Philadelphia (film)

film út 1993 fan Jonathan Demme, one of the first mainstream Hollywood films to acknowledge AIDS, homosexuality en and homophobia

Philadelphia is in Amerikaansk rjochtbankdrama út 1993 ûnder rezjy fan Jonathan Demme, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks en Denzel Washington. De titel ferwiist sawol nei de stêd Philadelphia, dêr't it ferhaal plakfynt, as nei "bruorreleafde", wat de betsjutting fan dy namme is. It ferhaal giet oer Andrew Beckett, in gâns ûnthjittende jonge abbekaat, dy't troch syn eigen wurkjouwer sabotearre wurdt as er oan in wichtige rjochtsaak wurket. Neitiid wurdt er ûntslein foar ynkompetinsje, mar hy fermoedet dat dat mar in doekje foar it blieden is. Beckett lijt nammentlik oan AIDS, en hy hat it derop dat syn wurkjouwer dêr lucht fan krigen hat en dat dàt de wiere reden foar syn ûntslach is. Hy lit it der net by sitte en nimt de glêde letselskea-abbekaat Joe Miller yn 'e earm om in rjochtsaak foar diskriminaasje oan te spannen. Philadelphia is opmerklik om't it de earste mainstreamproduksje fan 'e Amerikaanske filmyndustry wie dy't oer HIV/AIDS gie. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Philadelphia waard nominearre foar fjouwer Oscars en trije Golden Globes, en wûn yn beide gefallen de prizen yn 'e kategoryen bêste akteur (foar Hanks) en bêste orizjinele liet (foar Streets of Philadelphia fan Bruce Springsteen).

Philadelphia
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jonathan Demme
produsint Jonathan Demme
Edward Saxon
senario Ron Nyswaner
kamerarezjy Tak Fujimoto
muzyk Howard Shore
filmstudio Clinica Estetico
distribúsje TriStar Pictures
spilers
haadrollen Tom Hanks
Denzel Washington
byrollen Jason Robards
Mary Steenburgen
Antonio Banderas
Joanne Woodward
Charles Napier
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 desimber 1993
foarm langspylfilm
sjenre rjochtbankdrama
taal Ingelsk
spyltiid 126 minuten
budget en resultaten
budget $26 miljoen
opbringst $206,7 miljoen
prizen 2 × Oscar
2 × Golden Globe
4 × Grammy

Andrew Beckett is in gâns ûnthjittende jonge abbekaat by Wyant, Wheeler, Hellerman, Tetlow & Brown, in foaroansteand abbekatekantoar yn 'e Amerikaanske stêd Philadelphia, wêrfan't de namme yn it spraakgebrûk almeast ôfkoarte wurdt ta Wyant Wheeler. Hy ferberget foar syn bazen, syn kollega's en de oare wurknimmers fan it kantoar it feit dat er homo is en dat er de (úteinlik) deadlike sykte AIDS oprûn hat. Op in dei wurdt Beckett by de fiif eigners fan it kantoar roppen, ûnder wa Charles Wheeler, dy't syn grutte foarbyld is. Se fertelle him dat se in grutte en wichtige rjochtsaak op it mêd fan auteursrjocht binnensleept hawwe, en dat se wolle dat hy (Beckett) de lieding dêroer op him nimt. Beckett is alhiel feringele, mar as er troch syn bazen lokwinske wurdt mei wat winliken in promoasje is, merkt ien fan harren, Walter Kenton, op syn foarholle deunby de hierline in laesy op. Dat is in karakteristyk blau plak dat in fuortkomt út Kaposisarkoom, in oandwaning dy't mank giet mei AIDS. As him dêrnei frege wurdt, seit Beckett dat er in terwinkel mei in racket krigen hat by in potsje squash.

Koarte tiid letter bliuwt Beckett ferskate dagen efterinoar thús, sabeare om't er dêr likegoed wurkje kin, mar eins om in manear te finen om syn laesys te ferbergjen. Yn dy tiid foltôget er it papierwurk foar de rjochtsaak dy't him taparte is, dat er dêrnei bûten kantoaroeren om op syn wurk bringt en klearleit op syn buro. Dan kin it de oare moarns fuort yntsjinne wurde, en dat moat ek, want dy deis ferjierret de saak. De oare deis, as Beckett foar behanneling yn it sikehûs is, ûntfangt er op syn piper ferskate oproppen fan syn wurk, dat op 't lêst siket er in tillefoan en skillet er op. Dan docht bliken dat it papierwurk dat er klearlein hie, poater is. De útdraai dy't er makke hie, is nearne te finen, en it kompjûterbestân stiet net mear yn 'e kompjûter. Beckett hastiget him nei kantoar ta dêr't it papierwurk úteinlik op in ûnwierskynlik plak (mar net troch himsels) ûntdutsen wurdt, sadat it noch krekt op 'e tiid yntsjinne wurde kin om ferjierring foar te kommen. De oare deis wurdt Beckett by syn bazen roppen, dy't him de saak swier oanrekkenje. Hy kriget ûntslach foar ynkompetinsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er tiid hat om 'e kwestje rist in skoftke yn him omgean te litten, begjint Beckett te fermoedzjen dat er moedwillich sabotearre is. Hy mient dat syn laesy werkend is as in symptoom fan AIDS en dat Wyant Wheeler derom fan him ôfwoe. Om't it diskriminaasje en dêrom yllegaal wêze soe om immen te ûntslaan omreden fan jins seksuele oriïntaasje of omreden fan in sykte of oandwaning dêr't men oan lijt, waard doe it ynsidint mei it ferdwinende papierwurk mei opsetsin yn sêne set om in oare reden te hawwen foar ûntslach. Hy beslút in rjochtsaak tsjin Wyant Wheeler oan te spannen en siket dêrfoar in abbekaat, mar wurdt by njoggen ûnderskate abbekatekantoaren ôfwiisd. Uteinlik siket er syn heil by Joe Miller, in glêde Afro-Amerikaanske, homofobe letselskeapleiter tsjin wa't er it sels earder by in hiel oare rjochtsaak alris opnommen hat. Miller sit der by harren petear lykwols oer yn dat er besmet reitsje kinne soe mei AIDS, dat ek hy stegeret Beckett ôf. Neitiid hastiget er him nei syn hûsdokter om him ûndersykje te litten, mar dy bewissiget him derfan dat men AIDS inkeld oprinne kin troch útwikseling fan bloed, sperma of faginaal focht.

Mei't er gjin abbekaat fine kin dy't ree is om syn saak oan te nimmen, beslút Beckett dan mar himsels te fertsjintwurdigen. As er yn 'e bibleteek ûndersyk docht nei juerispredinsje, sjocht Miller, dy't dêr ek oan it wurk is, him sitten. In bibletekaris waans help Beckett ynroppen hie, komt by him om te fertellen dat er in saak oer AIDS-diskriminaasje fûn hat. De oare lêzers yn 'e bibleteek begjinne ûngerêst hinne en wer te skeuken, en de bibletekaris stelt foar dat Beckett yn in priveefertrek fierder wurkje sil, mei't dat foar him perfoarst nofliker is. Miller, dy't sels troch rasisme soartgelikense ûnderfinings hân hat, wurdt troch syn gefoel foar rjochtfeardichheid twongen om yn te gripen. Hy jout him by Beckett en bepraat syn saak mei him. Hoewol't er der net folle sin oan hat, beslút er de saak oan te nimmen as er heart dat Beckett nimmen oars fine kin.

Wannear't de saak foar de rjochter komt, dogge Beckett syn eardere wurkjouwers meineed troch ûnder de eed te ferklearjen dat Beckett ûntslein is om't er ynkompetint wie. Belinda Conine, de abbekate fan Wyant Wheeler, suggerearret ferskate kearen dat Beckett gjin slachtoffer wêze kin om't er himsels AIDS op 'e hals helle hat troch syn ûnferantwurdlike hâlden en dragen (d.w.s. trochdat er homoseksuele omgong mei manlju hân hat). Yn 'e rin fan 'e behanneling fan 'e rjochtsaak komt troch tsjûgeferklearrings oan it ljocht dat Walter Kenton, de man dy't op 'e foarholle fan Beckett in laesy opmurk, earder in frou koe dy't AIDS oprûn hie troch in bloedtransfúzje nei in swiere befalling, en dat hy dus wist wat in laesy wie en hoe't dat derút seach. Kenton sels tsjûget dat de frou, oars as Beckett, in ûnskuldich slachtoffer wie, en dat er boppedat de kniezing op Beckett syn foarholle nea yn ferbân brocht hat mei AIDS. Conine besiket de sichtberens fan Beckett syn laesys te ûntkrêftsjen, mar Miller lit Beckett yn 'e rjochtseal syn boesgroentsje iepenknoopje, sadat rjochter en sjuery sels de laesys sjen kinne dy't Beckett op dat stuit op syn boppelichem hat.

Geandewei it proses makket Miller in groei as persoan troch, wêrby't syn homofoby troch syn nauwe gearwurking mei Beckett almar fierder saksearret, oant it úteinlik hielendal weiwurdt. Lang om let reitsje Miller en syn frou Lisa befreone mei Beckett, syn freon Miguel Álvarez en Beckett syn âldelju en bruorren en susters. Op 't lêst falt Beckett der yn 'e rjochtseal hinne, wêrnei't er opnommen wurdt yn it sikehûs. It wurdt foar eltsenien dúdlik dat it mei him in ôfrinnende saak is. It proses giet sûnder him fierder. Ien fan 'e bazen by Wyant Wheeler, Bob Seidman, dy't earder de oare partners fan it abbekatekantoar besocht hie oer te heljen om in skikking te sluten, fertelt ûnder de eed dat hy Beckett syn leasys wol opmurken hie en dat er fermoede dat er AIDS hie. Hy hâldt lykwols út dat er de oare partners nea fan syn fermoeden op 'e hichte steld hat. Ek seit er dat er Beckett nea de kâns jûn hat om der wat oer te sizzen, eat dat er himsels de rest fan syn libben neinimme sil.

Wylst de tastân fan Beckett yn it sikehûs oanboazet, giet de saak nei de sjuery, dy't mar in pear oeren oerlis nedich hat om ta in útspraak te kommen. De bewearings fan Wyant Wheeler wurde ûnoannimlik achte, fral de útlis dat se de sabeare ynkompetinte Beckett op sa'n wichtige saak set hiene by wize fan test. De sjuery kent oan Beckett $143.000 oan efterstallich salaris ta, in skeafergoeding fan $100.000 en in strafskeafergoeding ter wearde fan $4.782.000. Nei de útspraak siket Miller de no deasike Beckett yn it sikehûs op en oerwint syn eangst foar AIDS en syn wjersin tsjin homo's om him it beäzemingsmasker foar te dwaan, wêrby't er Beckett syn gesicht en holle oanreitsje moat. Nei't Miller en de hiele Beckett-famylje foar de nacht ôfskie fan him nommen hawwe, bliuwe Beckett en Miguel allinne efter. Becket seit tsjin him dat er "der no klear foar" is. Dy nachts wurdt Miller opskille troch Miguel, dy't fertelt dat Beckett ferstoarn is. De oare deis komme syn famylje en freonen, ûnder wa ek Joe en Lisa Miller, byinoar yn 'e wente fan Beckett syn âldelju, op it plattelân fan Pennsylvania, dêr't de tillefyzje oan stiet en âlde homevideo's sjen lit fan Beckett as blier lyts jonkje.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tom Hanks.
 
Denzel Washington.
 
Jason Robards.
 
Mary Steenburgen.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                    
Andrew Beckett Tom Hanks
Joe Miller Denzel Washington


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Charles Wheeler Jason Robards
Belinda Conine Mary Steenburgen
Miguel Álvarez Antonio Banderas
Sarah Beckett Joanne Woodward
rjochter Lucas Garnett Charles Napier
Lisa Miller Lisa Summerour
Jamey Collins Bradley Whitford
Bob Seidman Ron Vawter
Walter Kenton Robert Ridgeley
Bud Beckett Robert W. Castle
Jill Beckett Ann Dowd
Jill har man Adam LeFevre
Matt Beckett John Bedford Lloyd
Randy Beckett Dan Olmstead
Iris Lauren Roselli
Melissa Benedict Kathryn Witt
Anthea Burton Anna Deavere Smith
rjochter Tate Roberta Maxwell
Roger Laird Roger Corman
Bruno David Drake
foarman fan 'e sjuery Daniel von Bargen
sjuerylid Harry Northup
dokter Armbruster Bill Rowe
Chandra Chandra Wilson
dokter Gillman Karen Finley
Jerome Green Obba Babatundé
Kenneth Killcoyne Charles Glenn
bibletekaris Tracey Walter
jongeman yn drogisterij André B. Blake
man oan it ferhaal yn klinyk Daniel Chapman
Peter / "Mona Lisa" Peter Jacobs
dokter Klenstein Paul Lazar
Finley Warren Miller
Filko Joey Perillo
Shelby Lisa Talerico
himsels Julius Erving (cameo)
himsels boargemaster fan Philadelphia Ed Rendell (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Philadelphia waard regissearre troch Jonathan Demme nei in senario fan himsels en Ron Nyswaner. As produsinten wiene Demme sels en Edward Saxon by it projekt belutsen foar de filmstudio Clinica Estetico. Foar de film wie in budget beskikber fan $26 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tak Fujimoto en de filmmuzyk waard fersoarge troch Howard Shore. De titelsong Streets of Philadelphia waard songen troch rockmuzikant Bruce Springsteen, in ferneamde ynwenner fan Philadelphia. Dat liet groeide út ta in grutte hit.

De opnamen foar Philadelphia fûnen yn 'e winter fan 1992 op 1993 plak. Der waard benammen filme op lokaasje yn Philadelphia, wylst de sêne wêryn't Beckett en Miguel tegearre Beckett syn famylje besykje, opnommen waard op it plattelân fan Pennsylvania. De rol fan Andrew Beckett waard earst oanbean oan Daniel Day-Lewis, dy't derfoar betanke. John Leguizamo waard frege foar de rol fan Miguel Álvarez, mar hy sloech dat oanbod ôf om Luigi te spyljen yn Super Mario Bros.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Philadelphia waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 14 desimber 1993 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 22 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film waard op 29 juny 1994 útbrocht as VHS-keapfideo. Philadelphia ferskynde op 10 septimber 1997 foar it earst op dvd en op 14 maaie 2013 foar it earst op blu-ray.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn jannewaris 1994 by platemaatskippij TriStar Music. It wie in grut súkses, benammen troch de hit Streets of Philadelphia fan Bruce Springsteen. It album waard trije kear platina yn Kanada, ien kear platina yn 'e Feriene Steaten, Belgje, Eastenryk, Spanje en Switserlân, twa kear goud yn Frankryk en goud yn Austraalje, Dútslân en it Feriene Keninkryk.

De foarfallen yn Philadelphia lykje sterk op wat der barde mei Geoffrey Bowers en Clarence Cain. Bowers wie in abbekaat dy't yn 1987 syn eardere wurkjouwer, it abbekatekantoar Baker McKenzie, oanklage foar ûnwettich ûntslach yn ien fan 'e earste rjochtsaken oangeande diskriminaasje fan AIDS-pasjinten. Cain wie in abbekaat foar Hyatt Legal Services, dy't dien krige nei't syn wurkjouwer ûntdiek dat er AIDS hie. Hy klage Hyatt yn 1990 oan en wûn syn saak krekt foar't er kaam te ferstjerren.

Nei it útkommen fan Philadelphia klagen de djipdrôven fan Bowers TriStar Pictures en de produsinten fan 'e film oan. Yn 1988, in jier nei Bowers syn dea, hie in produsint fan TriStar, Scott Rudin, nammentlik leden fan 'e famylje Bowers en harren abbekaten ynterviewd en, neffens de famylje, finansjele kompinsaasje ûnthjitten as it libbensferhaal fan Bowers brûkt wurde soe as de basis foar in film. Neffens de famylje lieken mar leafst 54 sênes út Philadelphia sasear op foarfallen út it libben fan Geoffrey Bowers, dat se suver net útinoar te hâlden wiene. De produsinten holden út dat Rudin de ynformaasje dy't er by de Bowers' ynwûn hie, net trochjûn hie oan senarioskriuwer Ron Nyswaner. It kaam ta in rjochtsaak, dy't nei fiif dagen einige yn in skikking dêr't net ien fan beide partijen útspraken oer dwaan woe. Wol joegen de produsinten ta dat de film "foar in part ynspirearre" wie troch it ferhaal fan Bowers.

Fan 'e filmkritisy krige Philadelphia oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau dat it "op himsels al in hiel goede film is". Dêr heakke er oan ta: "En foar bioskoopgongers mei in hekel oan AIDS mar in foarleafde foar stjerren as Tom Hanks en Denzel Washington kin it helpe om it begryp foar de sykte te fergrutsjen." De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli skreau: "It ferhaal is sterk en komt persiis op 'e tiid, en de aktearprestaasjes fan Hanks en Washington bewissigje dat de personaazjes net daliks ta obskuriteit ferdizenje sille." Yn The Washington Post neamde Rita Kempley Philadelphia "barmhertich, meislepend en emosjoneel oangripend". Ek skreau hja: "It liket minder op in film fan Demme as op it bêste [wurk] fan Frank Capra."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Philadelphia in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] jout ta oan guon ûngelokkige klisjees yn syn krewearjen om in wichtich boadskip oer te bringen, mar de treflike cast en gefoelige rezjy binne mear as genôch om dat te kompinsearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Philadelphia in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 21 resinsjes.

Philadelphia brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $77,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $129,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $206,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $26 miljoen betsjut dat in winst fan $180,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Philadelphia de op alve nei meast opbringende film fan 1993.

Yn 1994 waard Philadelphia by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele senario en bêste fisazjy. De film wûn de Oscars foar bêste akteur (Tom Hanks) en bêste orizjinele liet (Streets of Philadelphia fan Bruce Springsteen). By de Golden Globes waard Philadelphia nominearre yn 3 kategoryen, wêrûnder bêste senario. De film wûn op 'e nij de prizen foar bêste akteur (Tom Hanks) en foar bêste orizjinele liet (Streets of Philadelphia). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Philadelphia nominearre yn 'e kategory bêste orizjinele senario.

Philadelphia waard fierders nominearre foar 5 Grammy Awards, allegear foar Streets of Philadelphia, wêrfan't it yn 4 gefallen wûn: liet fan it jier, bêste rockliet, bêste sjongprestaasjes fan in manlike rockartyst en bêste liet skreaun foar in film of tillefyzjeprogramma. Springsteen wûn foar Streets of Philadelphia ek de ASCAP Film Music Award foar meast spile liet út in film, de MTV Movie Award foar bêste liet út in film en de MTV Video Music Award foar bêste fideoklip út in film. Philadelphia wûn ek de MTV Movie Award foar bêste akteur (Tom Hanks) en de GLAAD Media Award foar bêste film.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.