Merriamgrûniikhoarntsje
It merriamgrûniikhoarntsje of Merriams grûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus canus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). It libbet yn 'e noardwestlike Feriene Steaten. It merriamgrûniikhoarntsje is in skou, omnivoar deidier dat in weromlutsen bestean liedt en in grut part fan it jier wintersliep hâldt. It is ferneamd nei de foaroansteande njoggentjinde-iuwske Amerikaanske mammalooch C. Hart Merriam. De IUCN klassifisearret it merriamgrûniikhoarntsje as net bedrige.
merriamgrûniikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Urocitellus canus | ||||||||||||
Merriam, 1898 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan it merriamgrûniikhoarntsje is beheind ta in relatyf lyts diel fan 'e westlike legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It beslacht it grutste part fan 'e steat Oregon beëasten de Cascades, útsein de delling fan 'e rivier de Columbia yn it noarden. Fierders komt dit bist ek foar yn 'e súdwestlike grinskrite fan it oanbuorjende Idaho, it noardwesten fan Nevada en it uterste noardeasten fan Kalifornje.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeIt merriamgrûniikhoarntsje is in lytseftich grûniikhoarntsje dat der frij ûnopfallend útsjocht. It hat trochinoar in kop-romplingte fan 18,8–21,8 sm, mei in sturtlingte fan 3,1–5,0 sm. It gewicht fariëarret neffens de tiid fan it jier, ôfhinklik fan it soarte fretten dat foarhâns is en fan 'e fraach oft de lange wintersliep krekt efter de rêch is of alwer mei koarten úteinsette sil. In represintatyf folwoeksen mantsje weaget 146–300 g, wylst wyfkes ornaris justjes lichter binne mei 144–210 g.
De pels is by merriamgrûniikhoarntsjes koart en hat gjin opfallende karakteristiken lykas streken of spikkels. It hier is fierhinne grizich oant bêzje fan kleur op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke, rêch, siden, sturt) en krêmkleurich oant wyt op 'e ûnderste lichemsdielen (bealch, kiel, poaten). De sturt is yn ferhâlding ta dy fan 'e measte oare langsturtgrûniikhoarntsjes frij koart en smel, en de earkes binne oan 'e lytse kant. Lykwols, twa besibbe soarten, it townsendgrûniikhoarntsje (Urocitellus townsendii) en it Pajûtgrûniikhoarntsje (Urocitellus mollis), lykje sà op it merriamgrûniikhoarntsje dat de bistkes inkeld troch it útfieren fan in DNA-test útinoar holden wurde kinne. Sadwaande waard lang tocht dat dy trije bisten fan ien en deselde soarte wiene.
Biotoop
bewurkje seksjeIt biotoop dêr't it merriamgrûniikhoarntsje foarkomt, is in woastinige steppe, begroeid mei aalst (Artemisia) en, yn mindere mjitte, mei sjamize (Adenostoma fasciculatum) en stikelige sâltmelt (Atriplex confertifolia). Soms kin dit bistke ek oantroffen wurde yn marzjinaal bosklân begroeid mei jeneverbeistrûken. Fierders fiele merriamgrûniikhoarntsjes har ek thús yn kultuerlân besteande út sawol greiden as ikkers dy't yn agrarysk gebrûk binne.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeIt merriamgrûniikhoarntsje is in deidier, dat de nacht trochbringt yn in eigengroeven hoale. Ek oerdeis bejout er him mar komselden fier fan 'e yngong ôf. Merriamgrûniikhoarntsjes libje yn 'e regel har hiele libben op in oerflak fan minder as in hektare. It binne stille bistkes dy't in weromlutsen bestean liede en tige minskeskou binne. Merriamgrûniikhoarntsjes kinne goed swimme en der is waarnommen hoe't se yn lege strûken klimme op 'e sneup nei fretten. Se hawwe in skelle, piipjende alaarmrop.
It grutste diel fan it jier bringe se troch yn wintersliep. Der bestiet ditoangeande al wat fariaasje tusken ferskillende populaasjes, dy't ferbân hâldt mei de omstannichheden fan it pleatslike habitat. Mar oer it algemien kin steld wurde dat se oan it begjin fan maart foar 't ljocht komme tsjin begjin augustus wer út 'e wei geane.
De peartiid falt koart nei de ein fan 'e wintersliep. Merriamgrûniikhoarntsjes produsearje jiers mar ien smeet jongen, dy't ein april of begjin maaie te wrâld komme. Mar dy iene smeet kin wol út 10 jongen bestean. De doer fan 'e draachtiid en de âldens dêr't de jongen op ôfwûn wurden, binne (noch) ûnbekend. As it merriamgrûniikhoarntsje op dit punt net bot ferskilt fan nau besibbe soarten langsturtgrûniikhoarntsjes, moat de draachtiid omtrint de 25 dagen duorje.
Fretten
bewurkje seksjeMerriamgrûniikhoarntsjes hawwe in omnivoar dieet, dat bestiet út in wiid ferskaat oan sieden en woartels en knoppen fan planten, mar ek út ynsekten, lykas sikaden. Hoewol't mar in relatyf lyts diel fan syn ferspriedingsgebiet foar agraryske doelen brûkt wurdt, fret dit bistke dêr't dat àl sa is ek lânbougewaaksen lykas alfalfa en ûnderskate soarten nôt.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen binne foar it merriamgrûniikhoarntsje de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en ferskate soarten hauken, en teffens en lânrôfdieren lykas slangen, de prêrjewolf (Canis latrans), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de sulverdas (Taxidea taxus).
Status
bewurkje seksjeIt merriamgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Troch boeren wurdt dit bistke gauris as ûngedierte beskôge (en bestriden) om't it lânbougewaaksen oanfret en hoalen graaft dêr't fee yn weisakje en sa ferwûne reitsje kin.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 2 (stân fan saken yn 2009) erkende ûndersoarten fan it merriamgrûniikhoarntsje (Urocitellus canus):
- U. c. canus (sintraal en súdlik Oregon, noardeastlik Kalifornje en noardwestlik Nevada)
- U. c. vigilis (delling fan 'e rivier de Snake yn eastlik Oregon en súdwestlik Idaho)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|