Gone Girl (film)

film út 2014 fan David Fincher

Gone Girl is in Amerikaanske skrillerfilm út 2014 ûnder rezjy fan David Fincher, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck, Rosamund Pike en Carrie Coon. De film waard makke op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Gillian Flynn, dy't ek it senario skreau. De titel is Amerikaansk-Ingelske sprektaal en betsjut safolle as "Fanke Fuort". It ferhaal giet oer Nick Dunne, dy't op in dei thúskomt en ûntdekt dat syn frou fuort is. As er út ûngerêstens de plysje derby hellet, blykt der al rillegau echt wat mis te wêzen, mar alles wiist derop dat Nick sels foar de ferdwining fan syn frou ferantwurdlik is. Gone Girl waard foar it earst fertoand op 'e iepeningsjûn fan it Filmfestival fan New York, yn septimber 2016. De film waard goed ûntfongen troch de filmkritisy, waard nominearre foar ferskate wichtige prizen en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.

Gone Girl
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Fincher
produsint Arnon Milchan
Joshua Donen
Reese Witherspoon
Ceán Chaffin
senario Gillian Flynn
basearre op de roman fan Gillian Flynn
kamerarezjy Jeff Cronenweth
muzyk Trent Reznor
Atticus Ross
filmstudio Regency Enterprises
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ben Affleck
Rosamund Pike
Carrie Coon
voice-over Rosamund Pike
byrollen Kim Dickens
Neil Patrick Harris
Tyler Perry
Patrick Fugit
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 oktober 2014
foarm langspylfilm
sjenre skrillerfilm
taal Ingelsk
spyltiid 149 minuten
budget en resultaten
budget $61 miljoen
opbringst $369,3 miljoen
prizen 2 × Saturn Award

Op harren fyfde troudei komt Nick Dunne, in dosint kreätyf skriuwen dy't dêrnjonken mei syn twillingsuster Margo in pleatslike kroech yn in stedsje yn Missoery eksploitearret, thús en ûntdekt dat syn frou Amy fuort is. Mei't der spoaren fan in wrakseling yn it hûs binne, ropt Nick de help fan 'e plysje yn. Om't Amy de ynspiraasje foarme foar de populêre berneboekerige Amazing Amy, skreaun troch har heit Rand Elliott, lûkt de fermissing al rillegau grutskalige oandacht fan 'e media. Resjersjeur Rhonda Boney ûntdekt sûnder folle muoite dat de spoaren fan in wrakseling yn 'e wenkeamer yn sêne set binne, wylst yn 'e koken in grutte plasse bloed fuortpoetst is. DNA-ûndersyk wiist út dat it Amy har bloed is. Nick syn apatysk oandwaande hâlden en dragen liedt ta erchtinkendheid by in diel fan 'e plysje, wylst de media it ynterpretearje as it skaaimerk fan in psychopaat. It soarget sels foar twifel by syn twillingsuster Margo.

Flashbacks litte sjen hoe't Nick en Amy yn New York mei-inoar yn 'e kunde kamen, hoe se in relaasje krigen en hoe't er har op in stuit frege om mei him te trouwen. It docht ek bliken dat it personaazje 'Amazing Amy', út 'e boeken fan har heit, eins in perfeksjonearre ferzje fan 'e dochter wie dy't it falen fan 'e wiere Amy goedmeitsje moast. Doe't de Bankekrisis tasloech en Nick en Amy allebeide harren baan ferlearen, rekke it mei harren houlik yn 'e nederklits. Ta oermjitte fan ramp waard by Nick syn mem de diagnoaze fan kanker steld, en moast Nick weromferhúzje nei it lytse plakje North Carthage, yn Missoery, dêr't er opgroeid wie, om Margo te helpen by har fersoarging. Fan needs moast Amy, dy't nea wat oars as de grutte stêd kennen hie, mei nei in ôfhandich diel fan it Amerikaanske plattelân.

Op basis fan 'e hoemannichte bloed dy't yn 'e koken oantroffen is, giet Boney derfan út dat se hjir mei in moard te krijen hat. Se ûntdekt dat Nick en Amy finansjele swierrichheden hiene, dat se geregeldwei rûzje makken, en dat Amy koartby besocht hat en keapje in pistoal. Nick fertelt har dat Amy yn North Carthage eins mei nimmen kontakt hie, mar in frou by Nick en Amy út 'e strjitte, in Noelle Hawthorne, beweart dat sy de bêste freondinne fan Amy wie en ûnderbout dat mei foto's fan harren beiden. As Boney Nick dêrmei konfrontearret, hâldt er út Noelle nea met te hawwen en har net te kennen. Ut Amy har medysk dossier blykt dat se krekt trije wiken swier wie doe't se ferdwûn; ek dêrfan soe Nick neat ôfwitten hawwe. Yn it leechsteande hûs fan Nick syn heit, dy't yn in soarchynstelling sit om't er oan 'e sykte fan Alzheimer lijt, ûntdekt Boney it deiboek fan Amy, wêryn't se har isolaasje yn North Carthage beskriuwt en dat einiget mei har eangst dat Nick har fermoardzje wol. Underwilens hâldt Nick foar eltsenien geheim dat er al oardel jier omslacht mei Andie, in jonge studinte út 'e klasse dy't er ûnderwiist.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Amy is lykwols libben en wol en sit ûnderdûkt op in kampearterrein yn it Ozarkberchtme. Nei't se Nick syn oerhoer ûntdiek, besleat se him te straffen troch op yngewikkelde wize har eigen moard yn sêne te setten en him derfoar opdraaie te litten. It is har bedoeling dat er úteinlik de deastraf krije sil, en yn 't earstoan is se dêrom fan doel om selsmoard te dwaan op in plak dêr't har stoflik omskot nei ferrin fan tiid ûntdutsen wurde sil. Neigeraden dat se mei wat mear distânsje nei de saak sjen kin (dy't se folget yn 'e media), beslút se lykwols dat dat net nedich is en dat Nick sûnder har dea ek wol feroardiele wurde sil.

As ûnderdiel fan har wraak hat Amy in motyf fabrisearre dat te krijen hat mei gebrek oan jild. Ek is se temûk in freonskiplike relaasje oangien mei in frou by har út 'e strjitte dy't swier is, sadat se ûnwiere ferhalen fan húslik geweld ophingje koe en tagelyk har 'freondinne' har urine stelle om in swierwêzenstest te ferfalskjen. Se hat mei in rezjimint ferskillende pinnen (om it lykje te litten as hat se it altyd al byholden) in deiboek skreaun, dat begûn mei wierheid mar einige mei poere fiksje. Se hat de wrakseling yn 'e wenkeamer yn sêne set op sa'n wize dat foar ekspêrs dúdlik is dat it yn sêne set is, en se hat de koken ûnderblet en it bloed doe op knoffelige wize ophimmele. En ek hat se op ferskate plakken alderhanne falsk, ûnderstypjend bewiismateriaal oanbrocht dat Boney geandewei it ûndersyk by bytsjes en brokjes weromfynt.

Underwilens beseft Nick wat der geande is, en hy wit Margo derfan te oertsjûgjen dat Amy it hiele spul optocht en yn wurking set hat. Hy begrypt dat er mar better sjen kin dat er in goede abbekaat kriget, dat hy fljocht nei New York om 'e bekende (en djoere) Tanner Bolt yn 'e earm te nimmen. Hy siket dêr ek Amy har eks-freon Tommy O'Hara op, dy't seit dat Amy him acht jier earder falsk beskuldige hat fan ferkrêfting, troch de saak yn sêne te setten en falsk bewiismateriaal yn syn appartemint te pleatsen. Om finzenisstraf te ûntrinnen hat O'Hara in skikking mei de ofsier fan justysje slute moatten, wêrby't er skuld bekende oan seksuele oantaasting, mei as gefolch dat er no yn in register stiet foar lju dy't sedemisdriuwen begien binne, wat syn libben ferwoastge hat. Op 'e weromweis siket Nick yn St. Louis kontakt mei in oare eks-freon fan Amy, de smoarrike Desi Collings, oan wa't Amy earder in kontaktferbod oplizze litten hat. Collings wegeret lykwols mei him te praten.

As Amy op it kampearterrein berôve wurdt fan al har jild troch Greta en Jeff, in pear oare campinggasten, driigje al har snoade plannen op 'e non te rinnen. Se beslút Desi Collings op te skiljen en him om help te freegjen, wêrby't se him wiismakket dat se op 'e flecht is foar it húslik geweld dêr't Nick har oan ûnderwurp. Collings wurdt ferbline foar de wurklikheid trochdat er noch altyd smoarfereale op har is. Hy hellet har op en stimt deryn ta om har ûnderdûke te litten yn syn twadde hûs. Nei't Nick syn troch skuldgefoelens ferskuorde mêtresse Andie kontakt opnommen hat mei Amy har âldelju en by in parsekonferinsje in boekje iepen docht oer Nick syn bûtenechtlike relaasje mei har, ferskynt Nick as gast yn it praatprogramma fan Sharon Schieber. Hy docht boete foar syn oerhoer en seit oprjocht dat er gjin goede minske is, mar likemin in moardner. Schieber lit him yn 'e kamera sjen om streekrjocht tsjin Amy te praten, wêrby't er har ûnoprjocht smeket om wer thús te kommen.

Fuort nei de útstjoering fan it praatprogramma ûntdekt Boney it lêste bewiismateriaal dat Amy efterlitten hat, wêrnei't se Nick arrestearret foar moard en Margo foar mandéligens oan moard. As Amy lykwols it programma op 'e tillefyzje yn it hûs fan Collings sjocht, is se fassinearre en betinkt se har. Se makket gebrûk fan Collings syn eigen befeiligingskamera's om it lykje te litten as hat Collings har ûntfierd en as hâldt er har tsjin har wil fêst. Se brûkt in sjampanjeflesse om harsels ferwûnings ta te bringen dy't op faginale en anale ferkrêfting wize. Dêrnei ferliedt se Collings om spoaren fan syn sperma yn har fagina te krijen en fermoardet him as er noch op har leit troch him mei in stanleymês de kiel troch te snijen. As se de oare deis ûnder it bloed thúskomt, stiet einlings ûntsjinstriidber Nick syn ûnskuld fêst. Hy kin har wol wat dwaan, mar is twongen om foar it each fan 'e media de rol fan 'e deagelokkige oarehelte te spyljen.

Nick, Margo en harren abbekaat Tanner Bolt binne de iennichsten dy't trochhawwe hokker spultsje Amy spilet. Resjersjeur Boney nimt kontakt mei Nick op en hy fertelt har alles dat er wit. As se besiket om gatten yn Amy har ferhaal te sjitten, set Amy har te plak foar har 'ynkompetinsje'. De FBI, dy't it ûndersyk no oernommen hat, is alhielendal ûnder de tsjoen fan Amy, dat Boney stiet machteleas. Foar Nick oer bychtet Amy de wierheid op. Se fertelt him dat syn smeekbea oan har op 'e tillefyzje har de man sjen litten hat dêr't se mei troud is en dy't se weromhawwe wol. Nick seit dat er op dat stuit alles byinoar liigde, mar dat kin Amy neat skele. Nick fertelt har dat er fan har skiede sil sadree't de media net mear by harren yn 'e foartún bivakkearje. In pear dagen letter fertelt Amy him dat se harsels troch keunstmjittige ynseminaasje swier makke hat mei sperma dat Nick jierren lyn by in fruchtberheidsklinyk ynfrieze litten hie. Nick wurdt begryplikerwize ta razernij brocht troch dy manipulaasje, mar hy fertelt letter oan Margo dat er him ferantwurdlik fielt foar syn bern, dat er net oerlitte kin oan 'e soarch fan in mem dy't sa'n psychopate is. Hy beseft dat er noch teminsten achttjin jier oan Amy fêstsit. De film einiget as it 'lokkige' pear yn in praatprogramma op 'e tillefyzje bekendmakket in poppe te ferwachtsjen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Ben Affleck.
 
Rosamund Pike.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise          
Nick Dunne Ben Affleck
Amy Elliott Dunne / voice-over Rosamund Pike
Margo "Go" Dunne Carrie Coon


byrollen
personaazje                            akteur/aktrise
resjersjeur Rhonda Boney Kim Dickens
Desi Collings Neil Patrick Harris
Tanner Bolt Tyler Perry
plysje James Gilpin Patrick Fugit
Ellen Abbott Missi Pyle
Andie Fitzgerald Emily Ratajkowski
Noelle Hawthorne Casey Wilson
Greta Lola Kirke
Jeff Boyd Holbrook
Marybeth Elliott Lisa Banes
Rand Elliott David Clennon
Sharon Schieber Sela Ward
Tommy O'Hara Scoot McNairy
tillefyzjeprodusint Scott Takeda
Shawna Kelly Kathleen Rose Perkins

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Preproduksje

bewurkje seksje

Gone Girl waard regissearre troch David Fincher nei in senario fan Gillian Flynn, dat basearre wie op har eigen roman Gone Girl út 2012. Ien fan 'e útfierende produsinten fan 'e film, Leslie Dixon, krige yn 2011 it manuskript fan 'e roman al ûnder eagen, en brocht dat yn desimber fan dat jier ûnder de oandacht fan filmstjer Reese Witherspoon (dy't oarspronklik de rol fan Amy Elliott Dunne spylje soe). Witherspoon en Dixon wurken neitiid gear mei Bruna Papandrea om it manuskript geskikt te meitsjen foar in ferfilming. Begjin 2012 al hiene de earste moetings plak mei fertsjintwurdigers fan grutte filmstudio's.

Nei't de roman yn juny 2012 útkommen wie, naam 20th Century Fox in opsje op 'e filmrjochten. Dêrby betong Flynn dat sy sels de earste ferzje fan it senario skriuwe mocht, ek al hie se dêr alhiel gjin ûnderfining mei. Om har ta te rieden lies se oare senario's en boeken oer it skriuwen fan senario's. Yn desimber 2012 tsjinne se de earste ferzje fan har senario yn. Dat wie foar't Fincher as regisseur by it projekt belutsen rekke. Doe't hy yn dy hoedanichheid oanlutsen waard, hied er fuortendaliks in moeting mei Flynn, wêrby't hja him wist oer te heljen om har as senarioskriuwster oanbliuwe te litten. Dat is tige ûngewoan yn 'e filmyndustry fan Hollywood: ornaris hat de auteur fan it oarspronklike ferhaal nei it oannleverjen fan in kladferzje fan it skript fierders gjin gedoente mei de produksje fan in filmadaptaasje, sadat in profesjonele senarioskriuwer it oernimme kin om mei in ûnbefoaroardiele blik it skript op 'e nij te besjen. Fincher en Flynn giene in yntinsive gearwurking oan dy't foar it meastepart oer de tillefoan plakfûn oant beiden lang om let tefreden wiene mei de definitive ferzje fan it senario.

Reese Witherspoon spile úteinlings net de froulike haadrol yn 'e film, dy't nei Rosamund Pike gie, mar bleau wol as produsinte by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Arnon Milchan, Joshua Donen en Ceán Chaffin. Hja wurken foar de studio's Regency Enterprises en TSG Entertainment, wylst de finansiering fan 20th Century Fox kaam. Foar Gone Girl wie in budget fan $61 miljoen beskikber. De kamerarezjy waard fersoarge troch Jeff Cronenweth, wylst Trent Reznor en Atticus Ross ferantwurdlik wiene foar de filmmuzyk.

 
Regisseur David Fincher en senarioskriuwster Gillian Flynn by de earste fertoaning fan Gone Girl, op it Filmfestival fan New York.

De opnamen foar Gone Girl setten útein op 15 septimber 2013 yn Cape Girardeau, yn 'e Amerikaanske steat Missoery. Guon binnendoarsênes waarden opnommen yn Los Angeles, wêrby't in ûnferfangbere doar alhiel út Missoery wei dêrhinne oerbrocht waard. It wie de bedoeling dat it filmjen fiif wiken duorje soe, mar de produksje rûn fjouwer dagen fertraging op doe't haadrolspiler Ben Affleck, in fanatike fan fan it Boston Red Sox-honkbalteam, by heech en by leech wegere om yn in sêne in honkbalpet mei it logo fan 'e troch him ferfijde New York Yankees op te setten. Uteinlik berikten Fincher en Affleck in kompromis en droech Affleck yn 'e oangeande sêne in pet mei it logo fan 'e New York Mets.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Gone Girl waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op 26 septimber 2014, op 'e iepeningsjûn fan it Filmfestival fan New York. Neitiid iepene er op 3 oktober 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Gone Girl kaam op 13 jannewaris 2015 út op dvd en blu-ray.

Gone Girl krige oer it algemien loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy, wêrby't yn it bysûnder it aktearjen fan Rosamund Pike priizge waard. Sa omskreau Kenneth Turan yn 'e Los Angeles Times de film as "treflik cast fan 'e beide boppe-oan oant de lytste sprekkende rollen" en "sûnder lek of brek regissearre troch Fincher". Dêr heakke er oan ta: "Gone Girl lit de opmerklike dingen sjen dy't barre kinne as filmmakker en materiaal sa opinoar ôfstimd binne." De krante The Economist neamde de film "in briljant izige adaptaasje", en skreau ek: "Dit is miskien net de perfekte film, mar it is in perfekte ferfilming."

Yn it tydskrift The New Yorker skreau Joshia Rothman dat er fan Gone Girl genoaten hie "yn al syn abstrakte, yntellektuele, postmoderne gloarje". Dêr tekene er by oan dat, krekt as oare postmoderne ferhalen, de ferfilming "beslist ûnreälistysk" wie, wat neffens him ferklearre wurde koe trochdat "[de] helden en smjunten yn Fincher syn Gone Girl gjin minsken [binne], mar ferhalen." Rothman seach ek oerienkomsten mei de film Fight Club, út 1999, dy't ek troch Fincher regissearre waard. Hy konkludearre dat Gone Girl op it djipste nivo gjin skrillerfilm, mar in klucht wie, dy't resonearre by it filmpublyk om er útdrukking joech oan "in grizelich, betize en ûntrêstigjend diel fan ússels."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Gone Girl in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 352 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is tsjuster, yntelligint en stylfol oant yn it rare, […] [en] hellet it bêste út stjerren Ben Affleck en Rosamund Pike." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Gone Girl in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 49 resinsjes.

Gone Girl brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $167,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $201,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $369,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $61 miljoen betsjut dat in winst fan $308,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood rûsde dat de film nei it ôflûken fan alle bykommende kosten in skjinne winst fan $130 miljoen behelle, wat it ta ien fan 'e meast opbringende films fan 2014 en de kommersjeel bêst prestearjende film fan regisseur David Fincher makke.

 
Haadrolspilers Ben Affleck en Rosamund Pike by de earste fertoaning fan Gone Girl, op it Filmfestival fan New York.

Gone Girl wûn yn 2015 de Saturn Award foar bêste skrillerfilm. De film waard ek nominearre foar de priis foar bêste film by de Satellite Awards en de Critics' Choice Awards, de priis foar bêste skrillerfilm by de Empire Awards en de priis foar film fan it jier by de MTV Movie Awards.

Foar har rol as Amy Elliott Dunne waard Rosamund Pike nominearre foar sawol de Oscar, de Golden Globe, de BAFTA as de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory bêste aktrise. Hja wûn de Saturn Award en de Empire Award foar bêste aktrise en prizen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara. Dêropta waard se noch nominearre foar in grut tal oare prizen, wêrûnder Satellite Award foar bêste aktrise.

David Fincher waard foar Gone Girl nominearre foar de Golden Globe en de Satellite Award foar bêste regisseur. Gillian Flynn wûn de Critics' Choice Award yn 'e kategory bêste adaptearre senario, en se waard foar har skript ek nominearre foar in Golden Globe, in BAFTA en in Satellite Award. De filmmuzyk fan Trent Reznor en Atticus Ross waard nominearre foar sawol in Golden Globe as in Grammy Award.

Mooglik ferfolch

bewurkje seksje

Yn in fraachpetear út oktober 2014 sei Rosamund Pike dat sy beslist nochris yn 'e hûd fan Amy Elliott Dunne krûpe soe, op betingst dat Gillian Flynn it senario wer skriuwe soe. Yn jannewaris 2015 stelde Flynn dat sy wol iepenstie foar it idee fan in ferfolch, mar dat it wol in stikmannich jierren duorje soe foar't it ferhaal klear en de hiele oarspronklike cast en crew wer beskikber wêze soene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.