doe't der him in Arktyske iiskape begûn te foarmjen. De Antarktyske iiskape wie al earder ûntstien, sa'n 34 miljoen jier lyn yn it midden-Senozoïkum. Soms sprekt men fan 'e Let-Senozoyske Iistiid om dy iere faze ek mei te nimmen.

Geologen binne fan tinken dat der yn 'e lêste 2,6 miljoen jier tsientallen sykly west hawwe fan glasialen en ynterglasialen dy't inoar ôfwikselen. Allinnich al yn 'e lêste 740.000 jier hawwe der teminsten acht fan sokke sykly west. Tusken likernôch 2,6 en 1 miljoen jier lyn fûnen glasialen rûchwei eltse 40.000 jier plak. Dat feroare likernôch 1 miljoen jier lyn mei de saneamde Middenpleistoseenske Revolúsje, wêrnei't him likernôch eltse 100.000 jier in syklus fan glasiaal en ynterglasiaal foardie. De glasiaal duorre dêrby sa'n 80.000 en de ynterglasiaal sa'n 20.000 jier. Ek binnen de glasialen wie it lykwols net altyd hiel kâld op 'e Ierde. In ferhâldingsgewiis koarte perioade yn in glasiaal wêryn't it hiel kâld is, wurdt in stadiaal neamd, en sokke perioaden waarden ôfwiksele mei snuorjes dat it relatyf waarm wie, de saneamde ynterstadialen.

Yn 'e Kwartêre Iistiid wreiden de iiskapen har yn 'e stadialen tige fier út, benammen op it Noardlik Healrûn, wêrnei't se har yn 'e ynterstadialen wer wat weromloeken en yn 'e ynterglasialen likernôch ta har hjoeddeistige gebiet beheinden. It ôfwikseljend oanwaaksen en belúnjen fan 'e iiskapen foel yn 'e lêste 2,6 miljoen jier yn totaal wol mear as hûndert kear foar, as men net inkeld de oergongen fan glasialen nei ynterglasialen en oarsom, mar ek de oergongen fan stadialen nei ynterstadialen en oarsom meirekkenet. Op lân wiskje optsjende iiskapen gauris de spoaren út dy't troch eardere iiskapen efterlitten binne. Dêrtroch is der it measte bekend oer de lêste glasialen. Fryslân is teminsten twa kear bedutsen rekke troch lâniis dat him út Skandinaavje wei oer Jeropa útwreide, te witten ûnder de Foarlêste en de Foarfoarlêste Glasiaal (mar net ûnder de Lêste Glasiaal). It is skoan mooglik, en sels wierskynlik, dat soks fierder yn it ferline folle faker bard is, mar dêrfan binne gjin of frijwol gjin spoaren bewarre bleaun.

 
Glasiaal maksimum (d.w.s. de uterste útwreiding fan it lâniis) yn 'e Foarfoarlêste Glasiaal of Elster-glasiaal (blau), de Foarlêste Glasiaal of Saale-glasiaal (giel) en de Lêste Glasiaal of Weichsel- of Würm-glasiaal (read).

De ierste glasiaal wêrfan't begjin en ein mei in beskate sekuerens fêststeld wurde kinne, wie de Foarfoarlêste Glasiaal, dy't yn 'e geology ek wol de Elster- of Mindel-glasiaal neamd wurdt. Dy begûn likernôch 465.000 jier lyn, duorre 47.000 jier en einige 418.000 jier lyn oan it begjin fan 'e Foarfoarlêste Ynterglasiaal of Holstein-ynterglasiaal. De Foarlêste Glasiaal duorre folle langer: 219.000 jier. Dy glasiaal wurdt ek wol de Saale- of Riss-glasiaal neamd. Hy begûn 347.000 jier lyn en duorre oant likernôch 130.000 jier lyn. Dêrnei folge de Lêste Ynterglasiaal of Eem-ynterglasiaal, dy't 13.000 jier duorre, oant 117.000 jier lyn. De Lêste Glasiaal of Würm- of Weichsel-glasiaal, duorre dêrnei goed 105.000 jier, oant omtrint 11.700 jier lyn it Holoseen, de hjoeddeistige ynterglasiaal, úteinsette. Om't men yn it normale spraakgebrûk gjin ûnderskie makket tusken glasialen en iistiden, wurdt ornaris nei de Lêst Glasiaal ferwiisd as de 'Lêste Iistiid'.

De yn ferhâlding mei de hjoeddeistige tastân justjes kâldere perioade fan 'e fyftjinde oant de njoggentjinde iuw wurdt wol de Lytse Iistiid neamd. Dat wie beslist gjin wiere iistiid en sels gjin glasiaal, mar inkeld in wat kâldere perioade binnen de hjoeddeistige ynterglasiaal. De winters wiene doedestiden in stik stranger as no, wat bekend is fan 'e withoefolle wintertafrielen op skilderijen fan Hollânske keunstskilders, wêrby't lju op 'e tichtferzen grêften oan it reedriden binne (wat no suver net mear foar te stellen is). Ek it ferlern gean fan 'e Noarske koloanjes yn Grienlân is nei alle gedachten oan 'e temperatuerferleging út dy snuorje te witen. Mar der wie gjin sprake fan in útwreiding fan it lâniis nei it suden ta dy't it neamen wurdich is, al die him yn 'e heechberchtmen wol wat fergletsjering foar.

Skematyske werjefte fan 'e lêste 500.000 jier

bewurkje seksje
Pleistoseen Foarfoarlêste Glasiaal
(Elster- of Mindel-glasiaal)
465.000 – 418.000 jier lyn
Foarfoarlêste Ynterglasiaal
(Holstein-ynterglasiaal)
418.000 – 347.000 jier lyn
Foarlêste Glasiaal
(Saale- of Riss-glasiaal)
347.000 – 130.000 jier lyn
Foarlêste Ynterglasiaal
(Eem-ynterglasiaal)
130.000 – 117.000 jier lyn
Lêste Glasiaal
(Würm- of Weichsel-glasiaal)
117.000 –   11.700 jier lyn
Holoseen Hjoeddeistige Ynterglasiaal   11.700 – no

Klimaatrekonstruksjes

bewurkje seksje

Ut rekonstruksjes fan 'e trochsneed temperatuer docht bliken dat der ûnder de Kwartêre Iistiid geregeldwei snuorjes west hawwe dat in tige grutte hoemannichte wetter bûn wie yn 'e iiskapen (glasialen), hieltyd folge troch in faze wêryn't in sterke ferwaarming fan 'e Ierde plakfûn en de iiskapen foar in grut part weiteiden (ynterglasialen). Om soks fêst te stellen binne ferskate, faninoar ûnôfhinklike, wittenskiplike metoaden brûkt, wêrûnder analyze fan 'e laagdheid fan 'e iiskapen fan Grienlân en Antarktika en soerstofdatearring yn ûnfersteurde sedimintlagen op 'e boaiem fan 'e oseänen. Dêrút bliek ek dat de glasialen relatyf lang duorren en de ynterglasialen (geologysk sjoen) relatyf koart.

Oarsaken fan glasialen

bewurkje seksje

De Servyske wiskundige Milutin Milanković beskreau oan it begjin fan 'e tweintichste iuw feroarings yn 'e oriïntaasje fan 'e ierdas en de omrinbaan (om 'e sinne) fan 'e Ierde, dy't nei him ek wol Milanković-sykly neamd wurde. Yn 'e 1970-er jierren waard troch û.o. de klimatologen John Imbrie, James D. Hays en Nicholas Shackleton bewiis fûn dat grutte feroarings yn it klimaat lykoprinne mei de Milanković-sykly. As wichtichste eksterne faktor foar it foarkommen fan 'e Pleistosene ôfwikseling fan glasialen en ynterglasialen wurdt sûnt de hoemannichte ynstrieling fan 'e sinne op it Noardlik Healrûn sjoen. Dy ynstrieling fariëarret oan 'e hân fan 'e trije soarten troch Milanković beskreaune sykly:

  • de presesje fan 'e ierdas, dy't derfoar soarget dat it diel fan it jier wêryn't it Noardlik Healrûn nei de sinne ta rjochte is (as it der simmer is) fariëarret
  • de oblikiteit fan 'e ierdas, oftewol de feroaring fan 'e hoeke fan 'e ierdas foar de omrinbaan fan 'e Ierde oer
  • feroarings yn 'e eksintrisiteit fan 'e baan fan 'e Ierde om 'e sinne hinne.

As de ierdas in grutte hoeke hat foar de omrinbaan oer en/of as de Ierde yn 'e noardlike simmer tichter by de sinne stiet, sille de jiertiden op it Noardlik Healrûn sterker wêze. As de ierdas in lytse hoeke hat foar de omrinbaan oer en/of as de Ierde yn 'e noardlike winter tichter by de sinne stiet, binne de jiertiden swakker. De eksintrisiteit fan 'e ierdbaan beynfloedet fral de mjitte wêryn't de presesje fan belang is. De ôfwikseling tusken glasialen en ynterglasialen is benammen te witen oan 'e oblikiteitssykly.

 
It ferbân tusken de Milanković-parameters en klimaatferoarings op 'e Ierde yn 'e lêste ien miljoen jier.

Glasialen ûntsteane as de jiertiden op it Noardlik Healrûn swak binne: yn 'e waarme winter falt der yn 'e poalstreek mear snie en yn 'e koele simmer teit dêrfan minder fuort. De snie dy't lizzen bliuwt, begjint te feriizjen, mei as gefolch dat de iiskape op it Noardlik Healrûn begjint te groeien. Dat is boppedat in effekt dat himsels almar fuortsterket, want trochdat in gruttere iiskape mear sinneljocht (en dêrmei waarmte) wjerkeatst, wurde de simmers noch kâlder.

Swakke jiertiden op it Súdlik Healrûn hawwe folle minder ynfloed op it klimaat, om't Antarktika kâld genôch is om ek bûten de glasialen mei iis oerdutsen te bliuwen, wylst de seeën om Antarktika hinne net folle mooglikheden ta fierdere iisfoarming biede. It ferskil tusken de Súdlike Oseaan en de Noardlike Iissee is datoangeande dat de Noardlike Iisssee minder sâlt is en minder streaming hat en dêrtroch folle makliker tichtfrieze kin. Boppedat lizze de lânmassa's fan 'e wrâlddielen Jeropa, Aazje en Noard-Amearika relatyf deun om 'e Noardpoal hinne, sadat de iiskape dêr in folle lytser stik see hoecht te oerbrêgjen as by Antarktika it gefal is. Dêr kin eins inkeld de súdpunt fan Súd-Amearika reedlikerwize troch de iiskape berikt wurde. See-iis bout him troch it sâlte wetter nammentlik folle minder maklik op as lâniis: seewetter it hat in leger friespunt as swiet wetter. En see-iis teit ek gauwer wer fuort.

Behalven de astronomyske fariaasjes dy't fêstlein binne yn 'e Milanković-sykly spilet dus ek de fraach oft der lânmassa's yn 'e neite fan 'e poalen lizze, in grutte rol by it ûntstean fan glasialen. In trêde wichtige faktor is de hoemannichte (hjittefêsthâldende) broeikasgassen, lykas koalstofdiokside, dy't har yn 'e atmosfear befine. De krekte wikselwurking fan al dy faktoaren is noch net alhiel dúdlik. Wittenskippers besykje dêr wissichheid oer te krijen troch mei klimaatmodellen in rekonstruksje fan it klimaat en de klimaatferoarings fan it ferline te meitsjen.

 
In skematyske foarstelling fan 'e foarming fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika.

Ynfloed op it lânskip

bewurkje seksje

De ûnderskate glasialen fan 'e Kwartêre Iistiid hawwe grutte ynfloed hân op it lânskip fan it Noardlik Healrûn. Sa binne yn 'e Alpen in protte dellingen foarme troch útsliping troch gletsjers, en itselde jildt foar de fjorden fan Noarwegen. Alde berchtmen, lykas it Skandinavysk Heechlân en de Skotske Heechlannen, binne troch ôfsliping troch it lâniis sterk yn hichte belune. Yn Noard-Amearika binne de Grutte Marren foarme troch de lâniislaach fan 'e Lêste Glasiaal.

Fan 'e âldere glasialen is yn Nederlân hast neat bewarre bleaun. Wol binne der yn âlde rivierôfsettings, de saneamde Hattemlagen, ferspielde swerfstiennen oantroffen. Fan 'e Foarfoarlêste of Elster-glasiaal, wêrfan't it glasiaal maksimum dwers troch Gaasterlân, de Fryske Wâlden en Drinte rûn, binne yn Noard-Nederlân benammen djippe slinken oerbleaun. Dy kinne oant ferskate hûnderten meters djip wêze, mar binne neitiid fierhinne opfolle of tichtslibbe rekke.

Yn 'e Foarlêste of Saale-glasiaal foel it glasiaal maksimum yn Nederlân likernôch op in line dy't rûn fan 'e Grutte Rivieren by Nimwegen fia Amsterdam nei Noardseekust ter hichte fan Alkmar. Dat glasiaal maksimum waard pas tsjin 'e ein fan 'e glasiaal berikt, sa'n 150.000 jier lyn. Mei't de Lêste of Würm-glasiaal Nederlân hielendal net berikte, wie dit de lêste lâniisbedekking fan it Nederlânsk grûngebiet. It hat sadwaande in protte spoaren neilitten, wêrûnder morenen mei swerfstiennen, driuwwâlen, púnsânwaaiers en glasiale bekkens. Sokke lânskipsstruktueren binne werom te finen yn 'e foarm fan û.o. Reaklif, de Hûnsrêch, de Lemelerberch, de Sallânske Heuvelrêch, de Friezeberch, de Markelooske Berch en de Lochemerberch.

Gletsjers en lâniis ferfiere pún by it paad fan 'e iisstreamen lâns. Nei it fuortteien fan it iis foarmet dat pún in morene. Yn Nederlân is it saneamde balstienliem it karakteristike ôfteiïngsprodukt fan 'e lêste iisbedekking. Yn dat balstienliem sitte tige grutte swerfstiennen, dy't op guon plakken, benammen yn wat no Drinte is, troch de minske opsteapele binne ta megalityske monuminten dy't hunebêden neamd wurde. In relatyf lyts part fan it troch it lâniis ôfsette materiaal komt út Skandinaavje; foar it meastepart giet it hjirby nammentlik om earder troch de rivieren en de see ôfset materiaal út Noard-Nederlân en oanbuorjende dielen fan Dútslân. Balstienliem kin oantroffen wurde yn hiel Noard-Nederlân: op Teksel, yn it Waad, yn Fryslân (bgl. Reaklif), Grinslân en Drinte.

 
Klimaatferoaring op 'e Ierde yn 'e lêste 5 miljoen jier.

Driuwwâlen binne lagen beferzen ûndergrûn dy't foar de iismuorre út opskood waarden ta grutte, langrutsen bulten. Foarbylden fan driuwwâlen binne de Uterter Heuvelrêch, de Feluwe en de Sallânske Heuvelrêch. De Toerberch, dy't noardwestlik fan Apeldoarn leit, is mei in hichte fan 107 m boppe seenivo de heechste driuwwâl fan Nederlân.

In wichtich ûnderskie tusken in morene(wâl) en in driuwwâl is it materiaal dêr't de struktuer út bestiet. Morenen binne opmakke út los, troch it iis transportearre materiaal (ntl. de balstiennen en it liem fan balstienliem), wylst driuwwâlen besteane út opdreaune âldere grûnlagen, dy't wat ferfoarme en teffens ferpleatst binne, mar dy't der fierders noch fierhinne útsjogge sa't se oarspronklik west hawwe. Oan 'e hân fan 'e lagen yn 'e grûn kin fêststeld wurde dat de grûn fan 'e driuwwâlen oarspronklik horizontaal ôfset west hat en út 'e tearen en fâlden en de foarm fan 'e heuvels kinne de rjochtings en foarmen fan 'e iislobben oan 'e râne fan it lâniisdek ôflaat wurde. Tusken de heechste driuwwâlen yn waarden soms oant mear as hûndert meter djippe dellingen útsliten, dêr't de Iseldelling en de Gelderske Fallei noch oerbliuwsels fan binne. Sokke glasiale bekkens rekken fuort nei har foarming opfolle mei ôfteiïngsprodukten en rivier- en wynôfsettings.

Yn 'e Lêste of Würm-glasiaal bleau it glasiaal maksimum stykjen healwei de lâningte fan Sleeswyk-Holstein en yn 'e neite fan 'e Elbe by Hamburch. Yn Nederlân hearske doedestiden in toendraklimaat, wêrby't de wyn yn 'e kâldste en skrielste perioaden frij spul hie en der op grutte skaal deksân ôfset waard, dat soms rêgen foarme. Dy deksânlaach is faak inkele meters tsjûk en komt benammen foar yn 'e midden, it easten en it suden fan Nederlân. Ek waarden yn it lêste diel fan 'e Lêste Glasiaal rivierdunen of donken foarme, dy't útwaaid wiene út 'e drûchfallen bêden fan 'e gruttere rivieren. Yn Súd-Limburch en dielen fan Belgje en Dútslân waard troch de wyn ynstee löss ôfset, in grûnsoarte dy't finer is as sân. It grûnwetter yn 'e ûndjippe ûndergrûn rekke yn 'e Lêste Glasiaal beferzen ta permafrost, wat op guon plakken ta de foarming fan pingo's late: heuveltsjes mei in kearn fan iis. De oerbliuwsels dêrfan hjitte pingoruïnes en binne noch werom te kennen as lytse, soms tige djippe, frijwol rûne markes of puollen. De Uddelermar op 'e Feluwe is dêr ien fan.

Seespegelnivo

bewurkje seksje

Yn 'e Pleistosene glasialen wie it nivo fan 'e seespegel folle leger as tsjintwurdich om't der in protte wetter finzen siet yn 'e iiskapen. Dy koene bytiden wol oant 3 km tsjûk wêze. Fan gefolgen stie de seespegel likernôch 125 m leger as no. Dat betsjutte dat de Noardsee drûch stie en sawol minsken as bisten har sûnder swierrichheden mei drûge fuotten út Nederlân nei Ingelân en werom bejaan koene. It is ek de reden dat fiskers tsjintwurdich yn 'e Noardsee soms noch mammoetbonken opfiskje. Ek oare ûndjippe seeën stiene ûnder de glasialen drûch. Sa bestie doe de Beringlânbrêge troch de Beringstrjitte tusken Sibearje en Alaska, en wie Austraalje ferbûn mei sawol Tasmaanje as Nij-Guineä.

Iistiidrelikten

bewurkje seksje

Iistiidrelikten binne planten of bisten dy't ûnder de glasialen fan 'e Kwartêre Iistiid harren grutste fersprieding hiene en sadwaande no noch altyd foarkomme op isolearre plakken dy't fierders bûten har oarspronklike ferspriedingsgebiet lizze. Yn it gefal fan Nederlân kin men dan tinke oan 'e rottekop, dy't fierders folle noardliker foarkomt, de iiskreeft (Eurycercus glacialis), dy't fierders inkeld yn Grienlân libbet, en de grutte gielrâne, in wettertoarre, dy't ek yn Laplân te finen is. De Sweedske kornelle, de sânstjerre en it linnaeusklokje binne planten dy't út ûnder de Lêste Glasiaal yn Nederlân bedarre binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.