Cold Pursuit is in Amerikaansk-Britsk-Kanadeesk-Frânske misdiefilm en swarte komeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Hans Petter Moland, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Tom Bateman. De titel betsjut "Kâlde Efterfolging". De film is in remake fan 'e Noarske film Kraftidioten, ek fan Moland, dy't mooglik bekender is ûnder de ynternasjonale titel In Order of Disappearance ("Op Folchoarder fan Ferdwining"). Beide films binne basearre op 'e roman Kraftidioten, fan Kim Fupz Aakeson. Cold Pursuit giet oer snieploechsjauffeur Nels Coxman út it fiktive Amerikaanske wintersportoard Kehoe. Dyselde set útein mei in syktocht nei wraak wannear't syn soan fermoarde wurdt troch in drugskartel. Cold Pursuit krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Cold Pursuit
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Hans Petter Moland
produsint Finn Gjerdrum
Stein B. Kvae
Michael Shamberg
Ameet Shukla
senario Frank Baldwin
basearre op Kraftidioten fan Kim Fupz Aakeson
kamerarezjy Philip Øgaard
muzyk George Fenton
filmstudio Summit Entertainment
MAS Productions
Paradox Films
Groupe Canal+
Ciné+
distribúsje Lionsgate Films (Feriene Steaten)
StudioCanal (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Liam Neeson
Tom Bateman
byrollen Tom Jackson
Emmy Rossum
Domenick Lombardozzi
Julia Jones
Laura Dern
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Kanada
Frankryk
premiêre 8 febrewaris 2019
foarm langspylfilm
sjenre misdiefilm en swarte komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $76,2 miljoen

Koart nei't er de priis foar Ynwenner fan it Jier wûn hat yn it fiktive wintersportoard Kehoe, yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Colorado, komt it bestean fan snieploechsjauffeur Nels Coxman op 'e kop te stean troch it ferstjerren fan syn likernôch tweintichjierrige soan Kyle. Mei't de deadsoarsaak in oerdoazis heroïne is, giet de plysje fan Denver, dêr't it stoflik omskot fûn is, derfan út dat Kyle in drugsferslaving hie. Coxman is derfan oertsjûge dat se it mis hawwe en dat syn soan net oan 'e drugs wie. Syn frou Grace, lykwols, leaut it ferhaal fan 'e plysje en komt ta de konklúzje dat se eins frijwol neat oer harren eigen soan wisten. De wegering fan har man om wat neffens har de feiten binne, ûnder eagen te sjen, keppele mei syn stoïsynske gebrek oan it sjen litten fan syn emoasjes (dy't er wol deeglik hat), bringt Grace derta om by him wei te gean. Hja lit op harren bêd in kefert efter, mei dêryn yn in bryfke dat lykwols hielendal blanko is. Coxman fettet dat op as hat se him neat mear te sizzen.

Yn syn wurkplak, dêr't er syn swier materieel stâlet, wurdt Coxman opsocht troch in kollega fan Kyle, dy't Dante Ferstel hjit. Kyle en Dante wurken as laders en lossers fan bagaazje op it regionaal fleanfjild fan Kehoe. Ut Dante syn net botte koherinte ferhaal makket Coxman op dat Dante in lading heroïne fan in drugskartel út Denver tusken de bagaazje oantroffen en efteroer drukt hat. De drugshannelers binne efter him oan kommen en hawwe dêrby ek Kyle te pakken nommen, dy't eins neat mei de stellerij út te stean hie. Dante wist fuort te kommen, mar Kyle net. Sûnt is er op 'e flecht. Hy smeket Coxman om wat iten, mar as dy foar it ferstân kriget dat de dea fan syn soan Dante syn skuld is, bedriget er him oant er in namme fan 'e dieders loskriget. Dante jout alles priis dat er wit: de bynamme "Speedo", fan ien fan 'e drugshannelers, en de nachtklub yn Denver dêr't dyselde gauris omhinget. Coxman hjit Dante dêrnei om op te sokkebaljen foar't er syn selsbehearsking ferliest en him wat oandocht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid seaget Coxman de loop en de kolf fan in jachtgewear ôf om in folle gefaarliker fjoerwapen te meitsjen: in ôfseage jachtgewear, dat er boppedat ûnder syn jas meinimme kin. Hy set nei Denver ta, dêr't er yn 'e troch Dante neamde nachtklub Speedo opsiket. Dyselde wol him yntimidearje en ôfpoeierje, mar Coxman slacht him del as se tegearre yn in lift steane. Dêrnei sleept er him mei nei syn autobuske yn 'e parkearkelder ûnder de nachtklub, dêr't er op 'e drugshanneler ynslacht oant dy him in oare namme jout: "Limbo", dêr't Coxman in namme en adres by siket yn 'e mobile tillefoan fan Speedo. Dêrnei makket er him dea, rôlet him op yn hinnegaas om it lyk tagelyk te ferswierjen en opfrette te litten troch de fisken, en smyt him dan yn in rivierke krekt foar't dat oer in hege wetterfal hinne brûst. Limbo blykt njonken syn kriminele aktiviteiten in breidswinkel te runnen. Coxman beart dat er in smoking keapje wol, en as der gjin oare klanten mear binne, sjit er Limbo del. Hy ûnderfreget him oant er de namme "Santa" priisjout, om him dêrnei te fermoardzjen en it lyk op deselde wize ferdwine te litten as dat fan Speedo. Coxman wachtet Santa op by it fleanfjild fan Kehoe, riidt him op in stil plak klem mei syn snieploech en besiket in namme út him te slaan. Dat slagget diskear net, mar hy makket him dochs mar dea en stjoert it stoflik omskot Speedo en Limbo harres efternei.

Trevor "Viking" Calcote, de gangster mei psychopatyske trekjes dy't oan it haad fan it drugskartel stiet, komt op basis fan neat ta de konklúzje dat Speedo, Limbo en Santa fermoarde wêze moatte troch syn rivaal, White Bull Legrew, in Yndiaan út it folk fan 'e Jût (Ute) mei wa't syn heit "Bullet" Calcote jierren lyn in (goed funksjonearjende) oerienkomst sletten hat om Colorado mei-inoar te dielen. Viking beslút White Bull in koekje fan eigen daai te jaan en lit ien fan syn mannen ûntfiere en deameitsje, net wittend dat it de ienlingssoan fan White Bull is. De âlde Yndiaan is poerrazen en sint op wraak. Hy fertelt syn mannen dat er mei neat minder genoegen nimme sil as mei de dea fan Viking syn soan Ryan, in jonkje fan in jier as tsien.

Underwilens giet Coxman by syn âldere broer Brock te rie, mei wa't er al desennia lang gjin kontakt mear hân hat om't Brock foarhinne sels foar it drugskartel fan "Bullet" Calcote wurke. Fan him komt Coxman oan 'e weet dat Viking de einferantwurdlike foar de moard op Kyle wêze moat. Brock stiet der by him op oan om net te besykjen sels mei Viking ôf te weven, mei't dat perfoarst neat wurde kin mei alle liifwachten dy't de drugsbaron yn 'e tsjinst hat. Ynstee kin Coxman better in profesjonele hiermoardner yn 'e earm nimme. Coxman harket nei syn broer en nimt kontakt op mei de hiermoardner dy't Brock oanrikkemandearre hat: in Afro-Amerikaan dy't himsels "de Eskimo" neame lit. Dyselde freget $90.000 om Viking te fermoardzjen, dêr't $60.000 fan foarútbetelle wurde moat. Coxman giet akkoart mei dy betingsten, mar de Eskimo stapt dêrop nei Viking ta en fertelt de drugsbaron dat er ynhierd is om him te fermoardzjen en dat er foar $90.000 wol fertelle wol troch wa. Viking betellet it jild en de Eskimo jout de namme fan Coxman priis. Dêrnei blykt lykwols dat Viking in probleem hat mei it "gebrek oan profesjonele etyk" fan 'e Eskimo (om't er syn wurd oan Coxman brutsen hat), en lit er de hiermoardner om hals bringe.

De iennichste Coxman dy't Viking ken, is Brock Coxman, en hy giet derfan út dat dat dejinge is dy't de Eskimo ynhierd hat. Dat, hy twingt Brock om in eintsje mei him en syn liifwachten út te riden te gean. Brock, dy't terminale termkanker hat, beslút syn broer te beskermjen troch te bearen dat hysels yndie dejinge is dy't de Eskimo ynskeakele hat. As reden jout er op dat Viking syn heit oerhoer bedreaun hat mei (Brock) syn frou. Nei't er Brock ombringe litten hat, besiket Viking de driigjende binde-oarloch mei White Bull tsjin te kearen troch Dexter, ien fan syn mannen dy't him hieltyd tsjinsprekt, dea te sjitten en as sûndebok te brûken. Hy lit de holle fan Dexter by White Bull bringe mei it berjocht dat hy de moardner is fan 'e trewant fan White Bull, en it foarstel om no mar wer oer te gean nei de oarder fan 'e dei. Om't de trewant fan White Bull syn soan wie, giet de âld Yndiaan dêr fansels net mei akkoart. Ynstee makket er de boadskipper dea en jout dan opdracht om it jonkje Ryan te ûntfieren, sadat er Viking ek in soan ôfnimme kin.

Coxman, dy't troch de dea fan syn broer allinnich mar fierder oanfitere is om efter Viking oan te gean, is yn 'e tuskentiid de gongen fan 'e drugsbaron neigien. Ek hy hat fêststeld dat Ryan it swakke plak fan Viking is, dat ek hy beslút om it jonkje te ûntfieren. Net om it te fermoardzjen, mar om Viking nei him ta te lokjen, sadat er foar de drugsbaron yn in mûklaach opsette kin. Coxman is de trewanten fan White Bull krekt foar. Hy nimt Ryan mei nei syn hûs yn Kehoe, dêr't er it jonkje fet iten foarset (in wiere traktaasje foar him, om't er fan syn heit, in sûnensfanatikus, inkeld hiel sûn ite mei). Dêrnei stoppet Coxman it jonkje op bêd, en as Ryan sûnder ferhaaltsje foar it koesen net sliepe kin, lêst er him foar út in reklameblêd foar nije snieploegen en oar snie- en iisbestridend materieel. Underwilens komme sawol Viking-en-dy as White Bull-en-dy op syn spoar en sette ôf nei Kehoe.

De oare moarns skillet Coxman Viking op mei it berjocht dat er syn soan hat. Hy easket in persoanlike moeting. Viking fermoedet dat it giet om losjild, en hoewol't er al yn Kehoe is, hâldt er út dat er noch yn Denver is en dat it him in pear oeren kostje sil om Kehoe te berikken. Coxman beslút de tiid te deadzjen troch Ryan sjen te litten hoe't in snieploech wurket. Underweis heart er fan in passant dat der allegear auto's by syn hûs steane. Coxman begrypt daliks dat Viking him te fiter hân hat, dat hy hastiget him werom nei syn wurkplak, in pear kilometer fan syn hûs ôf, dêr't er Ryan yn in beskermjend koaiwurk set mei earbeskermers op. Sels giet er mei in jachtgewear lizzen ôf te wachtsjen oant Viking opdaagjen komt, mar as dat bart, wurdt er ûntdutsen en finzen nommen foar't er Viking goed yn it fizier krije kin.

It sjocht der dan min út foar Coxman, mar hy wurdt rêden troch de oankomst fan White Bull en syn trewanten, dy't fuortendaliks it fjoer iepenje op Viking-en-dy. Wylst de kûgels him om 'e earen fluitsje, wit Coxman wer yn syn wurkplak te kommen. De leden fan 'e beide binden sjitte troch oant se inoar frijwol allegear útskeakele hawwe. Viking is ien fan 'e lêsten dy't noch oerein stiet. Hy besiket út te piken, mar Coxman komt dat foar troch in beammeroaimasine te brûken om syn auto mei in roaide dinnebeam oan 'e grûn fêst te speetsen. Viking giet dan nearne mear hinne en kin inkeld noch fan "Nee!" raze as White Bull, de iennichste oare oerlibbene fan 'e sjitpartij, op him tarint en him yn it boarst sjit. Coxman beslút dat er no better op in oar plak wêze kin, dat hy riidt fuort yn in snieploech, en White Bull klimt krekt op 'e tiid by him yn 'e kabine. De beide mannen ride fuort en komme ta in stilswijende oerienkomst, mei't se no allebeide de dea fan harren soan wrutsen hawwe. Underwilens arrivearret de pleatslike plysje by it bloedbad by it wurkplak, dêr't Viking syn lêste siken útblaast yn it bywêzen fan plysjes Kim Dash en "Gip" Gipsky. De jonge Ryan, dy't tanksij Coxman syn foarsoarchsmaatregels neat fan it hiele drama meikrigen hat, is de plysje te fluch ôf en pykt út yn 'e oare snieploech, mei't er noch nea sa'n wille hân hat as mei snieploechriden.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Liam Neeson.
 
Tom Bateman.
 
Tom Jackson.
 
Julia Jones.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise 
Nels Coxman Liam Neeson
Trevor "Viking" Calcote Tom Bateman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
White Bull Legrew Tom Jackson
plysje Kim Dash Emmy Rossum
"Mustang" Domenick Lombardozzi
Aya Calcote Julia Jones
Grace Coxman Laura Dern
Ryan Calcote Nicholas Holmes
Brock "Wingman" Coxman William Forsythe
plysje John "Gip" Gipsky John Dorman
Dante Ferstel Wesley MacInnes
Giles "Thorpe" Wills Raoul Trujillo
Tycho "Dexter" Hammel Benjamin Hollingsworth
Leighton "The Eskimo" Deeds Arnold Pinnock
Steve "Speedo" Milliner Michael Eklund
Jacob "Limbo" Rutman Bradley Stryker
Jeff "Santa" Christensen Michael Adamthwaite
Gallum "Sly" Ferrante David O'Hara
Ahn Coxman, de frou fan Brock Elizabeth Thai
Fredrick "Smoke" Alycott Nathaniel Arcand
Timothy "Windex" Denois Ben Cotton
Kyle Coxman Micheál Richardson
Clement "Avalanche" Skenadore Mitchell Saddleback
Minya Manna Nichols
Ameet "Shiv" Anand Christopher Logan
servearster yn kafetaria Elysia Rotaru
Simon "Baby Hawk" Legrew Kyle Nobess
Duane "War Dog" Michell Glen Gould
Chuck Schalm Nels Lennarson
resjersjeur Kurt Glenn Wrage (stim)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Cold Pursuit is in remake fan 'e Noarske film Kraftidioten ("De Untychlike Idioat"), út 2014, dy't ek wol bekend stiet ûnder de ynternasjonale titel In Order of Disappearance (Ingelsk foar "Yn Folchoarder fan Ferdwining"). Dy film wie sels wer basearre op 'e roman mei deselde namme fan Kim Fupz Aakeson út 2014. Cold Puruit waard regissearre troch de Noarske filmmakker Hans Petter Moland, dy't ek de rezjy fierd hie oer Kraftidioten. Hy wurke diskear nei in senario fan Frank Baldwin. As produsinten wiene Finn Gjerdrum, Stein B. Kvae, Michael Shamberg en Ameet Shukla by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, MAS Productions, Paradox Films, Groupe Canal+ en Ciné+. Dêrmei wie Cold Pursuit in Amerikaansk-Britsk-Kanadeeske-Frânske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philip Øgaard, en de filmmuzyk waard fersoarge troch George Fenton.

De opnamen foar Cold Pursuit setten yn maart 2017 útein. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, hoewol't der ek filme waard yn Fernie yn Britsk-Kolumbia en yn 'e omkriten fan Winnipeg en Gimli yn Manitoba. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Vancouver Film Studios yn Vancouver. Regisseur Hans Petter Moland hie graach filmje wollen yn it Nasjonaal Park Banff en it Nasjonaal Park Jasper yn Alberta, mar syn oanfraach foar in fergunning waard ôfwiisd troch Parks Canada, de Kanadeeske oerheidsynstânsje dy't oer de nasjonale parken giet. Neffens de taljochting by de ôfwizing bestie der noed oer de ynfloed fan 'e opnamen op 'e kwetsbere natoer yn 'e nasjonale parken, en teffens waarden fraachtekens pleatst by de ôfskildering yn 'e film fan Yndianen as kriminelen. Akteur Tom Jackson, sels in Yndiaan, dy't yn 'e film cast wie yn 'e rol fan White Bull, skreau dêrop in brief ta stipe fan it filmprojekt.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Cold Pursuit waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Lionsgate Films en ynternasjonaal troch StudioCanal. In galapremiêre, dy't pland stie foar 5 febrewaris 2019, waard skrast nei't haadrolspiler Liam Neeson troch ûnhandige útspraken negatyf yn it nijs kommen wie. De film iepene dêrom op 8 febrewaris 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen sûnder foarôfgeand barren mei in reade loper. Cold Pursuit kaam op 14 maaie 2019 beskikber as digitale download en waard dyselde deis ek útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Cold Pursuit oer it algemien positivie resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Mei Liam Neeson efter it stjoer is Cold Pursuit in fantastysk soadsje fan in film." Yn it tydskrift Entertainment Weekly part Chris Nashawaty oan Cold Pursuit in 9 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau dat de film sterk liek op eardere aksjefilms mei Liam Neeson yn 'e haadrol, "mar wat it dêrfan ûnderskiedt, is de toansetting. It hat de grappemeitsjende, selsspottende sfear fan in roman fan Elmore Leonard […]."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Cold Pursuit in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 186 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] leveret de aksje dy't it publyk ferwachtet fan in skriller mei Liam Neeson – mei dêropta humor en in ferfining dy't it ta in útsûnderlik effektive remake makket." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Cold Pursuit in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 39 resinsjes.

Cold Pursuit brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $32,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $44,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $76,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in wat teloarstellende winst fan $16,2 miljoen, dêr't de marketingkosten noch fan ôflutsen wurde moatte.

Cold Pursuit waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm, mar ferlear dy priis oan Mission: Impossible – Fallout.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.