Fear yn 'e Broek
(Trochferwiisd fan Fear yn ’e Broek)
Fear yn 'e Broek is in priis dy't ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt útrikt oan minsken of ferieningen oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset.
Winners fan De Fear
bewurkje seksje- 2023 - Hindrik van der Meer - it kombinearjen fan muzyk en taal
- 2022 - Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO)
- 2021 - Fedde Dijkstra - rjochtbanktolk, strider foar Frysk yn de rjochtseal
- 2021 - gemeente Achtkarspelen: ynspirearjend taalbelied, lykas en omtinken Frysk foar nije Friezen [1]
- 2020 - trije skoallen yn it Hearrenfean foar harren Frysk ûnderwiis
- 2018 - Arriva, foar de wize hoe't de ferfierder omgiet mei it Frysk
- 2017 - Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot yn Stiens
- 2015 - stifting Gysbert Japicx (Holckema Stifting) fan it Gysbert Japicxhûs
- 2014 - 'Skilje', telefoantsjinst fan VrieService BV út Drachten. De tsjinst stipet it Frysk yn de deistige kommunikaasje sà, dat de drompel foar minsken om Frysk te praten weifalt. De Ried fan de Fryske Beweging stelde yn syn dat mei ‘Praat mar Frysk’-advertinsjes, in Frysktalige namme en meartalich personiel dat foar in grut part Frysktalich is, oan klanten dúdlik makke dat se harren eigen taal brûke kinne. [2]
- 2013 - Ortodontsypraktyk yn Ljouwert
- 2009 - Berne-iepenloftspul Easterwierrum, dat mei syn opfierings al jierren in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer leveret.
- 2008 - Danijel Dizdarevic dy't him as Bosnyske asylsiker yn in koart skoftke tiid it Frysk en Liwwarders eigen makke hat.[3]
- 2008 - Rick Steur, set him as net-Frysktalige hielendal yn foar in better plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de skoallen dy't ûnder syn bestjoer steane. (twadde Fear fan 2008).
- 2007 - Frivius Enerzjy, foar it brûken fan Frysk
- 2006 - Stifting Aaipop, promoasje Fryske bands en lieten
- 2005 - Gertjan Verbeek, fuortsetten tradysje
- 2004 - Bertus Postma, foar in kaart fan Fryslân mei Fryske wettternammen útkomme koe.
- 2003 - Bernlef, it studinteselskip út Grins, makke de Fryske film 'De Kameleon sjocht yn it waar'
- 2002 - Broekster Boys, fuotbalclub dy't Frysk korrespondearre mei de KNVB
- 2001 - Paul Herre, aktive ynset foar it Sealtersk
- 2000 - Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert, oer Fryske lessen foar Ljouwerter wethâlders.
- 1999 - Oebele Brouwer, befoarderjen fan Frysk yn de rjochtbank
- 1999 - Cees Bangma, polysjesjef fan Mid-Fryslân, stimulearre it brûken fan it Frysk yn syn korps
- 1998 - Tineke Netelenbos, die oprop oer Frysk lesjaan
- 1997 - Cor Jousma, foar it brûken fan Fryske plaknammen
- 1997 - Wybren Couperus, brûkte in Frysk beropsskrift foar de rjochtbank
- 1996 - Wio Joustra, redakteur fan de Volkskrant
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|