De PC fan 2021 waard op woansdei 4 augustus ferkeatst. It wie neffens de nûmering fan 'e PC-organisaasje de 168e edysje fan it evenemint (hoewol't de 167e edysje, yn 2020, eins net spile wie omreden fan 'e koroanafiruspandemy). It evenemint fûn plak by sinneskynwaar ôfwiksele mei wat lichte bewolktens. Der hearsken oangename temperatueren. Oan 'e talitting fan publyk wiene beheinings steld y.f.m. de noch altyd hearskjende koroanapandemy. De winners fan 'e PC 2021 wiene Gert-Anne van der Bos fan Mantgum, Taeke Triemstra fan Sint-Jabik en Erwin Zijlstra fan Easterlittens. Erwin Zijlstra waard ta kening keazen.

PC 2021
Algemien
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
fjild Sjûkelân
org. troch Permaninte Kommisje
   fan de Frjentsjerter
   Balferkeatsersdei
Data
Datum 4 augustus 2021
Edysje 168
Finale Partoer 3 Bergsma -
Partoer 13 Zijlstra
Winners Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra
Kening Erwin Zijlstra
Navigaasje
foarrige edysje PC 2019
folgjende edysje PC 2022
offisjele webside
pc-franeker.nl
Temaside  Fryske sport

Koroanabeheinings

bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e noch altyd hearskjende koroanafiruspandemy gouwen der by de PC fan 2021 in protte maatregels dy't fersprieding fan it firus foarkomme moasten. Sa wie de tagong beheind ta in publyk fan krapoan 5.000 minsken, wylst oare jierren altyd tusken de 8.500 en 9.000 belangstellenden op it Sjûkelân talitten waarden. Alle oanwêzigen waarden fierders strang kontrolearre en moasten oan 'e hân fan in QR-koade oantoane dat se òf folslein faksinearre wiene, òf dat se maksimaal 24 oeren foar it begjin fan 'e PC op koroana test wiene, mei negatyf resultaat.

Eins hie it sa wêze moatten dat lju dy't net oer sa'n (boppedat funksjonearjende) QR-koade beskikten, net talitten waarden. Mar de organisaasje striek de hân oer it hert foar in stikmannich âldere keatsfans mei in útprinte QR-koade (om't se net oer mobile tillefoan beskikten) dy't troch de scanapparatuer net oppikt waard. Ek inkele Belgen mei in yn Nederlân eins net jildige Belgyske QR-koade waarden dochs talitten. Foar lju dy't wol fuortstjoerd waarden, wie yn Grand Café De Doelen, oan 'e Bredepleats, in trijekoppige helpdesk ynrjochte om te besykjen it spul dochs noch op 'e rails te krijen.[1]

nû. partoer útslach nû. partoer
1. Tsjerk Elsinga
Kevin Jordi Hiemstra
Johannes van der Veen
5 – 2
6 – 4
2. Sip Jaap Bos
Riemer Hoekstra
Lieuwe van der Werff
3. Marten Bergsma
Dylan Drent
Hendrik Kootstra
5 – 2
6 – 4
4. Jouke Bosje
André van Dellen
Willem Heeringa
5. Renze Hiemstra
Tjisse Steenstra
Hans Wassenaar
5 – 4
6 – 0
6. Sjoerd de Jong
Pieter Jan Plat
Bauke Triemstra
7. Allard Hoekstra
Laas Pieter van Straten
Peter van Zuiden
5 – 2
6 – 4
8. Haye Jan Nicolay
Evert Pieter Tolsma
Jelte Visser
9. Jorn Lars van Beem
Thomas Dijkstra
Steven Koster
3 – 5
2 – 6
10. Gerben de Boer
Paul Dijkstra
René de Haan
11. Jelle Attema
Pieter Jan Leijenaar
Gabe van Popta
1 – 5
4 – 6
12. Auke Boomsma
Hyltje Bosma
Patrick Scheepstra
13. Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra
5 – 1
6 – 0
14. Jelte-Pieter Dijkstra
Youri de Groot
Hendrik Jan van der Velde
15. Remmelt Bouma
Bauke Dijkstra
Thomas van Zuiden
3 – 5
4 – 6
16. Enno Kingma
Kees van der Schoot
Menno van Zwieten
nû. partoer útslach nû. partoer
1. Tsjerk Elsinga
Kevin Jordi Hiemstra
Johannes van der Veen
1 – 5
6 – 6
3. Marten Bergsma
Dylan Drent
Hendrik Kootstra
5. Renze Hiemstra
Tjisse Steenstra
Hans Wassenaar
5 – 2
6 – 2
7. Allard Hoekstra
Laas Pieter van Straten
Peter van Zuiden
10. Gerben de Boer
Paul Dijkstra
René de Haan
5 – 4
6 – 4
12. Auke Boomsma
Hyltje Bosma
Patrick Scheepstra
13. Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra
5 – 2
6 – 6
16. Enno Kingma
Kees van der Schoot
Menno van Zwieten

Heale finale

bewurkje seksje
nû. partoer útslach nû. partoer
3. Marten Bergsma
Dylan Drent
Hendrik Kootstra
5 – 1
6 – 4
5. Renze Hiemstra
Tjisse Steenstra
Hans Wassenaar
10. Gerben de Boer
Paul Dijkstra
René de Haan
3 – 5
6 – 6
13. Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra
nû. partoer útslach nû. partoer
3. Marten Bergsma
Dylan Drent
Hendrik Kootstra
2 – 5
6 – 6
13. Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra (kening)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lamme, Zander, "Het is hier net een vliegveld", yn: de Ljouwerter Krante, 5 augustus 2021, s. 3.

Keninklike PC
· 1850 · 1851 · 1852 · 1853 · 1854 · 1855 · 1856 · 1857 · 1858 · 1859 · 1860 · 1861 · 1862 · 1863 · 1864 · 1865 · 1866 · 1867 · 1868 · 1869 · 1870 · 1871 · 1872 · 1873 · 1874 · 1875 · 1876 · 1877 · 1878 · 1879 · 1880 · 1881 · 1882 · 1883 · 1884 · 1885 · 1886 · 1887 · 1888 · 1889 · 1890 · 1891 · 1892 · 1893 · 1894 · 1895 · 1896 · 1897 · 1898 · 1899 · 1900 · 1901 · 1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1915 · 1916 · 1917 · 1918 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1941 · 1942 · 1943 · 1944 · 1945 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
  ·   ·