Noarwegen

(Trochferwiisd fan Norge)

Noarwegen of Noarwei[4][5] is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Oslo. Noarwegen is in konstitúsjonele monargy mei as kening Harald V en mei as premier Jonas Gahr Støre. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Noarwegen in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Noarwegen lid fan de Noardske Ried.

Kongeriket Norge (Bokmål)
Kongeriket Noreg (Nynorsk)
Flagge fan Noarwegen Wapen fan Noarwegen
Biedwurd: Alt for Norge
"Alles foar Noarwegen"
Folksliet: Ja, vi elsker dette landet1
"Ja, wy hâlde fan dit lân"
Keninklik folksliet: Kongesangen
Haadstêd Oslo
Offisjele taal Noarsk (Bokmål en Nynorsk)
Erkende streektaal Noard-Samysk
Lule-Samysk
Súd-Samysk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad Kening Harald V
- regearlieder Jonas Gahr Støre (Ap) (2021–)
Unôfhinklikheid 1905
Oerflak 385.207[1] km²
- lân 365.108 km²
- wetter 20.100 km²
Ynwennertal 5.550.203[2] (01-01-2024)
Befolkingstichtens 14,4 ynwenners/km²
Muntienheid Noarske kroan (NOK)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 17 maaie
Ynternetdomein .no
Telefoan +47
ISO 3166 NO, NOR, 578[3]
1. "Ja, vi elsker dette landet" hat nea it steat fan offisjeel folksliet krigen.

Noarwegen wurdt begrinzge troch:

Fierder heart ek it eilân Jan Mayen ta it keninkryk. Spitsbergen falt ek ûnder it regear fan Noarwegen. By de súdpoal hat Noarwegen noch twa eilannen: yn de Súd-Atlantyske Oseaan Bouveteilân en yn de Stille Oseaan Peter I-eilân. It lân makket ek oanspraak op in part fan it súdpoalgebiet, it Keninginne Maud-lân.

It lânskip fan Noarwegen bestiet foaral út bergen mei gletsjers, en in kustline fan mear as 83.000 km² mei ynhammen, de fjorden. It noardlikste part fan Noarwegen heart by Laplân, dêr't de Lappen of Saami wenje. Noarwegen is bekend as it Lân fan de midnachtsinne . It leit nammentlik foar in part benoarden de noardpoalsirkel.

Yn de 9e iuw wie Noarwegen in gebiet mei ferskate lytse keninkrykjes. Mei de fjildslach by Hafrsfjord ferienige Harald I de ferskate lytse lannen yn ien keninkryk. De Noaren wienen yn it tiidrek fan de 9e-13- iuw bekend as Wytsingen. De lêste Noarske kening stoar yn 1387 en Noarwegen wie ûnder Denemark fertsjinwurdige yn de Uny fan Kalmar. Wilens de Napoleonistyske oarloggen focht Denemark mei Napoleon mei, en Sweden tsjin. Doe't Denemark yn 1814 Noarwegen oan Sweden ôfstean moast, besochten de Noaren ûnôfhinklikens te krijen en tekenen har grûnwet op 17 maaie fan dat jier. Noarwegen koe it militêre geweld fan Sweden net keare en moasten yn novimber 1814 mei Sweden gear yn in Uny.

Yn de 19e iuw, de tiid fan de Romantyk, boaze de driuw nei Noarske ûnôfhinklikens oan. Nei in politike striid moast Sweden belies jaan mei in referindum. 99,5 persint fan de Noarske befolking keas foar it opheffen fan de Uny mei Sweden wêrtroch Noarwegen op 7 juny 1905 syn ûnôfhinklikens krige.

Yn de Earste Wrâldkriich bleau Noarwegen in neutraal lân. Noarwegen besocht ek neutraal te bliuwen yn de Twadde Wrâldkriich, mar Dútske troepen feroveren Noarwegen tusken 9 april 1940 en 8 maaie 1945.

Jeropeeske gearwurking

bewurkje seksje

Yn 1949 kaam Noarwegen by de NAFO. Yn 1967 waard der ierdoalje yn de Noardsee fûn en Noarwegen wie ridlik gau ien fan de rykste lannen fan de wrâld. Noarwegen hat, yn 1972 sawol as 1994, mei in referindum tsjin oansluting ta de Jeropeeske Uny stimd. It lân is al lid fan de Jeropeeske frijhannelsorganisaasje, en is dêrtroch part fan it Jeropeeske ekonomyske gebiet.

Yn 2008 wennen der yn Noarwegen 4.644.457 minsken. It ynwennertal giet omheech mei 0,73% yn it jier mar dat is meast te tankjen oan de ymmigranten. De measte stêden binne oan de súd-súdwestkust.

Noarsk is offisjeel troch it hiele lân. Der binne al ferskate dialekten fan it Noarsk, en der binne ek ferskate skriuwwizen wêrfan't twa as offisjele taal te boek steane. Yn it noarden is yn in tal fan gemeenten ek Lapsk offisjeel.

BYP per persoan is $53.300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,4% lânbou, 41,9% yndustry en 55,7% tsjinsten.

Wichtichste havens binne Bergen, Borg Havn, Haugesund, Maaloy, Mongstad, Narvik, Oslo en Sture. Der binne 101 lytse en grutte fleanfjilden yn Noarwegen (2007), in frij grut diel fan it loftferkear is nasjonaal. Sûnt 2000 is de Lærdalstunnel (24,5 km) de grutste fan de wrâld. Fearboaten binne yn de kustregio's fan grut belang.

Noarwegen hat (2006):
92.946 km ferhurde dyk.
4.114 km spoardyk.
1.577 km farwetter.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arealstatistics for Norway 2019, Kartverket, mapping directory for Norway Accessdate=2019-03-26
  2. Population, january 01 2024, Statistics Norway Accessdate=2024-02-27
  3. Online Browsing Platform - Norway. International Organization for Standardization. Rieplachte op 1 maart 2018.
  4. List fan lannen Feriening Frysk Underwiis
  5. delpher.nl

  Provinsjes fan Noarwegen  
AgderAkershusBuskerudFinnmarkInnlandetMøre og RomsdalNordlandOsloRogalandTelemarkTromsTrøndelagVestfoldVestlandØstfold
Eardere provinsjes
Aust-AgderBergenHedmarkHordalandNord-TrøndelagOpplandSogn og FjordaneSør-TrøndelagTroms og FinnmarkVest-AgderVestfold og TelemarkViken
  ·   ·  
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·  
Noardske Ried  
Lannen:
  Denemark  Finlân  Yslân  Noarwegen  Sweden
Autonome gebieten:
  Ålâneilannen  Fêreu-eilannen  Grienlân
  ·   ·