Neder-Sû Yndianemienskip
De Neder-Sû Yndianemienskip (Ingelsk: Lower Sioux Indian Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.
Neder-Sû Yndianemienskip | ||
Ingelsk | Lower Sioux Indian Community | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
haadkertier | Morton (Minnesota) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 820 (2010) | |
oprjochting | 1851 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Neder-Sû Yndianereservaat | |
lokaasje | súdlik Minnesota | |
oerflak | 7,0 km² | |
ynwennertal | 340 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.lowersioux.com | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.
|
Algemien
bewurkje seksjeIn alternative namme is: "Neder-Sû Mdewakanton Mienskip", en de langere namme fan "Neder-Sû Yndianemienskip yn de Steat Minnesota" wurdt ek wol brûkt. De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1851, hat 820 leden, en it haadkertier is fêstige yn Morton, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen.
Reservaat
bewurkje seksjeIt reservaat fan 'e Neder-Sû Yndianemienskip is it lytse Neder-Sû Yndianereservaat (Lower Sioux Indian Reservation) fan súdlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar 7 km², en dêr't yn 2000 likernôch 340 minsken wennen.
De Neder-Sû Yndianemienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada.
De namme fan 'e organisaasje komt fan it feit dat der twa Sû-reservaten oan 'e rivier de Minnesota wiene (en noch binne), wêrfan't dy streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux) neamd waard, en dy streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |