Death Proof (film)

Death Proof is in Amerikaanske aksjeskriller út 2007 dy't ek skaaimerken hat fan in slasherfilm. De film waard regissearre troch Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Kurt Russell, Rosario Dawson en Vanessa Ferlito. De titel betsjut "Bestân tsjin 'e Dea". It ferhaal giet oer in stuntman dy't in searjemoardner blykt te wêzen, en jonge froulju fermoardet mei in oanpaste auto dy't er "bestân tsjin 'e dea" neamt (mar allinne foar himsels). Hy komt yn 'e swierrichheden as er by fersin in stuntfrou as doelwyt útkiest, dy't sels 'bestân tsjin 'e dea' is. Death Proof waard yn Noard-Amearika útbrocht as ûnderdiel fan Grindhouse, in double feature (dûbele spylfilm) yn kombinaasje mei Planet Terror fan Robert Rodriguez. Yn oare lannen en territoaria en op dvd kamen de beide films lykwols apart út. Death Proof beart opsetlik de mankeminten nei fan lowbudgetfilms út 'e 1970-er jierren en ferliest sels in oansjenlik skoft syn kleur. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie mar in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Death Proof
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Quentin Tarantino
Robert Rodriguez
Elizabeth Avellán
Erica Steinberg
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Quentin Tarantino
muzyk (gearstald tr.) Quentin Tarantino
filmstudio Troublemaker Studios
distribúsje Dimension Films
spilers
haadrollen Kurt Russell
Rosario Dawson
Vanessa Ferlito
byrollen Zoë Bell
Sydney Tamiia Poitier
Tracie Thoms
Rose McGowan
Jordan Ladd
Mary Elizabeth Winstead
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 6 april 2007 (as diel fan Grindhouse)
foarm (diels swart-wite) langspylfilm
sjenre aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst ~$43,8 miljoen

Death Proof is makke yn in styl dy't de lowbudgetfilms fan it eksploitaasjesjenre út 'e 1970-er jierren neibeart. It byld wurdt út en troch, benammen oan it begjin fan sênes, (opsetlik) ûntsiert troch fertikale wite of swarte linen. Ek komt it ferskate kearen foar dat de lûdsbân himsels koart werhellet, en hjir en dêr ferspringt it byld ynienen (yn saneamde jump-cuts), krekt as ûntbrekke der in stikmannich frames. De earste kear dat soks bart is ûnder de begjintitels, as ien sekonde lang de titel Quentin Tarantino's Thunderbolt te sjen is, foar't dy ferfongen wurdt troch in ynstekframe mei de titel Death Proof. (Dat is in ferwizing nei it feit dat eksploitaasjefilms geregeldwei omneamd waarden, fral as se by de premiêre minne resinsjes krigen hiene.) Op ien plak, oan it begjin fan it twadde segmint, ferliest de film syn kleur, wêrnei't it likernôch in kertier in swart-wytfilm bliuwt.

Yn Austin, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Teksas, ride trije freondinnen, de Latina Arlene, de blanke Shanna en de swarte Julia, nei in bar om Julia har jierdei te fieren. Julia is in populêre pleatslike radio-discjockey, dy't wurket ûnder de artystenamme Jungle Julia. Yn 'e bar komt by in petear oan it ljocht dat Julia yn har radioprogramma dy deis de harkers wysmakke hat dat se in freondinne hat dy't "Butterfly" ("Flinter") hjit, en dy't manlju traktearret op in lapdance as se har mei dy namme oansprekke, har in drankje oanbiede en in pear regels út it gedicht Stopping by Woods on a Snowy Evening fan Robert Frost sitearje. "Butterfly" blykt Arlene te wêzen, dy't net botte wiis is mei de grap fan har freondinne.

Underwilens wurde de froulju nei de bar ta folge troch Mike McKay, in stuntman dy't op jierren rekket en himsels "Stuntman Mike" neame lit. Hy lit it foarkomme as is de moeting mei Julia-en-dy yn 'e bar tafallich, dat hy beart dat er pas nei lang neitinken Julia weromken fan 'e reklamebuorden foar it programma fan Jungle Julia, dy't oeral yn Austin opsteld steane. Julia bliuwt foar him oer ôfhâldich. Letter docht bliken dat Stuntman Mike dy deis nei Jungle Julia harke hat as er Arlene oansprekt mei "Butterfly", har in drankje oanbiedt en de dichtregels opseit. Sy fertrout him net bot, mei't se him en syn opfallende swarte auto earder dy jûns by in restaurant sjoen hat dêr't de freondinnen oanstieken. Se fermoedet dêrom dat er harren stalkt. Stuntman Mike wit lykwols mei moaipraten har soargen wei te nimmen. Troch dermei te driigjen dat er har oars yn syn notysjeboekje notearje moat ûnder it kopje "skytsekken", manipulearret er har om him de ûnthjitten lapdance te jaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oan 'e ein fan 'e jûn risselwearje Julia, Arlene en Shanna om mei in bekende fan harren, Lanna Frank, dy't ek Julia har drugsdealer is, ôf te setten nei it fakânsjehûs fan Shanna har famylje oan 'e Lyndon B. Johnson-mar. In oare bargaste, Pam, dy't foarhinne by Julia yn 'e klasse sitten hat en min mei har kin, kriget in lift nei hûs fan Stuntman Mike yn syn auto, dy't tarist is mei rôlkoai. Hoewol't de 'passazjiersstoel' in miniskúl sitsje sûnder bekling of feilichheidsgurdle is, bepraat Mike har om dochs yn te stappen troch har te fertellen dat er de auto "bestân tsjin 'e dea" makke hat. Underweis, as it foar Pam te let is om te ûntsnappen om't se fan binnenút it portier net iepenje kin, spesifisearret er dat: de auto is bestân tsjin 'e dea makke foar de sjauffeur, mar net foar passazjiers. Hy begjint hinne en wer te stjoeren, sadat Pam hinne en wer slacht fan it portier tsjin 'e feilichheidsglêzen ôfskieding tusken de passazjiersstoel en de sjauffeursstoel. Dêrnei jout er gas en trapet dan hommels op 'e rem, sadat Pam mei de holle tsjin it dashboard oan slacht en sa slim ferwûne rekket dat se dêr koarte tiid letter oan beswykt.

Neitiid giet Stuntman Mike efter de Julia en har freondinnen oan, dy't er mei faasje ynhellet en foarby riidt. Fierderop keart er syn auto, docht de koplampen út en riidt mei feart itselde paad werom om in frontale oanriding te feroarsaakjen. Julia, Arlene, Shanna en Lanna Frank rinne dêrby de ôfgryslikste ferwûnings op en komme om, mar Mike sels hat inkeld in brutsen kaaibonke en inkele oare lichte ferwûnings. De frouljushaatsjende Texas Ranger Earl McGraw is fuortendaliks fan miening dat Mike it ûngemak mei opsetsin feroarsake hat en dat er syn auto as moardwapen brûkt hat, mar de ofsier fan justysje sjocht dêr gjin bewiis foar, temear om't Mike sa nofter wie as mar mooglik is, wylst de fjouwer froulju allegear like dronken en stoned wiene. McGraw is derfan oertsjûge dat dit net de earste of de lêste kear is dat Mike soks útheefd hat of noch útheve sil, mar salang't er it mar net wer yn Teksas docht, is it him fierders wol bêst.

Fjirtjin moannen letter ride trije jonge froulju troch Lebanon yn Tennessee, dêr't se binne foar de opnamen fan in film. It binne fisazjiste Abernathy "Abby" Ross, stuntfrou Kim Mathis en aktrise Lee Montgomery. Se stopje eefkes by in supermerk, dêr't Stuntman Mike harren yn 'e rekken kriget. De froulju binne ûnderweis nei it pleatslike fleanfjild om in twadde stuntfrou op te pikken, de Nijseelânse Zoë Bell, dy't mei Abby en Kim befreone is. Dyselde stiet bekend as Zoë de Kat, om't se njoggen libbens liket te hawwen en altyd de nuverste stunts en ûngemakken oerlibbet. Ut it petear fan 'e trije froulju docht fierders bliken dat de erchtinkende Kim altyd in laden pistoal by har draacht, ta argewaasje fan har freondinnen. Stuntman Mike folget de dames temûk nei it fleanfjild en makket foto's fan 'e weriening mei Zoë. Underweis werom fan it fleanfjild fertelt Zoë de oaren dat se by foarûndersyk nei Lebanon ûntdutsen hat dat der hjir yn 'e omkriten in Dodge Challenger út 1970 te keap stiet, in auto fan persiis itselde type as brûkt is yn 'e klassike autofilm Vanishing Point, út 1971. Se bepraat de oare froulju en riidt om sadat se fuortendaliks dy auto besjen kin.

As it yndie om krekt sa'n Dodge Challenger blykt te gean, dy't boppedat yn treflike steat ferkeart, wol Zoë, dy't net fan doel is om 'e auto te keapjen, der in testrit yn meitsje sûnder dat de eigner derby is. Se hat it har nammentlik yn 'e holle helle dat se carsurfe moat op 'e motorkap fan krekt sa'n auto. Kim liket dat wol nei fleanen, yn oanmerking nommen wat der hàst barde de lêste kear dat Zoë soks úthelle, mar Zoë wit har op 'e nij te bepraten. Abby betinget dat sy ek mei mei, salang't se de eigner fan 'e auto, in Jasper, mar safier krije kin dat dy in testrit sûnder tafersjoch tastiet. Abby wit him dêrta te bewegen troch him wys te meitsjen dat Lee, de iennichste fan 'e fjouwer dy't efterbliuwt, in pornoaktrise is.

Ienris ûnderweis makket Zoë mulrimen fêst oan 'e beide foarportieren fan 'e auto, dêr't se har oan fêsthâldt. Dêrnei klimt se op it dak en lit har dan ûnder it riden op 'e motorkap glydzje, wylst Kim, dy't efter it stjoer sit, de auto mei hege faasje oer de ferlitten B-wegen jaget. De trije froulju genietsje fan 'e stunt, mar binne har der net bewust fan dat Stuntman Mike harren út 'e fierte wei observearret. Hy efterfolget harren en riidt de Dodge fan efteren oan. Troch de skok rekket Zoë ien fan 'e rimen kwyt. Nei't er harren noch ferskate oare kearen oanstompt hat, ferliest Zoë ek de oare rym en hâldt se har inkeld noch fêst oan 'e râne fan 'e motorkap fuort by it foarrút. Nei in lange efterfolging, wêrby't Mike derfoar besiket te soargjen dat Zoë fan 'e motorkap fljocht, wurdt se yndie lansearre, mar se bedarret yn in bosk strewelleguod en rint der neat fan op.

As Mike, dy't fuortby stoppe is, dan de froulju de gek oanstekke wol, lûkt Kim har pistoal en sjit him yn it skouder. Hy naait út yn syn auto, mar de trije froulju, dy't no troch alles hinne binne, prate ôf om him te fermoardzjen en sette de efterfolging yn. Mike is op in smel dykje ta stilstân kommen om syn wûne mei whisky te ûntsmetten. De froulju ride op him yn en Zoë, dy't in metalene stange by de kant fan 'e dyk lâns fûn hat, stapt út om Mike dêrmei te bewurkjen. Mike naait wer út en der folget in lange efterfolging, wêrby't Mike de froulju fan 'e wei riidt. Hy waant him feilich, mar de Dodge is op in ûnferhurde paralleldyk bedarre en as dy op in stuit op 'e haadwei útkomt, ride de froulju Mike fan 'e dyk ôf. Neitiid stappe se út en skuorre him út syn auto. Hy protestearret dat er in brutsen earm hat, mar de froulju begjinne om bar op him yn te slaan en geane dêrmei troch oant er dea is.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Kurt Russell.
 
Rosario Dawson.
 
Vanessa Ferlito.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
"Stuntman Mike" McKay Kurt Russell
Abernathy "Abby" Ross Rosario Dawson
Arlene "Butterfly" Vanessa Ferlito


byrollen
personaazje akteur/aktrise
harsels Zoë Bell
"Jungle Julia" Lucai Sydney Tamiia Poitier
Kim Mathis Tracie Thoms
Pam Rose McGowan
"Shanna Banana" Jordan Ladd
Lee Montgomery Mary Elizabeth Winstead
Warren Quentin Tarantino
Marcy Marcy Harriell
Dov Eli Roth
Nate Omar Doom
Omar Michael Bacall
Lanna Frank Monica Staggs
Jasper Jonathan Loughran
Texas Ranger Earl McGraw Michael Parks
Texas Ranger Edgar McGraw James Parks
dokter Dakota Block Marley Shelton

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Death Proof waard regissearre troch Quentin Tarantino nei in senario fan himsels. Dêr hied er it idee foar krigen troch syn fassinaasje foar it death-proofing fan auto's troch stuntlju yn 'e filmyndustry fan Hollywood, sadat se ferskriklike auto-ûngemakken oerlibje koene. Hy betocht dat sa'n auto ek as in moardwapen brûkt wurde kinne soe troch in psychopatyske searjemoardner, en besleat dêr in slasher-eftige film oer te meitsjen. (It wie gjin echte slasher om't de kritearia foar dat sjenre sa rigide binne dat in auto net as moardwapen brûkt wurde kin.) Neffens filmmakker Robert Rodriguez hie Tarantino syn hiele idee foar de film al klear doe't er der foar it earst mei op 'e lapen kaam. Nei't er de plot, mei as sintraal ûnderdiel in death-proofde auto, út 'e doeken dien hie, sei Rodriguez: "Dan moast de film Death Proof neame." Neffens himsels wie dy suggestje syn iennichste bydrage.

As produsinten wiene njonken Tarantino ek Rodrigues, Elizabeth Avellán en Erica Steinberg by it projekt belutsen foar de filmstudio Troublemaker Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. Death Proof wie de earste kear dat Tarantino sels de kamerarezjy die. De soundtrack fan 'e film bestiet folslein út net-orizjinele filmmuzyk, dielen fan 'e soundtracks fan oare films ynbegrepen, dy't troch Tarantino sels gearstald waard.

Foar de haadrol fan 'e searjemoardner besocht Tarantino John Travolta, Willem Dafoe, John Malkovich, Mickey Rourke, Ron Perlman, Bruce Willis, Kal Penn en Sylvester Stallone te casten, mar dy wiene allegear ûnbeskikber fanwegen oare ferplichtings. Uteinlik foel de kar op Kurt Russell, dy't neffens Tarantino in geweldich, mar wat yn it ferjit rekke akteur wie, mei driuwend ferlet fan in rol om syn kapasiteiten sjen te litten oan in jongere generaasje. Nei't er by de opnamen fan syn twalûk Kill Bill: Volume 1/Kill Bill: Volume 2 djip ûnder de yndruk rekke wie fan 'e Nijseelânske stuntfrou Zoë Bell, dy't yn dy films as de stunt double fan haadrolspylster Uma Thurman wurke, liet Tarantino har yn Death Proof harsels spylje. Bell ferkearde yn 't earstoan yn 'e ûnderstelling dat se inkeld in cameo taparte krigen hie, oant se har eigen namme op 'e filmposters stean seach njonken dy fan Kurt Russell en Rosario Dawson. Pas dêrtroch krige se foar it ferstân hoe grut har rol wie.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Death Proof waard fersoarge troch Dimension Films. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada waard de film útbrocht yn 'e foarm fan in double feature (dûbele spylfilm) mei de titel Grindhouse, yn kombinaasje mei de horrorfilm Planet Terror fan regisseur Robert Rodriguez. Dêrfoar wiene beide films tige by tige bysnien en hie Death Proof in spyldoer krigen fan 86 minuten. Guon oerdúdlik ûntbrekkende sênes, lykas de lapdance, wiene ferfongen troch titelkaarten dêr't op fermeld stie dat der in spoel fan 'e film miste (sa't by orizjinele lowbudgetfilms út 'e 1970-er jierren noch wolris foarkomme koe). Death Proof gie, as ûnderdiel fan Grindhouse, yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre op 6 april 2007.

Bûten Noard-Amearika waarden Death Proof en Planet Terror apart faninoar yn langere ferzjes útbrocht, neffens Quentin Tarantino om't fral yn net-Ingelsktalige lannen gjin tradysje fan double features bestiet en men dêr net iens wit wat in grindhouse is (te witten: in suterige bioskoop dêr't inkeld lowbudgetfilms fertoand wurde). De 27 minuten langere, selsstannige ferzje fan Death Proof (mei in spyldoer fan 113 minuten) belibbe syn wrâldpremiêre op 20 augustus fan dat jier op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh, wêrnei't de film op 21 septimber iepene yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk. In extended cut fan Death Proof, mei in spyldoer fan 127 minuten, waard ynstjoerd nei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dêr't er meitinge nei de Gouden Palm.

It byhearrende soundtrackalbum fan Death Proof ferskynde op 3 april 2007 by Warner Bros. Records. De film kaam op 18 septimber 2007 út op dvd mei as bonusfeatures ferskate dokumintêres oer de casting fan 'e rollen, de auto's dy't foar de film brûkt wiene en Tarantino syn bân mei filmeditor Sally Menke. Op 16 desimber 2008 kaam de film ek op blu-ray beskikber. De double feature Grindhouse waard yn oktober 2010 útbrocht op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Death Proof oer it algemien positive resinsjes. It Britske tydskrift Empire joech de film 4 fan 5 stjerren en omskreau him as "Tarantino dy't wyld en ûnder ynfloed efter it stjoer sit" en as "tige fermaaklik". Anna Smith fan 'e BBC fûn dat men mei de film "wille hawwe" koe, mar murk ek op dat de "imitaasje fan in net mear besteande, lowbudgetstyl fan filmmeitsjen miskien wat té sekuer is as it oankomt op 'e flaters fan dat sjenre." Hja parte de film 3 fan 5 stjerren ta.

De Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, joech Death Proof mar 21/2 fan 4 stjerren, want hoewol't er it de bettere helte fan Grindhouse fûn, waard de film neffens him bedoarn troch oerlange sênes fol útlizzerige dialooch. Yn The Guardian joech Peter Bradshaw útdrukking oan syn bewûndering foar de sêne mei de frontale oanriding, dy't er omskreau as "in deadlik boalderjen fan fermaak". Hy skreau lykwols ek dat de film opfolle wie mei "lange, lange, lange stikken petear", dy't "sà net ta de saak dogge dat it bizar is".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Death Proof in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 43 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fielt oan as minder wichtich yn 'e kontekst fan Tarantino syn bredere filmografy, mar los dêrfan besjoen beskikt er oer krekt genôch slachkrêft om te leverjen [wat er ûnthjitten hie]." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Death Proof in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 36 resinsjes.

Death Proof brocht yn 'e bioskopen yn alle lannen en territoaria bûten Noard-Amearika $31,1 miljoen op. Grindhouse brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada (en inkele oare lannen) $25,4 miljoen op. As men dat lêste bedrach foar Death Proof troch de helte docht ($12,7 miljoen) en opteld by de ynternasjonale opbringst, komt de totale opbringst fan Death Proof wrâldwiid út op $43,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $13,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Bûten Noard-Amearika die Death Proof it it bêste yn Dútslân ($5,0 miljoen), Frankryk ($5,0 miljoen), Itaalje ($2,3 miljoen), Ruslân ($1,7 miljoen), Spanje ($1,6 miljoen), it Feriene Keninkryk ($1,3 miljoen), Japan ($950.000) en Austraalje ($838.000). Yn Nederlân brocht de film $512.000 op.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.