Limburch (Nederlân)
|
Limburch (Nederlânsk: Limburg, Limburchsk: Limbörg) is in provinsje fan Nederlân mei 1.128.334 ynwenners (31 jannewaris 2023, boarne: CBS) op in oerflak fan 2070,04 km². As provinsje ûntstie Limburch yn 1866 út it Hartochdom Limburch (in lidsteat fan it Dútske Bûn), dat sels yn 1839 ûntstien wie by de dieling fan Limburch.
GeografyBewurkje
De Maas rint oer sawat de lingte fan de hiele provinsje fan súd nei noard. De provinsje hat der syn foarm oan te tankjen. Oare gruttere rivieren en streamen binne de Geul, Gulp, Roer en Swalm.
Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch boude it Steatske leger fersterkingen oan 'e iggen fan 'e Maas. Limboarch is de iennichste Nederlânske provinsje dy't oan twa bûtenlannen grinzget: yn it westen en suden (Voeren) mei Belgysk Limboarch, yn it suden grinzget in smelle stripe lân oan 'e Belgyske provinsje Luik (boppedat is Limburch de iennichste Nederlânske provinsje dy't oan Walloanje grinzget ); yn it easten grinzget Dútslân oer de hiele lingte mei de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn it noarden grinzget de provinsje oan Gelderlân en yn it noardwesten oan Noard-Brabân.
It noarden en midden bestiet foar it grutste part út sângrûnen. Yn it midden en suden lizze brúnkoal en stienkoal net fier ûnder de grûn. Yn it suden komt krytstien (mergel) foar, dat op ferskate plakken oan 'e oerflakte sichtber wurdt. It krytstien of mergel waard brûkt as boumateriaal foar huzen. Yn Súd-Limburch binne troch de mynbou (brúnkoal/stienkoal) en it úthakken fan mergel ferskate grotten ûntstien.
It noarden en midden fan de provinsje binne relatyf flak, Súd-Limburch hat in heuvellânskip. Yn it uterste súdeasten fan Súd-Limburch leit in leechberchtme dat yn Dútslân oergiet yn de Eifel en yn Belgje yn de Ardennen. De Faalserberch is mei 321,5 meter (boppe seenivo) it heechste punt fan Europeesk Nederlân.
GemeentenBewurkje
Limburch bestiet sûnt 2019 út 31 gemeenten.
- Beek
- Beekdaelen
- Beesel
- Bergen
- Brunssum
- Echt-Susteren
- Eijsden-Margraten
- Faals
- Falkenburch oan de Geul
- Fenlo
- Fenray
- Foerendaal
- Gennep
- Gulpen-Wittem
- Hearlen
- Horst oan de Maas
- Kerkrade
- Landgraaf
- Leudal
- Maasgouw
- Maastricht (haadstêd)
- Meerssen
- Mook en Middelaar
- Nederweart
- Peel en Maas
- Roerdalen
- Roermond
- Simpelveld
- Sittard-Geleen
- Stein
- Weart
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart |
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert |