Opper-Sû Yndianereservaat
It Opper-Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Upper Sioux Indian Reservation; Eastlik Dakota: Pežuhutazizi) is it reservaat fan 'e federaal erkende Opper-Sû Mienskip (Upper Sioux Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.
Opper-Sû Yndianereservaat Upper Sioux Indian Reservation | ||
De lokaasje (bûten it hjoeddeistige reservaat) fan it histoaryske Opper-Sû Agintskip fan it BIA. | ||
polityk | ||
haadplak | Granite Falls (Minnesota) | |
stamme | Opper-Sû Mienskip | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
sifers | ||
ynwenners | 57 (2000) | |
oerflak | 5,1 km² | |
bef.tichth. | 11,1 / km² | |
oar | ||
stifting | 1938 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Minnesota. Opper-Sû is werjûn yn read. |
Algemien
bewurkje seksjeIt reservaat leit yn it suden fan 'e steat, oan 'e rivier de Minnesota, yn Yellow Medicine County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe mar 57 minsken. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Granite Falls, dat feitliken 8 km benoarden it reservaat leit. It Opper-Sû Reservaat hat in oerflak fan mar justjes mear as 5 km².
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme fan it reservaat komt fan it feit dat der oarspronklik, yn 'e njoggentjinde iuw, fan 1851 ôf oan 'e rivier de Minnesota twa reservaten fan 'e Sû-Yndianen wiene, wêrfan't dat streamop "Opper Sû" (Upper Sioux) neamd waard, en dat streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux). Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waard it Opper-Sû Reservaat lykwols opheft. It reservaat yn syn hjoeddeistige foarm kaam ta wêzen doe't yn 1938 746 acres (3 km²) grûn weromjûn waard oan 'e Yndianen.
Hjoed de dei
bewurkje seksjeDe Opper-Sû Mienskip hat op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten, it Prairie's Edge Casino Resort. Elts jier yn juny hâldt de stamme yn it reservaat syn tradisjonele wačipi (powwow of folksgearkomste).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |