Irma la Douce (film)

film út 1963 fan Billy Wilder

Irma la Douce is in Amerikaanske romantyske komeedzje yn Technicolor út 1963 ûnder rezjy fan Billy Wilder, mei yn 'e haadrollen Shirley MacLaine en Jack Lemmon. De titel is Frânsk en betsjut "Irma de Swiete". De film waard basearre op 'e (fan oarsprong Frânske) musical mei deselde namme út 1956. It ferhaal giet oer in naïve plysjeman yn Parys, dy't fereale rekket op in jonge prostituee. Irma la Douce krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Lykwols fertsjinne filmstudio United Artists der net folle mei. Tsjintwurdich wurdt de film rûnom beskôge as in klassiker.

Irma la Douce
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Billy Wilder
produsint Billy Wilder
I.A.L. Diamond
Edward L. Alperson
Doane Harrison
Alexandre Trauner
senario Billy Wilder
I.A.L. Diamond
basearre op de musical fan Alexandre Breffort
kamerarezjy Joseph LaShelle
muzyk André Previn
filmstudio The Mirisch Corporation
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Shirley MacLaine
Jack Lemmon
voice-over Louis Jourdan
byrollen Lou Jacobi
Bruce Yarnell
Herschel Bernardi
Grace Lee Whitney
Hope Holiday
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 juny 1963
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 147 minuten
budget en resultaten
budget $5 miljoen
opbringst $25,2 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe

De Rue de Casanova yn Parys, fuortby de Grutte Merk, is in plak dêr't prostituees wurkje, lykas Kiki de Kozak, Amazône Annie, Lolita, Mimi de MauMau en Irma la Douce, dat "Irma de Swiete" betsjut. Hoewol't prostitúsje yllegaal is, kinne sy en harren poaiers dêr sûnder swierrichheden har berop útoefenje. De plysje sjocht nammentlik de oare kant út. Ienris yn 'e wike komt de wykagint del yn it kafee Chez Moustache, lyk foar it Hotel Casanova oer, dêr't de prostituees harren klanten mei nei ta nimme. Hy leit syn kepy (de pet fan Frânske plysjes) ûnderstboppest op in barkruk, draait de rêch dêrhinne en bestelt in drankje by de útbater fan it kafee, dy't himsels 'Moustache' ("Snor") neamt. Underwilens drage de poaiers elts in diel fan harren winst ôf troch it yn 'e kepy te dwaan. As er syn drankje op hat, set de plysjeman ôf mei de kepy en de omkeapsom. Om 'e skyn op te hâlden, wurde der ien kear yn 'e wike foar de foarm in pear prostituees oppakt, dy't lykwols mei in oerke wer oan it wurk kinne. Sa libje prostituees, poaiers en plysjes dêr allegearre yn harmony gear.

Dat feroaret as de naïve jonge plysjeman Nestor Patou oerpleatst wurdt út it park Bois de Boulogne, nei't er it libben fan in jonkje rêden hat dat hast ferdronken wie. De oerpleatsing is in foarm fan beleanning, mei't er him no mei earnstiger saken bemuoie mei as boartsjende bern, mar it rint út op in fiasko. Yn 'e buert yn 'e binnenstêd dy't er op 'e noed krigen hat, ûntdekt Nestor yn 'e Rue de Casanova in hiele rige froulju dy't mar wat op 'e strjitte omhingje. Hy rekket oan 'e praat mei in frommeske dat Irma hjit en by de yngong fan Hotel Casanova har skoathûntsje oan it útlitten is. Har fertrout er ta dat er fermoedet dat dy froulju yn 'e strjitte wolris prostituees wêze kinne, dat hy riedt har oan om har kefferke tenei earne oars út te litten. Irma betanket him foar it advys. As Nestor har lykwols fuort letter mei in man it hotel yngean sjocht, kriget er foar it ferstân dat sy sels ek wolris in prostituee wêze kin.

Nestor giet nei Chez Moustache, dêr't er Moustache dielgenoat makket fan syn ûntdekking. Dêrby leit er syn kepy ûnderstboppest op 'e kruk njonken syn eigen del, en merkt net dat ûnderwilens de poaiers dêr it fêste omkeapbedrach yn dogge. Letter set er de kepy wer op en hat er noch neat troch. Nestor skillet it plysjeburo op en ropt fersterking yn om't er in wier broeinêst fan sedemisdriuwen ûntdutsen hat. Under syn lieding fiert de plysje in ynfal yn it Hotel Casanova út, dêr't alle prostituees oppakt en harren klanten ûnderfrege wurde. De prostituees wurde yn in arrestaasjebuske nei it plysjeburo riden, wêrby't Nestor efteryn pleatsnimt by de arrestantes. De froulju hawwe de gek mei him en pleagje him ûnophâldlik, en inkeld Irma is aardich foar him en hjit de oaren om op te hâlden. Op it buro arrivearre, moat Nestor by ynspekteur Lefèvre op kantoar komme, dêr't bliken docht dat de ynspekteur eins ien fan 'e klanten is dy't Nestor earder yn Hotel Casanova ûnderfreegje woe. As er syn kepy ôfset, reint it papierjild, wêrnei't er op steande foet ûntslein wurdt foar korrupsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fernedere keart Nestor dy jûns yn boargerklean werom nei de Rue de Casanova, dêr't er op 'e sympaty fan Moustache rekkenje kin. Dyselde hie al besocht him te warskôgjen foar't er de ynfal yn it hotel organisearre, mar Nestor woe net harkje. No ûntjout de kafee-eigner him stadichoan ta in fertrouling fan 'e âld-plysjeman. Yn in weromkearende grap hellet Moustache, dy't derút sjocht as in gewoane barkeeper, allegeduerigen oantinkens op oan oare funksjes dy't er yn syn skynber tige ferskate wurkpaad útoefene hat. Sa beweart er, ûnder oaren, in heechlearaar ekonomy oan 'e Sorbonne west te hawwen, in súksesfol abbekaat, in kolonel yn it Frânske Frjemdlingelegioen en in dokter mei as spesjalisme ferloskunde. Elts ferhaal beëiniget er mei de wurden "Mar dat is wer in oar ferhaal."

Nestor rekket dy jûns yn Chez Moustache ek wer oan 'e praat mei Irma. As har gewelddiedige poaier Hippolyte de Okse har hurdhannich te plak set om't se yn it kafee eefkes beskûl socht hat foar de rein, nimt Nestor him dêroer geweken. Dat liedt ta slaanderij, dy't Nestor mei lok en trochsettingsfermogen wit te winnen. It docht bliken dat de prostituees en de oare poaiers Hippolyte dochs net lije mochten, dat Nestor wurdt troch harren allegearre mei entûsjasme wolkom hjitten. Irma nimt him mei nei har ienkeamerappartemintsje, dêr't se dy nachts mei-inoar op bêd reitsje. De oare deis blykt Nestor, ta syn eigen ferheardens, Irma har nije poaier wurden te wêzen.

Dat giet net lang goed. Nestor rekket fereale op Irma, en hy blykt in tige jaloersk man te wêzen, dat hy kin it net útstean dat sy mei oare manlju op bêd giet. Irma hat him lykwols daliks goed yndruid dat se net lykas har mem wol, dy't har troch in man derta ferliede liet om op te hâlden mei har wurk as prostituee, en doe't er har úteinlik ferliet, te âld bliek te wêzen om har âlde berop noch wer op te pakken. Dat, mei de ûnwillige help fan Moustache betinkt Nestor in snoad plantsje om Irma út 'e prostitúsje te krijen sûnder dat se it sels merkt. Hy skaft in momkape oan fan in Ingelske aristokraat, "Lord X", mei in trijedielich pak, paraplu, hoed, wantsjes, falsk burd, falske snor en in eachlapke. Mei in neibeard bekakt Ingelsk aksint hiert er Irma yn, mar allinnich om pasjânse te spyljen, mei't Lord X yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferwûne rekke is yn 'e skamstreek, sadat er noch mar "in heale man" is. Hy betellet Irma 500 Frânske frank, mei't er útrekkene hat dat as er dat twaris yn 'e wike docht, sy gjin oare klanten mear hoecht te ûntfangen.

De earste 500 frank lient Nestor fan Moustache. Hy ornearret dat it jild troch Lord X oan Irma jûn wurdt, troch Irma oan har poaier (hysels) en troch him wer oan Moustache. Probleem oplost. Moustache warskôget him noch dat dat ekonomysk sjoen waansin is (sa't er wit út syn tiid as heechlearaar), mar Nestor wol wer net harkje. Nei't Lord X har 500 frank betelle hat, bestelt Irma by Chez Moustache lykwols sjampanje foar eltsenien, dêr't in moaie hap fan 'e 500 frank mei hinne giet, en teffens wol se nije klean en húsried oanskaffe, en boppedat moatte Nestor en sy ek noch itende bliuwe. Mei't Moustache syn 500 frank weromhawwe wol, sit der foar Nestor neat oars op as om wurk as sjouwer te sykjen op 'e Grutte Merk. Eltse dei as Irma en hy tsjin 'e moarn op bêd geane, wachtet er oant se sliept. Dan pykt er temûk út en wurket acht oeren op 'e merk om dan wer temûk nei binnen te glûpen, krekt foar't Irma wekker wurdt. Dêrnei is er te wurch en slûch om foar de jûn noch wat út 'e wei te setten.

Dat liedt by Irma ta oanboazjende argewaasje, mei't se Nestor loai fynt en om't it har sear docht dat er blykber gjin belangstelling mear foar har hat, lykas earst. Neigeraden dat de sitewaasje eskalearret, beslút Irma by Nestor wei te gean om mei Lord X út te naaien nei Ingelân. Ta Moustache syn fernuvering wurdt Nestor dan jaloersk op Lord X, dy't hielendal net bestiet. Hy beslút in ein oan 'e hiele skynfertoaning te meitsjen en rint (as Lord X) nei de kade fan 'e Seine, dêr't er efter in beam de momkape útskuort, byinoar bynt, yn 'e rivier miteret en Lord X mei útset lûd farwol winsket. Wat Nestor lykwols net wit, is dat Hippolyte him út Chez Moustache wei folge is mei de bedoeling om Lord X te berôvjen. As er Nestor efter de beam wei kommen sjocht en de hoed en it eachlapke fan Lord X yn 'e Seine omdriuwen sjocht, konkludearret Hippolyte dat Nestor Lord X fermoarde hat. Hy hellet de plysje derby, dy't yn Chez Moustache komt om Nestor op te pakken foar moard.

Moustache, dy't himsels ta Nestor syn abbekaat beneamt, drukt syn kliïnt op it hert yn om net de wierheid te fertellen. Dan soed er nammentlik útlizze moatte dat er Lord X net fermoarde hat om't er dat net kin om't er sels Lord X is, allinnich, eins is er net Lord X, mar in poaier, allinnich, eins is er net in poaier, mar in sljochtwei arbeider dy't eltse dei op 'e Grutte Merk wurket, sadat er 500 frank fertsjinje kin, sadat er betelje kin om op bêd te gean mei syn eigen faam, mei wa't er eltse nacht fergees op bêd kin, allinnich, dêr is er te wurch foar om't er it jild fertsjinje moat sadat er dat oan Lord X jaan kin, sadat Lord X dat oan Irma jaan kin, sadat Irma dat wer oan himsels jaan kin. As er dàt fertelt, sa druit Moustache him yn, dan sil eltse sjuery him feroardielje en mei er noch yn 'e hannen knipe as er net yn in psychiatrysk sikehûs bedarret. Dat, Nestor bekent dat er Lord X ombrocht hat.

Moustache foeget dêroan ta dat se ris nei it motyf sjen moatte. In poaier soe wol gek wêze om in klant fan syn prostituee te fermoardzjen dy't twaris yn 'e wike 500 frank betellet; dat soe itselde wêze as de goes te slachtsjen dy't de gouden aaien leit. En dat Irma mei Lord X útnaaie woe, is ek gjin jildige reden: Nestor is sa populêr by de prostituees dat se allegear wol foar him wurkje wolle. Dus it iennichste stekhâldende motyf is jaloerskens: Nestor koe it net útstean dat Irma mei Lord X omsloech om't er sa fan har hold dat er har foar himsels allinne hâlde woe. As se dat heart, slacht Irma, dy't yn alle steaten wie oer de moard op Lord X, ynienen om as in blêd oan 'e beam, en wylst Nestor troch de plysje ôffierd wurdt, lizze sy en hy harren skeel by.

It meigean yn Moustache syn plantsje pakt foar Nestor net sa goed út, mei't er feroardiele wurdt ta 15 jier twangarbeid. As er ûntdekt dat Irma swier is en op alle dagen rint, ûntsnapt er lykwols mei help fan Moustache út it tichthûs en komt by har werom. Hy wol mei har trouwe, mar ear't se fierdere plannen meitsje kinne, docht de plysje by Irma in ynfal. Nestor ûntkomt oan arrestaasje troch syn âlde plysje-unifoarm oan te dwaan en him mank de sykjende plysjes te bejaan. Yn it kafee fertelt Moustache yn fertrouwen oan Hippolyte dat Nestor ûnderdûkt sit ûnder de brêge oer de Seine by it plak dêr't er Lord X fermoarde hat, om't eltsenien wit dat kriminelen altyd weromkeare nei it plak fan harren misdieden, sadat dat sa foar de hân leit dat de plysje dêr nea sykje sil. Sa't Moustache al ferwachte hie, skillet Hippolyte fuortendaliks de plysje op om Nestor te ferrieden, mar as Hippolyte, ynspekteur Lefèvre en in kloft oare plysjes op it plak fan 'e 'moard' arrivearje, fine se dêr Nestor net. Wol binne se krekt op 'e tiid om te sjen hoe't Lord X, libben en wol, út 'e Seine op it drûge klimt. Om't er net nochris arrestearre wurde kin foar in moard wêrfan't de plysje no wit dat dy nea plakfûn hat, hastiget Nestor him neitiid nei tsjerke ta om halje-trawalje mei Irma te trouwen, dy't ûnderwilens al weeën krigen hat. De pastoar raffelet de seremoanje ôf om derfoar te soargjen dat de poppe gjin oerwûn bern wurdt.* Fuort nei't se troud binne, befalt Irma yn 'e tsjerke mei help fan Moustache fan in sûn famke.
*) Dit is in tinkflater yn it filmskript: eins soe sa'n houliksseremoanje yn Frankryk, oars as yn 'e Feriene Steaten, foar de status fan it bern gjin effekt hawwe, mei't it religieus houlik yn Frankryk gjin wetlike status hat, inkeld it boargerlik houlik.

Ynspekteur Lefèvre arrivearret yn tsjerke om Nestor syn âlde baan by de plysje oan te bieden, mar Nestor wol dat allinne akseptearje as er wer yn it Bois de Boulogne stasjonearre wurdt. Dêrnei hastiget er him nei Irma har side ta. Underwilens is de tsjerke leechrûn, en Moustache, dy't klear is mei popheljen, wurdt in ienlik figuer efteryn 'e tsjerke gewaar. As dy man oerein komt en by him lâns rint, blykt it nimmen oars as Lord X te wêzen, wylst efter Moustache Nestor dochs sûnder mis mei Irma de poppe oan it bewûnderjen is. In dúdlik ferbjustere Moustache sjocht fan 'e iene nei de oare en wer werom, en brekt dan de fjirde muorre troch rjocht yn 'e kamera te sjen en tsjin it filmpublyk te sizzen: "Mar dat is wer in oar ferhaal."

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Shirley MacLaine.
 
Jack Lemmon.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
Irma la Douce Shirley MacLaine
Nestor Patou / Lord X Jack Lemmon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
ferteller Louis Jourdan
Moustache Lou Jacobi
Hippolyte Bruce Yarnell
ynspekteur Lefèvre Herschel Bernardi
Kiki de Kozak Grace Lee Whitney
Lolita Hope Holiday
Amazône Annie Joan Shawlee
Carmen Sheryl Deauville
de Sebratwilling Ruth Earl en Jane Earl
Mimi de MauMau Harriette Young
Suzette Wong Tura Satana
brigadier Cliff Osmond
plysje Dupont Billy Beck
'generaal Lafayette' Edgar Barrier
tatoeëarre matroas Bill Bixby
Amerikaanske soldaat mei radio James Caan

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Irma la Douce wie basearre op 'e fan oarsprong Frânsktalige musical Irma la Douce, út 1956, mei tekst fan Alexandre Breffort en muzyk fan Marguerite Monnot. De Hollywood-ferfilming waard yn 't earstoan yn 1962 betocht as in fehikel foar Marilyn Monroe, wêryn't hja weriene wurden hawwe soe mei regisseur Billy Wilder en akteur Jack Lemmon. Mei dyselden hie se nammentlik earder gearwurke yn Some Like It Hot, út 1959. Nei Monroe har ûntidich ferstjerren waard de film wercast mei Shirley MacLaine yn 'e froulike haadrol, dy't earder mei Wilder en Lemmon gearwurke hie yn The Apartment (1960).

Regisseur Wilder wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch himsels en I.A.L. Diamond. As produsinten wiene hysels, Diamond, Edward L. Alperson, Doane Harrison en Alexandre Trauner by it projekt belutsen foar de filmstudio The Mirisch Corporation. Foar Irma la Douce wie in budget beskikber fan $5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Joseph LaShelle, en de filmmuzyk waard fersoarge troch André Previn op basis fan 'e muzikale tema's fan Marguerite Monnot út 'e musical.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Irma la Douce waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 5 juny 1963 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De soundtrack fan Irma la Douce ferskynde op 13 july 1998 foar it earst yn 'e foarm fan in muzykalbum op LP by platemaatskippij Rykodisc.

Fan 'e filmkritisy krige Irma la Douce oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Bosley Crowther de film yn The New York Times as "libben en opmûnterjend", it aktearjen fan Jack Lemmon as "op it briljante ôf" en Shirley MacLaine as yn it besit fan "in nuveraardich […] iepenhertich foarkommen dat ferûntweardiging oan kant reaget en jin swietkes ûnder har tsjoen bringt." It tydskrift Variety priizge ek de "fûnkeljende optredens" fan Lemmon en MacLaine, mar fûn wol dat de film "de orizjinaliteit ûntbeart fan guon fan Wilder syn resinte produksjes." Boppedat tekene it blêd oan dat de spyldoer fan 147 minuten wol "in aaklik lange sit [is] foar in frivoale klucht."

Oer dat lêste punt skreau The Monthly Film Bulletin: "Hoewol't de film twa en in heal oare duorret en de kamera mar komselden by de beide haadpersoanen en de studioset fan 'e Rue de Casanova wei giet, hâlde humor en spontaniteit it ferrassend goed fol." Yn 'e Los Angeles Times skreau Philip K. Scheuer dat er it "in briljante, hoewol skandalich iepenhertige komeedzje" fûn. Richard L. Coe fan The Washington Post fûn lykwols neat oan Irma la Douce, en liet de film ôfrinne as "oerdreaun en oerlang, twa oeren en trije kertier ferfeelsum bestege oan ien inkele grap." Tsjintwurdich wurdt Irma la Douce rûnom beskôge as in klassiker. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Irma la Douce in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes.

Irma la Douce brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $12,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $13,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst út op persiis $25.246.588. Dêrmei wie Irma la Douce de op fjouwer nei meast opbringende film fan 1963. Ofset tsjin it budget fan $5 miljoen betsjut dat in winst fan goed $20,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Om't regisseur Billy Wilder en haadrolspilers Jack Lemmon en Shirley MacLaine yn 'e winst dielden, fertsjinne United Artists lykwols úteinlik mar $440.000 oan 'e bioskoopdistribúsje foar Irma la Douce.

Yn 1964 waard Irma la Douce by de Oscars nominearre foar prizen yn trije kategoryen, wêrûnder bêste aktrise (Shirley MacLaine) en bêste kamerarezjy yn in kleurefilm (Joseph LaShelle). De film wûn de Oscar foar bêste orizjinele filmmuzyk (André Previn). By de Golden Globes waard Irma la Douce ek nominearre yn trije kategoryen, wêrûnder bêste film (musical of komeedzje) en bêste akteur yn in musical of komeedzje (Jack Lemmon). Shirley MacLaine wûn mei har rol yn 'e film de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje. Sy waard foar deselde rol ek nominearre foar in BAFTA foar bêste bûtenlânske aktrise.

Fan Irma la Douce waarden ferskate remakes makke. Kırmızı Fener Sokağı is in Turkske remake út 1968. Irma la Douce út 1972 wie in Frânske remake foar de tillefyzje. En yn 2018 kaam Manoranjan út, in kontroversjele Yndiaaske Hindytalige remake mei yn 'e haadrollen Sanjeev Kumar en Zeemat Aman, dy't besocht om yn Yndia stereotypen omtrint sekswurk te trochbrekken.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.