PC 2013
De PC fan 2013 waard op woansdei 31 july ferkeatst. It wie de 160ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier, en tagelyk ek it 160-jierrich jubileum fan de permaninte kommisje. It wie in moaie simmerdei mei ideale keatsomstannichheden. Allinne oan it ein fan de middei wie de loft wat berûn en mei de finale reinde it sa no dan in bytsje. It wie in dei mei net in bulte spanning, ek de finale net. De grutste opwining mei de finale ûntstie doe't in dronken belg neaken it fjild oprûn, sa hat nei Wimbledon ek de PC syn neakenrinner hân.
It Lotsjen
bewurkje seksjeNeffens de tradysje waard it lotsjen wêr dien op de moandeitejûns foar de PC yn de Koarnbeurs yn Frjentsjer. It partoer fan Johan van der Meulen lutsen it bêste lot fan de toppartoeren. Sy wiene tige bliid mei harren lot by de earste acht partoeren. At se gjin fouten meitsje soene koe de finale harren eins net mear untrinne. De bruorren Triemstra troffen it minder. Taeke mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger it meast konstante partoer fan de leaste jierren lotte yn de earste ronde syn 9 jier jongere broer Bauke dy't mei syn partoer krekt de lêste twa haadklasse wedstriden wûn hie. Fierder sieten ek de partoeren fan de kening fan 2012 Thomas van Zuiden, Jan Dirk de Groot en Tjisse Steenstra by de heechste acht nûmers. By de lêste yn it partoer in keatstopper út it ferline. Cornelis Terpstra makke nei syn slimme ûngemak by it kitesurfen syn opwachting op de PC.
Earste List
bewurkje seksjeOp de earste list net in bulte ferassings. Johan van der Meulen hie mei syn perk dy't goed yn foarm wiene gjin inkel probleem en krigen gjin boardsje tsjin. Renze Pieter Hiemstra en foaral Hylke Bruinsma wiene gjin bal fertroud en mannich bal waard boppe slein. Hylke Bruinsma soe oer de hiele dei tritich ballen boppe slaan. Fierder wie it partoer fan Gert-Anne van der Bos mei Taeke Triemstra te sterk foar it partoer fan syn broer Bauke Triemstra. It sterke partoer fan Jan Dirk de Groot mei ivich talint Marten Feenstra en rûtinjee Pier Piersma gie derôf stjin Tjisse Steenstra c.s.
-
Pieter Jan Plat
-
Hendrik Jan van der Velde
-
Bauke Triemstra
-
Jan Dirk de Groot
Twadde List
bewurkje seksjeIt partoer fan Johan van der Meulen hie ek op de twadde list net in soad tsjinstân. Sy moasten dêr tsjin it partoer fan Hendrik Tolsma, dy hie de eardere opslagger Martijn Olijnsma foaryn stean. Mar as foarynse soe de PC dit jier gjin sukses bringe en mei ien boardsje geane sy derôf. It partoer fan de talintfolle opslagger Menno van Zwieten koe it net bolwurkje tjsin dit partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra mei achteryn de jonge Sjoerd de Jong. It partoer fan Gert-Anne van der Bos hie net in soad problemen mei it partoer fan Arnold Zijlstra wêrtroch de winner fan it jier derfoar, Thomas van Zuiden sûnder priis nei hûs moast. It partoer fan Tjisse Steenstra hie hiel wat mear moeite mei it earste klas partoer fan Pieter Bakker, mar sy koene dochs in plakje by de lêste fjouwer binnenhelje.
-
Martijn Olijnsma
-
Menno van Zwieten
-
Hans Wassenaar
-
Pieter Bakker
Heale Finale
bewurkje seksjeDe tredde list brocht de measte spanning op it fjild. It partour fan Johan van der Meulen spile tsjin de goed keatsende Jelte Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong, dy lêsten krigen ek twa spullen. Mar dat kaam ek omdat it partoer fan Johan van der Meulen it mar net ôfmeitsje woe, want it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra hie op 5-2 en 6-2 en letter op 5-3 6-6 al earder op 'e dea stean doe't Hylke Bruinsma op 5-4 en 6-4 úteinlik de partij útmakke mei in boppeslach. De partij tusken Gert-Anne van der Bos en Tjisse Steenstra waard ek spannend. Ynearsten wie it it partoer fan Van der Bos dy't al gau op in 3-0 foarsprong kamen, mar dêrnei kaam it partoer fan Tjisse Steenstra sterk werom foaral ek om't opslagger Van der Bos trije kear op seis gelyk de punten oan de tsjinstanner liet.
-
Jelte Pieter Dijkstra
-
Sjoerd de Jong
-
Taeke Triemstra
-
Daniël Iseger
Finale
bewurkje seksjeDe finale wie in ientoanige fertoaning. Johan van der Meulen wie op dreef oan de stuit en syn maten yn it perk wiene ek fiersten te sterk foar de opslach fan Tjisse Steenstra. Ek doe't letter yn de partij Cornelis Terpstra de foarbêst oernaam hie fan Steenstra waard it net better, van der Meulen c.s. kamen samer op 5-0 foar. Doe hekke it even mar Steenstra c.s. hiene gjin krach mear om echt werom te kommen yn de partij.
-
Tjisse Steenstra
-
Johan van der Meulen
-
Jacob Wassenaar
-
Hylke Bruinsma
List fan dielnimmers
bewurkje seksjeUtslaggen
bewurkje seksje1e list | |||||
1 | Pieter van Althuis c.s. | - | 2 | Hendrik Tolsma c.s. | 0-5 (4-6) |
3 | Johan van der Meulen c.s. | - | 4 | Peter van Zuiden c.s. | 5-0 (6-6) |
5 | Haye Jan Nicolay c.s. | - | 6 | Jelte-Pieter Dijkstra c.s. | 2-5 (2-6) |
7 | Enno Kingma c.s. | - | 8 | Menno van Zwieten c.s. | 2-5 (4-6) |
9 | Arnold Zijlstra c.s. | - | 10 | Michiel Scheepvaart c.s. | 5-3 (6-4) |
11 | Bauke Triemstra c.s. | - | 12 | Gert-Anne van der Bos c.s. | 2-5 (2-6) |
13 | Johannes van der Veen c.s. | - | 14 | Pieter Bakker c.s. | 4-5 (6-6) |
15 | Jan Dirk de Groot c.s. | - | 16 | Tsjisse Steenstra c.s. | 3-5 (6-6) |
2e list | |||||
2 | Hendrik Tolsma c.s. | - | 3 | Johan van der Meulen c.s. | 1-5 (4-6) |
6 | Jelte-Pieter Dijkstra c.s. | - | 8 | Menno van Zwieten c.s. | 5-0 (6-4) |
9 | Arnold Zijlstra c.s. | - | 12 | Gert-Anne van der Bos c.s. | 3-5 (6-6) |
14 | Pieter Bakker c.s. | - | 16 | Tsjisse Steenstra c.s. | 4-5 (6-6) |
3e list | |||||
3 | Johan van der Meulen c.s. | - | 6 | Jelte-Pieter Dijkstra c.s. | 5-4 (6-4) |
12 | Gert-Anne van der Bos c.s. | - | 16 | Tsjisse Steenstra c.s. | 3-5 (4-6) |
finale | |||||
3 | Johan van der Meulen c.s. | - | 16 | Tsjisse Steenstra c.s. | 5-2 (6-2) |
Kening PC 2013
bewurkje seksjeRenze Pieter Hiemstra waard útroppen ta kening fan dizze PC.