Sterkste Man fan Fryslân
(Trochferwiisd fan Sterkste man fan Fryslân)
De ferkiezing fan Sterkste man fan Fryslân wurdt sûnt 1982 hâlden. De wedstriden wurde op ferskate plakken hâlden, de lêste jierren yn it WTC Expo yn Ljouwert. Oan it begjin as ûnderdiel fan de Jierbeurs, sûnt 1988 as selsstannich evenemint.
De ûnderdielen binne net altiten itselde. Yn 2010 binne der seis ûnderdielen: Beamstamhuffe, Autolûke, Frachtweinlûke, Gewicht heechsmite, Tsjillen kantelje en Stienhuffe.
Troch de jierren is der in ferskowing geande fan it type gewichtheffers nei all-round atleten. Jan Wagenaar wûn de grutte Wikselbeker fiif kear, Wout Zijlstra en Henk van der Veen elk fjouwer kear.
Foar junioaren is der in eigen klasse.