List fan bylden yn Dongeradiel

Wikimedia-list

Dit is in (ûnfolsleine) groanologyske list fan bylden yn Dongeradiel. Under in byld wurdt hjir ferstien elk trijediminsjonaal keunstwurk yn de iepenbiere romte fan de gemeente Dongeradiel, wêrby't byld brûkt wurdt ss sammelbegryp foar skulptueren, stânbylden, ynstallaasjes, tinktekens en oare byldhouwurken.

Delsetten Omskriuwing Keunstner Strjitte Plak Materiaal Ofbyld
1610 Frouwe Justitia Jacobus Laurentius De Syl, stedhûs Dokkum natuerstien
1729 Tinkteken by de Dokkumer Nije Silen Sylsterwei Dokkumer Nije Silen natuerstien
1884 Bonifatiuspomp + 18e-iuwske túnfaas Bronleane - Strobosserwei Dokkum getten izer
1949 Oarlochsmonumint Nel Bakema Noorderbolwurk Dokkum brûns
1949 Oarlochsmonumint D. Reitsma en R. Ybema Riedhûsstrjitte Ternaard stien
1953 Oarlochsmonumint Stienhouwerij Arends Burmaniastrjitte Eanjum hurdstien
1956 Monumint foar Dirk Rafaels Camphuysen Jentsje Popma Stasjonsstrjitte / D.R. Camphuysenstrjitte Dokkum triedstiel
1958 Fiskersmonumint Moddergat ûnbekend seedyk Paezens-Moddergat
1962 Bonifatius Gerrit Bolhuis Bronleane Dokkum Frânske kalkstien
1965 Fersetsmonumint Peter Gelenscer Wâldwei Dokkum natuerstien
1965 Dûnsjend Famke Suze Boschma-Berkhout Hoedemakerswei Dokkum brûns
1965 sûnder titel (frou) Hein Vree Burdaarderstrjitwei Dokkum brûns
1968 Fiskersmonumint Wierum G.J. de Weert Seedyk Wierum stien en metaal
1968 Bloei Jan van Dijk Stedswerf Dokkum brûns
1968 De Fal Jan van Dijk Stasjonswei Dokkum brûns
1968? Groei Jan van Dijk Op de Keppels Dokkum brûns
1968 sûnder titel Chris Fokma Tsjerkepaad Mitselwier kearamyk, koper
1970 Anders Minnes Wijbenga Maria van Everdingen Tsjerkepaad Nijewier stien
1979 Trije figueren Jaap van der Meij Moarrewâldsterwei Dokkum getten beton
1982 Menhir Anne Woudwijk Hantumerwei (by J.J. Boumanskoalle) Dokkum hurdstien
1987 beammen (boartersplastyk) David van Kampen Hantumerwei Dokkum hout, polyester
1993 sûnder titel (fontein) Frans Ram Bronleane Dokkum moarmer, hurdstien
1994 Monumint foar François Haverschmidt Hillie van der Gang François Haverschmidtwei Foudgum koper
1996 Ids Wiersma Gosse Dam Brantgum brûns
1996 sûnder titel Ids Willemsma Tsjerkestrjitte Ternaard stiel
1997 Monumint Nienke van Hichtum Hans Jouta Buorren / De Kamp Nes brûns
1998 De Skulp Gerrit Terpstra (keunstner) De Syl Dokkum waarfêst stiel
1998 Mêst Gerrit Terpstra (keunstner) Grut Djip Dokkum
2000 Monumint Waling Dijkstra Chris Fokma Holwert brûns
2001 sûnder titel Ids Willemsma Ropsterwei Easternijtsjerk hout, metaal
2002 Balthasar Bekker Hans Jouta Balthasar Bekkerstrjitte Mitselwier brûns
2003 sûnder titel Ids Willemsma Wâldwei Dokkum waarfêst stiel
2004 Zonder titel Ben Zegers ROC Friese Poort, Birdaarderstraatweg 125 Dokkum keramyk
2004 Monumint Titus Brandsma Natasja Bennink Bronleane Dokkum brûns
2006 Wjirmdolster Hans Jouta Tsjerkeplein Wierrum brûns
2007 Vitae Groenewoud/Buij Merk Dokkum
2008 De Fiskersfrou Hans Jouta De Oere Moddergat brûns
? sûnder titel Hanspoarte Dokkum stien

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: