Gran Torino
Gran Torino is in Amerikaanske dramafilm út 2008 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen himsels, Bee Vang en Ahney Her. De titel ferwiist nei de Ford Gran Torino fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer Walt Kowalski, in ferbittere âldman dy't in feteraan út 'e Koreaanske Oarloch is, en dy't koartby de frou ferlern hat. Mei syn ûnoanpaste hâlden en dragen hat er de measte lju fan him ferfrjemde, ûnder wa syn eigen bern. Hy wennet yn in buert yn Detroit dêr't no hast alle oare huzen bewenne wurde troch etnyske Hmong. Walt mei harren net lije, mar as in buorjonge om 'e nocht syn auto besiket te stellen, ûntwikkelet er tsjin alle ferwachting yn in bân mei de jonge. Gran Torino krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en woeks yn 'e bioskopen ek út ta in kommersjeel súkses. De film waard yn 2009 nominearre foar in Golden Globe, mar foar gjin inkele Oscar, wat ta krityk late. Yn 2010 wûn Gran Torino de César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film.
Gran Torino | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Clint Eastwood | |
produsint | Clint Eastwood Bill Gerber Robert Lorenz | |
senario | Nick Schenk | |
kamerarezjy | Tom Stern | |
muzyk | Kyle Eastwood Michael Stevens Jamie Cullum | |
filmstudio | Media Magik Entertainment Malpaso Productions Village Roadshow Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood Bee Vang Ahney Her | |
byrollen | Christopher Carley Doua Moua Sonny Vue Brian Haley John Carroll Lynch Chee Thao | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 12 desimber 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dramafilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Hmong) | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $33 miljoen | |
opbringst | $270 miljoen | |
prizen | César du Cinéma 2010 |
Plot
bewurkje seksjeWalt Kowalski is in sjegrinige pinsjonearre Amerikaanske fabryksarbeider en feteraan út 'e Koreaanske Oarloch mei in etnysk Poalske eftergrûn. Nei in houlik fan mear as fyftich jier hat er koartby de frou ferlern en is er widner wurden. Syn frou wie de iennichste dy't syn ûnoanpaste sosjaal hâlden en dragen noch wat bystjoere koe, mar sûnt har ferstjerren docht er hielendal syn eigen sin. Sa komt er net mear yn tsjerke, en as pastoar Janovich, dy't noch mar krekt fan it seminaarje kommen is, him besiket te bepraten om tenei wer al nei tsjerke te gean, en – noch helte minder – him te treastgjen, seit Walt him ûngewosken it mannewaar op, wêrby't bliken docht dat er nei mear as fyftich jier noch altyd lijt ûnder syn oarlochsûnderfinings.
De buert fan 'e wyk Highland Park, yn Detroit, dêr't er wennet, waard foarhinne befolke troch blanke húshâldings út 'e arbeidersklasse. Tsjintwurdich dominearje dêr lykwols de Hmong, in etnyske groep út Súdeast-Aazje, dy't yn 'e Fjetnamoarloch oan Amerikaanske kant fochten en nei de Amerikaanske nederlaach as flechtlingen de wyk nimme moasten nei de Feriene Steaten. Dat is in feroaring dy't Walt mei lede eagen oansjoen hat, mei't er omreden fan syn oarlochsferline Aziaten dochs al net lije mei, en boppedat om't kriminaliteit en bindegeweld yn 'e buert no skearing en ynslach binne. Om't er wegeret kontakt mei de nije buertbewenners te lizzen, mar ek om sels earne oars hinne te ferhúzjen, is Walt yn in isolemint rekke.
Dat wurdt noch oanboaze trochdat er ferfrjemde rekke is fan syn soannen Steve en Josh en harren gesinnen, mei wa't alle kontakt fia syn frou silger rûn. Hy hat nea in geweldige relaasje mei syn bern hân, mar sûnt it ferstjerren fan syn frou hawwe se neat mear gemien. Steve wol him nei in fersoargingstehûs hawwe om't er net mear foar himsels soargje kinne soe, mar Walt hat it derop dat syn wolwêzen Steve neat skele kin, en dat er ynstee longeret op Walt syn besittings, lykas de klassike Ford Gran Torino út 1972 dy't er yn 'e garaazje stean hat. Hy bliuwt dêrom wenjen dêr't er wennet, mei inkeld syn âlde hûn Daisy as selskip. Hy is in libbenslange smoker fan sigaretten, en de lêste tiid hoastet er út en troch bloed op, eat dat er foar eltsenien soarchfâldich geheim hâldt.
Thao, de soan fan 'e Hmong-famylje Vang Lor, dy't yn it oanbuorjende hûs wennet, wol opnommen wurde yn 'e binde fan syn neef Fong, byneamd "Spider". Dyselde twingt him om by wize fan ûntgriening Walt syn Ford Gran Torino te stellen. Thao wurdt lykwols trappearre troch Walt en naait út, wêrnei't er troch Spider en de oare bindeleden, dy't poerrazen binne oer syn falen, yninoar slein wurdt. Walt komt dêrop nei bûten ta mei syn M1 Garand-gewear út 'e Koreaanske Oarloch en jaget de binde op 'e flecht, wêrmei't er it respekt fan 'e Hmong-mienskip wint.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By wize fan boetedwaning stjoert Thao syn mem him nei Walt ta om foar him te wurkjen. Walt, dy't dat net ferwachte hie en der eins wat mei oan is, lit him ferfelende putsjes opknappe dy't al in skoft lizzen bleaun binne. Meitiid ûntwikkelje se in ûnwillich respekt foarinoar. Thao syn suster Sue behellet Walt by de Hmong-kultuer, en skuort him heal tsjinakseljend út syn isolemint. Al rillegau binne de Vang Lors mear famylje foar Walt as syn eigen soannen en har gesinnen. Hysels wurdt in soarte fan heitefiguer foar Thao, dy't er oan in baan helpt by it fabryk dêr't er sels earder wurke hat en goerie jout oer hoe't er oan 'e faam komme kin. As syn ophoastjen fan bloed oanhâldt, besiket Walt einlings en te'n lêsten in dokter om't er yn it gefal fan syn oankommend ferstjerren noch dingen regelje moat. De dokter befêstiget dat it mis is en dat er net lang mear te libjen hat.
Underwilens giet de binde fan Spider troch mei it ûnder druk setten fan Thao, dy't se op 't lêst ûnderweis nei hûs fan syn wurk yninoar slane. As Walt syn ferwûnings sjocht, siket er it bindehûs op, dêr't er by wize fan warskôging ien fan harren delslacht. As ferjilding fiert de binde in drive-by shooting út op it hûs fan 'e Vang Lors, wêrby't Thao ferwûne rekket. Letter ûntfiere Spider en syn maten Sue, wêrnei't se har ferkrêftsje. Mei't der fan 'e sjitpartij en de gewelddiedige groepsferkrêfting gjin tsjûgen binne, en de slachtoffers gjin oanjefte doare te dwaan út eangst foar de wraak fan 'e binde, stiet de plysje machteleas.
De deis nei de ferkrêfting fan syn suster siket Thao Walt op en freget syn help by it nimmen fan wraak op Spider-en-dy. Walt freget him letter dy deis werom te kommen. Yn 'e tuskentiid keapet er in nij pak, besiket er de hierknipper en giet er te bycht by pastoar Janovich. As Thao tsjin 'e jûn weromkomt, stjoert Walt him mei in ferlechje nei de kelder en slút him dêr op. Hy fertelt him hoe't er al 55 jier geastlik tramtearre wurdt troch it deadzjen fan in Noardkoreaanske soldaat, en dat er net wol dat soks Thao syn libben lang efterfolgje sil. Hy skillet Sue op mei it boadskip dat Thao finzen sit yn syn kelder, bringt Daisy de hûn by beppe Vang Lor dy't op 'e weranda fan it oanbuorjende hûs sit, en bejout him nei it bindehûs, dêr't er by tsjuster arrivearret.
Spider en de oare leden fan 'e binde hiene him al ferwachte, en se helje fuort harren fjoerwapens foar it ljocht as se him oankommen sjogge. Mei útset lûd seit Walt harren it mannewaar op en sommet dêrby al harren misdieden op. Yn alle omlizzende huzen geane de doarren en finsters iepen, sadat de bewenners nei him harkje kinne. Walt stoppet in sigaret yn 'e mûle en rikt dan mei de rjochterhân yn 'e binnenbûse, wêrnei't er dy mei in hommelse beweging wer werom lûkt. Dêrmei makket er de bindeleden, dy't nettsjinsteande harren grutspraak bang foar him binne, sa kjel dat se it fjoer iepenje. Walt wurdt trochsingele mei kûgels, mar as er dea delfalt, blykt er inkeld in oanstekker yn 'e hân te hawwen. As Sue en Thao by it bindehûs oankomme, hat de plysje dat al ôfset as in plak delikt. Ien fan 'e plysjes, in Hmong, fertelt harren dat alle bindeleden arrestearre binne foar de moard op in ûnwapene âldman. Diskear binne der withoefolle tsjûgen, en de bindeleden sjogge allegear tsjin in lange finzenisstraf oan.
Pastoar Janovich giet foar by Walt syn begraffenis, dy't besocht wurdt troch in lyts groepke famyljeleden (syn soannen en harren gesinnen), en in grutte kloft folk út 'e Hmong-mienskip, fan wa't in protte foar de gelegenheid de tradisjonele pronk oandien hat. De oanwêzigens fan dy lju fernuveret Walt syn soannen en harren gesinnen. Letter, as by de notaris Walt syn testamint foarlêzen wurdt, blykt Walt oan syn soannen en bernsbern ta harren grutte teloarstelling neat neilitten te hawwen. Syn hûs hat er fermakke oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gran Torino oan Thao, op it betingst dat er neat oan 'e auto feroarje sil. De film einiget as Thao mei Daisy yn 'e auto oer Jefferson Avenue riidt.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Walt Kowalski | Clint Eastwood |
Thao Vang Lor | Bee Vang |
Sue Lor | Ahney Her |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
pastoar Janovich | Christopher Carley |
"Spider" (Fong) | Doua Moua |
Smokie | Sonny Vue |
Mitch Kowalski | Brian Haley |
hierknipper Martin | John Carroll Lynch |
beppe Vang Lor | Chee Thao |
bindelid #1 | Elvis Thao |
Steve Kowalski | Brian Howe |
Karen Kowalski | Geraldine Hughes |
Ashley Kowalski | Dreama Walker |
Josh Kowalski | Michael E. Kurowski |
Youa | Choua Kue |
Trey | Scott Eastwood |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeIt senario fan Gran Torino waard skreaun troch Nick Schenk op basis fan in ferhaal dat hysels en Dave Johannson betocht hiene. Yn 'e iere 1990-er jierren kaam Schenk yn kontakt mei de kultuer fan 'e Hmong doe't er wurke yn in fabryk yn Minneapolis, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. De Hmong hiene yn it ramt fan 'e Twadde Yndosineeske Oarloch oan 'e kant fan 'e Amerikanen fochten yn 'e Fjetnamoarloch en de Laotiaanske Boargeroarloch. Nei de Amerikaanske nederlaach hiene tsientûzenen fan harren as flechtlingen de wyk nommen nei de Feriene Steaten. Doe't er jierren letter ompielde mei in ferhaal foar in senario oer in oarlochsfeteraan út 'e Koreaanske Oarloch besleat er in Hmong-famylje as buorlju op te fieren om in kultuerskok te kreëarjen.
Schenk krige fan lju dy't bekend wiene mei de Amerikaanske filmyndustry te hearren dat in film mei in âldman yn 'e haadrol nea makke wurde soe, om't de measte lju sa'n film net sjen woene, en alhielendal net as dy âldman ek noch dingen sei dy't rasistyske opfettings suggerearren. Fia-fia wist Schenk syn senario lykwols foar te lizzen oan filmprodusint Bill Gerber, dy't belangstelling hie om it te ferfilmjen, alteast as de âldman spile waard troch Clint Eastwood, want dat soe alles feroarje. Eastwood, dy't op dat stuit neat om hannen hie fanwegen fertragings mei de produksje fan syn film Invictus, hie dêr wol earen nei. Hy fûn it in "fermaaklike en útdaagjende rol" yn in "apart ferhaal". Neffens Schenk feroare Eastwood neat oan it ferhaal (útsein dat er it ferpleatste fan Minneapolis nei Detroit), wat yn 'e filmyndustry fan Hollywood tige útsûnderlik is. Eastwood sei dêroer yn in fraachpetear dat er opholden wie mei it feroarjen fan senario's nei't er yn syn besykjen om it skript fan Unforgiven oan te passen de hiele film op in hier nei "ûntmanne" hie.
Produksje
bewurkje seksjeFoar Gran Torino wie in budget beskikber fan $33 miljoen. Eastwood regissearre de film sels, en wie dêropta ek noch as produsint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Gerber en Robert Lorenz, foar de filmstudio's Media Magik Entertainment, Malpaso Productions en Village Roadshow Pictures. Ien fan Eastwood syn soannen, Scott, hie in roltsje yn 'e film, wylst in oarenien, Kyle, yn 'e mande mei Michael Stevens en Jamie Cullum de filmmuzyk makke. De kamerarezjy waard fersoarge troch Tom Stern, en Joel Cox en Gary D. Roach wiene ferantwurdlik foar de filmmontaazje.
Casting
bewurkje seksjeGran Torino wie de earste Amerikaanske mainstreamfilm dêr't Amerikanen fan Hmong-komôf yn spylje. Eastwood woe beslist echte Hmong hawwe foar syn cast, dat casting director Ellen Chenoweth naam kontakt op mei Hmong-organisaasjes yn Fresno (Kalifornje), St. Paul (Minnesota) en Detroit om audysjes op te setten (yn Fresno en St. Paul libje de grutste Hmong-mienskippen fan 'e Feriene Steaten). Bee Vang kaam út St. Paul en Ahney Her út Lansing (Michigan). Her en in stikmannich oare jonge Hmong waarden as akteurs oanlutsen nei't Chenoweth harren oansprutsen hie op in fuotbaltoernoai tusken alvetallen fan ferskillende Hmong-mienskippen, dat yn Macomb County yn Michigan holden waard.
Opnamen
bewurkje seksjeHoewol't it senario eins yn Minneapolis spile, yn Minnesota, ferpleatsten Eastwood en de oare produsinten it ferhaal nei Detroit, yn Michigan, om't se yn dy steat subsydzje foar de produksje krije koene. De opnamen setten yn july 2008 útein en duorren fiif wiken. It senario wie folslein yn it Ingelsk skreaun, sadat de Hmong-akteurs sels in oersetting ymprovisearje moasten foar harren tekst yn it Hmong. De Hmong-spilers hiene net ien fan allegear ûnderfining as akteur. Eastwood gie dêr, neffens himsels, mei om troch harren lytse oanwizings te jaan en der sa'n feart yn te hâlden dat se gjin tiid hiene om nei te tinken.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Gran Torino waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 12 desimber 2008 yn premiêre. Op 9 juny 2009 kaam er út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Gran Torino oer it algemien positive resinsjes. Manohla Dargis fan The New York Times foel in rekwiëmeftige toan op oan 'e film, dy't se fierders omskreau as "in glêde sportauto fan in film makke yn 'e Feriene Steaten, yn dat yndustriële tsjerkhôf Detroit". Se ferliek Eastwood syn rol fan Walt Kowalski mei syn eardere optredens as Dirty Harry yn 'e Dirty Harry-filmsearje en as de Man sûnder Namme yn 'e Dollars-trilogy.
Yn 'e Los Angeles Times priizge ek Kenneth Turan it aktearjen fan Eastwood. Hy skreau: "it is in film dy't jin ûnmooglik foar te stellen wêze soe sûnder de akteur yn 'e titelrol. It idee fan in 78-jierrige aksjeheld mei dan klinke as in ynterne tsjinstridichheid, mar Eastwood makket it oannimlik, ek al is syn stoerens [yn dizze film] likefolle ferbaal as fysyk. Sels mei 78 jier kin Eastwood "Gean fan myn gazon ôf" noch like driigjend klinke litte as "Toe mar, meitsje myn dei mar goed."" De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert skreau yn 'e Chicago Sun-Times dat de film giet "oer de ferlette ûntjouwing fan it bettere aard fan in man."
Net eltsenien wie lykwols mei de film ynnommen. Mark Harris, in kollumnist foar it tydskrift Entertainment Weekly omskreau Gran Torino as "fantasij dy't him foardocht as sosjaal kommentaar". Hy beskuldige de film fan "de waanfoarstelling dat sels de rasistyske buorman ús noch wat leare kin oer heldhaftigens en selsopoffering," om dêroan ta te heakjen: "Nee, dat is net sa." It wie opfallend dat resinsinte Nicole Sperling, dy't ek yn Entertainment Weekly publisearre, de film op in folslein tsjinstelde manear opfette. Sy neamde it "in meditaasje oer tolerânsje, dy't bewuolle is yn 'e momkape fan in film mei in coole auto en in mei in gewear omrinnende Clint Eastwood."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Gran Torino in relatyf heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 224 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it ien fan 'e minder wichtige films is yn it oeuvre fan Eastwood, is Gran Torino dochs in grappige, oangripende en yntrigearjende likenis yn 'e âlde styl." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Gran Torino in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 34 resinsjes.
Binnen de Hmong-mienskip yn 'e Feriene Steaten krige Gran Torino sawol lof as krityk. Haadrolspiler Bee Vang sei dat de portrettearring fan syn folk yn 'e film "oer it algemien akkuraat" is, hoewol't guon kulturele saken ûnsekuer werjûn of út 'e kontekst helle binne. Oer de film as gehiel sei Vang: "Dizze film is gjin dokumintêre. We kinne net 101 persint akkuratens ferwachtsje." Clint Eastwood syn beslissing om echte Hmong yn 'e rollen fan Hmong te casten, ynstee fan lykfol hokker akteurs mei in mongoloïde uterlik, waard yn elts gefal mei tige positive reäksjes ûntfongen.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeGran Torino brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $270 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $33 miljoen, betsjut dat in winst fan $237 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Gran Torino de op ien nei meast opbringende film fan Eastwood. Per 1 novimber 2009 wiene al mear as 3.750.000 eksimplaren fan 'e dvd fan 'e film oer de toanbank gien, wêrmei't nochris $56,7 miljoen fertsjinne wie. (De ferkeap fan blu-ray-dvd's is dêr net by yngebrepen.)
Prizen
bewurkje seksjeGran Torino waard troch it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) útroppen ta ien fan 'e tsien bêste films fan 2008. Yn 2009 waard de film nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet (Jamie Cullum, Kyle Eastwood en Michael Stevens). By de Oscars waard Gran Torino lykwols yn alle kategoryen negearre, wat ta in protte opsternate krityk late fan minsken dy't fermoeden dat de Academy of Motion Picture Arts and Sciences de film mei opsetsin ûnhoask bejegenje wollen hie. Yn 2010 waard oan Gran Torino de César du Cinéma takend, de wichtichste Frânske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske film.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele (argivearre) webside fan Gran Torino
- (in) Ynformaasje oer Gran Torino yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|