Groot Maarslag
(Trochferwiisd fan Grut Maarslach)
Groot Maarslag is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân, Nederlân. Hy leit tusken Schouwerzijl en Mensingeweer.
De buorskip leit op in wier dy't opsmiten is op in wâl oan de eardere rin fan de Hunze. De wier fan Groot Maarslag is noch frijwat geef. It is in rûne wier, de rûnwei of oksegong is der noch.
Groot Maarslag hat nea in eigen tsjerke hân. It Lijkenlaantje rint hjirwei nei Klein Maarslag, dêr't de tsjerke fan yn 1811 ôfbrutsen is, mar dat noch wol in âld tsjerkhôf hat.