The Kingdom (film)

The Kingdom is in Amerikaansk-Dútske aksjeskriller út 2007 ûnder rezjy fan Peter Berg, mei yn 'e haadrollen Jamie Foxx en de Israelyske akteur fan Arabysk komôf Ashraf Barhom. De titel betsjut "It Keninkryk", en is in ferwizing nei Saûdy-Araabje. It ferhaal giet oer in team fan 'e FBI dat ôfreizget nei dat lân om in terroristyske oanslach op in wenhiem fan Amerikaanske wurknimmers fan in oaljemaatskippij te ûndersykjen. The Kingdom krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

The Kingdom
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Peter Berg
produsint Michael Mann
Scott Stuber
senario Matthew Michael Carnahan
kamerarezjy Mauro Fiore
muzyk Danny Elfman
filmstudio Relativity Media
Forward Pass
Stuber/Parent
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jamie Foxx
Ashraf Barhom
byrollen Jennifer Garner
Jason Bateman
Chris Cooper
Ali Suliman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 28 septimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre aksjeskrillerfilm
taal Ingelsk (ek wat Arabysk)
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $72,5 miljoen
opbringst $86,6 miljoen

By in honkbalwedstryd yn in wenhiem fan wurknimmers en harren húshâldings fan in Amerikaanske ierdoaljemaatskippij yn 'e Saûdyske haadstêd Ar-Riaad, fiere islamistyske terroristen fan Al-Qaida in oanslach út. Wylst twa fan harren in pear Saûdyske plysjes deasjitte en de plysje-auto kape, wêrnei't se troch it wenhiem ride en mei mitrailleurs minsken en huzen besjitte, bejout in selsmoardoanslachdogger him yn it unifoarm fan in Saûdyske plysjeman ûnder de yn panyk fuortflechtsjende honkballers en taskôgers en blaast himsels en eltsenien yn syn direkte om-en-by op. Sersjant Haytham fan 'e Saûdyske Steatsplysje riidt de beide mannen yn 'e plysje-auto klem, en as se har net oerjaan wolle, sjit er harren dea.

Neitiid arrivearje FBI-agint Fran Manner en DSS-agint Rex Burr, dy't as attasjees op 'e Amerikaanske ambassade yn Saûdy-Araabje wurkje, op it plak delikt. Dêr binne tahastige plysjeminsken, brânspuitlju en ferpleechkundigen dwaande om 'e slachtoffers fan 'e oanslach te helpen. Manner skillet syn goede freon op, spesjaal agint Ronald Fleury fan 'e FBI, dy't op dat stuit krekt in sprekbeurt jout op 'e beukerskoalle fan syn jonge soan Kevin. Manner fertelt Fleury dat se yn Ar-Riaad ferlet hawwe fan fersterking mei in ûndersyksteam fan 'e FBI, en Fleury seit ta dat er alles dwaan sil om dat foarinoar te krijen. Manner hat it tillefoanpetear krekt beëinige as midden yn de rêdingsaksje in ûnbidige lading eksplosiven ta ûntploffing brocht wurdt, wêrby't hy, Bura en mear as twahûndert oare minsken omkomme.

Om't de oanslachdoggers unifoarmen fan 'e Saûdyske Steatsplysje droegen, wurdt dy bûten it ûndersyk nei de oanslaggen holden, dat ynstee opdroegen wurdt oan 'e Saûdyske Nasjonale Garde. Brigadegeneraal Al-Abdulmalik lit sersjant Haytham martelje op fertinking fan belutsenens by de oanslaggen, om't er de beide oanslachdoggers yn 'e plysje-auto deasketten hat. De generaal fermoedet nammentlik dat er harren deasketten hat om foar te kommen dat se arrestearre en ûnderfrege wurde koene. Kolonel Faris al-Ghazi, de pleatslike kommandant fan 'e Steatsplysje, bewiist úteinlik de ûnskuld fan Haytham, dy't dêrop frijlitten wurdt mei de warskôging dat er mei nimmen oer syn behanneling prate mei.

Op it haadkertier fan 'e FBI yn Washington, D.C. riedt Fleury de oare deis in team ta op útstjoering nei Saûdy-Araabje. Dêrby flústeret er spesjaal aginte Janet Mayes, dy't ek goed befreone wie mei Fran Manner, wat yn it ear om har te kalmearjen. De Saûdys fiele lykwols neat foar Amerikaanske bemuoienis mei it ûndersyk, en it Amerikaansk Ministearje fan Justysje en it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken ûnderstypje dy de opstelling om't Saûdy-Araabje de wichtichste en ynfloedrykste Amerikaanske bûnsgenoat yn it Midden-Easten is dy't dêrom mei ferwielene wanten oanpakt wurde moat. Fleury is it dêr net mei iens, en sjantearret prins Thamer, de Saûdyske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, om tagong ta Saûdy-Araabje te krijen foar himsels en syn team, dat bestiet út spesjaal aginten Adam Leavitt, in ynljochtinge-analist, Grant Sykes, in bomtechnikus, en Janet Mayes, in patolooch-anatoom.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Saûdy-Araabje wurde Fleury en syn team ûnthelle troch kolonel Al-Ghazi, dy't opdracht krigen hat om as 'babysitter' fan 'e Amerikanen te fungearjen. Generaal Al-Abdulmalik jout Fleury-en-dy lykwols gjin tastimming om it plak delikt te ûndersykjen, en alles giet uterste traach. As der in fideo fan 'e oanslach op it ynternet pleatst wurdt, identifisearret Fleury it flatgebou fan it dak wêrfan't dy bylden ôf opnommen wêze moatte. Om't dat net ta it plak delikt heart, wit Al-Ghazi tastimming los te krijen om dêr mei de Amerikanen ûndersyk te dwaan. By oankomst by it gebou fynt der lykwols in konfrontaasje mei in troep fan 'e Saûdyske Nasjonale Garde plak, dy't útrint op in hângemien tusken Al-Ghazi en in ofsier fan 'e Nasjonale Garde. Fleury komt Al-Ghazi te help en de beide mannen foarmje troch dat ynsidint in bân.

Dyseldichste jûns wurdt it team, minus agint Mayes om't sy in frou is, útnûge yn it paleis fan prins Ahmed bin Khaled. As de prins him foar it each fan 'e kamera's nei it ûndersyk freget, wêrby't fan Fleury ferwachte wurdt dat er it toanielstikje meispilet, beslút Fleury lykwols it izer te smeien no't it hjit is. Hy fertelt dat it ûndersyk nearne hinne giet om't de Nasjonale Garde gjin ûnderfining mei plysje-ûndersiken hat, en riedt de prins sterk oan om kolonel Al-Ghazi de lieding oer it ûndersyk te jaan. Ek stiet er der by de prins op oan om gebrûk te meitsjen fan 'e know-how fan syn FBI-team en dat aktyf ûndersyk dwaan te litten. De prins jout ta.

De oare deis kinne Fleury-en-dy einlings en te'n lêsten oan it wurk. Djip yn 'e bomkrater ûntdekt Sykes dat de twadde, grutte bom yn in ambulânse siet. Mayes en sersjant Haytham ûndersykje yn it mortuarium de stoflike omskotten fan 'e dieders en slachtoffers, wêrby't Mayes blauwe glêsskerven út 'e liken hellet, ôfkomstich fan knikkerts dy't blykber oan 'e bom tafoege wiene by wize fan shrapnel. Al-Ghazi en Fleury ûntdekke ûnderwilens dat de broer fan ien fan 'e deade terroristen tagong ta ambulânses en plysje-unifoarmen hie. Se fermoedzje dat de beruchte terroristelieder Abu Hamza efter de oanslach sit. Mei syn beiden sykje se in eardere bommemakker op, dy't syn libben bettere hat en no gearwurket mei de Saûdyske autoriteiten. As Fleury fan dy man witte wol hoe't se Abu Hamza werkenne kinne, lit er syn hannen sjen, dy't bot skeind binne en ferskate fingers misse. Hy leit út dat eltse bommemakker op in stuit yn syn karriêre wol troch syn eigen wurk 'biten' wurdt.

It spoar fan 'e unifoarmen liedt nei in hûs yn in folkswyk fan Ar-Riaad, dêr't in spesjaal kommandoteam fan 'e Steatsplysje in ynfal docht en dêrby fjouwer bewapene en op harren sjittende terroristen deadzje. Yn it hûs wurdt in grut wapenarsenaal oantroffen, en teffens wurde der foto's fûn fan 'e Amerikaanske ambassade en oare Westerske fertsjintwurdigings yn 'e Saûdyske haadstêd. De Amerikaanske fise-konsul Damon Schmidt, dy't Fleury en syn team al fan it begjin ôf oan leaver kwyt as ryk wie, ferskynt op it toaniel en fertelt Fleury-en-dy dat se in moaie oerwinning behelle en de oanslaggen oplost hawwe. No kinne se fuortendaliks werom nei hûs; de auto om harren nei de lofthaven te bringen, stiet al klear.

Underweis nei de Ynternasjonale Lofthaven Kening Chaled wurdt it konfoai lykwols oanfallen troch terroristen. De foarste auto riidt op in bom en de auto wêryn't it FBI-team, kolonel Al-Ghazi en sersjant Haytham sitte, slacht ferskate kearen oer de kop, sadat de ynsittenden, hoewol fierhinne ynoarder, dochs in skoftke net goed by sûpe en stút binne. Yn dat skoftke wurdt agint Leavitt út it autowrak skuord en ûntfierd. Al-Ghazi sjit twa oanfallers dea en Fleury wit ien fan 'e oanfallers te ferwûnjen. Al-Ghazi foarderet in pasearjende auto op en set mei Fleury, Sykes, Mayes en Haytham de efterfolging yn. De auto wêryn't de oanfallers de oanhâldend tsjinakseljende Leavitt oermasterje, boeie en knevelje, liedt de efterfolgers nei de wyk Al-Sûweidi, in gefaarlik plak, mei't de anty-Westerske terroristen dêr in protte oanhing ûnder de befolking hawwe. As se by in flatgebou de (no lege) auto ûntdekke dy't se efterfolgen, wurde se fuortendaliks oanfallen troch in stikmannich lju dy't bewapene binne mei automatyske gewearen en bazooka's.

Nei't Fleury, Sikes, Mayes, Haytham en Al-Ghazi ôfweefd hawwe mei de oanfallers, bliuwe Sikes en Haytham by de yngong fan it flatgebou efter om eventuele nije oanfallers op in ôfstân te hâlden. Fleury, Al-Ghazi en Mayes geane it gebou yn, dêr't se it bloedspoar fan 'e troch Fleury ferwûne terrorist folgje nei in appartemint. Fleury en Al-Ghazi kringe dêr binnen en deadzje in stikmannich terroristen yn in fjoergefjocht, wylst Mayes fierder de gong delgiet en in appartemint ynkringt as se dêr wat heart. Se treft dêr lykwols inkeld in deadsbange mem en in lyts famke oan. As se har syktocht fuortset, ûntdekt se úteinlik yn in oar appartemint Leavitt, dy't op it punt stiet om troch de terroristen foar it each fan in kamera ûnthalze te wurden. Se rêdt him en weeft mei de terroristen ôf.

As se fjouweresom ûnderweis binne nei de útgong fan it flatgebou, komme se wer by it appartemint lâns mei de mem en it famke. Mayes kipet der noch eefkes om 'e hoeke om te sjen oft alles goed is, en giet deryn om it famke in lolly te jaan. Yn ruil dêrfoar biedt it famke har in blauwe knikkert oan. Al-Ghazi sjocht de pake fan it famke op in matras lizzen, en giet nei him ta om him oerein te helpen. As de âldman him de hân jout, sjocht Al-Ghazi dat er ferskate fingers mist, wat syn fermoeden befêstiget dat de âldman nimmen oars is as Abu Hamza. In opslûpen jonge, de pakesizzer fan 'e terroristelieder, komt op dat stuit út 'e sliepkeamer en sjit Al-Ghazi yn 'e nekke, wêrnei't er syn pistoal op Mayes rjochtet. Fleury sjit de jonge del, wêrnei't Abu Hamza ûnder it matras wie in mitrailleur foar it ljocht hellet. Haytham, dy't troch Sykes nei binnen ta stjoerd wie om te sjen wêrom't it allegear sa lang duorre, komt op dat stuit it appartemint binnen en sjit Abu Hamza del. It famke fljocht har pake om 'e hals, en de âlde terrorist flústeret hat wat yn it ear en stjert. Al-Ghazi bliedt dea yn 'e earms fan Fleury foar't der in ambulânse arrivearret.

Neitiid besykje Fleury en sersjant Haytham it hûs fan Al-Ghazi om syn heit en jonge soan (mar net syn widdo, dy't net op dy wize mei manlju omgean kin) te kondolearjen. It petear dat Fleury mei it jonkje hat, spegelet in eardere sêne út 'e film wêryn't er prate mei de jonge soan fan syn freon Fran Manner. Fleury en syn team keare werom nei de Feriene Steaten, dêr't se priizge wurde foar harren wurk troch FBI-direkteur James Grace. Leavitt wol fan Fleury witte wat hy Mayes nei de dea fan Fran Manner yn it ear flústere hat om har te kalmearjen. Tagelyk wurdt yn Saûdy-Araabje de pakesizzer fan Abu Hamza troch har mem frege wat har pake har yn it ear flústere hat foar't er stoar. Fleury antwurdet dat er Mayes ferteld hat: "We meitsje dy rotsakken allegear dea." De pakesizzer antwurdet har mem dat pake tsjin har sei: "Wês net bang, famke. We sille se allegear deameitsje."

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jamie Foxx.
 
Jennifer Garner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
FBI-agint Ronald Fleury Jamie Foxx
kolonel Faris al-Ghazi Ashraf Barhom


byrollen
personaazje akteur/aktrise
FBI-aginte Janet Mayes Jennifer Garner
FBI-agint Adam Leavitt Jason Bateman
FBI-agint Grant Sykes Chris Cooper
sersjant Haytham Ali Suliman
brigadegeneraal Al-Abdulmalik Mahmoud Said
Damon Schmidt Jeremy Piven
FBI-direkteur Robert Grace Richard Jenkins
minister fan Binnenlânske Saken Gideon Young Danny Huston
prins Ahmed bin Khaled Omar Berdouni
Abu Hamza Hezi Saddik
prins Thamer Raad Rawi
FBI-agint Francis "Fran" Manner Kyle Chandler
DSS-agint Rex Burr Tom Bresnahan
Aaron Jackson Tim McGraw
Elaine Flowers Frances Fisher
Ellis Leach Kelly AuCoin
Janine Ripon Ashley Scott
Earl Ripon Trevor St. John
Marcicella Canavesio Ana Deavere Smith
juf Ross Minka Kelly
Lyla Fleury Amy Hunter
Kevin Fleury T.J. Burnett

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Kingdom is in Amerikaansk-Dútske ko-produksje, regissearre troch Peter Berg nei in senario fan Matthew Michael Carnahan. As produsinten wiene Michael Mann en Scott Stuber by de film belutsen, foar de studio's Relativity Media, Forward Pass en Stuber/Parent. Der wie foar The Kingdom in budget beskikber fan $72,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mauro Fiore, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Danny Elfman.

De opnamen setten op 10 july 2006 útein yn Phoenix (Arizona). Ek waard der filme by Mesa (Arizona), en de sênes op it Amerikaanske wenhiem waarden opnommen op 'e kampus fan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona. Mids septimber waard der fierders noch twa wiken filme yn Abû Dabi, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten.

Under de opnamen yn Mesa wie regisseur Berg belutsen by in deadlik ferkearsûngemak, wêrby't de auto dêr't er yn siet, yn botsing kaam mei in John Deere Gator-quad dy't bestjoerd waard troch Nick Papac. Dyselde stoar trije oeren letter oan 'e oprûne ferwûnings. Op 8 augustus 2008 spanden de âlden fan Papac, Michael Papac en Michele Bell, in rjochtsaak oan tsjin Berg, syn sjauffeur en de filmstudio, mar dy kaam nea foar de rjochter, mei't de partijen ta in skikking kamen. De opnamen leine ien dei stil, mar giene dêrnei troch.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Kingdom waard fersoarge troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 22 augustus 2007 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh, yn Skotlân. Hy gie op 28 septimber 2007 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre en op 11 oktober fan dat jier yn dy yn Dútslân. The Kingdom waard op 20 desimber 2007 útbrocht op dvd.

The Kingdom krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Kenneth Turan fan The Los Angeles Times neamde de film "in gewykst ferlechje foar effisjint trelit dat noch net heal sa fernimstich is as it wêze wol." Nettsjinsteande dat The Kingdom de earste Hollywood-film yn jierren wie dy't in lykwichtich byld fan Arabieren en de Arabyske wrâld joech, sette Lou Lumenick de film yn 'e New York Post wei as "in nije reden foar de islamityske wrâld om 'e Feriene Steaten te haatsjen." Ek neamde er The Kingdom ksenofobysk en "tajaand oan 'e tiidsgeast". Yn The A.V. Club joech Scott Tobias de film in meager seiske. Hy hie krityk op it "mislikmeitsjende type eskapisme" fan The Kingdom, troch it filmpublyk genietsje te litten fan "it winnen fan fantasij-oarloggen" en it jaan fan in ideälisearre ôfskildering fan 'e effisjinsje fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinsten. Ek fûn er dat The Kingdom "nettsjinsteande ien sympatike Arabier" as "rasistysk" omskreaun wurde koe. (Yn wurklikheid sieten der folle mear sympatike Arabieren yn 'e film en wie it ien fan 'e minst rasistyske Hollywood-films oer ekstremistysk islamitysk terrorisme dy't ea makke wie.)

John Podhoretz, in kollumnist yn 'e Weekly Standard, neamde The Kingdom lykwols "foarsjoen fan in perfekt tempo" en "opmerklike fris en befredigjend." Hy ferliek de film posityf mei û.o. The Taking of Pelham One Two Three (1974) en Dog Day Afternoon (1975). Yn The New York Times omskreau A.O. Scott The Kingdom as "in gewykste, ûnmeilydsum effektive sjenrefilm." Dêr heakke er oan ta: "Krekt sa't Rambo in fantasijferhaal biedt wêryn't de neisleep fan 'e Fjetnamoarloch nochris oerdien wurde kin, sa kin The Kingdom sjoen wurde as in winsktinkend refizjonistysk senario foar de Amerikaanske reäksje op islamitysk-fûnemintalistysk terrorisme." Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone joech de film 3 fan 4 stjerren, wylst Evan Williams fan The Australian it "in treflike skriller" neamde en opmurk dat it "skoan ris de earste Hollywood-film wêze kin dy't de Saûdyske belutsenens by ynternasjonaal terrorisme beneamt."

Faisal Abbas, redakteur fan 'e Londenske ynternasjonale Arabysktalige krante Asharq al-Awsat, resinsearre The Kingdom op 'e Ingelsktalige webside fan dy útjefte. Hy skreau: "nettsjinsteande guon aspekten dy't troch guon sjoggers opfet wurde kinne soene as negatyf, soene in protte lju noch wolris oangenaam ferrast wêze kinne nei it sjen fan dizze film, as men yn acht nimt dat Arabieren lange tiid de favorite smjunten fan Hollywood west hawwe." Hy konkludearre: "Yn elts gefal sit de film beslist smoarfol aksje, en miskien fine Saûdys en Arabieren der wol mear oan as Amerikanen, mei't de foarfallen ôfbylde wurde as plakfinend yn 'e Saûdyske haadstêd. […] [I]t is net eltse dei dat je in auto-efterfolging yn Hollywood-styl plakfinen sjogge yn 'e strjitten fan Ar-Riaad. Foar Westerlingen kin de film in ynteressante ynkyk wêze yn in kultuer dy't hiel oars is as har eigen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Kingdom in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 180 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de film ferskate earsteklas aksjesênes leveret, sakket The Kingdom úteinlik troch de ankels ûnder it gewicht fan formulemjittigens en betiizjende polityk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Kingdom in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 37 resinsjes.

The Kingdom brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $47,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $39 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $86,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $72,5 miljoen betsjut dat in winst fan $14,1 miljoen. Mei't dêr de marketingkosten noch fanôf moatte, waard de film beskôge as in teloarstelling.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.