Kasem Soleimani (Perzysk: قاسم سلیمانی‎, sekuere transliteraasje: Qāsem Soleimānī, útspr.: [ˈɢɒːsemə solei̭ˈmɒːniː], likernôch: "-see-muh soo-lei--nii") (Kanat-e Malek 11 maart 1957Bagdad, 3 jannewaris 2020) wie in Iraansk generaal en de kommandant fan 'e Kuds Striidkrêften, in wichtige ôfdieling fan 'e tige ynfloedrike Iraanske Revolúsjonêre Garde. Hy begûn syn militêre karriêre yn 'e Iraansk-Iraakske Oarloch fan 'e 1980-er jierren. Nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 wied er belutsen by it ûnder fuotten heljen fan it rezjym fan 'e Taliban yn Afganistan. Letter hie Soleimani in liedende posysje yn 'e Syryske Boargeroarloch en de Oarloch tsjin IS. Begjin jannewaris 2020 waard er fermoarde by in doelrjochte drone-oanfal troch de Feriene Steaten.

Kasem Soleimani
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút قاسم سلیمانی‎, Qāsem Soleimānī
nasjonaliteit Iraansk
berne 11 maart 1957
berteplak Kanat-e Malek (Iraan)
stoarn 3 jannewaris 2020
stjerplak Bagdad (Irak)
etnisiteit Perzysk
wurkpaad
tsjinsttiid 19792020
yn tsjinst fan Islamityske Republyk Iraan
legerûnderdiel lânmacht
Revolúsjonêre Garde
heechste rang generaal-majoar (sûnt 2011)
befel Kûds Striidkrêften
konflikt(en) Koerdyske Opstân
Iraansk-Iraakske Oarloch
Oarloch yn Afganistan
Oarloch tusken Israel en
   Hezbollah (2006)

Syryske Boargeroarloch
Oarloch tsjin IS
treffen(s) Operaasje Tarik-ol-Kods
Operaasje Fat-ol-Mobin
Slach om Al-Kûsayr (2013)
Slach om Aleppo
Hama-offinsyf (2017)
Belis fan Amirli
Operaasje Asjoera
Befrijing fan Tikrit
ûnderskiedings Oarder fan Zolfaghar
3 × Oarder fan Fath

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Soleimani waard yn 1957 berne yn it doarp Kanat-e Malek, yn 'e provinsje Kerman fan 'e Keizerlike Steat Perzje. Syn heit († 2017) wie boer. Syn mem († 2013) hiet Fatemeh. Hy hie fiif susters en ien broer, Sochrab, dy't anno 2017 sipier yn in tichthûs yn Teheran wie. As opslûpen jonge ferfear er nei de stêd Kerman, dêr't er as boufakker wurke om syn heit te helpen in liening werom te beteljen. Yn 1975 kaam Soleimani te wurkjen foar de pleatslike wettersuvering. Yn syn frije tiid died er oan gewichtheffen en besocht er preken fan 'e sjiïtyske geastlike Hodjat Kamjab, in beskermeling fan Ali Chamenei.

 
Kasem Soleimani yn 2019 mei de Oarder fan Zolfaghar opspjelde.

Iere militêre karriêre

bewurkje seksje

Nei de Islamityske Revolúsje, wêrby't yn 1979 de sjah ôfset waard en de sjiïtyske geastlikheid, ûnder lieding fan grutajatollah Chomeini, oan 'e macht kaam, joech Soleimani him by de Revolúsjonêre Garde, dy't de elite fan 'e kriichsmacht fan it nije rezjym foarme. Hoewol't syn militêre training minimaal west hawwe soe, klom Soleimani fluch op troch de rangen. Ier yn syn militêre karriêre wied er as sljochtwei soldaat belutsen by it delslaan fan 'e Koerdyske Opstân fan 1979 yn 'e provinsje West-Azerbeidzjan.

Iraansk-Iraanske Oarloch

bewurkje seksje

Tsjin 'e tiid dat yn septimber 1980 de Iraansk-Iraakske Oarloch (1980-1988) útbriek, hie Soleimani it befel oer in kompanjy, dy't bestie út manlju út Kerman dy't er sels rekrutearre en traind hawwe soe. Yn dy oarloch wûn er al rillegau in reputaasje foar moed en krige er ferskate kearen promoasje om't ûnder syn lieding gebiet weromwûn waard dat troch de Irakezen ferovere wie. Uteinlik waard er sels beneamd ta kommandant fan 'e 41e Tarallah Difyzje wylst er noch gjin tritich jier wie.

 
De heechste lieder fan Iraan Ali Chamenei spjeldet Kasem Soleimani de Oarder fan Zolfaghar op.

Soleimani naam yn 'e Iraansk-Iraakske Oarloch diel oan 'e measte militêre operaasjes oan it súdlik front. Hy rekke slim ferwûne yn 'e Operaasje Tarik-ol-Kods, en omskreau de Operaasje Fat-ol-Mobin yn 1990 yn in fraachpetear as syn 'bêste' offinsyf, omreden fan it súkses dat dêrby mei muoite berikt waard. Soleimani wie ek belutsen by kommandomisjes dy't djip efter de frontlinys op Iraaksk grûngebiet útfierd waarden. It wie yn dy tiid dat er persoanlik yn 'e kunde kaam mei de foaroanlju fan 'e Koerdyske minderheid yn Irak en fan 'e Badr-organisaasje fan 'e Iraakske sjiïtyske Arabieren, dy't har ek oankanten tsjin it rezjym fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein.

1990-er jierren

bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Soleimani kommandant fan 'e Revolúsjonêre Garde yn 'e provinsje Kerman. Mei't dat gebiet relatyf tichteby Afganistan leit, waard it brûkt as trochfierrûte foar drugs út Afganistan nei Turkije, en dêrwei fierder nei Jeropa. Soleimani wie sadwaande yn 'e 1990-er jierren benammen aktyf as bestrider fan 'e ynternasjonale drugshannel, dêr't er neffens de berjochten tige effektyf yn wie.

 
Kasem Soleimani lêst út 'e Koraan op 'e begraffenis fan 'e Iraanske âld-presidint Akbar Hasjemi Rafsandjani.

It is ûndúdlik wannear't Soleimani krekt it befel krige oer de Kûds Striidkrêften, mar wierskynlik wie dat earne tusken 10 septimber 1997 en 21 maart 1998. De Kûds Striidkrêften binne in difyzje fan 'e Revolúsjonêre Garde dy't him benammen dwaande hâldt mei militêre operaasjes bûten Iraan en mei klandestine militêre operaasjes.

By de Iraanske studinteprotesten fan 1999 wie Soleimani ien fan 'e ofsieren fan 'e Revolúsjonêre Garde dy't in brief oan presidint Mohammed Chatami ûndertekenen, wêryn't drige waard mei militêr yngripen as Chatami de studinterebûlje net sels de kop yndrukke soe.

2000-er jierren

bewurkje seksje

Nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 troch Al-Qaida op it World Trade Center yn New York en it Pentagon yn Washington, D.C., stie Soleimani oan it haad fan in Iraanske delegaasje dy't yn Sjenêve in moeting hie mei de Amerikaanske diplomaat Ryan Crocker. Der waard in geheime gearwurking oerienkommen om yn Afganistan it Islamitysk Emiraat fan 'e fûnemintalistysk soennityske Taliban ûnder fuotten te heljen, dat in mienskiplike fijân fan it sjiïtyske Iraan en de Feriene Steaten wie. Oan dy gearwurking kaam lykwols abrupt in ein doe't de Amerikaanske presidint George W. Bush Iraan yn jannewaris 2002 neamde as ien fan 'e trije lannen dy't er oanmurk foar de "As fan it Kwea" (mei Irak en Noard-Koreä).

 
Kasem Soleimani (rj.) yn 2015 mei heechste lieder Ali Chamenei (l.).

Yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren sterke Soleimani de gearwurking fuort tusken de Kûds Striidkrêften en de sjiïtyske Hezbollah-beweging yn súdlik Libanon. Yn in fraachpetear út oktober 2019 fertelde er dat er yn 2006, ûnder de Oarloch tusken Israel en Hezbollah, persoanlik yn Libanon oanwêzich west hie om "tafersjoch te hâlden" op it konflikt. Yn 2007 waard Soleimani as ien fan 'e gadingmakkers beskôge om ta kommandant fan 'e hiele Revolúsjonêre Garde beneamd te wurden doe't generaal Jachja Rahim Safavi mei pinsjoen gie. Datselde jiers waard er opnommen op in list fan Iraanske persoanen tsjin wa't sanksjes oplein waarden yn Resolúsje 1747 fan 'e Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes.

Yn maart 2008 holp er om yn súdlik Irak in wapenstilstân te beävensearjen tusken it Iraakske regearingsleger en it Leger fan 'e Machdy, in sjiïtyske milysje. Yn 2009 waard der in rapport lekt wêryn't steld waard dat Christopher R. Hill en generaal Raymond T. Odierno, de heechstpleatste boargerlike en militêre Amerikaanske funksjonarissen yn Irak op dat stuit, yn it kantoar fan 'e Iraakske presidint Djalal Talabani in moeting mei Soleimani hân hiene. Hill en Odierno ûnstrieden letter dat sa'n moeting plakfûn hie. Op 24 jannewaris 2011 waard Soleimani troch de Iraanske heechste lieder, grutajatollah Ali Chamenei, befoardere ta de rang fan generaal-majoar.

 
De Slach om Aleppo yn 2015.

Syryske Boargeroarloch

bewurkje seksje

Yn syn hoedanichheid as kommandant fan 'e Kûds Striidkrêften wie Soleimani nau belutsen by de Syryske Boargeroarloch. It rezjym fan diktator Basjir al-Assad wie ien fan 'e mar in pear goede bûnsgenoaten dy't Iraan yn it Midden-Easten hie, en der wie it Iraanske regear dan ek alles oan gelegen om 'e opstân fan 'e demokratyske opposysje yn Syrje, dy't yn 2011 útbriek, te ûnderdrukken. Behalven Iraanske troepen fochten ek Hezbollah-striders út Libanon en sjiïtyske milysjes út Irak oan 'e kant fan Assad mei, en fan septimber 2015 ôf mong ek Ruslân him aktyf yn it konflikt oan 'e kant fan it Syryske regear.

Yn it neijier fan 2012 naam Soleimani persoanlik it befel oer de Iraanske, Libaneeske en Iraakske troepen yn Syrje oer. De werovering fan Al-Kûsayr op demokratyske rebellen en it terroristyske Al-Nûsrafront, dat bannen ûnderhold me Al-Qaida, wie neffens CIA-boarnen it wurk fan Soleimani. Hy wie datselde jiers ek de driuwende krêft efter de oprjochting fan 'e Nasjonale Definsje Striidkrêften (NDF), wêryn't de gearwurking fan alle pro-Assad-partijen formalisearre waard. Ien fan Soleimani syn wichtichste ûnderhearrigen yn Syrje wie brigadegeneraal Hossein Hamadani, dy't dêr yn 2015 op it slachfjild sneuvele. Yn 2015 en 2016 spile Soleimani in beslissende rol yn 'e Slach om Aleppo, wêrby't de trijejierrige belegering fan Nûbi en Al-Zachraä beëinige waard. Yn maart 2017 assistearre er nei't it skynt generaal-majoar Sûheil al-Hassan by it ôfslaan fan Hama-offinsyf fan 'e rebellen.

 
In lânkaart fan 'e Befrijing fan Tikrit yn maart 2015.

Oarloch tsjin IS

bewurkje seksje

By de Oarloch tsjin Islamityske Steat makke de terreurorganisaasje ISIS gebrûk fan 'e swakke posysje fan it Iraakske regear en de gaos fan 'e boargeroarloch yn Syrje om in grut grûngebiet yn noardeastlik Syrje en noardwestlik Irak yn 'e hannen te krijen. Krekt as Al-Qaida en de Taliban bestie ISIS út soennityske ekstremisten dy't alle sjiïten útrûgje woene, dat op 'e nij stiene it sjiïtyske Iraan en it Westen oan deselde kant yn in konflikt yn it Midden-Easten.

Oer de flugge opmars fan IS en de ynstoarting fan it Iraakske Leger besaude in elk him. Sels Mosûl, yn grutte de trêde stêd fan Irak, foel suver sûnder slach of stjit yn 'e hannen fan 'e terroristen. Neffens Iraakske regearingsboarnen dy't troch de Britske omrop BBC sitearre waarden, wiene it nei de Fal fan Mosûl net de Amerikaanske bombardeminten op IS-doelen dy't foarkamen dat IS ek hiel sintraal Irak ûnder de foet rûn, mar it flugge yngripen fan Iraan, dat tsientûzenen grûntroepen yn 'e striid smiet om 'e opmars ta stilstân te bringen.

 
Kasem Soleimani fiert yn juny 2017 it islamitysk gebed út yn 'e woastyn yn Syrje.

Soleimani joech lieding oan dy Iraanske troepen en koördinearre ek de ynset fan 'e sjiïtyske milysjes út súdlik Irak dy't oan 'e striid dielnamen om noardwestlik Irak te befrijen. Fierders ûnderhold er nauwe kontakten mei de lieding fan 'e Koerdyske pesjmerga's, de iennichste troepen yn Irak dy't wól stânholden tsjin IS. Yn 2014 wied er behelle yn it ûntset fan Amirli, sintraal Irak, dat troch IS-striders belegere waard. Neffens de Los Angeles Times, in foaroansteande Amerikaanske krante, wie Amirli de earste stêd dy't de opmars fan IS wjerstie, in feit dat mooglik makke waard troch "in ûngebrûklik ferbûn fan Iraakske en Koerdyske soldaten, mei Iraanske stipe operearjende sjiïtyske milysjes en Amerikaanske bommesmiters."

Under Operaasje Asjoera, de befrijing fan Djoerf al-Sachar, wie Soleimani prominint oanwêzich op it slachfjild, hoewol't er neffens de geroften sels oan 'e frontliny wegere in kûgelfrij fest te dragen. Mank de sjiïtyske milysjes en syn eigen Iraanske troepen waard grute dat er net wist wat eangst wie. Yn maart 2015 spile Soleimani in rol fan krúsjaal belang by de Befrijing fan Tikrit, oan 'e rivier de Tigris, de grutste en wichtichste stêd tusken Bagdad en Mosûl yn.

Priveelibben

bewurkje seksje

Soleimani wie troud en hie fjouwer bern: twa soannen en twa dochters. Hy die oan karate.

 
Kasem Soleimani (l.) yn 2017 mei Abû Machdi al-Mûhandis, de lieder fan in Iraakske sjiïtyske milysje dy't yn 2020 tagelyk mei him fermoarde wurde soe by in Amerikaanske drone-oanfal.

Moard en begraffenis

bewurkje seksje

Yn 2011 waard Soleimani troch de Feriene Steaten oanmurken foar in terrorist, en waard alle Amerikaanske steatsboargers ferbean saken mei him te dwaan. Op 3 jannewaris 2020 waard Soleimani fermoarde op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Bagdad yn Irak, dêr't er krekt arrivearre wie nei in besyk oan Libanon of Syrje. Hy waard it slachtoffer fan in oanfal mei in drone troch de Amerikaanske Loftmacht dêr't de Amerikaanske presidint Donald Trump persoanlik opdracht ta jûn hie (sa't it Amerikaansk Ministearje fan Definsje befêstige). Fjouwer leden fan 'e Folksmobilisaasje Striidkrêften, in Iraakske sjiïtyske milysje, kamen ek om, ûnder wa de kommandant fan dy groep, Abû Machdi al-Mûhandis.

De moard wie nei't it skynt in ferjilding foar de bestoarming fan 'e Amerikaanske ambassade yn Bagdad troch leden fan in sjiïtyske milysje op 31 desimber 2019. Soleimani waard as kommandant fan 'e Kûds Striidkrêften opfolge troch Esmaïl Gaäni. Hy moast neffens de gerjochten identifisearre wurde oan 'e hân fan in ring dy't er droech. Syn lykprekaasje sette op 4 jannewaris yn Bagdad útein, kaam op 6 jannewaris troch Teheran en berikte op 7 jannewaris Kerman, dêr't er begroeven waard. De publike belangstelling wie dêrby sa oerweldigjend dat der 56 minsken omkamen om't yn it gedrang ûnder de foet rûn waarden.

Op 8 jannewaris 2020 lansearre Iraan, om 'e dea fan Soleimani te wreekjen, raketten dy't delkamen op twa bases fan it Amerikaanske Leger yn Irak. Dy oanfal waard lykwols oeren yn 't foar oankundige, sadat der mar alve ferwûnen by foelen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.