USS Tennessee (skip út 1920)

De USS Tennessee wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Tennessee-klasse, mei de koade BB-43. It wie fan 1920 oant 1947 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine.

USS Tennessee
De USS Tennessee yn 'e 1930-er jierren.
De USS Tennessee yn 'e 1930-er jierren.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-43
skiednis
werf Marineskipswerf New York
kyllizzing 14 maaie 1917
tewetterlitting 30 april 1919
yn de feart 3 juny 1920
út tsjinst 14 febrewaris 1947
status sloopt 26 july 1959
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Tennessee-klasse
lingte 190 m
breedte 29.69 m
djipgong 9.19 m
deplassemint 32.300 long ton (by bou)
34.858 long ton (rep. 1943)
tonnaazje 32.818 brt (by bou)
35.417 brt (rep. 1943)
bemanning 1.083 koppen
oandriuwing 4 × turbo-elektr. trânsmisje
4 × skroef
maks. faasje 21 knopen (39 km/h)
bewapening 4 × trijedûbel 14 inch (356
   mm)-kanon
14 × inkel 5 inch (127
   mm)-kanon
4 × inkel 3 inch (76
   mm)-kanon
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 3 wetterfleantugen,
mei kattepûlen foar opst.

Bou en skaaimerken

bewurkje seksje

De Tennessee-klasse boude fuort op 'e ûntwikkeling fan 'e foargeande New Mexico-klasse, en wie in standertsearje fan twa slachskippen dy't yn 'e 1910-er en de 1920-er jierren boud waarden yn opdracht fan 'e Amerikaanske Marine. De kyl fan 'e USS Tennessee waard lein op 14 maaie 1917 op 'e Marineskipswerf New York yn New York, dêr't it skip op 30 april 1919 te wetter litten waard. As marineskip wie it skip swier bepânsere en it wie bewapene mei in batterij fan trije 14 inch (356 mm)-kanonnen yn elts fan 'e fjouwer geskutstuorren, en dêropta mei ferskate mindere wapens. De USS Tennessee hie in lingte fan 190 m, in breedte fan 29.69 m en in djipgong fan 9.19 m. De topsnelheid bedroech 21 knopen, oftewol 39 km/h.

 
De USS Tennessee ûnderweis op 12 maaie 1943.

De USS Tennessee waard op 3 juny 1920 troch de Amerikaanske Marine yn 'e feart nommen en yndield by de Amerikaanske Pasifyske Float yn 'e marinehaven San Pedro, yn Kalifornje. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren naam it skip geregeldwei diel oan oefenings yn 'e Stille Oseaan, de Atlantyske Oseaan, it Karibysk Gebiet en de krite om 'e Panamakanaalsône hinne. Yn 1922 die de USS Tennessee yn it ramt fan sa'n oefening û.m. Porto Riko en de Marinebasis Guantanamo Bay op Kuba oan. Yn 1925 naam it skip diel oan in freonskiplik besyk fan 'e Pasifyske Float oan Austraalje en Nij-Seelân. Yn 1929 en 1930 waarden der oan 'e USS Tennessee ferskate wichtige modernisearrings makke.

Oanfal op Pearl Harbor

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Tennessee dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden. By it bombardemint waard de USS Tennessee rekke troch twa bommen, wêrby't ûnder de bemanning 5 deaden foelen. It skip wie lykwols net bot skansearre, en koe yn febrewaris 1942 al wer yn 'e tsjinst nommen wurde.

Rest fan de Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Mei twa oare slachskippen, de USS Maryland en de USS Colorado, makke de USS Tennessee neitiid yn San Francisco diel út fan 'e saneamde Taakgroep 1 fan skout-by-nacht William S. Pye. Nei de Slach by Midway fear Taakgroep 1 út om te wekjen foar in eventuele Japanske ferjildingsoanfal, mar dy kaam net. Fanwegen in tekoart oan tankers waard besletten de oaljeslinende slachskippen net yn te setten yn 'e Slach om Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen. De USS Tennessee waard ynstee nei de Puget Sound by Seattle stjoerd. Dêr wie ûnderwilens it susterskip de USS California, dat by Pearl Harbor folle slimmer skansearre rekke wie, ek oankommen om reparearre en modernisearre te wurden, en it waard opportún achte om tagelyk deselde modernisearrings by de USS Tennessee oan te bringen.

 
De USS Tennessee nei de Oanfal op Pearl Harbor, mei dêrjonken de sinkende USS West Virginia.

Op 7 maaie 1943 wiene de modernisearrings klear, en fan juny oant augustus bea de USS Tennessee mei syn grutte kanonnen mei kustbombardeminten stipe by de werovering fan 'e troch de Japanners besette Amerikaanske eilannen Attu en Kiska, yn 'e Aleoetenkampanje yn Alaska. Nei oefenings en werbefoarrieding yn San Francisco fear de USS Tennessee nei de Stille Súdsee, dêr't it skip fan novimber 1943 oant febrewaris 1944 behelle wie yn 'e Gilbert- en Marshalleilânske Kampanje. De USS Tennessee fierde kustbombardeminten út yn 'e Slach om Tarawa yn 'e Britske koloanje fan 'e Gilberteilannen (no Kiribaty) en yn 'e Slach om Kwajalein en de Slach om Eniwetok yn 'e Marshalleilannen (doedestiden in mandaatgebiet fan it Folkebûn ûnder Japansk bestjoer).

Yn maart 1944 fierde de USS Tennessee in oanfal út op 'e havenstêd Kavieng op Nij-Ierlân yn 'e Bismarckarsjipel (no ûnderdiel fan Papoea Nij-Guineä), om 'e Japanners ôf te lieden fan 'e Amerikaanske lâning op Emirau. Fan juny oant septimber wie it skip belutsen by de Marianen- en Palaukampanje, wêrby't it Japanske posysjes bombardearre yn 'e Slach om Saipan, de Twadde Slach om Gûam en de Slach om Tinian yn 'e Marianen en de Slach om Anguar yn 'e westlike Karolinen (no Palau). Fan septimber ôf waard de USS Tennessee ynset yn 'e Twadde Filipynske Kampanje. Dêr operearre it skip as diel fan in bombardemintsgroep yn 'e Slach om Leyte. De Keizerlike Japanske Marine begûn in grutte tsjinoanfal dy't bekend kaam te stean as de Slach yn 'e Golf fan Leyte, hoewol't it eins in rige fan fjouwer seeslaggen wie. By ien dêrfan, de Slach yn 'e Strjitte fan Surigao (it lêste wapene treffen tusken slachskippen út 'e skiednis) makke de USS Tennessee diel út fan it flottylje dat de Japanske skippen fersloech.

 
De USS Tennessee bombardearret Japanske posysjes yn 'e Slach om Okinawa, mei op 'e foargrûn in lâningsfartúch dat Amerikaanske troepen nei it strân bringt.

Yn novimber kearde de USS Tennessee werom nei de Puget Sound foar ûnderhâld. Nei in tuskenstop yn Hawaï arrivearre it skip yn febrewaris 1945 yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan by de Japanske Bonyneilannen, dêr't it mei syn kanonnen de lânings fan Amerikaanske mariniers yn 'e Slach om Iwo Jima ûnderstipe. Yn maart fear de USS Tennessee troch nei de Rjûkjû-eilannen dêr't it slachskip fan 'e ein fan dy moanne oant yn juny op deselde wize belutsen wie by de Amerikaanske lânings yn 'e Slach om Okinawa. Dêrby waard de USS Tennessee op 12 april rekke troch in kamikaze. Der kamen 22 of 25 (de boarnen ferskille dêroer) bemanningsleden om en 107 of 104 oaren rekken ferwûne. It skip sels wie lykwols net bot skansearre, en koe nei provisoaryske reparaasjes op 14 april alwer it bombardemint fan Okinawa ferfetsje. Yn 'e lêste moannen fan 'e oarloch patrûljearre de USS Tennessee yn haadsaak yn 'e Eastsineeske See, mei as 'útstapkes' in wraam op 'e mûning fan 'e rivier de Jangtsekiang, yn Sina, en in bombardemint fan it Japanske garnizoen op it isolearre eilân Wake, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Tsjin 'e tiid dat op 15 augustus 1945 de kapitulaasje fan Japan ôfkundige waard, wie de USS Tennessee risselwaasjes oan it meitsjen foar Operaasje Downfall, de (nea útfierde) ynvaazje fan Japan. Neitiid krige it slachskip de taak om de wacht te hâlden oer it oan lân gean fan Amerikaanske troepen foar de besetting fan Japan yn 'e haven fan Wakayama. Op 16 oktober sette de USS Tennessee ôf om fia Singapoer en Kaap de Goede Hoop nei Philadelphia te farren, dêr't it skip op 7 desimber arrivearre. De omwei troch de Yndyske Oseaan en de Atlantyske Oseaan waard diktearre troch de modernisearrings út 1943, dy't it skip te breed makke hiene om troch it Panamakanaal te passen.

De USS Tennessee waard yn 1946 yndield by de Amerikaanske reservefloat en yn 'e 'motteballen' lein. It skip waard formeel út 'e tsjinst helle op 14 febrewaris 1947, wêrnei't it lykwols noch tolve jier beholden waard foar it gefal dat der nochris ferlet fan wêze soe. Yn 1959, doe't de USS Tennessee ûnderwilens 39 jier âld wie, besleat de Amerikaanske Marine dat it skip gjin wearde mear hie. Op 1 maart fan dat jier waard de namme fan it skip út it register fan 'e marine skrast. It skip waard foar skroat ferkocht en nei Baltimore sleept, dêr't it fan 26 july ôf sloopt waard troch it bedriuw Bethlehem Steel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.