Skouwersyl

(Trochferwiisd fan Schouwerzijl)

Skouwersyl (Grinslannersk: Schouwerziel, Nederlânsk: Schouwerzijl) is in doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It hat ± 100 ynwenners. It doarp hat in oanlissteiger foar farrekreanten op it Ryddjip.

Syl en sylhûs
Utsjoch fan de syl ôf oer de Kromme Raken rjochting it Ryddjip

It doarp is neamd nei de syl yn de Kromme Raken en de tichtby lizzende wier Skouwen. Om de slûs is in doarp ûntstien, wylst op de wier dêr't it nei neamd is mar ien pleats stiet.

Syl en sylfest

It Skouwersylfest is grif earne yn de rin fan de 13e en 14e iuw foarme ta in ôfwetteringsgebiet yn it eastlike diel fan De Marne en it westlik diel fan it Halfambt. Ut 1371 datearret in sylbrief, wat der moogelik op wiist dat de eardere houten syl yn dy tiid boud is. Der wie doe lykwols noch gjin sprake fan in sylfest. Om de syl waarden yn de rin fan de tid in tal huzen setten. Yn 1616 is sprake fan in standertmûne by it doarp

Neidat it foarlâan fan de Houwersyl hieltiten fierder opslibbe wie de Houwersylfest min ofte mear twongen om fan 1717 ôf ek gebrûk te meitsjen fan de Skouwersyl foar it meastepart fan har ôfwettering, sadat de ynfloed fan it sylfest groeide. Tusken 1847 en 1853 waarden fierder ek oerienkomsten sluten oer de bûtendykse gebieten tusken Hornhuizen en Westernijlân. Yn de jierren 1840 moat de haven oanlein wêze, alteast yn 1842 wurdt yn in dokumint sprutsen oer in oan te lizzen haven bûten de syl en it havenjild dat dêrfoar betyelle wurde moast. Yn 1849 waard de houten syl ferfongen troch in stiennen slûs. Twa jier letter waard in waarhûs (sylhûs) boud njonken de syl, dêr't de sylfest fiif jier lang sitting hâlde; doe waard it sylfest mei in oantal oare sylfesten gearfoege ta it wetterskip Hunzegoa en waard it wapen dêrfan op de gevel setten. Yn 1918 is de syl fernijd (yn elk gefal de slûsdoarren) blikens in betinkstien yn de slûs. De slûs bestiet noch altiten, mar hat tsjintwurdich gjin funksje mear. It sylhûs waard letter oanmerkt as ryksmonumint. It hûs hat in opfallende gek op de skoarstien: in wite iel, hoewo't in soad minsken der in slange yn sjogge.

Mûnen

It doarp hat ek in tal mûnen hân. Yn 1616 wurdt in standertmûne neamd, dy't mids 19e iuw ferfongen waard troch in achtkante mûne, dy't koart dêrnei alwer ôfbrutsen waard. Yn 1841 waard noch in pelmole (achtkante boppekruier) boud; de nôtmûne "De Hoop" dy't yn 1903 ôfbrutsen waard. By ien fan beide mûnen stie in sarrieshutte, dy't letter wer ôfbrutsen waard en dêr't de strjitnamme 'Sarrieswei' syn namme troch krige.

Tsjerken en skoallen

Skouwersyl foarme lange tiid in gat, wêrfan de bewenners earst yn Lyts Maarslach en dêrnei yn Warfhuzen tsjerken. Yn de rin fan de tiid waarden trije tsjerken stifte, troch de grifformearden; ien dêrfan is yn de jierren 1950 ôfbrutsen, ien út 1902 waard mei de Frijmakking oernomd troch de frijgemakken en hat tsjintwurdich de funksje fan wenhûs en op 't lêst waard yn 1949 as ferfanging fan it ynpikte stiennen gebou in houten gebou yn gebrûk nomd, dat tsjintwurdich ek bûten tsjinst steld is. Ek hie it doarp trije skoallen (in iepenbiere, in grifformearde en in Skoalle mei de Bibel), dêr't ien fan letter ôfbrutsen waard en twa oare bûten wurking steld waarden. Njonken it gebou út 1902 stiet in pastorije út deselde perioade.

Oare gebouwen

Skouwersyl hat ek in tolhûs hân, wêrfan it wapen letter in plak krige yn it destiidske gemeentehûs fan Wehe-den Hoorn. Yn it pân oan de Sylfestwei 17 siet earder it doarpskafee, op Sylfestwei 27 in smidte en oan de Sarrieswei in bakkerij. By de syl takket in dearinnende dyk ôf, de Niesternwei, wêrfan de namme ôfkomstich is fan Frans Niestern, dy't yn de 19e iuw op nûmer 12 in lytse helling hie.

Oantal ynwenners

bewurkje seksje
  • 1849 = 262
  • 1859 = 232+
  • 1869 = 229
  • 1909 = 263
  • 1930 = 269
  • 1960 = 210
  • 1971 = 130
  • 2008 = 100

+ = eksklusyf diel ûnder Warfhuzen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  It Hegelân  
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
  ·   ·