Beemster
Beemster is in eardere gemeente en polder yn de gemeente Purmerein yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente, dy't ûntstie yn 1812, hie 10.105 ynwenners (2021) en besloech in oerflak fan 72,08 km². De gemeente Beemster makke diel út fan 'e Ferfierregio Amsterdam. It haadplak fan 'e gemeente wie Middenbeemster. De polder de Beemster waard tusken 1609 en 1612 drûchlein.
Beemster | |
---|---|
De Beemster | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Noard-Hollân |
sifers en geografy | |
haadplak | Middenbeemster |
grutste plak | Middenbeemster |
ynwennertal | 10.105 (1 jannewaris 2021)[1] |
befolkingstichtens | 126 |
oerflak | 72,07 |
● wêrfan lân | 70,58 |
● wêrfan wetter | 1,49 |
tal doarpen | 4 |
ferkearsieren | A7 N243 N244 N509 |
skiednis | |
oprjochte | 1812 |
opheft | 2022 |
opgien yn | Purmerein |
no part fan | Purmerein |
oar | |
netnûmer | 0299 |
postkoade | 1460-1464 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
De gemeente Beemster is sûnt 1 jannewaris 2022 opheft en fusearre mei de gemeente Purmerein, dêr 't op 9 jannewaris 2018 ta besletten wie.
Skiednis
bewurkje seksjeOm 800 hinne wie it gebiet fan de hjoeddeistige Beemster bedutsen mei in laach fean. De namme Beemster is ôflaat fan Bamestra, in feanrivierke yn it gebiet. It oanmeitsjen fan it fean en stoarmfloeden laten ta dat it rivierke yn de snuorje 1150-1250 ta in binnensee útwoeks. De nije mar stie by Beets yn iepen ferbining mei de Sudersee, troch de Where mei de Purmer en troch Spijkerboorgat mei de Starnmar. De mar waard yn it westen begrinzge troch it Skermereilân. Oan de mar leine de plakken Purmerein, De Ryp, Oosthuizen, Beets en Hobrede.
Yn 1607 waard troch de Steaten fan Hollân en West-Fryslân oan guon boargemasters en gegoede keaplju tastimming jûn en meitsje de Beemster drûch. Jan Adriaanszoon Leeghwater, timmerman en mûnebouwer fan De Ryp, spile dêrby in grutte rol as adviseur, tafersjochhâlder op de mûnebou. It is lykwols in misferstân dat Leeghwater de leiding hie by it drûchlizzen.
Op 23 jannewaris 1610, doe't it wurk krapoan ree wie, rûn de mar fannijs ûnder wetter troch in brek yn de Wetterlânske Seedyk. Doe waard besletten en meitsje de ringdyk in meter heger as it omlizzende lân. Op 19 maaie 1612 wie de polder drûch en waard de hjoeddeistige drûchmakkerij De Beemster werklikheid. Op dat stuit stiene der 43 poldermûnen. Lang om let wiene der 50 mûnen nedich foar it bemeallen. It lân waard ynparte yn rjochthoekige kavels neffens in geometrysk patroan. De kavels waarden ferparte ûnder de ynvestearders. De kwaliteit fan it lânbougrûn wie sa heech dat it projekt doetiids as in grut sukses beskôge waard. De ynvestearders hiene har jild dêr yn in jier út, ta tsjinstelling ta bygelyks de dêrnei úteinsette drûchmakkerijen lykas de Skermer of de Hearhugowaard.
Trijehûndert jier lang waard de polder drûchholden troch de 50 mûnen. Ein 19e iuw waarden dy ferfongen troch steamgemalen en doe waarden de mûnen ôfbrutsen. Yn de 20e iuw waarden de steamgemalen ferfongen troch twa elektryske gemalen. De súdlike ringfeart is sûnt 1825 part fan it Noardhollânsk Kanaal.
Yn de polder waarden yn de Gouden Iuw in soad bûtenpleatsen troch gegoede FEK-keaplju boud, dêr't hjoed-de-dei noch in stikmannich fan oer binne. Troch de fruchtbere lânbougrûn ûntwikkele de Beemsterpolder him ta in agrarysk gebiet. De stjelppleatsen waarden skaaimerkend foar it gebiet.
De polder is sûnt 1999 in UNESCO-Wrâlderfgoed. Boppedat liize yn de Beemsterpolder fiif forten fan de Stelling fan Amsterdam dat ek in Wrâlderfgoed is.
De Beemsterpolder is it thús fan de CONO-Tsiismakkers. Dy koöperaasje ûntstie yn 1901 as fabrikant fan tsiis, makke fan molke fan kij út de Beemsterpolder. Hjoed-de-dei wurdt it Beemstertsiis wrâldwiid ferkocht.
Gemeentlike weryndieling
bewurkje seksjeDe kolleezjes fan Purmerein en Beemster sleaten op 4 septimber 2018 in bestjoerlik akkoard en fusearje op 1 jannewaris 2022. Yn 2020 stelden de gemeenterieden it weryndielingsadvys fêst foar de nije gemeente Purmerein. De definitive sjenswize en it weryndielingsadvys waarden yn juny 2020 troch Deputearre Steaten fêststeld en dêrnei oan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tastjoerd. It oanbelangjende wetsfoarstel waard op 21 febrewaris 2021 troch de Twadde Keamer en op 25 maaie 2021 troch de Earste Keamer oannommen.
Plakken yn de polder
bewurkje seksjeYn de polder en de eardere gemeente lizze de folgjende doarpen:
Kearn | Ynwenners (1 jannewaris 2023) |
---|---|
Middenbeemster | 5.570 |
Noordbeemster | 615 |
Westbeemster | 775 |
Zuidoostbeemster | 4.400 |
Fierder binne der de buorskippen: Arenberg, Assummerbuurt, De Blikken Schel, De Zevenhuisjes, Halfweg, Het Hoekje, Hoornsche Keet en Klaterbuurt
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beemster fan Wikimedia Commons. |
Noard-Hollân | |
---|---|
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort | |
wizigje |