Eastlike greidwrotmûs

(Trochferwiisd fan Gerslânwrotmûs)

De eastlike greidwrotmûs of eastlike gerslânwrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus pennsylvanicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys). Dizze soarte komt foar by de Atlantyske kust fan Noard-Amearika lâns, fan 'e Labrador oant Georgia. Foarhinne waarden de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de Floaridakustmoeraswrotmûs (Microtus dukecampbelli) en de strânwrotmûs (Microtus breweri) as ûndersoarten fan 'e eastlike greidwrotmûs sjoen (dy't doe sadwaande bekend stie as de greidwrotmûs). Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it om ferskillende soarten giet. De eastlike greidwrotmûs jout de foarkar oan wieteftich greidlân en hâldt gjin wintersliep. It bistke libbet yn in eigengroeven ûndergrûnske hoale, dêr't it in itensfoarried opslacht foar de winter. De IUCN beoardielet de eastlike greidwrotmûs as net bedrige.

eastlike greidwrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus pennsylvanicus
Ord, 1815
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De eastlike greidwrotmûs komt foar yn it easten fan Noard-Amearika, yn in brede stripe by de kust fan 'e Atlantyske Oseaan lâns. It ferspriedingsgebiet rint fan Labrador en Kebek yn it noarden fia Nijfûnlân, de Kanadeeske Kustprovinsjes, Nij-Ingelân, New York, Pennsylvania, Firginia en de Karolina's oant yn Georgia yn it suden. Nei it westen ta strekt it ferspriedingsgebiet him yn Kanada út oan Ontario ta. Besuden de Grutte Marren rikt it areaal fan dit bist oant en mei Ohio en Tennessee. Westlik dêrfan leit it ferspriedingsgebiet fan 'e westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii).

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De eastlike greidwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7,7–11,7 sm, mei in sturtlingte fan 5–7,7 smen in gewicht fan 33–65 g. Hy hat in tichte pels, dy't op 'e rêch ljocht- oant dûnkerbrún is, en op 'e bealch witich. De sturt is frij lang foar in wrotmûs, oant 40% fan 'e kop-romplingte.

Eastlike greidwrotmûzen jouwe de foarkar oan wieteftich greidlân mei in tichte boaiemfegetaasje fan gerzen of siggen. Se komme lykwols ek wol foar yn beboske kriten. Ek riviersiggen dy't begroeid binne mei strewelleguod binne biotopen dêr't se goed út 'e fuotten kinne. De beslissende faktor liket de oanwêzigens fan wetter te wêzen.

 
In eastlike greidwrotmûs yn syn natuerlike habitat.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Eastlike greidwrotmûzen binne it hiele jier rûn aktyf, sawol nachts as oerdeis. Eltse 2–3 oeren is der in aktiviteitspiik dy't ferbân hâldt mei it feit dat se in flugge spiisfertarring hawwe en sadwaande geregeldwei ite moatte. Eastlike greidwrotmûzen grave hoalen dêr't se foar it meastepart har ynaktive perioaden yn rêst trochbringe. Om har hoale hinne lizze se mûzerillen oan troch de boaiemfegetaasje. Har territoaria hawwe ûnregelmjittige foarmen en wurde foar in diel oerlape troch de territoaria fan oanbuorjende soartgenoaten, mar it binnenste diel wurdt fûleindich tsjin ynkringing fan oare eastlike greidwrotmûzen ferdigene. De grutte fan 'e territoaria fariëarret fan 0,3–0,9 ha, wêrby't de territoaria fan wyfkes dúdlik lytser binne as dy fan mantsjes.

Yn prinsipe kinne eastlike greidwrotmûzen har it hiele jier troch fuortplantsje, mar fanwegen ûngeunstige omstannichheden (dy't faak te meitsjen hawwe mei it klimaat) hâlde se faak even skoft tusken jannewaris en maart. De draachtiid duorret 20–23 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 4–6 (mar yn ekstreme gefallen 1–11) keale en bline jongen smyt. Mei 3 dagen begjint it hier te groeien, en mei 8 dagen geane de eachjes iepen. As se 12–14 dagen âld binne, wurde se ôfwûn. De wyfkes binne soms mei 3 wiken al geslachtsryp, mar de mantsjes kinne har pas mei 6–8 wiken fuortplantsje. Yn finzenskip hat in wyfke yn in jier tiid ris 17 nêsten mei yn totaal 83 jongen te wrâld brocht, en ien fan har jongen produsearre 13 nêsten mei yn totaal 78 jongen foar't der in jier om wie. Troch sa'n flugge fuortplanting komme der geregeldwei fluktuaasjes yn 'e eastlike-greidwrotmûzepopulaasje foar, wêrby't elts 2–5 jier in piik berikt wurdt ear't de populaasje troch gebrek oan fretten wer ynstoart.

 
In jonge eastlike greidwrotmûs.

Eastlike greidwrotmûzen hawwe yn it wyld in libbensferwachting fan trochinoar 1 jier en 4 moannen, mar yn finzenskip kinne se mear as 2 jier wurde. Rôfdieren dêr't se foar oppasse moatte, binne ûnderskate soarten rôffûgels en ûlen, martereftigen as de sulverdas, de Amerikaanske harmeling, de wezeling, de Amerikaanske marter en de Amerikaanske nerts, en fierders de foks, de hûskat, it streekte stjonkdier en ferskate soarten slangen. Sels forellen skine wolris in eastlike greidwrotmûs te snippen.

De eastlike greidwrotmûs fret benammentlik gerzen, siggen en oare beskikbere planten, wêrûnder in protte lânbougewaaksen. Blêden, blommen, fruchten en skimmels wurde ek in protte fretten. Hiel út en troch follet dit bist dat herbivoare dieet oan mei wat ynsekten en slakken. Winterdeis stiet ek beamskoars op it menu.

De eastlike greidwrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Troch boeren wurdt er faak as skealik ûngedierte sjoen om't er lânbougewaaksen oanfret. Sadwaande wurdt er yn it suden fan syn areaal (yn it noarden is lânbou net mooglik om't it der te kâld is) bestriden mei fallen, stekken en pestisiden. Behalven dat eastlike greidwrotmûzen skealik binne foar de lânbou kinne se ek sykten oerbringe lykas de sykte fan Lyme en, yn teory, de bûdepest.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.