Black Swan (film)

Black Swan is in Amerikaanske psychologyske skrillerfilm út 2010 ûnder rezjy fan Darren Aronofsky, mei yn 'e haadrol Natalie Portman en yn 'e wichtichste byrollen Vincent Cassel en Mila Kunis. De titel betsjut "Swarte Swan" en ferwiist nei in personaazje út it ballet De Swannemar, fan Tsjaikovsky. It film folget de talintearre mar geastlik labile ballerina Nina Sayers, dy't de haadrol yn in produksje fan De Swannemar taparte kriget. As se troch har folle-easkjende artistyk direkteur, har oerhearskjende mem en in nije, ferliedlike rivale oer har brekpunt dreaun wurdt, bedarret se yn in libbene nachtmerje fan waarfoarstellings. Black Swan waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Portman wûn mei har rol de Oscar, Golden Globe, BAFTA en ferskate oare wichtige prizen yn 'e kategory bêste aktrise. De film sels waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.

Black Swan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Darren Aronofsky
produsint Mike Medavoy
Arnold W. Messer
Brian Oliver
Scott Franklin
senario Mark Heyman
Andres Heinz
John McLaughlin
kamerarezjy Matthew Libatique
muzyk Clint Mansell
filmstudio Cross Creek Pictures
Protozoa Pictures
Phoenix Pictures
Dune Entertainment
distribúsje Fox Searchlight Pictures
spilers
haadrollen Natalie Portman
byrollen Vincent Cassel
Mila Kunis
Barbara Hershey
Winona Ryder
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 desimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre psychologyske skriller
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $13 miljoen
opbringst $329,4 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × BAFTA
1 × SAG Award
2 × Saturn Award
4 × Independent Spirit Award

Nina Sayers is in gâns ûnthjittende, mar geastlik labile jonge ballerina by it New York City Ballet. Hja wennet noch by har bazige mem Erica yn, dy't sels ek balletdûnseresse wie oant se swier rekke fan Nina. Artistyk direkteur Thomas Leroy makket bekend dat it balletselskip it seizoen iepenje sil mei in produksje fan it ballet De Swannemar, fan 'e Russyske komponist Pjotr Iljitsj Tsjaikovsky. It giet oer it famke Odette, dat troch tsjoenderij fêst komt te sitten yn it lichem fan in (wite) swan. De betsjoening kin inkeld opheft wurde troch leafde, mar Odette har prins wurdt ferlaat troch har twillingsuster, de swarte swan Odile. Yn wanhope docht Odette selsmoard en fynt frede yn 'e dea.

Leroy twingt prima ballerina Beth MacIntyre, mei wa't er in seksuele relaasje ûnderhâldt, om op te hâlden mei dûnsjen. Hy makket bekend dat er siket nei in nije prima ballerina, dy't de rollen fan 'e ûnskuldige en fragile wite swan Odette en de sensuele en boasaardige swarte swan Odile allebeide fertolkje kin. Nina docht audysje en dûnset in rippetysje as Odette dy't sûnder lek of brek is. It slagget hat lykwols net om op oertsjûgjende wize Odile del te setten, mei't dy har karakter sa fier fan har eigen ôf stiet dat se muoite hat om har yn it personaazje yn te libjen.

Hoewol't har mem it har ôfret hat, stapt Nina de oare deis op Leroy ôf om him te freegjen har noch in kâns te jaan. Hy fertelt har lykwols dat er de rol al ferjûn hat oan Veronica, in oare jonge ballerina. Nettsjinsteande dat nûget er Nina út om te besykjen en lit him fan gedachten feroarje. Wannear't er har twingt ta in tongtút, byt se him, ûntskuldiget har dêr dan yn betizing foar en flechtet syn kantoar út. Letter dy deis docht bliken dat Leroy de haadrol dochs oan Nina taparte hat, mei't er har byt opfet hat as in teken dat se wis wol wat fan Odile yn har hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op in galajûn ta fiering fan it begjin fan it nije balletseizoen beskuldiget in dronken Beth Nina derfan dat se Leroy op fellatio traktearre hat om 'e haadrol te krijen. De oare deis heart Nina dat Beth dy jûns ûnderweis nei hûs oanriden is troch in auto. Se hat beide skonkken brutsen en leit yn it sikehûs. Leroy fertelt har dat it neffens him in mislearre besykjen ta selsmoard wie of oars in geastlik steurde foarm fan selsskeining. Nei ôfrin 'e rippetysjes siket Nina yn it sikehûs in bewusteleaze Beth op. Yn ôfgriis, mar ek in stikje fassinaasje, tilt se temûk it lekken op en sjocht dat yndie beide skonken op ferskate plakken brutsen binne, wat betsjut dat Beth nea wer balletdûnsje kinne sil.

It slagget Nina noch altyd net om Odile te spyljen nei tefredenheid fan Leroy. Dyselde hat in reputaasje foar oer de grins geand hâlden en dragen dy't wolfertsjinne blykt te wêzen as er har opdracht jout om nei hûs te gean en te masturbearjen, om't dat har helpe soe en kom los fan har krampeftige selsbehearsking. It slagget de oan seksuele ferkringing lijende Nina lykwols net harsels ta in orgasme te bringen. Dêrop hjit Leroy har om it dûnsjen fan ien fan 'e oare dûnseressen te bestudearjen. Dat is Lily, in tsjeppe nijynkommelinge dy't earder yn San Francisco dûnse hat. Fan uterlik hat se wol wat fan Nina wei, mar mei dûnsjen kin se har net belykje. Oan 'e oare kant besit se in ûnbedimme kwaliteit yn har hâlden en dragen dy't Leroy foar de rol fan Odile siket en dêr't it Nina no just oan ûntbrekt. Underwilens begjint Nina, sûnder dat oaren it witte, almar faker hallusinaasjes te krijen en brokjes tiid te ferliezen. Ek klaut se harsels blykber oan bliedens ta op har lofterskouderblêd, hoewol't se har dêr neitiid neat fan tebinnenbringe kin.

Op 'e jûn foar de generale rippetysje komt Lily by Nina en har mem oan 'e doar om har mei út te freegjen nei in nachtklub. Har mem fertelt Lily dat Nina net thús is, mar Nina hat har nocht fan har memme bemuoisucht en giet mei Lily. Njonken alkohol biedt Lily Nina ek in ecstasypil oan, mei't se seit dat it har helpe sil om te ûntspannen. Nina wifket, mar nimt de pil dan oan. Al rillegau begjint se de ynfloed fan 'e drugs te fernimmen. Se flirt mei manlju yn 'e nachtklub en ek mei Lily. Se dûnsje tegearre en keare dan nei Nina har appartemint werom. Nei't se wer wurden krigen hat mei har mem, lûkt Nina harsels mei Lily werom yn har sliepkeamer en barrikadearret de doar. De beide fammen tútsje inoar en reitsje op bêd, dêr't Lily kunnilingus by Nina bedriuwt.

De oare moarns wurdt Nina allinne wekker en beseft se dat se har fersliept hat foar de generale rippetysje. As se arrivearret yn it Lincoln Center, dêr't de balletopfiering holden wurde sil, sjocht se Lily as Odile dûnsjen. It docht bliken dat Leroy Lily útkeazen hat as Nina har dûbluere. Nina konfrontearret Lily mei harren nacht tegearre, mar Lily begrypt net wêr't se it oer hat. Nina is ommers allinne nei hûs ta gien, wylst sysels, sa seit se, in onenightstand hân hat mei ien fan 'e manlju dy't sy en Nina yn 'e nachtklub troffen hiene. Nina rekket yn betizing dy't omslacht yn ferlegenheid as Lily har derfan beskuldiget dat se in wiete dream oer har hân hat.

Nina rekket derfan oertsjûge dat Lily it op har haadrol yn De Swannemar foarsjoen hat. Har hallusinaasjes wurde sterker en komme faker, en har selsferwûnings wurde slimmer. Op in stuit mient se sels dat der lytse swarte fearkes út 'e wûne op har skouderblêd groeie en dat se echt oan it transformearjen is ta de swarte swan Odile. As se dat 'sjocht', falt se derhinne, stompt har holle en rekket bewusteleas. Lang om let kriget har mem foar it ferstân dat der wat goed mis is mei Nina. Se skillet it teäter op om Nina siik te melden, mar as dy wer by besleur komt, wol se der alhiel neat fan witte om 'e iepeningsjûn oer te slaan. Se ûntkomt mei geweld oan har mem en byt har ta: "Ik bin de swannekeninginne, mem is dejinge dy't nea fierder kommen is as it corps!"

Nina arrivearret oan 'e lette kant, mar net te let om har plak noch yn te nimmen. Lily stie al ree om 'e haadrol te spyljen, en is sadwaande danich teloarsteld. Tsjin 'e ein fan 'e twadde akte wurdt Nina, yn har rol fan Odette, ôflaat troch in nije hallusinaasje, mei as gefolch dat se net oplet en plat op it poadium kneppelet as in manlike balletdûnser har delsette sil. Leroy is poerrazen oer dy flater, wat de druk op Nina noch ferheget. Werom yn har klaaikeamer treft se Lily oan dy't harsels opmakket as Odile. Nina wol dêr neat fan witte en de beide fammen reitsje slaande deilis. Under de wrakseling transformearret Lily tydlik ta in oare Nina. As der in spegel brekt, grypt Nina in glêsdiggel en stekt Lily yn it weak fan 't liif, mei as gefolch dat har rivale stjert. Nina ferberget it stoflik omskot yn it húske fan 'e klaaikeamer, makket harsels op as Odile en giet fierder mei de foarstelling.

Dêr jout se in treflike prestaasje wei as Odile, wêrby't se, alteast yn har eigen eagen, ek wier feroaret yn in swarte swan, oerdutsen mei swarte fearren en mei wjukken ynstee fan earms. Wylst se fan it publyk in steande ovaasje kriget, draaft Nina nei de kûlissen, dêr't se Leroy oer it mad komt mei in hertstochtlik tút, foar't se har it poadium wer op hastiget om nochris te bûgen. As se neitiid wer yn har klaaikeamer komt, sjocht se it bloed fan Lily ûnder de húskedoar troch rinnen. Se smyt der in handoek oer hinne, mar wannear't immen op 'e klaaikeamerdoar oankloppet, blykt it Lily te wêzen, libben en wol, dy't har komplimintearje wol mei har dûns as Odile. Alhiel yn betizing pakt Nina de handoek op en sjocht dat der gjin bloed is. As se de húskedoar iepenet, blykt der likemin in lyk te wêzen. Mar de spegel is noch wol brutsen. Dan sjocht se omleech en wurdt in wûne yn har eigen búk gewaar, dêr't se de fingers yn stekt en in stik spegelglês út lûkt: se beseft dan dat se net Lily delstutsen hat, mar harsels.

Nina dûnset de lêste akte fan it ballet as Odette, dy't einiget wannear't de wite swan harsels fan in heech klif ôf smyt om te pletter te fallen. Nina lânet lykwols op in matras dy't dêr út it sicht fan it publyk pleatst is om har op te fangen. De hiele skouboarch barst yn lûd applaus út, wylst Leroy, Lily en de oare dûnseressen en dûnsers op Nina ta komme om har te lokwinskjen. Dan wurdt Leroy ynienen it bloed gewaar dat him ferspriedt út 'e wûne yn har búk. Hy stjoert Lily om in ambulânse te skiljen en freget Nina yn panyk wat har oerkommen is. Sy antwurdet: "Ik fielde it. It wie perfekt," wêrnei't se kalm ferstjert.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Natalie Portman.
 
Mila Kunis.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Nina Sayers Natalie Portman


byrollen
personaazje    akteur/aktrise
Thomas Leroy Vincent Cassel
Lily Mila Kunis
Erica Sayers Barbara Hershey
Beth MacIntyre Winona Ryder
David Moreau Benjamin Millepied
Veronica Ksenia Solo
Galina Kristina Anapau
Madeline Janet Montgomery
Andrew Sebastian Stan
Tom Toby Hemingway
Sergio Sergio Torrado
dhr. Fithian Mark Margolis
frou Fithian Tina Sloan

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Black Swan waard regissearre troch Darren Aronofsky nei in senario fan Mark Heyman, Andres Heinz en John McLaughlin. Aronofsky krige foar it earst belangstelling om in film te meitsjen oer ballet, doe't syn suster in dûnsoplieding folge oan 'e Middelbere Skoalle fan 'e Poadiumkeunsten yn New York. Op in stuit kaam er in skript tsjin dat The Understudy ("De Dûbluere") hiet en gie oer akteurs yn in off-Broadway-toanielstik, wêrby't de haadpersoan stalkt waard troch har dûbluere (ynfalster).

Aronofsky hierde profesjonele senarioskriuwers yn om dêr ynstee in ferhaal oer ballet fan te meitsjen. By it werskriuwen waarden folle mear dingen feroare, skrast en tafoege as inkeld it ferfangen fan 'e toanielfoarstelling troch de balletfoarstelling en de akteurs troch de dûnsers. Sels die Aronofsky research nei ballet en ûntdiek er dat it "in tige ynsulêre wrâld" is, wêrfan't de dûnsers en dûnseressen "gjin hege rekken fan films hawwe". Nettsjinsteande dat wist er guon aktive en rêstende balletdûnseressen te finen dy't harren ûnderfinings mei him diele woene.

Neffens Aronofsky wie Black Swan min ofte mear in oanfolling op syn eardere film The Wrestler (2008), dy't oer de wrâld fan it showwrakseljen giet. Oarspronklik hied er in film yn gedachten oer in românse tusken in showwrakselder en in ballerina, mar úteinlik besleat er dat dy beide wrâlden "tefolle foar ien film" wiene en helle er se útinoar. Dochs fûn er dat The Wrestler en Black Swan opmerklik gelikense haadpersoanen en aktiviteiten toanden: "Showwrakseljen wurdt troch guon beskôge as de leechste keunst – as se it sels mar keunst neame wolle – en ballet wurdt troch guon beskôge as de heechste keunst. Mar wat my ferhearde, wie hoe gelikens de artysten yn dy beide wrâlden binne. Se meitsje op in suver net foar te stellen wize gebrûk fan har lichem om harsels te uterjen."

 
De sêne fan it ballet De Swannemar wêryn't de Swarte Swan (Odile) de Prins bedraacht en ferliedt.

As produsinten wiene Mike Medavoy, Arnold W. Messer, Brian Oliver en Scott Franklin by Black Swan belutsen, foar de filmstudio's Cross Creek Pictures, Protozoa Pictures, Phoenix Pictures en Dune Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $13 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew Libatique, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Clint Mansell.

Aronofsky hifke aktrise Natalie Portman al yn 2000 oer de mooglikheid fan in haadrol yn in film oer ballet, dêr't sy grutte belangstelling foar hie. Yn in fraachpetear op 'e webside fan tillefyzjenetwurk MTV lei Portman út: "Ik besykje rollen te finen dy't mear folwoeksenens fan my easkje, om't je as frou yn 'e filmyndustry fêst komme kinne te sitten yn in fisieuze sirkel fan ferskriklik ynnimlike rollen, yn 't bysûnder om't ik sa lyts fan stal bin." It wie Portman dy't har goede freondinne Mila Kunis by Aronofsky oanrikkemandearre foar de rol fan Lily. De beide froulju giene foar it begjin fan 'e opnamen fan Black Swan in healjier yn training om 'e lichemsbou fan echte ballerina's te krijen en om it meastepart fan 'e dûnssênes sels útfiere te kinnen. Se trainden fiif oeren deis, sân dagen yn 'e wike, troch it dwaan fan ballet, fitness en swimmen. Doe't de opnamen neieroan kamen, waard dêr noch goreografytraining oan tafoege. Kunis ferlear yn dy tiid nei eigen sizzen 9 kg op in lichemsgewicht fan krapoan 53 kg. Neffens har ferlear Portman noch mear gewicht as sysels.

De opnamen foar Black Swan setten tsjin 'e ein fan 2009 útein. In grut diel fan 'e film waard opnommen yn New York, mar de sênes yn 'e skouboarch waarden filme yn it Sintrum foar de Poadiumkeunsten fan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase. By de dûnssênes tsjinne Kimberly Prosa, in ballerina fan it American Ballet Theatre-selskip (ABT) as body double foar Natalie Portman. Oan 'e ynternetkrante de Huffington Post fertelde sy: "Natalie gie yn training, se studearre ferskate moannen ballet, fan 'e mul omheech is it har. Sarah Lane, in soloïste fan it ABT, die it swiere wurk, se die de fouetté's, mar se hiene har mar foar in beheinde perioade, in pear wiken, dat ik die de rest fan hokfoar shots se ek mar ferlet fan hiene."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Black Swan waard fersoarge troch Fox Searchlight Pictures. De film belibbe syn wrâldpremiêre op 1 septimber 2010 op 'e iepeningsjûn fan it 67e Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dêr't it publyk nei ôfrin in steande ovaasje joech. Black Swan waard yn septimber 2010 ek fertoand op it Filmfestival fan Telluride, en yn oktober fan dat jier wie de film te sjen op it Filmfestival fan New Orleans, it Filmfestival fan Austin en it BFI-Filmfestival fan Londen. Yn novimber folgen fertoanings op it Filmfestival fan Denver en de fiering fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI) yn Los Angeles. Uteinlik gie Black Swan op 3 desimber 2010 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 30 novimber by platemaatskippijen Sony Classical Records en Fox Music. De film waard op 29 maart 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.

 
It Sintrum foar de Poadiumkeunsten fan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase, dêr't de skouboarchsênes fan Black Swan filme waarden.

Fan 'e filmkritisy krige Black Swan oer it algemien positive resinsjes. Neffens de Australyske krante The Sydney Morning Herald polarisearre de film de resinsinten: party fûnen de teätraliteit fan 'e film om gek fan te wurden, mar de measten seine dat se "meisleept" waarden troch it oangripende ferhaal. Kurt Loder fan it tydskrift Reason neamde Black Swan "hearlik grizelich", mar skreau ek dat de film "net alhiel befredigjend" wie. Oare kritisy murken de oerienkomsten op tusken Black Swan en oare films, wêrûnder it troch resinsinten en filmpublyk rûnom bespotte Showgirls fan Paul Verhoeven.

Yn The Hollywood Reporter priizge Kirk Honeycutt de "wielderige" goreografy, it "hinne en wer fleanende, sigesaagjende" kamerawurk en de "klearebare stoutmoedigens fan it fermingen fan geastlike sykte mei de lichaamlik wurchsume, geastferdôvjende easken fan ballet". Hy hie lykwols ek krityk op 'e film, dy't neffens him net alhiel berikte wat de regisseur foar eagen stie: "It slagget Aronofsky nea om 'e sjenre-eleminten mei de wrâld fan it ballet te fermoedsoenjen. […] De Wite Swan/Swarte Swan-dynamyk wurket hàst, mar de horrorfilm-flauwekul sleept alles yn 'e kninehoale fan bespotlikens."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Black Swan in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 318 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Black Swan is ferfrissend yntins, hertstochtlik en útsinnich melodramatysk. De film sweeft op 'e moedige rezjy fan Darren Aronofsky en op in aktearprestaasje fol bravoere fan Natalie Portman." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Black Swan in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 42 resinsjes.

Black Swan brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $107,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $222,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $329,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $13 miljoen betsjut dat in winst fan $316,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

By de Oscars waard Black Swan yn 2011 nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. Haadrolspylster Natalie Portman wûn de Oscar foar bêste aktrise. By de Golden Globes waard Black Swan nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in aktrise (Mila Kunis). De iennichste Golden Globe dy't de film wûn, gie nei Portman, foar bêste aktrise yn in dramafilm. Black Swan waard ek nominearre foar 3 Screen Actors Guild Awards, û.m. foar bêste cast en bêste byrol fan in aktrise (Kunis). Portman wûn ek hjir de priis foar bêste aktrise.

By de Saturn Awards waard Black Swan nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste horror-/skrillerfilm, bêste regisseur en bêste senario. Portman wûn de priis foar bêste aktrise en Kunis de priis foar bêste byrol fan in aktrise. By de Satellite Awards waard Black Swan ek nominearre foar 5 prizen, foar bêste regisseur, bêste aktrise yn in dramafilm (Portman), bêste orizjinele filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. Alle prizen giene lykwols nei oare gadingmakkers. By de Independent Spirit Awards foar de bêste ûnôfhinklike films wûn Black Swan yn alle 4 kategoryen dêr't de film foar nominearre wie: bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Portman) en bêste kamerarezjy. Black Swan waard fierders nominearre foar 7 Scream Awards (3 wûn), 4 MTV Movie Awards (0 wûn) en ek 4 Teen Choice Awards (2 wûn).

Om utens waard Black Swan op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje nominearre foar de Gouden Liuw, wylst Mila Kunis dêr in priis wûn foar opkommende nije stjer. Op it BFI-Filmfestival fan Londen waard de film nominearre foar de priis foar bêste film. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Black Swan nominearre yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in aktrise (Barbara Hershey), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûd, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste special effects. De film wûn inkeld de BAFTA foar bêste aktrise (Portman). Black Swan waard fierders ek nominearre foar twa Britske Empire Awards en foar in César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, en in David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, beide yn 'e kategory bêste bûtenlânske film.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.