Dodge City (Kansas)

(Trochferwiisd fan Fort Atkinson (Kansas))

Dodge City is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kansas, dy't ferneamd is nei de foarhinne deunby leine legerbasis Fort Dodge. It is de haadstêd fan it omlizzende Ford County. Dodge City is ferneamd om syn skiednis as rou feestedsje yn it Wylde Westen, dêr't û.m. Wyatt Earp noch marshal west hat. De term "to get out of Dodge" is yn it Amerikaansk-Ingelsk in folslein ynboargere útdrukking dy't safolle betsjut as "in gefaarlik plak ferlitte". Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Dodge City doe goed 27.000 ynwenners.

Dodge City
It "El Capitan"-feedriuwersmonumint.
It "El Capitan"-feedriuwersmonumint.
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kansas
County Ford County
Sifers
Ynwennertal 27.453 (2016)
Oerflak 37,7 km² (ynkl. wetter)
37,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 734 / km²
Hichte 760 m
Oar
Stifting 1872
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 37°45′35″N 100°01′06″W
Offisjele webside
www.dodgecity.org
Kaart
It "El Capitan"-feedriuwersmonumint.
De lizzing fan Dodge City yn Ford County en yn 'e steat Kansas.

Dodge City leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Kansas, op in hichte fan 760 m boppe seenivo op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De stêd is boud oan 'e igge fan 'e rivier de Arkansas en leit op it krúspunt fan 'e autosnelwegen U.S. Route 50, U.S. Route 56 en U.S. Route 283. Himelsbreed is it 243 km (rjochting it easten) fan Dodge City nei Wichita (Kansas), 320 km (rjochting it súdwesten) fan Dodge City nei Amarillo (Teksas), en 484 km (rjochting it noardwesten) fan Dodge City nei Denver. Dodge City hat in oerflak fan 37,68 km², wêrfan't 37,40 km² grûn is en 0,11 km² oerflaktewetter. Under de stêd befynt him ien fan 'e grutste natuerlike ûndergrûnske wetterreservoirs, de Ogallala-akwifer.

De krite fan Dodge City waard al tûzenen jierren bewenne troch ferskate, foar it meastepart nomadysk libjende Yndiaanske folken, doe't it Amerikaanske Leger der yn 1847 Fort Mann boude. Dat wie in legerbasis dy't bedoeld wie om kolonisten op it Santa Fe Trail te beskermjen, mar nei in Yndiaanske oanfal loek it leger him yn 1848 út it gebiet werom, wêrnei't it fort sloopt waard. Yn 1850 waard op itselde plak Fort Atkinson oanlein, dat yn 1853 ek troch it leger ferlitten waard. Beskerming foar reizgers oer it Santa Fe Trail waard yn 1859 wer oppakt mei de fêstiging fan Fort Larned, fierder nei it noardeasten, mar de krite dêr't Dodge City komme soe te lizzen bleau ûnbeset troch de Amerikanen oant de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865. Yn april fan dat jier, wylst de Flakte-Yndiaanske oarloggen begûnen oan te boazjen, boude it Amerikaanske Leger Fort Dodge as in soarte fan depindânse fan Fort Larned. Fort Dodge waard úteinlik sletten yn 1882.

 
Rekonstruëarre winkels út 'e tiid fan it Wylde Westen oan Front Street (ûnderdiel fan it Boot Hill Museum).

Yn 1871 boude de feeboer Henry J. Sitler in plaggehûs bewesten Fort Dodge as ferbliuwplak foar de cowboys dy't yn dy kontreien om syn fee tochten. Dat hûs stie sawol oan it Santa Fe Trail as oan 'e rivier de Arkansas, en der kaam sadwaande in protte folk del. Mei ûntjoech it him al rillegau ta in halteplak oan it paad nei it Westen. Doe't de Atchison, Topeka and Santa Fe Railway in spoarline troch dyselde krite plande, seagen oaren it kommersjele potinsjeel fan it gebiet yn. Sa ûntstie op dat plak yn 1872 Dodge City, dat boud waard op basis fan in yn 't foar útwurke plattegrûn. Doe't it spoar yn septimber fan dat jier arrivearre, wie it stedsje al ree. De iere ynwenners fan Dodge City hannelen yn 'e bonken en hûden fan bizons en leveren tsjinsten oan 'e soldaten dy't legere wiene yn Fort Dodge. Sadree't it spoar it stedsje berikte, waard de feehannel lykwols de wichtichste ynkomsteboarne fan 'e ynwenners.

De kij dy't bestimd wiene foar de slacht waarden út súdlik Teksas wei nei it noarden dreaun om yn 'e saneamde feestedsjes fan Kansas yn feewagons laden te wurden. De bisten, foar it meastepart Texas longhorns, waarde dêrnei oer it spoar nei de slachthuzen yn St. Louis en Chicago ferfierd, wêrnei't it fleis ferspraat waard oer it hiele Easten fan 'e Feriene Steaten. Mei't Teksas yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch oan 'e kant fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika tsjin it Noarden fochten hie, wie de feehannel dêrwei yn 'e boargeroarloch stil kommen te lizzen. Neitiid fûn yn 1866 de earste feedriuwerij út Teksas nei Kansas plak, dêr't it Shawnee Trail foar brûkt waard. It fee kaam dêrmei út yn Baxter Springs, yn súdeastlik Kansas. It die lykwols bliken dat de Texas longhorns in tiik by har droegen dy't myltfjoer feroarsake ûnder oare kowerassen. Fan gefolgen bepraten de feeboeren fan Kansas it Steatskongres om in karantêne-line fan noard nei súd dwers troch Kansas yn te stellen, sadat it Teksaanske fee net mear yn it relatyf tichtbefolke easten fan 'e steat komme koe.

Sadwaande waarden de Teksaanske feeboeren en cowboys twongen it mear nei it westen ta leine Chisolm Trail oan te hâlden, en harren bisten yn it westlike part fan Kansas op 'e trein te setten. Yn 1867 wie Abilene it wichtichste feestedsje yn westlik Kansas, mar wat fierder oft it spoar nei it westen ta oanlein waard, wat fierder oft it swiertepunt fan 'e feehannel yn dy rjochting opskode. Sa kaam Newton as feestedsje op yn 1871 en Ellsworth en Wichita yn 1872. Yn 1876 joech it Steatskongres fan Kansas lykwols ta oan druk fan 'e eigen feeboeren, en waard de karantêne-line ek fierder yn westlike rjochting opskood, mei as gefolch dat Abilene en oare plakken yn 'e praktyk eliminearre waarden as libbensfetbere feestedsjes. Ynstee waard in nije rûte oanlein om it fee nei Dodge City te bringen: it Great Western Cattle Trail, dat in fertakking fan it âldere Chisolm Trail wie. Dêrtroch waard Dodge City doe suver fan 'e iene op 'e oare dei it wichtichste plak foar de Teksaanske feehandel, en sa koe it him ûntjaan ta de Queen of the Cow Towns ("Keninginne fan 'e Feestêden"), sa't it wol neamd waard.

 
It slachthûs fan National Beef.

Tsientûzenen kij yn 't jier kamen fan dat stuit ôf troch de stêd, dy't fan gefolgen begûn te groeien as koal. De abslute heechtijdagen fan 'e feehannel yn Dodge City foelen yn 1883 en 1884. Yn 1880 krige Dodge City konkurrinsje fan 'e grinsstêd Caldwell, wêrmei't de rivaliteit fûleindich wie. It tal kij dat nei it noarden dreaun waard, wie lykwols grutternôch om beide stêden mear as genôch hannel en dêrmei wolfeart te ferskaffen. En it wie Dodge City dat ferneamd waard as in foarútskode post yn it Wylde Westen oan 'e foargrins fan 'e beskaving. It wie in plak dêr't alles koe en dat folboud wie mei saloons, kasino's en bordelen, lykas de ferneamde Long Branch Saloon en it China Doll Brothel, dêr't iensume cowboys harren soerfertsjinne lean dertroch brochten. Yn 1884 hie Dodge City sels in skoftke in arena foar bollefjochtsjen, dêr't Meksikaanske toreadors optreden mei spesjaal útsochte longhorn-bollen. Der wiene mear ferneamde (en beruchte) revolverlju tagelyk yn Dodge City oan it wurk as yn lykfol hokker oare stêd yn 'e hiele skiednis fan it Wylde Westen. In soad fan harren wiene belutsen by de bloedleaze Oarloch fan Dodge City, yn 1883. Grutte nammen as Wyatt Earp en Bat Masterson wiene marshal yn Dodge City.

Neigeraden dat der har mear feeboeren yn westlik Kansas fêstigen, groeide de druk op it Steatskongres om dêr wat te dwaan oan 'e fersprieding fan myltfjoer troch Teksaansk fee. Uteinlik waard yn 1885 de karantêne yn 'e hiele steat Kansas fan krêft, mei as gefolch dat it Great Western Cattle Trail op 't slot gie en dat Dodge syn rol yn 'e feehannel ferlear. Tsjin 1886 wiene de cowboys, salooneigners, gokkers, poaiers, madammen en prostituees allegear fierder nei it Westen ta ferfearn om op oare plakken harren beroppen út te oefenjen. Dodge City feroare doe yn in sliepperich stedsje dêr't it nacht yn 'e nane wie, en dat him yn neat mear ûnderskate fan oare plakken yn westlik Kansas.

De fleisferwurkjende yndustry is noch altyd de wichtichste sektor fan 'e pleatslike ekonomy yn Dodge City. Sawol Cargill Meat Solutions as National Beef hawwe grutte fabriken yn 'e stêd. Fierders binne der yn Dodge City bedriuwen fêstige dy't lânbouwurktugen meitsje, en wurdt der in protte hannele yn feefoer en yn sied. De krite om 'e stêd hinne is in yn hege mjitte agrarysk gebiet, dêr't benammen kij holden wurde en weet en sorgum ferboud wurde. Fierders stipet de pleatslike ekonomy sterk op 'e toeristyske sektor, dy't ferbân hâldt mei it ferline fan Dodge City yn it Wylde Westen as feestedsje mei in kweaferneamde reputaasje. Dêropta is der ek in kasinoresort yn 'e stêd fêstige.

Foarsjennings

bewurkje seksje

It skoaldistrikt Dodge City Public Schools telt 1 pjutteboartersplak, 8 legere skoallen, 2 middelskoallen en 1 middelbere skoalle, mei yn totaal 6.000 learlingen. Der is ek in bysûndere skoalle op roomske grûnslach yn Dodge City, de Sacred Heart Cathedral School. Op it mêd fan heger ûnderwiis is yn Dodge City it Dodge City Community College fêstige, in twajierrige oplieding mei 2.000 studinten, en dêrnjonken in depindânse fan 'e Newman Universiteit út Wichita. Fan 1952 oant 1993 stie yn Dodge City ek it St. Mary of the Plains College, in roomske hegeskoalle.

 
It Boot Hill Museum oer it Wylde Westen.
 
It spoarstasjon fan Dodge City.

De Dodge City Public Library is de pleatslike bibleteek, dy't bestiet sûnt 1905 en yn 1981 yn syn hjoeddeistige gebou lutsen is. De stêd hat ek in eigen krante, de Dodge City Daily Globe, mei in oplaach fan 7.000 eksimplaren. Der binne 33 tsjerkegebouwen yn Dodge City, en de stêd foarmet it sintrum fan it Roomsk-Katolyk Bisdom Dodge City, dat oprjochte waard yn 1951 en hiel súdwestlik Kansas beslacht. De eardere en hjoeddeistige katedraal fan dat bisdom steane yn Dodge City: de Katedraal fan Us Leaffrou fan Guadalupe, resp. de Katedraal fan it Hillich Hert. Der binne ek twa evenemintehallen yn 'e stêd, it Dodge City Civic Center út 1954, dêr't 2.800 minsken yn passe, en de United Wireless Arena út 2011, dy't romte hat foar 5.500 minsken.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It Boot Hill Museum, yn it sintrum Dodge City, beheart in stikmannich gebouwen dy't yn 'e âlde steat fan it Wylde Westen werombrocht binne, en hat in kolleksje fan tûzenen foarwerpen út dy perioade op 'e noed. De gruttere ûnderdielen fan it museum binne:
  • De Santa Fe Trail Remains, dy't 14 km bewesten Dodge City lizze, foarmje in yn 'e âlde steat beholden weinpaad dat foarhinne diel útmakke fan it Santa Fe Trail.
  • It Mueller-Schmidt House, ek bekend as the Home of Stone, is it âldste gebou fan Dodge City dat noch altyd op syn oarspronklike plak stiet. It waard fan kalkstien boud yn 1881, en wurdt no as in museum ûnderholden troch de Ford County Historical Society.
  • El Capitan, in stânbyld fan in libbensgrutte Texas longhorn-bolle dat as tinkteken tsjinnet foar de skiednis fan Dodge City as feestedsje.
  • In brûnzen stânbyld fan Wyatt Earp.
  • It Santa Fe Depot, de grutste treinremize fan Kansas.
  • Old Dodge City, it stedssintrum fan Dodge City, ynkl. winkels en restaurants, dat ferskate toeristyske attraksjes mei in wyldwest-tema omfiemet.
  • Boot Hill Casino & Resort, in kasino oan 'e westlike râne fan 'e beboude kom, dat rund wurdt troch de steatsoerheid fan Kansas.
  • De pleatslike dieretún, Dodge City Zoo, dy't yn it park Wright Park stiet en goed 45 bisten omfiemet.
  • De Kansas Teachers' Hall of Fame, dêr't tentoanstellings organisearre wurde oer de skiednis fan it ûnderwiis yn Kansas.

Yn 1880 hie Dodge City in befolking fan 996 minsken. Tsien jier letter, yn 1890, wie dat oantal suver ferdûbele, mei krapoan 1.800 ynwenners. Neitiid woeks de befolking oan fia goed 1.900 yn 1900, 3.200 yn 1910, 5.100 yn 1920 oant mear as 10.000 yn 1930. Yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren teagen lykwols mear minsken út Dodge City wei as dat der bykamen, en sa wie it ynwennertal yn 1940 mei 15,6% efterútgien nei 8.500. Yn 1950 wiene der lykwols al wer mear as 11.000 ynwenners, en sûnt is de befolking fan Dodge City stadich oanwoeksen fia 13.500 yn 1960, 14.000 yn 1970, 18.000 yn 1980, 21.000 yn 1990 oant mear as 25.000 yn 2000.

Yn 2010 hie Dodge City 27.340 ynwenners, en neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie dat oantal yn 2016 omheech gien nei 27.453 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 734 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Dodge City 8,9% âlder as 65 jier en 31,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 28,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 28,7% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 57,5% Latino's; 15,0% blanken; 2,5% swarten; 1,6% Aziaten; 1,1% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 22,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. De oansjenlike Latino-mienskip yn Dodge City bestiet foar it meastepart út etnyske Meksikanen.

 
It sintrum fan Dodge City.

Berne yn Dodge City

bewurkje seksje

Stoarn yn Dodge City

bewurkje seksje

Dodge City leit op 'e grins fan 'e Noardamerikaanske sônes mei in subtropysk klimaat (yn it súdeasten) en mei in steppeklimaat (yn it noardwesten). De simmers binne der hjit en de winters wikselfallich, mei sawol mylde as tige kâlde riten. De delslach is it hiele jier troch tuskenbeiden. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,8 °C, en yn desimber en jannewaris, de kâldste moannen, is dat 6,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44,0 °C op 27 juny 2012 en –32 °C op 12 febrewaris 1899. Dodge City kriget jiers trochinoar 549,3 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 53,3 sm snie. Tornado's komme in protte foar yn westlik Kansas, benammen by 't maityd. Dodge City wurdt gauris de wynderichste stêd fan 'e Feriene Steaten neamd, mei in trochsneed wynkrêft fan 22,4 km/h, dy't winterdeis oanboazje kin ta sniestoarmen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.