Police Academy 5: Assignment Miami Beach

(Trochferwiisd fan Police Academy 5)

Police Academy 5: Assignment Miami Beach is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1988 ûnder rezjy fan Jim Drake, mei yn 'e haadrollen George Gaynes en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 5: Operaasje Miami Beach". De film is it fyfde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 4: Citizens on Patrol, út 1987. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes ferbûn oan in pleatslike plysjeskoalle as se mei de ûnnoazele kommandant fan dat ynstitút ôfreizgje nei in konvinsje fan plysjekommissarissen út it hiele lân, dy't holden wurdt yn Miami Beach. Police Academy 5: Assignment Miami Beach krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 6: City Under Siege, kaam út yn 1989.

Police Academy 5:
Assignment Miami Beach
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Alan Myerson
produsint Paul Maslansky
Donald West
senario Stephen Curwick
kamerarezjy James Pergola
muzyk Robert Folk
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen George Gaynes
G.W. Bailey
byrollen René Auberjonois
Bubba Smith
Leslie Easterbrook
Michael Winslow
David Graf
Marion Ramsey
Tab Thacker
Lance Kinsey
Matt McCoy
Janet Jones
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 maart 1988
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten
budget en resultaten
budget $14  miljoen
opbringst $54,5 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● foarich diel Police Academy 3: Citizens
   on Patrol
● folgjend diel Police Academy 6: City
   under Siege

Haadynspekteur Harris, dy't al jierren longeret op 'e posysje fan kommandant fan 'e pleatslike plysjeskoalle, hat einlings en te'n lêsten in plan betocht dat net mislearje kin om fan 'e sittende kommandant, de populêre mar ûnnoazele Eric Lassard, ôf te kommen. Yn it dossier fan Lassard (dat Harris ynsjoen hat troch mei syn fêste hantlanger, de noch ûnnoazelder ynspekteur Carl Proctor, yn te brekken yn it kantoar fan kommissaris Henry Hurst) hat er nammentlik ûntdutsen dat Lassard al in jier foarby de ferplichte pinsjonearringsleeftyd is. Harris soarget derfoar dat dêr de oandacht op fêstige wurdt, sadat Hurst gjin oare kar hawwe sil as om Lassard fuortendaliks mei pinsjoen te stjoeren. Hy is derfan oertsjûge dat hysels dêrnei fierwei de bêste papieren hawwe sil om Lassard op te folgjen.

By de diploma-útrikking fan 'e hjoeddeistige lichting nije plysjes fan 'e plysjeskoalle, ûnder wa de obese Thomas Conklin, byneamd "House" om't er sa grut as in hûs is, jout Hurst in taspraak. Dêryn makket er bekend dat Lassard troch de Amerikaanske Nasjonale Plysjeferiening keazen is ta "Plysjeman fan it Desennium", en dat er as sadanich huldige wurde sil op 'e oankommende konvinsje fan plysjekommissarissen yn Miami Beach, yn Floarida. Sa lang kin er noch yn funksje bliuwe, mar neitiid sil er spitigernôch mei pinsjoen moatte, om't er de pinsjoenferplichte leeftyd al passearre is. Dat lêste berjocht komt foar Lassard wol as in klap, mar hy lit de moedfearren net lang hingje en beslút de huldiging yn Miami Beach as de kroan op syn karriêre te beskôgjen. Hy nûget guon fan syn favorite âld-kadetten út om mei dêrhinne, sadat se de feestlike plechtichheden bywenje kinne: de wielderige mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan; de reuseftige swarte brigadier Moses Hightower; de troch fjoerwapens obsedearre brigadier Eugene Tackleberry; de mei in heech piipstimke bejeftige brigadier Laverne Hooks; de elts lûd imitearjende brigadier Larvell Jones; en de krekt ôfstudearre plysjeman House Conklin.

By in petear mei kommissaris Hurst kriget haadynspekteur Harris te hearren dat er miskien op papier wol de kwalifikaasjes hat om Lassard op te folgjen, mar dat er, oars as Lassard, hate wurdt troch syn ûnderhearrigen. It is dêrom mar de fraach oft er wol in persoanlikheid hat dy't gaadlik is om kommandant fan 'e plysjeskoalle te wurden. Om 'e kommissaris, dy't sels ek ôfreizgje sil nei de konvinsje yn Miami Beach, sjen te litten hoe ealmoedich oft er wêze kin, beslút Harris om him mei Proctor nei Miami Beach te bejaan om persoanlik diel te nimmen oan 'e huldiging fan Lassard. As Proctor lykwols fleantickets bestelle wol, kriget er by fersin Jones oan 'e tillefoan, dy't der mei help fan Hightower foar soarget dat Harris en Proctor tickets boeke foar de goedkeapste, ûnfeilichste, gammelste flecht nei Floarida.

Dyselde nachts fynt der in profesjonele ynbraak plak by it pleatslike egyptologysk museum, dêr't in stikmannich sieraden fan ûnskatbere wearde stellen wurde troch in Tony en syn beide knoffelige trewanten Sugar en Mouse. De oare deis rjochtet Lassard op 'e lofthaven sûnder erch in ravaazje oan as der ûnder it rinnen allegeduerigen golfballen út syn golftas rûgelje, dêr't lju efter him har de fuotten oer brekke. Hy hat ek in oanfarring mei Tony, dy't er by fersin by in roltrep del triuwt. In nije oanfarring fynt plak yn it fleantúch nei Floarida, dêr't Tony nei it húske moat en dan ûntdekt dat dejinge dy't dêr foar him west hat, Lassard, de kraan nei gychem holpen hat, sadat er hielendal wiet spuite wurdt er dy iependraait. Op 'e lofthaven fan Miami struit Lassard noch altyd mei golfballen, en diskear giet Tony op ien dêrfan stean. Hy rekket raar ûnder fuotten, mar wat minder is: troch syn gewjukkel mei de earms smyt er de tas mei de bút fan 'e oerfal fuort. Dy komt del fuort njonken Lassard, dy't noch altyd neat trochhat. It tafal wol dat Lassard krekt sa'n tas hat, dy't er even delset hat. Sûnder te sjen pakt er dêrnei de tas fan Tony op en rint dermei fuort. Tony, Sugar en Mouse binne har dêr net bewust fan en fandelje neitiid sûnder euvelmoed de tas fan Lassard op.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By oankomst yn Miami Beach wurdt Lassard ûnthelle troch boargemaster Thompson en de pleatslike plysjekommissaris, Dave Murdoch. Hy bringt syn entoeraazje yn 'e kunde mei syn omkesizzer Nick Lassard, dy't brigadier by de plysje fan Miami Beach is. Wylst Lassard him mei Hurst en Murdoch by de pommeranten op 'e konvinsje jout, lit er it oan Nick oer om Callahan, Hightower, Tackleberry, Hooks, Jones en House rûn te lieden. Lassard is daliks al nijsgjirrich nei hokker operasjonele demonstraasje der dit jier by de konvinsje op it program stiet, mar gasthear Murdoch wol dêr neat oer loslitte. As Nick de oaren nei it hotel bringt dêr't se ferbliuwe sille, sjocht er dêr by it swimbad in tige kreas frommeske yn in swimpak, mei wa't er it besiket oan te lizzen troch himsels út te jaan foar de "swimbadmasseur". Sy moat dêr lykwols neat fan hawwe, en mei't se in ekspêr yn fjochtsport blykt te wêzen, smyt se him mei klean en al it swimbad yn.

Neitiid geane se mei syn allen nei it strân om te sinnebaaien, te follybaljen en yn 'e see te swimmen. Underwilens binne Harris en Proctor ek yn Miami Beach arrivearre, nei in flecht wêrby't se yn in fleantúch tusken de losrinnende hinnen en geiten sieten en alhiel ûnderskiten rekke binne. Op it strân besiket Nick Lassard mei Harris yn 'e kunde te kommen, mar de haadynspekteur skelt him de hûd fol om't er yn syn sinne stean giet. Dêrop nimt Nick wraak troch letter, as Harris ûnder it sinnebaaien yn 'e sliep fallen is, mei sinnebrânoalje it wurd "DORK" ("OETLUL") op syn boarst te skriuwen. As Harris oan 'e ein fan 'e middei read ferbrând wekker wurdt, binne inkeld de letters dy't Nick op syn boarst skreaun hie, ûnferbrând bleaun en dêrom no foar eltsenien te lêzen. Oeral dêr't er komt, wurdt Harris no sadwaande oansprutsen mei "oetlul", en sels de kommissarissen neame him lûd laitsjend "haadynspekteur Oetlul".

Yn 'e tuskentiid besiket Tony de sieraden ôf te leverjen by syn opdrachtjouwer, in rike krimineel dy't Dempsey hjit. Ienris dêr docht lykwols bliken dat de sieraden, dy't yn 'e tas ferstoppe sieten yn in fideokamera, nearne mear te finen binne. Tony beseft dat er mei de âld suffert dy't him hieltyd dwers siet fan tas wiksele hawwe moat. Dempsey jout him in etmiel de tiid om syn flater rjocht te breidzjen. Dêrfoar moatte se Lassard, oer wa't se neat witte, earst sjen te finen, dat de rest fan 'e dei binne Tony, Sugar, Mouse en in stikmannich pleatslike trewanten ûnder lieding fan in Julio dêrmei besteld. Dy jûns fiere Lassard en syn freonen feest op it strân mei û.o. in limbowedstryd. Harris besiket in kreas frommeske te fersieren, mar Proctor sabotearret dat as er nei it opstekken fan in sigaar by ûngelok Harris syn reiden hoed yn 'e brân stekt mei in achteleas fuortsmiten lusifersprikje. Hy makket it noch minder as er besiket de brân te blussen troch der in glês konjak oerhinne te smiten.

De oare deis, as Nick Lassard wer mei de entoeraazje fan syn omke op en út is, treft er it kreaze frommeske fan it swimbad wer, dat eins plysje-ynstruktrise Kate Stratton blykt te wêzen, dy't ek yn Miami Beach is foar de konvinsje. Sy fielt har dochs wol oanlutsen ta Nick, dat se jout har by de groep. Underwilens hawwe Tony-en-dy einlings Lassard witten op te spoaren. Se kringe syn hotelkeamer binnen en wikselje de tassen wer om, mar it docht bliken dat Lassard de fideokamera al út Tony syn tas helle hat, mei't er tocht dat it in kado fan 'e plysjeskoalle wie ta gelegenheid fan syn útferkiezing as Plysjeman fan it Desennium. Neitiid besykje Tony, Sugar en Mouse kear op kear om Lassard de fideokamera ôf te krijen, dy't er oeral mei hinne tôget, mar eltse kear is der wol wàt dat mis rint.

Lang om let ferliest Tony syn selsbehearsking en nimt er Lassard midden yn 'e konvinsjeseal yn gizeling om 'e kamera werom te krijen. Lassard, dy't mient dat dit in toanielstikje is dat opfierd wurdt as ûnderdiel fan 'e jierlikse operasjonele demonstraasje, is alhiel útskroeven dat him in rol taparte is, en wurket gewillich mei. Op syn oantrún easket Tony yn ruil foar syn frijlitting in helikopter om harren nei de haven te fleanen en dêrwei in flugge boat om 'e sieraden op 'e tiid ôf te leverjen op it jacht fan Dempsey. Haadynspekteur Harris liket dit in útlêzen kâns ta om sjen te litten hoe profesjoneel oft er wol net is, dat hy wit de pleatslike kommissaris Murdoch en syn eigen kommissaris Hurst safier te krijen dat se him de lieding oer de rêdingsaksje jouwe. It plan fan Harris folgjend, fallen Nick, Kate, Callahan, Hightower, Tackleberry, Hooks, Jones en House it penthouse fan it hotel binnen, dêr't Lassard fêstholden wurdt. Se weve handich ôf mei Julio en syn trewanten, mar Tony-en-dy blike al mei Lassard ôfset te wêzen. Harris hat nammentlik de helikopter in oere earder komme litten as ôfsprutsen, sadat er sels dejinge wêze kin dy't, op it dak fan it penthouse, Lassard befrijt en Tony-en-dy oanhâldt. Dat rêdt er ek noch suver op, oant de knoffelige Proctor him yn 'e tsjillen riidt. It einiget dermei dat Tony ek Harris finzen nimt en mei twa gizelders yn 'e helikopter ôfset.

Hightower lit ien fan Julio syn mannen oer de râne fan it hoteldak bungelje oant er omlyk wol en fertelt wêr't Tony-en-dy mei de gizelders hinne sille. De plysjes kinne sadwaande it jacht fan Dempsey fan alle kanten oerfalle as de oerdracht fan 'e sieraden dêr plakhawwe sil. Dempsey en syn trewanten, en ek Sugar en Mouse, wurden troch Hightower, Callahan en House nei in fjochtpartij yn 'e boeiens slein, mar Tony wit mei Lassard op in moerasboat te ûntkommen. Harris, dy't útnaaid is, rekket troch tadwaan fan Proctor te wetter, wêrnei't er oanfallen wurdt troch in krokkedil. Hightower springt him efternei en wit yn in man-tsjin-reptylgefjocht it bist te ferslaan en Harris syn libben te rêden. Underwilens binne Nick en Kate en Tackleberry, Hooks en Jones yn twa oare moerasboaten efter Tony oanset. As in lange efterfolging troch de Everglades op 't langelêst útmûnet yn in wapene ympasse wit Nick syn omke einlings oan it ferstân te krijen dat Tony in echte krimineel is, wêrnei't Lassard himsels mei gemak befrijt en mei Tony ôfweeft.

Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt der op 'e konvinsje in ynlaste seremoanje holden, wêrby't Nick, Kate, Hightower, Callahan, Hooks, Jones, Tackleberry en House in spesjale ûnderskieding opspjelde krije foar de moed dy't se oan 'e dei lein hawwe by de rêdingsaksje. Hightower wurdt noch eefkes apart yn it sintsje setten om't er syn eigen libben weage hat om dat fan Harris te rêden. Hy wurdt dêrom befoardere ta ynspekteur, en Harris wurdt derby roppen om (mei tsjinnichheid) syn unifoarm fan 'e nije rangynsinjes te foarsjen. As dêrnei troch kommissaris Hurst oankundige wurdt dat er yn oerlis mei de gûverneur besletten hat om yn it gefal fan Lassard fan pinsjoenferplichting ôf te sjen, sadat er kommandant fan 'e plysjeskoalle bliuwe mei salang't er wol, is foar Harris de ramp kompleet.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
George Gaynes (1964).
 
G.W. Bailey (1989).
 
Leslie Easterbrook (2006).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kommandant Eric Lassard George Gaynes
haadynspekteur Thaddeus Harris G.W. Bailey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Tony René Auberjonois
brigadier Moses Hightower Bubba Smith
ynspekteur Debbie Callahan Leslie Easterbrook
brigadier Larvell Jones Michael Winslow
brigadier Eugene Tackleberry David Graf
brigadier Laverne Hooks Marion Ramsey
plysje Thomas "House" Conklin Tab Thacker
ynspekteur Carl Proctor Lance Kinsey
brigadier Nick Lassard Matt McCoy
plysje Kate Stratton Janet Jones
Mouse Archie Hahn
Sugar Jerry Lazarus
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
Julio Ruben Rabasa
kommissaris Dave Murdoch fan Miami Beach Dan Fitzgerald
boargemaster Thompson fan Miami Beach James Hampton
Dempsey Ed Kovens
sigaresmoker yn fleantúch regisseur Alan Myerson (cameo)
dakleaze by museum produsint Paul Maslansky (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Police Academy 5: Assignment Miami Beach waard regissearre troch Alan Myerson nei in senario fan Stephen Curwick. As produsinten wiene Paul Maslansky en Donald West by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. Foar de film wie in budget beskikber fan $14  miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan James Pergola, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk.

De opnamen foar Police Academy 5: Assignment Miami Beach fûnen yn it neijier fan 1987 plak, foar it meastepart op lokaasje yn Miami Beach. It hotel Fontainbleau Miami Beach wie ien fan 'e filmlokaasjes. Yn oktober moasten de opnamen tydlik stil lein wurde, doe't de orkaan Floyd oer Floarida triek.

Steve Guttenberg, dy't yn 'e alle foargeande fjouwer Police Academy-films ien fan 'e haadrollen spile hie as brigadier Carey Mahoney, ûntbriek yn Police Academy 5: Assignment Miami Beach. Trochdat er oare ferplichtings oangien wie as ien fan 'e haadrolspilers fan 'e komeedzjefilm Three Men and a Baby (mei Ted Danson en Tom Selleck) wied er yn 1987 net frij om op 'e nij yn 'e hûd fan Mahoney te krûpen. As plakferfanger waard dêrom it personaazje fan Nick Lassard yntrodusearre, dat, wat karakter oangie, frijwol in kloon fan Mahoney wie.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Police Academy 5: Assignment Miami Beach waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 18 maart 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 5: Assignment Miami Beach oer it algemien negative resinsjes. Sa parte Gene Siskel, fan 'e Chicago Tribune, de film 0 fan 4 stjerren ta en skreau: "Ik haw ûnder de hiele film net ien kear lake: net om 'e slapstick, net om 'e humor dy't fan it nivo pjutteboartersplak is." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Police Academy 5: Assignment Miami Beach in tige leech goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 6 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 10 resinsjes.

Police Academy 5: Assignment Miami Beach brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $19,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $35,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $54,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $14 miljoen betsjut dat in winst fan $40,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)