Lanniks

(Trochferwiisd fan Lannik (planeet))

Lanniks (inkeltal: Lannik) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan 'e planeet dy't ek Lannik hjit, yn 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel, dy't in lange skiednis fan oarloch hat. Lanniks binne sadwaande tige kriichshaftich en faak ek moedich.

In Lannik (Even Piell).

Lanniks binne humanoïde twafuotters, mei in lingte fan trochinoar 1.50 m. Harren meast opfallende lichemsskaaimerk wurdt foarme troch harren tige lange, spits tarinnende earen, dy't fan 'e sydkant fan 'e holle wol 20 sm útstekke. Harren gehoar is treflik en folle skerper as dat fan minsken. Harren hûdskleur is fleiskleurich. Lanniks hawwe twa geslachten: manlik en froulik. De manlju skeare de holle ornaris keal op in lok hier op 'e krún nei, dy't se yn in hynstesturt drage.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin