Regear-yn-ballingskip

(Trochferwiisd fan Regear yn ballingskip)

In regear-yn-ballingskip of regearing-yn-ballingskip is in politike organisaasje dy't úthâldt it legitime regear fan in lân te wêzen, mar dy't de macht fan in regear net op normale wize útoefenje kin en om utens ferbliuwt, yn ballingskip. Regearings-yn-ballingskip hannelje almeast yn 'e ferûnderstelling dat se ienris de kâns krije sille om werom te kearen nei it lân wêrfan't se sizze it regear te wêzen, dêr't se dan de formele macht wer útoefenje sille. It komt foar dat in regear-yn-ballingskip erkenning genietet fan (in diel fan) 'e ynternasjonale mienskip, mar it kin ek wêze dat dat net sa is. Yn it lêste gefal is der net folle ferskil tusken in regear-yn-ballingskip en in 'gewoane' opposysjegroepearring dy't ferdreaun is nei it bûtenlân. Ek de mjitte wêryn't regearings-yn-ballingskip organisearre ûnderdielen hawwe, lykas ministearjes, ferskilt sterk.

Unsteansredens

bewurkje seksje

Regearings-yn-ballingskip ûntsteane faak yn tiden fan oarloch, as it iene lân beset wurdt troch it oare. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch bygelyks, doe't in grut diel fan Jeropa beset holden waard troch nazy-Dútslân, wiene der yn 'e Britske haadstêd Londen regearings-yn-ballingskip fêstige fan Tsjechoslowakije, Poalen, Noarwegen, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Frankryk, Joegoslaavje en Grikelân. (De útsûndering op dy regel wie Denemark, wêrfan't it regear de hiele oarloch troch yn Kopenhagen bleau, hoewol't yn Londen wol in Deenske opposysjegroepearring fêstige wie ûnder lieding fan John Christmas Møller.) It Nederlânsk regear-yn-ballingskip yn Londen waard laat troch de Fryske politikus Pieter Sjoerds Gerbrandy.

In regear-yn-ballingskip ferskilt fan in rompsteat om't in rompsteat teminsten in part fan it (eardere) grûngebiet behearsket. Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie bygelyks hast hiel Belgje beset troch it Keizerryk Dútslân, útsein it uterste súdwesten fan West-Flaanderen. Hoewol't it legitime regear fan Belgje yn dy snuorje ferdreaun wie út 'e haadstêd Brussel, kin it formeel gjin regear-yn-ballingskip neamd wurde om't it noch altyd it bestjoer útoefene oer dat lytse stikje frij Belgje, ek al wie it regear út feilichheidsomtinkens net dêre mar yn Frankryk fêstige.

Behalven troch besettings yn tiden fan oarloch kinne regearings-yn-ballingskip ek ûntstean as gefolch fan boargeroarloggen, revolúsjes en steatsgrepen. Under de Syryske Boargeroarloch waard bygelyks in regear-yn-ballingskip foarme mei de namme Syrysk Interim-Regear, dat it bewâld fan 'e Baätpartij yn Syrje besocht te beëinigjen. It ferskynsel fan in regear-yn-ballingskip giet fierder tebek yn 'e skiednis as de term sels. Yn 'e tiid dat de measte lannen noch in monargaal regear hiene, setten ferballe monargen soms in eigen Keninklik Hof op, dat funksjonearre as in regear-yn-ballingskip. Yn 'e Ingelske skiednis die it Hûs Stuart dat twa kear: nei de ûnhalzing fan Karel I en de fêstiging fan 'e ts Ingelske Republyk, yn 1649, en op 'e nij nei de ôfsetting fan Jakobus II troch syn skoansoan Willem III by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689. Itselde die it Frânske Hûs Boerbon nei de Frânske Revolúsje fan 1789, ûnder it Directoire en it rezjym fan Napoleon Bonaparte.

Hjoeddeiske nasjonale regearings-yn-ballingskip

bewurkje seksje

(op folchoarder fan ûntstean)

namme ûntstean steat dy't it grûngebiet behearsket dêr't oanspraak op makke wurdt opmerkings
  de Rada fan de Wytrussyske Demokratyske Republyk 1920   de Republyk Wyt-Ruslân Fêstige yn Toronto (Kanada). It regear-yn-ballingskip fan 'e Wytrussyske Demokratyske Republyk, dy't bestie fan maart oant desimber 1918; dêrnei beset troch de Sovjet-Uny. Sûnt de it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 1991 wurdt it grûngebiet behearske troch de diktatuer fan Aleksander Lûkasjenko.
  de Sublime Steat Perzje 1925   de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Dallas (Teksas). It regear-yn-ballingskip fan 'e Kadjar-dynasty fan Perzje, dy't yn 1923 ôfset en ferfongen waard troch de Pahlavi-dynasty.
  it Regear-yn-Ballingskip fan de Frije Stêd Danzig 1947   de Republyk Poalen Fêstige yn Berlyn (Dútslân). It regear-yn-ballingskip fan 'e Frije Stêd Danzig, dy't yn 1939 anneksearre waard troch nazy-Dútslân en nei de Twadde Wrâldoarloch opgie yn Poalen (ûnder de namme Gdańsk).
  it Komitee foar de Fiif Noardlike Koreaanske Provinsjes 1949   de Demokratyske Folksrepublyk Koreä Fêstige yn Seoel (Súd-Koreä). It provysjoneel regear-yn-ballingskip foar Noard-Koreä.
  it Regear-yn-Ballingskip fan East-Toerkestan 1949   de Folksrepublyk Sina Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan 'e Easttoerkestaanske Republyk fan 'e Oeigoerske minderheid yn Sinkiang-Oeigoerje.
  de Delegaasje fan de Provinsje Taiwan 1949   de Republyk Sina Fêstige yn Peking. De fertsjintwurdiging fan 'e provinsje Taiwan yn it Nasjonaal Folkskongres fan 'e Folksrepublyk Sina. Fungearret as in regear-yn-ballingskip foar Taiwan.
  it Sintrale Tibetaanske Bestjoer 1959   de Folksrepublyk Sina Fêstige yn Dharamsala (Yndia). It regear-yn-ballingskip fan Tibet, dat yn 1959 oprjochte is troch de 14e Dalai Lama.
  it Regear-yn-Ballingskip fan de Republyk fan de Súd-Molukken 1963   de Republyk Yndoneezje Fêstige yn Nederlân. It regear-yn-ballingskip fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken, in steat sûnder ynternasjonale erkenning, dy't bestie fan 1950 oant 1963.
  it Regear-yn-Ballingskip fan West-Papoea 1969   de Republyk Yndoneezje Fêstige yn Nederlân. It regear-yn-ballingskip fan West-Papoea, it eardere Nederlânsk-Nij-Guineä, dat yn 1963 oerdroegen waard oan Yndoneezje.
  de Republyk Kabinda 1975   de Republyk Angoala Fêstige yn Pointe-Noire (Republyk Kongo). It regear-yn-ballingskip fan 'e Angoleeske provinsje Kabinda, in eksklave dy't ynklamme leit tusken de Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo en de Atlantyske Oseaan.
  it Keninklik Laotiaansk Regear-yn-Ballingskip 1975   de Demokratyske Folksrepublyk Laos Fêstige yn Gresham (Oregon). It regear-yn-ballingskip fan it Keninkryk Laos, oan it bestean wêrfan't ûnder de Fjetnamoarloch in ein makke waard troch de kommunisten.
  Nasjonale Ried fan Iraan 1979   de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Potomac (Marylân). It regear-yn-ballingskip fan 'e Keizerlike Steat Iraan (de Pahlavi-dynasty), dy't yn 1979 ôfset waard by de Islamityske Revolúsje.
  de Nasjonale Fersetsried fan Iraan 1981   de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Parys (Frankryk). In regear-yn-ballingskip fan Iraan, besteande út in koälysje fan fiif net-royalistyske opposysjegroepen, mei as wichtichste de Folksmûdjahediin fan Iraan.
  it Koptysk Regear-yn-Ballingskip 1992   de Arabyske Republyk Egypte It regear-yn-ballingskip fan 'e Egyptyske Kopten, dat in ûnôfhinklike Koptyske steat fêstigje wol.
  de Kroanried fan Etioopje 1993   de Federale Demokratyske Republyk Etioopje Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan it Keizerryk Etioopje, dêr't yn 1974 by in steatsgreep in ein oan makke waard.
  de Uny fan Koerdyske Mienskippen 1998   de Republyk Turkije It regear-yn-ballingskip foar in ûnôfhinklike Koerdyske steat yn Turksk-Koerdistan.
  de Federale Republyk Ambazonia 1999   de Republyk Kameroen Foarhinne: Federale Republyk Súd-Kameroen. It regear-yn-ballingskip fan 'e eardere Britske koloanje Súd-Kameroen. Rôp op 31 des. 1999 de ûnôfhinklikheid út.
  it Regear-yn-Ballingskip fan de Tsjetsjeenske Republyk Itsjkearje 2000   de Russyske Federaasje Fêstige yn Londen (Ingelân). It regear-yn-ballingskip fan Tsjetsjeenje, dat fan 1991 oant 2000 in ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning wie.
  de Kwetta Sjoera 2001   de Islamityske Republyk Afganistan Fêstige yn Kwetta (Pakistan). It regear-yn-ballingskip fan it Islamitysk Emiraat Afganistan, de steat fan 'e Taliban, dy't yn 2001 beëinige waard ûnder de Oarloch yn Afganistan.
  de Foarútgongspartij fan Ekwatoriaal-Guinee 2003   de Republyk Ekwatoriaal-Guinee Fêstige yn Madrid (Spanje). In regear-yn-ballingskip yn opposysje tsjin 'e diktatuer dy't Ekwatoriaal-Guinee noch altyd yn syn greep hat.
  it Regear-yn-Ballingskip fan Westlik Koerdistan 2004   de Syryske Arabyske Republyk Fêstige yn Londen (Ingelân). It regear-yn-ballingskip fan Syrysk-Koerdistan.
  it Regear-yn-Ballingskip fan de Republyk fan de Servyske Krajina 2005   de Republyk Kroaasje Fêstige yn Belgrado (Servje). It regear-yn-ballingskip fan 'e Krajina, dy't fan 1991 oant 1996 in ûnôfhinklike steat sûnder ynternasjonale erkenning wie.
  it Interim-Regear fan de Federearre Sjan-Steaten 2005   de Republyk fan de Uny fan Birma It regear-yn-ballingskip fan 'e Sjan, in grutte etnyske groep yn Birma, dy't stribbet nei in eigen steat.
  it Regear-yn-Ballingskip fan Biafra 2007   de Federale Republyk Nigearia Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan Biafra, in steat sûnder ynternasjonale erkenning, dy't bestie fan 1967 oant 1970.
  it Transnasjonaal Regear fan Tamil Eelam 2010   de Demokratyske Sosjalistyske Republyk Sry Lanka It regear-yn-ballingskip fan 'e Tamyl-minderheid yn Sry Lanka, dy't stribbet nei in ûnôfhinklike steat. De organisaasje waard oprjochte nei it delslaan fan 'e opstân fan 'e Tamyl Tigers en de Srylankaanske Genoside fan 2009.
  it Syrysk Interim-Regear 2012   de Syryske Arabyske Republyk Fêstige yn Istanbul. It regear-yn-ballingskip fan Syrje, dat ûnder de Syryske Boargeroarloch ûntstien is út 'e gearwurking fan in grut tal opposysjegroepearrings.
  it Oekraynsk Komitee fan Rêding 2015   de Republyk Oekraïne Fêstige yn Moskou (Ruslân). In pro-Russysk regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraïne, oprjochte troch de eardere Oekraynske premier Mykola Azarov, dy't nei de Oekraynske Revolúsje fan 2014 útwike moast nei it Ruslân.

Hjoeddeiske subnasjonale regearings-yn-ballingskip

bewurkje seksje

(op folchoarder fan ûntstean)

namme ûntstean steat dy't it grûngebiet behearsket dêr't oanspraak op makke wurdt opmerkings
  it Regear fan de Autonome Republyk Abgaazje 1993   de Republyk Abgaazje Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e Autonome Republyk Abgaazje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1993 behearske wurdt troch de Republyk Abgaazje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
  de Azerbeidzjaanske Mienskip fan Nagorno-Karabach 1994   de Nagorno-Karabachske Republyk Fêstige yn Azerbeidzjan. It regear-yn-ballingskip fan 'e krite Nagorno-Karabach as ûnderdiel fan Azerbeidzjan, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1991 behearske wurdt troch de Nagorno-Karabachske Republyk, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
  de Provysjonele Bestjoerlike Entiteit Súd-Osseesje 2008   de Republyk Súd-Osseesje Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e regio Súd-Osseesje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1992 behearske wurdt troch de Republyk Súd-Osseesje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
  it Regear-yn-ballingskip fan de Autonome Republyk fan de Krim 2014   de Russyske Federaasje Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Autonome Republyk fan de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard.
  it Regear-yn-ballingskip fan de Spesjale Stêd Sebastopol 2014   de Russyske Federaasje Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Spesjale Stêd Sebastopol, op de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.