Neimoïden

(Trochferwiisd fan Neimoïdia)

Neimoïden (Ingelsk: Neimoidians; inkeltal: Neimoïde) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja binne humanoïden mei in lichemslingte fan likernôch 2 m, in griene hûdskleur en grutte reade eagen. Se hawwe gjin noas of lippen. Neimoïden binne ôfkomstich fan 'e planeet Neimoïdia, en stamje ôf fan iere Duro-kolonisten op dy wrâld, dy't har dêre mear as 25.000 jier lyn, om 'e tiid hinne dat de Galaktyske Republyk oprjochte waard, nei wenjen setten. Op Neimoïdia hawwe de Neimoïden op in stuit yn harren evolúsje reuzetoarren witten te domestisearjen, en sûnt hawwe se der altyd nei stribbe om oaren it fysike wurk foar harren opknappe te litten.

De Neimoïde Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e troch Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje.

As se berne wurde, hawwe Neimoïden de foarm fan larven, dy't yn mienskiplike nêsten pleatst wurde oant se sân jier âld binne. Der wurdt yn dy nêsten net genôch iten foar alle larven beskikber steld, sadat der in skieding komt tusken dejingen dy't mear iten sammelje as dat se eins nedich binne en dejingen dy't minder ynklauwerich binne en fan 'e honger omkomme. Troch dy gewoante binne de Neimoïden dy't de folwoeksenens berikke fan natuere deun, ûnferskillich foar it lichaamlik wolwêzen fan oaren en bang om te stjerren.

Yn it Stjerrestelsel fan 'e Star Wars-franchise wurde Neimoïden ornaris troch oare rassen beskôge as stereotypysk foar korrupsje, gjirrigens en ûnbetrouberens, en se hawwe faak genôch toand dat se ree binne om gebrûk te meitsjen fan leagens, manipulaasje en sjantaazje om harren winst te maksimalisearjen. In diel fan harren súkses tankje se lykwols oan harren oanberne talint foar organisaasje. Neimoïden sjogge harrensels net as boasaardich, mar krekt as tawijd oan 'e ambysje om har folle pontinsjeel te berikken yn har eigen maatskippij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin